Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Oer dit blôch

Dit Frysk Deiblôch wurdt folskreaun troch André Looijenga.

André Looijenga lêst, sjocht, tinkt, en skriuwt.

Hy wennet yn Grins, mar is berne (*1982) en opgroeid yn Tersoal, yn’e Legeaën. Yn Snits gie er nei de ‘hegere skoalle’ en yn Grins hat er studearre.

Fan oplieding is er klassyk filolooch, en noch altiten hat er de hope net opjûn troch te brekken as toanoanjaand wittenskipper op dat mêd. Syn ûndersyksynteresses gean út nei de kulturiele en sosjale skiednis fan taal, literatuer en foarming fan identiteiten. Earder hat er him op dat mêd dwaande holden mei de Grykske literatuer fan’e Âldheid en har kulturele omfjild, en no rjochtet er him benammen op de rol fan it Latyn yn’e 16e en 17e ieu. Dêrneist hawwe lytse talen syn bysûndere belangstellingen, en yn dat ramt hat er yn jannewaris 2012 in Sirkwy-lêzing fersoarge oer literatuer yn it Frysk, Frûlysk en Lúksemboarchsk.

Sûnt koarten komt er ek mei syn ynteresse foar de Fryske taal, kultuer en literatuer yn’e iepenbierheid. Nei yn ferbliuw fan in healjier yn’e Ingelske universiteitsstêd Durham, wêr’t er as Nederlanner al in bûtenlânske bysûnderheid wie, begûn er him werom yn Nederlân sterker foar de Fryske kant fan syn identiteit te ynteressearjen. Dat hy sette útein mei dit Frysktalige deiblôch (dat er net altyd like deistich, mar yn elts gefal wyklik besiket te ferfarskjen).

Op 20 april 2010 wûn André it Grut Frysk Diktee, op 9 maaie 2012 wûn er it foar de twadde kear, en op 16 april 2014 foar in tredde kear. Soks ek ta syn eigen fernuvering, hoewol’t er der altiten tige oan hechtet dat it Frysk mei soarch, krekte stavering en libbene fleur skreaun en sprutsen wurdt. Skôgjend proaza oer Fryske literatuer fan syn hân is ûndertusken ferskynd yn de Moanne/Trotwaer en yn ensafh. Sûnt it foarjier fan 2011 is er boppedat redaksjelid fan ensafh, it sawol op ynternet as op papier warbere Fryske literêre tydskrift dat yn’e fuotleasten trêde is fan Farsk en Hjir.

Dêrneist bliuwt er fansels warber op it mêd fan’e klassike taal en letteren, en is er fan doel skylk útein te setten mei in promoasje-ûndersyk nei it Latyn yn it 16e- en 17e-ieuske Fryslân, mei as foarriedige wurktitel Latinizing Friesland.

 

Kontakt

At jo mear witte wolle, kinne jo André it maklikst berikje op syn mailadres: a.r.looijenga [at] gmail.com.

(André is ek tillefoanysk te berikken, op: 06-15402948.)

One Response to “Oer dit blôch”

  1. Mindert said

    Wolkom by de klup soe ‘k sizze. Der kinne wol in stikmannich bloggers by, want oars bliuwt der straks neat oer. Der binne al safolle dy’t ôfheakje.

    Hertlike groetnis
    Mindert

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: