Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Esperanto for de Friezen!

Posted by André Looijenga on 26/07/2012

Yn’e kast haw ik in behindich boekje, dêr’t it griene omkaft fan oer de jierren brunich wurden is. Yn 1933 is it útjûn, mei heechstimde ferwachtings. De foarkante is dernei: strakke letters (foar dy tiid), in steande swarte rjochthoek mei in stjer grien útsparre. Esperanto for de Friezen! – Frysk Esperanto-learboek I. De auteur wie in C. Hettema. Diel twa haw ik net.

It hat in foaropwurd fen it bistjûr fen it S.D.F.F. en de gearstalder:

Yn 1911 sloech de forneamde strider for Esperanto Dreves Uiterdyk, ek bikend as foarstrider fen ús memmetael, it Frysk Selskip foar him to stypjen by de útjefte fen in Esperanto-kaei (lyts learboekje) yn it Frysk. It Selskip seach dêr, sa’t it liket, gjin ljocht yn, en de útjefte gyng oer. Yn it Kristlik Selskip wier W.P. Cnossen dodestiids in warber foarstrider, mar earst yn 1921 joech de Jongfryske Mienskip it foarbyld mei it opsetten fen in Esperanto-leargong; yn 1925 folge in twadden-ien; hjirút wei is it Esperanto-forieningswêzen yn Fryslân opwoechsen. De Mienskip hat spitigernôch de lêste jierren it Esperanto as forkearstael mei it útlân allinne yn it karbrief. De rop “Fryslân en de Wrâld” moat lykwols folksriem wirde!

It Soasiael-Demokratysk Frysk Forbân wol dêrta it brûken fen Esperanto as ynternasjonale helptael fen it hiele Fryske folk sa krêftich mûglik foartsterkje. Wrâldboargerskip is allinne bisteanber op grounslach fen it eigene. Hwet mear der Esperanto leard wirdt fen’e Friezen lâns de wei fen hjar memmetael, hwet rûmer en frijer hja hjar ûntjaen kinne.

Dit learboekje moat sines dêrta dwaen. It is sa gearstald det it brûkt wirde kin by ienfâldige leargongen en teffens tsjinje kin by selsstúdzje.

(…)

It doel is fensels meidertiid in wiidweidiger Frysk Esperantowirdboek út to jaen. For it lêzen hoopje wy ienfâldige Esperantoliteratuer en maklik to bisetten Fryske teksten mei de oersetting dernjunken yn’e hannel to bringen. Bynammen scil ek oandacht jown wirde oan de forsprieding fen de klassike wirken út’e wrâldliteratuer yn Esperanto, om los to kommen fen de leije fen de Hollânske oersettingen.

Stypje ús wirk troch dit boekje oan’e man to bringen!

Wird lid fen it Forbân en de Federaesje fen Arbeiders-Esperantisten!

No sa. Oer dizze Cornelis Hettema kin ik op it earst neat fine. Faaks hie er te krijen mei de Utjowerij Boekhannel “De Fûnk” yn Hirdegeryp – grif ferbûn oan it neamde S.D.F.F. – dêr’t it boekje útkaam is. (Op it foarblêd stiet lykwols, prozaysker: Stiens T. Herder ’33.) Doedestiids wie foar 50 sinten it lesboekje, diel 1 út de rige ‘Fryslân en de Wrâld’, te besetten.

Moai om te sjen hoe’t foarstehelte 20e ieu Jongfryske ideälen gearkamen mei ynternasjonaal stribjen nei wrâldboargerskip, dêr’t it Esperanto in fehikel fan waard. Sij it, lykas faker, mei in bytsje fertraging. Dreves Uitterdijk (1866-1940) fan Readtsjerk hie yn Nederlân de pionier west op it Esperanto-mêd. Foar it Selskip wie it yn 1911 miskien noch wat te útwrydsk, sokke útlânske hypes.

Mar grutte plannen hiene de Fryske Arbeiders-Esperantisten al yn’e jierren tritich. Frisujo kaj la mondo! La ĉielo estas la limito! Wat soe der fan op’e hispel komd wêze…?

It boekwurk dêr’t ik sels foar it earst mear te witten kaam oer de ‘ynternasjonale helptaal’ heucht my noch. It stie yn in úthoeke fan de Snitser bibleteek, en bearde al wat minder selsbetrouwen. Mei nuvernocht lies ik de lesmetoade troch fan in man, waans namme ik fergetten bin (in âlde autodidakt fan foar de oarloch, neffens de persoanlik kleurde ynlieding). Gielich papier, typmasjineletters, naïve tekeninkjes om de betsjutting fan foarsetsels út te lizzen.

It luts my oan, stjitte my ek wat ôf. It knullige faaks dat it Esperanto oer him ha kin, benammen yn in taalboekje dat al te bot op’e hoksen giet. It út’e-tiidske ideälisme is te priizgjen, mar dat promoatsjen fan ienfâld… né, tanke.

Likegoed wie reklame meitsjen foar in simpel, neutraal kommunikaasje-ark krekt wat de betinker besocht hat. Op 26 juny 1887 seach yn Warschau in earste boekje fan L.L. Zamenhof (skûlnamme dr. Esperanto) oer syn taal it ljocht. Ynternasjonale Taal. Foaropwurd en komplete lesmetoade. “Por Rusoj”. Foar mar 15 kopeken wie it fan jo.

Dat, kinst sizze, it Esperanto hat hjoed syn 125e jierdei.

Konstruearre talen mei ik wol lije. It ompielen oan taal, oft it no in ‘echten’ is, of in sels optochten, mei ik ek sels graach dwaan. Dat: fen herte lokwinske, Esperanto, kaj ankaŭ multajn jarojn!

Koartlyn kaam it boek Een wereldtaal (2004) fan Marc van Oostendorp my op’en paad. In hiel goed skreaune skiednis fan it Esperanto, oer Zamenhof dy’t fan 1887 ôf allinken syn hobby útwaaksen seach ta in wier ynternasjonaal fenomeen, oer hoe’t de taalbeweging him ûntjoech, oer oare keunsttalen, en oer de literatuer dy’t yn it Esperanto makke is.

Dat lêste hat in soad betsjutten foar hoe’t Zamenhof syn taal nei fiiffearn ieu hieltyd noch libbet. It Esperanto fan de (âlde) learboekjes hat in oerdreaune fokus op it lytse tal taalrigels, de simpelens, de trochsichtigens.

Koarte sintsjes. Rasjoneel en positivistysk. Tak-tak-tak. La infanoj estas en la lernejo. [De bern binne yn de skoalle.] Ili skribas en la kajeroj. [Hja skriuwe yn de skriften.] Kie staras la instruisto? [Hwer stiet de ûnderwizer?]

No ja, jo moatte net te dreech begjinne fansels. Underwylst haw ik lêzendewei leard dat it Esperanto in libben fûn hat foarby de lesboekjes. Dat der rillegau mei wille om-eksperimintearre waard mei Zamenhof syn útfining. Mei foar- en efterfoechsels is it leksikon ûnbidige út te wreidzjen. De ienfâldige, heldere grammatika (‘yn in oere tiids te learen!’, gjalpe it hûndert jier lyn) hat him ûntjûn ta in libbene en ynventive kreoaltaal.

De ynternasjonale tuskenyn-taal sil it Esperanto foarearst wol net mear wurde. Mar 125 jier nei de earste publikaasje hat it altyd noch in oanhing dêr’t in skrutene jonge dokter yn it troch de Russen besette Warschau fan 1887 kwalik fan dreame kind hie. Dichters, oersetters en romanskriuwers hawwe it ferrike ta wat hiel eigens. Makliker is it der net drekt op wurden. Eleganter faaks al. Knullich en knoffelich is it perfoarst net en, op grûn fan wat Van Oostendorp meldt, smakket it nei mear.*

Boppedat hat it in wrâldwide taalmienskip (yn alle gefal likernôch fan it formaat fan it Frysk) dy’t fan har taal bewust is, en der kreätyf yn is, yn in mjitte dy’t ik foar it Frysk jerne winskje soe.

Tongersdei, seisentweintich july 2012.

*) In nijsgjirrich boekje dat it Esperanto ál as in komplekse taal, ynstee fan as in pear simpele rigeltsjes, beskriuwt, is: Christopher Gledhill, The Grammar of Esperanto. A corpus-based description (München 1998).

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: