Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Provinsjetaal

Posted by André Looijenga on 29/03/2012

No moai hear, ik lies krekt dat se der foar soargje sille dat jo foar klachten yn Fryslân wer gewoan yn it Frysk skilje meie. No ja, dat is it minste dat jo ferwachtsje meie by in lytse taal dy’t yn alle gefal mûnling noch altiten florearret. En dy’t offisjeel de foarrjochten hat dy’t oan it Leechsaksysk lêstlyn ûntsein binne…

Mar ja, it skreaune Frysk, dat is noch in hiel oar sjapiter… Abe de Vries stroffele der ferline wike oer dat op de webside fan de provinsje Fryslân ynienen de Fryske tekst fuorthelle wie. En dat Frysk stiet der noch altiten net wer op. Faaks is it sels de bedoeling dat der gjin Fryske ferzy mear komt. Noch even en ik moast mar ris yn it Frysk tillefoanysk hjiroer kleie…

No doch ik in sekere put foar ús Provinsje op it stuit, earne yn in herntsje fan it Frysk-literêre fjild. Yn jannewaris wie ik dêrta op it renovearre Provinsjehûs. It sjocht der goed út, fan de Twibaksmerk ôf sjoen, mar troch de monumintale poarte kommend foel de ûntfangst my tsjin. Der is in grutte nije doar, hiel kreas mei it provinsjewapen derboppe. Yn de hal dêrefter rinst lykwols fuortdaalks tsjin in deteksjepoartsje oan. Ik hie hope op in Paleis foar de Fryske Frijheid dêr’t ik as belutsen boarger wolkom wêze soe, mar waard hjitten om yn in keal haltsje te wachtsjen oant de befoege (oars wol freonlike) amtner my ôfhelle. Sûnder kaaikaart kaam ik it poartsje net foarby. De kaaikaart koe ik krije by in baly mei in stoeve dame… dy’t boppedat gjin Frysk prate.

Hawar, soks seit wat. Spitigernôch.

Tongersdei, njoggenentweintich maart 2012.

3 Responses to “Provinsjetaal”

  1. Deiblôch said

    Fan Abe de Vries hearde ik niis dat der al yn jannewaris Steatefragen steld binne oer de kwestje fan it Frysk op de webside. Fragen en antwurd koe ik rillegau boppe wetter krije, sjoch: http://www.fryslan.nl/sjablonen/1/infotype/statenstukken/viewitem.asp?objectID=16298&id=550

    It antwurd kaam op 23 febrewaris. Der wurdt skynber hurd wurke oan de Fryske oersettings. Sa hurd dat se in moanne letter nóch net ôf binne…

  2. issels said

    Wat docht de JU hjirmei?

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: