Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Bibliotheca disputationum

Posted by André Looijenga on 10/04/2014

It hat hast in healjier stil west op dit blôch, en dêrfoar barde der ek al in hoartsje weinich. It is lykwols net sa dat ik neat mear te melden haw. Oarsom: der binne in protte saken dy’t ik fertelle kin, of dêr’t ik myn miening oer kwyt wol.

Myn wurk bygelyks. Op ‘t heden wurkje ik (wer) by de universiteit fan Grins. As ûndersyksmeiwurker bin ferbûn oan it projekt Vital Matters, dat giet om de ûntwikkelings yn de genêskunde en skeikunde yn de earste helte fan de 18e ieu. As klassikus (latinist) bin ik dus bedarre yn de wittenskipsskiednis. Jo fine in beskriuwing fan it projekt Vital Matters ûnder dizze link (N.B. in pdf-bestân), en ik attendearje jo by dizze ek mar even op it bloch (yn it Ingelsk) fan myn kollega Marieke Hendriksen.

Ik rjochtsje my yn myn ûndersyk op de proefskriften dy’t ferdigene binne yn Leien yn de jierren 1709-1738, doe’t de noch altyd ferneamde Herman Boerhaave dêr heechlearaar wie. Dy boekjes (meast dissertationes of disputationes neamd) binne in diverse en nijsgjirrige boarne foar it ûnderwiis yn genêskunde en gemy fan Boerhaave en syn konfraters. Oan de hân fan de stellingen dy’t de promoasjestudinten opnamen efteryn har proefskriften, kinst hiel wat ôfliede oer hoe’t it wittenskiplik ûnderwiis him ûntjoech yn dy tiid.

Dêroer letter grif mear. Foar no lit ik jo noch even ien fan de moaie plaatsjes sjen dy’t ik by myn ûndersyk yn de universiteitsbiblioteek yn Leien fûn haw.

Dit is de titelside fan de dissertaasje fan Cornelius vander Haghen, fan Amersfoart. Hy promovearre (by prof. Jacobus Le Mort) op 16 desimber 1715 op it ûnderwerp Melancholia hypochondriaca, de psychyske oandoening wêrby’t ien him ynbyldet fysyk siik te wêzen.

Dizze titelside haw ik útkeazen om it plaatsje: jo sjogge allegoaryske figueren dy’t de trije fakulteiten útbyldzje: Teology (ûnder), Rjochten (loftsboppe), en Medisinen as in man yn in gewaad mei algemistyske tekens derop. Tusken dy figueren yn sjogge jo de doktorshoed en de doktorsbul. Underoan yn de hoeken op finjetten de twa ‘grûnlizzers’ fan de juridyske en medyske stúdzjes: keizer Justinianus dy’t it Romeinske rjocht fêstlei en de grutte antike Grykske arts Hippokrates. Efter de godsgelearde dame sjogge jo in keammerke mei in grouwe boekekast. De ynhâld dêrfan stiet derop skreaun: Biblioth[eca] Disputat[ionum] Acad[emiae] Lugd[uni] Batav[orum], “biblioteek fan de proefskriften fan de universtiteit fan Leien”. No sa, mei dy biblioteek oan learde boekjes hâld ik my op ‘t heden dus dwaande.

Titelside fan it proefskrift fan Cornelius vander Haghen (16 des. 1715)

Titelside fan it proefskrift fan Cornelius vander Haghen (16 des. 1715)

Tongersdei, tsien april 2014

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: