Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Sûnder Smit

Posted by André Looijenga on 04/02/2012

De deis fan de Grutte Gedichtejûn siet ik hinne en werom neist Pier Boorsma yn de trein. Sa kamen wy te praat oer in (njonkenlytsen âld) probleem: it lytse bytsje essays dat der yn it Frysk skreaun wurdt. Ien dy’t yn syn tiid wol in warber Frysk essayist wie, wie lykwols Jo Smit (1916-1991). Fan Smit hie ik al de moaie ferhalebondel Bisten en boargers, en ek syn boarterijke Stôk en ballen, mar syn skôgjend proaza (dêr’t er yn 1963 méi de Gysbert foar krige) koe ik net.

Myn reisgenoat woe ha, Jo Smit syn essays yn (û.o.) de Tsjerne wiene noch altiten net bondele. Dat soe in moai boek opleverje… De oare moarns fûn ik rillegau út dat Jabik Veenbaas ús al foar west hie, mei blomlêzing fan santjin koartere en langere stikken fan Smit. Ik frege it boek op út de byb, en wis: Jo Smit wie yndie in feardich essayist, dy’t skerpsinnich en dwersich nei Fryslân en it Frysk seach. Ynspirearjend, mei bagaazje en eachweid, ien foar wa’t kieze foar it Frysk lyk wie oan kieze foar frijheid.

De blomlêzing fan Veenbaas jout in aardich oersjoch fan Smit syn tinken oer literatuer en oer it Frysk. Foaral oer it earste aspekt giet it essay dat Veenbaas ta ynlieding skreau. Wat ik miste, wie in biografyske skets fan in man mei in, foar in Frysk skriuwer alteast, ôfwikseljende en nijsgjirrige karriêre. Boppedat wurdt al dúdlik dat it hjir om in seleksje giet, mar krijt de lêzer bûten dizze kar-út net in byld fan Smit syn produksje oan skôgjend wurk. In bibliografy dêrfan (of tenminsten fan alles dat Veenbaas en Riemersma fan Smit ûnder eagen hân hiene) hie moai west. Oer de foarmjouwing sil ik net lêbskoaie (by de KU moasten de skriuwers alles ommers sels dwaan), mar de staverings- en setflaters steurden my skoan.

Jo Smit kaam fan Skylge, Midslân om krekt te wêzen. Hy hat wurke as sjoernalist en as learaar, wie ferfolgens direkteur fan de RONO (regionale omrop) en dêrnei fan de VARA Radio. Hollânsk en Midslânzersk wiene de talen fan syn bernetiid yn Rotterdam en op it eilân. Frysk learde hy pas doe’t er yn Grins studearre.

Smit naam in sintraal plak yn yn it Fryske literêre fjild nei de oarloch. Yn Zolang de wind van de wolken waait lêze jo lykwols amper oer Jo Smit. Hy figurearret faker op foto’s as dat er omtinken krijt yn de haadtekst. Goed, op side 153 wurdt syn biografy jûn yn in útwrydsk foto-ûnderskrift, — mar dat dát it meast ynhâldlike is dat der yn it Wolkeboek oer him sein wurdt, toant hoe’t de auteurs him oan de râne fan de Fryske literatuer pleatsten. Fierders is Smit dêr inkeld de ynspirator fan in Riemersma (en in Van der Leest), wêrmei’t Trinus Riemersma al te bot en al te teleologysk ta hichtepunt fan it Fryske proaza kanonisearre wurdt. Jo Smit as ‘foarôfskading’ fan ús ferlosser Trinus…

It doar it wol oan en hâld út dat Jo Smit ien fan de wichtichste, én ûnderhâldendste, Fryske skriuwers ea west hat. Ten ûnrjochte heal fergetten, in yntellektuële twadde-taal-Fries mei in blikfjild dat fier foarby de grieën en de greiden rikke. Ien dy’t yn de jierren ’30 en ’40 genôch mishanling fan taal ûnderfûn hie om radikaal te gean foar de frijheid fan de lytse taal dy’t opbokse moat tsjin de sintralisme en lykskeakeling. Ien dy’t oe sa linich en humaan skriuwe koe yn selsbewuste (en dus geve) taal. Dat Smit gjin post-grifformearde dogmatikus wie, is ek wol noflik.

Syn earste boekpublikaasje, it lange ferhaal Sûnder sûker (41 s.) lies ik okkerdeis. Neffens it Wolkeboek bestiet it net. Skande, want it is in yntelliginte stoarje dy’t it lêzen tige wurdich is. De jimt leit frijwat heech foar de lêzer: Smit boartet dermei dat de personaazjes mear witte as de lêzer. It ferhaal is grutstepart in monolooch fan in man dy’t belutsen west hat yn in nasjonal(istysk)e beweging dy’t op ûnôfhinklikheid útrûn is. (De nammen yn it ferhaal binne allegearre Frysk, de plaknammen Fryskich. Hoewol’t “Frysk” net neamd wurdt, docht it alles oan as in útfergrutting fan de Fryske Beweging.) Yn in kafeepetear mei in âlde bekinde Kaspersma sjocht de sprekker werom op syn rol deryn, en op de rol fan in fierder net by namme neamde hy. Dizze hy hat allinkenoan de macht nei him ta lutsen: hy is de diktator wurden waans portret yn it kafee oan it lewant hinget. Eintsjebeslút wurdt de sprekker troch Kaspersma arrestearre en ôffierd, en giet it libben syn oardere gong.

Sûnder sûker is in earsten parabel oer it benearjende fan ideälen dy’t omslane yn in totalitêr rezjym. In sterk ferhaal oer prinsipes en morele frijheid fan in grut Frysk skriuwer, dy’t wy, seker yn ús tiid, net ferjitte meie.

.

Jo Smit, Jabik Veenbaas (red.), De moderne roman as moraliteit. Boalsert 2000.

Jo Smit, Sûnder sûker. Drachten 1956.

.

Sneon, fjouwer febrewaris 2012.

2 Responses to “Sûnder Smit”

  1. Ruurdtsje de Haan said

    Hoi André,

    Oer Jo Smit haw ik yn 2010 in skôgjend essay skreaun. Dêr stiet faaks ek noch wol ynformaasje yn dy’tsto nijsgjirrich fynst. Ast der belang by haste, kin ik it dy wol tamaile.

    hertlike groetnis,

    Ruurdtsje

  2. Abe said

    It is yndie in nuver ferhaal mei Smit en it Wolkeboek; ik ha dat yn de LC ek neamd. It nuvere is, dat Babs Gezelle Meerburg yn har haadstik syn wurk in plak jaan moatten hie; hast alles fan syn hân is fan foar 1970. Mar sy giet hast folslein oan him foarby – hy is weromdreaun nei de fotobyskriften. In miskien noch wol wichtiger essayïst, Lolle Nauta, fernimme wy fan har ek sawat neat oer. En Jabik Veenbaas yn syn haadstik liket yndie Smit allinnich mar nijsgjirrich te finen foar safier’t er Smit yn ferbân bringe kin mei Riemersma. It is dêrby wol grappich te betinken dat krekt Babs in proefskrift skreaun hat oer Riemersma (en Wadman). Ik ha dat hjir net by de hân, mar út it feit dat Veenbaas it net neamt, mei men miskien ôfliede dat Babs ek yn har proefskrift oan him foarbygien is? Moai datst him hjir nei foarren hellest. It soe goed wêze om ris yn in stik syn kaai-ideeën oer (de Fryske) literatuer op in rychje te setten.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: