Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Hâip

Posted by André Looijenga on 21/09/2012

It is de jûn fan freed 21 septimber 2012. It skynt dat in pear kilometer fan my ôf, yn Haren, in stik as wat simpele idioaten oan it rellen slane. Mei kamera’s derby, dy’t der winliken op stiene te wachtsjen. Hoe krekt, en mei hoefolle skea, dat heare wy moarnier wol. Wêr’t it my om giet, is hoe’t it kin dat barren sa grut wurden is dat it op dit momint dêr yn it filladoarp sa út de klauwen rint.

De rellen, slaanderij en fernielings dêr yn Haren binne in moai foarbyld fan it misfunksjonearjen fan de konvinsjonele nijsmedia yn in tiidrak fan ynternet. It is nijs dat makke is troch it nijs. It misferstân dat op Facebook ûntstien wie troch in lyts fersin fan dat fanke út Haren, waard begjin fan’e wike al oppakt troch de ‘âlde’ media. Dêrmei waard it útfergrutte, krige it de foarm fan soundbites en koarte nijs-item‘kes, koe it him pas echt ferspriede bûten in lytse krite om Haren hinne. It event waard kreëarre troch it by fersin kreëarjen fan it event sa’n soad omtinken te jaan.

Normaal soene jo tinke dat eat pas nijs is as it bard is. As it bart, moat der ferslach fan jûn wurde. Driigje te barren is wichtich foar de omwenjenden en de plysje om te witten, mar dat is noch gjin nijs. Dat is sensaasje, is opstokeljen. Dat sjoernaals en kranten sok lokaal non-nijs sa graach opheine en fierder de wrâld ynhelpe, sjoch ik in symptoam yn fan de delgong fan de tradysjonele nijsmedia. In slim tekoart, júst wylst fan goed-ynformearre nijsfoarsjenning sa’n ferlet is.

Nea wie der safolle nijs. En tagelyk wurde de berjochten deroer troch minder minsken makke. Nijsmedia draaie om de output, it útpoepen fan berjochtsjes foar de rappe konsumpsje. Seker de kranten sitte yn finansjeel swier waar, dat se besunigje. Eftergrûnen, neier ûndersyk, spesjale ekspertise, neifreegjen, omtinken foar langer duorjende ûntwikkelings, oandacht foar wat bart op plakken dy’t tafallich rûnom hyped wurde — binnen de logika fan in (neo-liberale) koartetermyn bedriuwsfiering is dat alles dat relevante sjoernalistyk ynhâldt, net wichtich.

Nijs wurdt produsearre troch minsken dy’t efter har kompjûterkes sitte. Fansels skriuwe dy minsken wol oer dingen dy’t echt barre; fansels skriuwe regionale media ek oer dingen dy’t regionaal wichtich binne. Besunigje op minsken yn dizze sektor soarget lykwols sûnder mis foar minder ferskaat en minder kwaliteit. Nijsprodusinten dy’t output leverje moatte efter har kompjûterkes, sille net oars dwaan kinne as ynformaasje oernimme. En leafst sa folle sa gau as kin. In gefolch dêrfan binne hypes dy’t koart as in goarre (as in virus) har ferspriede, troch it neipraten fan wat op in oar plak al sein of skreaun wie. Dy pear minsken dy’t yn dit lân noch nijsredaksje binne, kinne dêrby net folle mear lêze as Nederlânsk en Ingelsk wat laat ta in blikfjild op de wrâld dat it grutste part fan de wrâld oerslacht. Twaddehâns nijs, opbakte klykjes út Ingelân en Amearika…

Dêrby komt dan noch dat efter de kompjûter sittend de dingen dy’t yn it smelle ramt fan it byldskerm passe grutter lykje as dat se binne. Nijsredaksjes dy’t alle dagen inkeld byldskermwurkje, oerskatte útsoarte it ynternet, de social media en ûnnoazele YouTube-filmkes. Sa hype se lytse dingen ta oaljefanten dêr’t rellen fan komme. Nijsmedia moatte har wat dat oangiet beheine ta wat echt bart, ynstee de driging fan barren ta in barren oan te boazjen. Mar dy media moatte foaral de moraal en de middels (werom)krije om fierder te sjen as de noas lang is, om dingen yn ferhâlding te pleatsen, haad- en bysaken te ûnderskieden, en better te freegjen en te sykjen.

Yn Haren rêde se moarn de rotsoai wol wer op. De skuld fan slaanderij en fernielings leit by wa’t sokke harsenleaze stommiteiten begiet. Mar dat al dat gedoch überhaupt plakfûn yn Haren, dat koe barre trochdat sleauwe nijsredaksjes in fait divers oer it ‘oe sa hippe’ Facebook opklopt hawwe ta in nasjonaal event.

Freed, iennentweintich septimber 2012.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: