Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Lêzing en skriuwing

Posted by André Looijenga on 03/02/2012

Sibearyske kjeld, iis op de fearten en no ek noch snie. Neist it oare wurk wol ik ein dizze moanne in ûndersyksfoarstel yntsjinje kinne. Dy lêzing fan my, wêryn’t ik de Fryske literatuer mei dy yn it Lëtzebuergesch en it Furlan ferlike, is goed beteard. Foar wa’t dêr doe net by wêze koe: nije wike woansdeitejûn (8 febrewaris) sil ik myn ferhaal in twadde kear hâlde, foar Skanomodu, de Stúdzjeferiening Frysk yn Grins.

Myn lêzing gie ek oer de fragen “wêrom skriuwt ien yn in lytse taal?” en “wêrom lêst ien yn sa’n taal?”. Neffens my essinsjele fragen, wêrmei’tst fûnemintele kwestjes fan de Fryske literatuer rekkest. It úteinlike andert dêrop haw ik ek noch net jûn. Yn alle gefal is it net evidint dat ik bygelyks der foar keazen haw en skriuw dit blôchke yn it Frysk. Likegoed is it net evidint dat jo dit Frysktalige blôchke fan my lêze, hoe bot Frysktalich jo faaks ek binne. Lang net elkenien brûkt ommers syn latinte lêsfeardigens yn in lytse taal om aktyf, foar mear of minder yntellektueel ynspannende ferdivedaasje boeken yn dy taal te lêzen. De kar om jins driuw ta it skriuwen om te bûgjen ta skriuwen yn in lytse taal is noch ynkringender en beslissender.

It ferhaal dat ik lêsten hold, skaaide ferskillende kanten út: fan in min-ofte-mear wittenskiplike skôging oer meartaligens en literatuerskiednis nei mear in essay om te einigjen mei fermoannings oer de hjoeddeiske steat fan de Fryske skriuw- en lêzerij. Haw ik de oplossing? No, dat ek wer net, mar mear selsbetrouwen oer de wearde fan it Frysk soe al in eintsje helpe. De wearde fan ússels sjen sûnder dat wy dêr it inisjatyf en de miening fan in oar earst foar nedich hawwe. Frysk sichtberder, fanselssprekkender meitsje. Der yn it ûnderwiis mear oan dwaan. Regionale media dy’t einlings ris serieus oandacht hawwe foar Fryske literatuer, en einlings ris djipper neitinke wolle oer spesifyk Fryske problemen. No ja, en sokssamear en sokssa’nbytsje.

Miskien dat der takom jier in Sirkwy-lêzing gean moat oer “wêrom skriuwe guon skriuwers nét mear yn it Frysk?”…

Dat is wier net synysk bedoeld! In lytstalich literêr fjild as it Fryske is machtich ynteressant, en dochs krijt soks kwealk wittenskiplik omtinken. Hoe wurket it? Wêrom dogge guon minken mei, wêrom hâlde guon der nei in hoartsje mei op, wylst oaren it desennia lang folhâlde? It wurdt noch in hiele útdaging dêr in ôfwoegen stik oer te skriuwen, sûnder ûnnedich teannewâdzjen, want personele motiven (freon- en fijânskippen) spylje hjir in grutte rol yn.

No aanst de snie wer yn. In nij digitaal nûmer fan Ensafh stiet yntusken wer ree. Dêryn ek fersen yn it Hylpersk, en sjogge wy de grins oer nei it Westerkertier. Yn in (spitigernôch) opdoekend antikwariaat hjir yn Grins fûn ik fan’e middei in blomlêzing oersette Koreaanske (!) poëzij. Mar oer dat alles, fernuverjende foarmen fan Frysk en eksoatyske literatueren, skylk wol wer mear. En oer Frysk Latyn fansels.

Freed, trije febrewaris 2012.

One Response to “Lêzing en skriuwing”

  1. Abe said

    Hee André, moai stikje. By alle ferbetter-mooglikheden dy’tst neamst (eigenwearde sjen, sichtberens fan it Frysk fergrutsje, mear Frysk ûnderwiis, media-omtinken foar Fryske literatuer) mis ik ien wichtich elemint. Njonken sokke literêr-eksterne faktoaren is der ek in literêr-ynterne faktor: mear ynspanning leverje op it mêd fan sekundêre literatuer. En dêr kinne wy as skriuwers sels wat oan dwaan!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: