Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for December, 2011

Ûnnoazel weryndielingsplan

Posted by André Looijenga on 14/12/2011

Neidat Snits en hiele fiere omkriten lêstlyn de ûnnedich grutte gemeente Súdwest-Fryslân opkrongen krige haw, hat no de Provinsje it inysjatyf yn hannen naam oer de bestjoerlike takomst fan noardlik Fryslân. ‘Ûnnoazel’ weryndielingsplan stiet boppe dit blôchke: in pleonasme fansels foar wa’t wit hoe’t ik oer it nut fan mega-plattelânsgemeenten tink. Gruttere gemeenten leverje neat op, kostje gauris júst mear as lytsere, en ferfrjemdzje har júst (noch) mear fan har boargers!

Fan de side fan de Provinsje haw ik in kaartsje delladen mei dêrop de fjouwer (!) gemeenten dêr’t men de noardhelte fan Fryslân ta redusearje wol. (It kaartsje is in pdf. Klik efkes op de link hjirûnder.)

Kaart voorgestelde herindeling Noord Fryslan

Ljouwerteradiel tegearre mei it grutstepart fan Boarnsterhim nei Ljouwert. Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerteradiel en Kollumerlân by-inoar smite as in Wâld-Klaai-krimpkonglomeraat. En huppatee, it hele noardwesten mar nei Frjentsjer (of Harns!?) ta: it Bildt, Frjentsjerteradiel, Harns, Littenseradiel, Menameradiel plus Noard-Âld-Wûnseradiel. En dan noch even weryndiele om’t wy dochs al dwaande wiene: twa op himsels ekonomysk sûne Wâld-gemeentes, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, ynspiraasjeleas tegearre.

Knip en plak mei plattelânsgemeenten. Fierder befêstigje fan de idee dat wy hjirre in efterstânsregio binne. Gemeentehuzen fuortbesunigje en dêrtroch nóch minder arbeidsplakken foar Friezen mei in oplieding. Frysktalige doarpen twongen fusearje mei stedsjes dy’t gjin Frysk leste. Myn konklúsje is: as dit jim plan is, meitsje dan mar hielendal gjin plan. Neat dwaan is altyd better as sa futleas weryndiele!

Wêrom, dochs? Wêrom?

Woansdei, fjirtjin desimber 2011.

Posted in No-tiid | Tagged: , , | Leave a Comment »

Kulturele Haadstêd Ja

Posted by André Looijenga on 12/12/2011

Ja, ik bin der foarstanner fan dat Ljouwert besiket om yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd te wurden. En ja, dat klinkt as in ambysje dy’t te heech leit foar Fryslân, sa’t de saken der no hinne lizze. Mar ambysje hawwe wy ferlet fan, oe sa’n ferlet fan, yn dit Fryslân fan ús, dêr’t guon leaver stil, skeptysk en synysk it tekken oer de holle lûke.

Sûnt in moanne sit ik yn’e Koöperaasje-groep, dy’t meitinkt oer de fizy efter Ljouwert 2018. Nee, dêr wurd ik net foar betelle. Wy komme alle pear wiken by-inoar, folgje de beslútfoarming en beprate op hokfoar wizen de Kulturele Haadstêd fan ús ynstek út fertuten dwaan kin foar de takomst fan Ljouwert en Fryslân. En nee, hoatemetoaten, pommeranten of bobo’s soe ik dit fariearde selskip net neame. It is in groep meast jonge Friezen, warber mei ferskate kulturele, kreative en ûndernimmende aktiviteiten: muzyk, arsjitektuer, grafysk ûntwerp, nije media… der sit sels in Fryskskriuwende klassikus tusken.

En oars as guon miene, dy gearkomsten fan Koöperaasje 2018 binne meastepart yn it Frysk. Yn’e fizy dy’t wy fan Ljouwert Kulturele Haadstêd hawwe oer de takomst fan Fryslân, spilet it Frysk dan ek in haadrol. As haadstêd fan in minderheidstalige regio sjogge wy foar Ljouwert in foarbyldfunksje yn Europeesk ferbân. Faaks klinkt soks jo wat te faach. Konkreter dan: as Ljouwert Kulturele Haadstêd wurde soe, betsjut dat nij ynternasjonaal omtinken foar de Fryske taal en de Fryske literatuer. Stimulânsen foar fernijende skriuwerij, oersettings fan Frysk proaza, twatalige útjeften fan Fryske poëzij: ik sjoch it al foar my.

Der is in soad ûndúdlik oer Ljouwert/Fryslân 2018. Ôfwarjende mieningen en boppemjittige oandacht foar politike toulûkerij oerhearskje de publike opiny. Koöperaasje 2018 is fan doel om in positiver lûd te jaan, om dúdlik te meitsjen wat de Kulturele Haadstêd no écht ynhâldt. En foaral wêrom’t wy, as ambisjeuze jonge Friezen, fóár Ljouwert 2018 binne.

De Europeeske Kulturele Haadstêd is ommers perfoarst nét gewoan wer in kultureel festivalleke foar de happy few, in soarte fan ‘Frysk Festival’ foar blaseeë babyboomers. Nee, wêr’t it om giet, is it fernijen en op’e nij úttinken fan wat Fryslân en Ljouwert binne en hoe’t wy ús takomst hjirre sjogge. As der ien stêd yn Nederlân, ien regio yn Nederlân is dy’t ferlet hat fan in ympuls om sels de takomst wer yn hannen te nimmen, dan binne dat, neffens ús, Ljouwert en Fryslân wol!

Dit is fûl ferhaal fansels, rûch en hast revolúsjonêr sels. Mar optimisme hat njonkenlytsen in skel lûd nedich hjir yn Fryslân. As it trochgiet, sil Ljouwert 2018 foaral om positive ynspiraasje gean, om fernijing, om wille en om skientme. Festivals komme der, muzyk, keunst, literatuer, wittenskip.

Ja, dit alles sil jild kostje. En ja, dat klinkt wrang yn tiden fan ûnnoazele besunigings op bibleteken en muzykskoallen. Ik bin ék fûl tsjin dit fernielen fan ynfrastruktuer. Ynvestearje moatte wy júst yn Fryslân. Ymmaterieel en finansjeel. En betrouwen hawwe yn ússels en yn ús takomst.

En wis, wy binne net seker fan de winst. Mar de race is ek noch net rûn. Wy hawwe kânsen, wy moatte se gripe. En geandewei op dizze reis ynvestearje wy likegoed yn de takomst fan Fryslân, oft Ljouwert it no wurdt as net.

Moandei, tolve desimber 2011.

Posted in Skylk | Tagged: , , | Leave a Comment »

Wachtsje op winter

Posted by André Looijenga on 05/12/2011

Desimber is it ûnderwilens. Niis foel der wat heil. De wolkens jeie en it is lykas ûnthjit it dimde, skeane ljocht kjeld en snie. It is wachtsjen op ‘echte’ winter. Slim winter.

Hjirûnder in fotootsje fan twa jier lyn (29 des. 2009), lâns in dykje tusken Sint-Maarten en Valkkoog, by Skagen yn Westfryslân. In keale ikker. In âld hok en in rustich lânbou-reau.

Yn sfear hat Westfryslân, yn dy kriten, grif wat fan’e noardlike Fryske bou. Keale klaai, pleatsen, krimpdoarpen, rust. Altiten wyn, en by winter kjeld.

De ferbining fan Frysk en kjeld is al âld. Net om’e nocht lei Gysbert Japix yn syn ‘Nauw-keurigen Needer-lander’ (fan 4 july 1655) it skaaimerkende Fryske â-lûd út mei de wurden: “…gelijk de Schier-kraey ‘s winters sneeuw en ys-vorst-kille uytkeelt, met een FRIESCH woord: Kâd, Kâd. i.e. koud, koud…”

Kâld is it hjir by ús, mar it is in kjeld net sûnder in beskate skientme.

Moandei, fiif desimber 2011.

Posted in Fryskens | Tagged: , , , | Leave a Comment »