Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Wetter, wurden en wittewatmear

Posted by André Looijenga on 31/03/2012

As jo mear fan my lêze wolle, fine jo dat yn/op Ensafh, it Fryske literêre tydskrift. Yn ús nijste digitale nûmer in essee fan myn hân oer Ljouwert as kandidaat foar Europeeske Kultuerhaadstêd 2018.

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… ensafuorthinne

Yn dit stik giet it oer de mooglikheden foar Ljouwert om yn dy wedstriid Maastricht, Eindhoven, Utert en De Haach te ferslaan. It giet oer wetter, oer mienskip en oer taal as saken dy’t Ljouwert bysûnder en it projekt ‘2018’ foar Ljouwert sa bysûnder urgint meitsje.

By it skriuwen hie ik ek in âlder blôchke fan my yn it sin. Oer de meartaligens fan Ljouwert en de posysje dêryn fan it Frysk: ‘De stille taal‘. Earlik sein, haw ik wolris dat ik suver wat grutsk wurd as ik guon blôchkes weromlês, — en dit is der ien fan: “Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

No’t dit blôchke útkomt, rûgelet in oar wer fan de foarside ôf: myn mânske bydrage oer de wurdkar fan Durk van der Ploeg yn syn twa earste dichtbondels. No ja, dat elberige stik is ek al wer fan hast in heal jiermel lyn, dat de ervige ang is der njonkenlytsen ôf. Wês mar net wanich, der wanke skylk wer nije blôchkes oer elve Fryske wurden. — Want de taal, dêr meist… dêr moatst mei suiskje en rinkelroaie.

Oer sir Durk van der Ploeg sprutsen: syn iennentweintichste roman, De Belvedêre, lâne juster nei in beholden flecht yn myn brievekast. Ynkoarten mear ek dêroer.

Mei Fryske wurden, sawol op jierren as nijfrinzich, stiet ek noch heel wat op’e hispel. Eat mei nije en ‘nije’ Fryske wurden, mei de skiednis fan it Frysk en oangiseljen fan omtinken en ynteresse foar de taal by jongerein. En ja, dat hinget gear mei ‘2018’…

Sneon, iennentritich maart 2012.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: