Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Totalitêre taalbazen?

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Ik bin bliid dat der dit wykein einlings in bytsje opskuor ûntstien is oer de Nije Stavering en oer de Standertwurdlist. Lit myn miening dúdlik wêze: de leksikografen fan de Fryske Akademy binne fierste fier gien yn it konstruearjen fan in stavering dy’t har doel foarby sjit, en fan in taalnoarm dy’t net oerienkomt mei it Frysk fan ús hjoeddeiske literêre tradysje!

Te’n langen lêste hat de Omrop it nijs oer de nije stavering opheind. Hjir in linkje nei it berjocht op harren webside. Der is in koart petearke te hearen mei Anne Dykstra, fan de Akademy. Djip dollet it petearke oars net.

Der is lykwols folle mear oan ’e hân as in ûnnedige oanpassing fan ús stavering. (Ik sis mar efkes ús stavering; wat doel en wat rjocht hawwe Akademy en Steaten oars ús harren likegoed subjektive standerts op te twingen!?)

De Standertwurdlist sil nammentlik ek in rjochtline wurde tsjin it dialektferskaat sa’t dat binnen ús ynformele Fryske standerttaal bestiet. Dêrby liket it derop dat de Standertlist gauris yngean sil tsjin wat in grut part fan de Fryskskriuwenden as foarkarsfoarmen sjocht. De kommisje fan de Fryske Akademy skynt blykber de foarkar te jaan oan ‘rûmte’ boppe ‘romte’. Deselden ûnder jo dy’t it Frysk Hânwurdboek kinne, dat troch likernôch itselde team gearstald is, sil dy foarkar foar ‘Wâldsk’ klinkende farianten net ûnbekind foarkomme.

Lês oer dizze temûke oanslach op de Fryske skriuwtaal foaral ek dit stik fan Henk Wolf op It Nijs en dit stik fan Abe de Vries.

Frije Fryskskriuwers, lit ús ús taal net diktearje troch bemuoisuchtige saakkundigen, dy’t better bettere wurdboeken skriuwe kinne ynstee fan Nijfryske wetsteksten!

Soene jo, as Fryske media, nijsgjirrich wêze nei de miening fan in engazjearre taalbrûker dy’t de stavertradysje en de leksikale rykdom fan it Frysk ferdigenje wol, dan fine jo myn kontaktgegevens ûnder it kopke Oer dit blôch.

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: