Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Tweltsjes

Posted by André Looijenga on 27/07/2012

Hoe’n bytsje wurden kinst nedich ha om in ferhaal te fertellen? Yn twa, trije sinnen kin in hiel plot besletten wêze. Ien alinea kin gauris genôch wêze en fetsje in hiel libben, fiktyf as net, gear.

Noch koarter: jin beheine ta 140 tekens.

Soks besiket Geart Tigchelaar op it heden. Hy twitteret ultra-ultra-koarte ferhaaltsjes. Yn it Frysk is er dêr grif de earste yn. Literatuer op de hiele koarte baan.

‘Moarn yn ’e werkânsing, jonge,’ hie se sein. Se bedoelde dat er in dikke kloat wie en dêr hie se gelyk oan. Wer it shirt binnenstbûten.

Sa’n bytsje alle twa dagen bringt Geart Tigchelaar in nij tweltsje yn de wrâld. As swellen dûkelje se efter de miggen oan op it hiem. It giet yn mar in pear wurden, dat der moat in punt yn sitte. Fluch even oarsom.

Geart syn tiger-as-tige koarte teltsjes fynst fansels op Ensafhtsjetter (twitter), en op facebook by Literêr Tydskrift Ensafh. By wize fan retweet noch mar ien:

It wurdboek dat er der op neisloech wie net grutternôch, it stie der net yn. It moast wol, want mem wie krekt yn har skrobearrings. 

Moandei, tritich july 2012.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: