Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for the ‘blôch’ Category

Wetter, wurden en wittewatmear

Posted by André Looijenga on 31/03/2012

As jo mear fan my lêze wolle, fine jo dat yn/op Ensafh, it Fryske literêre tydskrift. Yn ús nijste digitale nûmer in essee fan myn hân oer Ljouwert as kandidaat foar Europeeske Kultuerhaadstêd 2018.

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… ensafuorthinne

Yn dit stik giet it oer de mooglikheden foar Ljouwert om yn dy wedstriid Maastricht, Eindhoven, Utert en De Haach te ferslaan. It giet oer wetter, oer mienskip en oer taal as saken dy’t Ljouwert bysûnder en it projekt ‘2018’ foar Ljouwert sa bysûnder urgint meitsje.

By it skriuwen hie ik ek in âlder blôchke fan my yn it sin. Oer de meartaligens fan Ljouwert en de posysje dêryn fan it Frysk: ‘De stille taal‘. Earlik sein, haw ik wolris dat ik suver wat grutsk wurd as ik guon blôchkes weromlês, — en dit is der ien fan: “Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

No’t dit blôchke útkomt, rûgelet in oar wer fan de foarside ôf: myn mânske bydrage oer de wurdkar fan Durk van der Ploeg yn syn twa earste dichtbondels. No ja, dat elberige stik is ek al wer fan hast in heal jiermel lyn, dat de ervige ang is der njonkenlytsen ôf. Wês mar net wanich, der wanke skylk wer nije blôchkes oer elve Fryske wurden. — Want de taal, dêr meist… dêr moatst mei suiskje en rinkelroaie.

Oer sir Durk van der Ploeg sprutsen: syn iennentweintichste roman, De Belvedêre, lâne juster nei in beholden flecht yn myn brievekast. Ynkoarten mear ek dêroer.

Mei Fryske wurden, sawol op jierren as nijfrinzich, stiet ek noch heel wat op’e hispel. Eat mei nije en ‘nije’ Fryske wurden, mei de skiednis fan it Frysk en oangiseljen fan omtinken en ynteresse foar de taal by jongerein. En ja, dat hinget gear mei ‘2018’…

Sneon, iennentritich maart 2012.

Advertisements

Posted in blôch, Skreaun, Skylk | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Winner bêste Fryske jongereinblôch!

Posted by André Looijenga on 16/10/2011

Jawis, ik haw wûn!

Fan’e middei waard yn Harns de priis foar it bêste Fryske jongereinblôch útrikt. Fansels bin ik tige bliid hjirmei! Erkenning en lof binne goed foar jins selsbetrouwen, en erkenning foar soks aparts as jins literêre besyksels hielendal. Geweldich, en nochris: tankewol!

Ik koe lykwols net by de priisútrikking wêze, om’t ik yn dizze hjerstfakânsje al in reis nei Frankryk ynplend hie. Dat ik waard fan’e middei skille wylst wy yn Besançon yn’e sieten op in smel eilantsje yn’e rivier de Doubs. Fan dat eilantsje ôf wie ik yn Harns yn it Heerenlogement te hearen.

It is oars in prachtige stêd, dit Besançon, mar dêr sil ik skylk wol mear oer skriuwe. It hat sels noch in konneksje mei Viglius fan Aytta

Foar no in soad lêswille mei myn, bekroande, blôch! 

Snein, sechtjin oktober 2011.

Posted in blôch | Tagged: , | 2 Comments »

Sjoch: oer dit blôch

Posted by André Looijenga on 01/10/2011

Niiskrekt haw ik efkes it tekstke ûnder it kopke Oer dit blôch (hjirboppe, lofts) oanpast. Oe, dat wie hurd nedich. Der wie wol wat feroare, of winliken bykaam, yn it ôfrûn jier: fan promoasje-plannen wiksele, besprekken yn’e tydskriften publisearre, redaksjelid wurden fan ensafh. No sa, no kloppet it allegear wat jim oer my lêze dêr loftsboppe.

Sneon, ien oktober 2011.

Posted in blôch | Leave a Comment »

Blôchblock

Posted by André Looijenga on 24/06/2011

Nuver, mar de lêste fjouwer wiken haw ik gjin nije blôchkes mear pleatst. Ik hie wol wat oare skriuwputsjes dy’t ôf moasten, en tusken de frije dagen troch wie it drok op it wurk, mar binne dat jildige útflechten?

Oan ûnderwerpen om argewaasje fan te hawwen gjin gebrek, soenen jo sizze.

Mar sokke argewaasje kin jin ek hast ferlamje. Wat soe ik myn tiid fergrieme mei it deltypjen, yn it Frysk, fan lulke kommintaren op de healwize besunigings fan it Haachske regear op… sa wat alles dat men earder fan wearde fûn. Wat no ûnderwiis en wittenskippen? wat no kulturiele subsydzjes? wat no iepenbier ferfier yn de ‘regio’? wat no in striidmacht dy’t past by it ekonomysk gewicht fan dit keninkryk? wat no in diverse publike romte mei ek regionale media?

Dit regear krij ik sa njonkenlytsen in lichaamlike tsjinreäksje op. Dat, foar no, net mear dêroer.

Werom nei myn blôch. Fierders hat it oan stof net ûntbrutsen. Lit my mar ris in pear dinkjes neame dêr’t ik foar jo oer skriuwe koe. Faaks bringt dat de nocht yn it blôchkjen wat werom.

* Oer ‘âlde Fryske boeken fan froeger’ (om Pier Boorsma oan te heljen) bygelyks. Boeken dy’t ik koartlyn sa mar yn hannen krige, mei in soad wille lêzen haw, en jo graach oanriede soe, binne: Teije Brattinga syn Dy ferrekte papen: documentaire dramatique (in roman oer de reformaasje yn Fryslân yn 1580) en R.R. van der Leest syn hiel sterke Lampefryske forhalen.

* Oer it ûntmaskerjen fan konsepten as ‘Noard-Nederlân’ en ‘noardlik lânsdiel’ as moderne konstruksjes om Fryslân ûnder de macht fan Grins te krijen, oer hoe’t de Ljouwerter Krante dêr graach oan meiwurket, en oer hoe’t Fryslân dêrtroch syn âldere, en ekonomysk lukrativere, bannen mei Noard-Hollân en Amsterdam ferwetterje lit.

* Oer Pierius Winsemius (1586-1644), de grutste Fryske skriuwer fan de santjinde ieu (neffens tiidgenoaten alteast), dichter, jurist, lânshistoarikus, amateur-astrolooch en professor yn ’e eloquentia.

* Oer amusante plannemakkerij dy’tst sa opheinst út de Fryske media. De stielen toer bygelyks dy’t pastoar Van Ulden yn Snits foar de Sint-Martinustsjerke oan de Singel delsette wol (neat mear fan heard eins). Of in akwadukt (!) foar boatsjetrailers tusken de Potten en it Starteilân. (Lês it Sneeker Nieuwsblad en jo miene dat it alle wiken 1 april is.)

Aanst komt der wer in nije digitale Ensafh út. De lêste foar it simmerskoft, dat ik ûnthjit jim dat ik, no’t jim de Ensafh-digi foar treddeheal moanne misse moatte, as ferfanging wer wat rigelmjittiger op myn Deiblôch skriuwe sil.

Freed, fjouwerentweintich juny 2011.

Posted in blôch | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Âldste Fryske Tsjerke

Posted by André Looijenga on 22/02/2011

Foar my moai oan dit webloch dat ik ûnderhâld, is dat ik it blôch ek fan’e efterkante sjen kin. Per dei kin ik sa sjen hoefolle (of hoe min) minsken at myn Deiblôch besykje, of alteast: hoefolle views at der per dei binne. Ik wit nei hokker linkjes (hjir rjochts, sjoch) minsken trochklikt ha, en troch it yntypjen fan hokker sykwurden minsken dit blôch fûn ha.

Dat lêste fassinearret my it meast. Fansels sjoch ik myn namme (en dy fan it blôch) yn ferskate staverings lâns kommen. Guon minsken sykje blykber nei beskate Fryske frasen en komme sa tanksij Google út op myn herntsje op it rynsk rûnomrinnend reach. Boppedat litte sokke sykopdrachtsjes sjen wêr’t ferlet fan is oan ynformaasje by guon ynternetsneupers. Hjoed, seach ik, hat ien myn blôch ûntdutsen mei de sykwurden “aldste fryske tsjerke“. Mei om oan te jaan dat dit myn wiidweidich weblôch ek praktyske doelen tsjinnet, wol ik by dizzen graach dit ynformaasje-ferlet opfulje.

Wat is dus de âldste Fryske tsjerke?

Earlik sein kin ik dêr gjin krekt antwurd op jaan. It is sels de fraach oft dit antwurd sels wol jûn wurde kin. Fan houten tsjerkjes út’e tiid fan’e krystening en de ieuwen dêrnei stiet fansels neat mear oerein. Krekte plakken foar sokke earste tsjerken binne wegens te min skriftlike boarnen meast net oan te wizen, útsein faaks fan it tsjerkje op of by it plak dêr’t Bonifatius fermoarde waard en Liudger in generaasje letter in soartemei missypost ûnderhold. It plak fan dat tsjerke út, yn alle gefal, de 9e ieu, sil ûnder it Merkplein yn Dokkum wêze, tink.

In oare hiel âlde Fryske tsjerke, dy’t de “memmeparochy” fan in foars gebiet om’e Middelsee hinne wie, moat de Sint-Vitus fan Âldehou yn Ljouwert west ha. In âlde tsjerke is op dat plak fansels net mear te sjen.

Fan wat der hjoeddendei oan tsjerkjeboel yn Fryslân te finen is, binne der hjir en dêr tsjerken dy’t foar in part noch muorren hawwe út de alfde ieu (1000-1100). Rinsumageast hat sa’n tsjerke dy’t diels hast tûzen jier âld is. It datearjen fan sokke midsieuske stikken muorre is in poepetoer, wêrby’t je der gauris in ieu neist sitte kinne, mar faaks binne ek parten fan’e tsjerken fan Weidum, Stiens en Achlum sa ûnbidige âld. Mar de noch oerein steande tsjerke dy’t ik sels ek “âldste fan Fryslân” nei foarren skowe soe, is dy fan Kimswert.

De tsjerke fan Kimswert ûndergiet op it stuit in heechnedige restauraasje, foaral fan it goed-bewarre, mar wat fersutere rekke, 17e-ieuske ynterieur. Ik haw der noch nea yn west, mar de bûtenside allinne is al in omreis nei de Lytse Bouhoeke wurdich. It dowestiennen part fan’e noardmoarre fan’e Laurentiustsjerke skynt fan rom foar 1100 te wêzen, en de dowestiennen toer fan krekt dêrnei. Oan’e noardmuorre kinst moai ôflêze hoe’t de tsjerke hyltyd langer en heger waard. Boppe de noarddoar sit in healrûn timpaan fan reade sânstien, wêrop’t in masker (of holle?) te sjen is fanwêrút druveranken waakse. Mei de Geast as goed twad, is de tsjerke fan Kimswert faaks dejinge yn Fryslân dy’t it meast âldens útazemet.

De noardmuorre fan'e Kimswerter tsjerke, mei rjochts it romaanske timpaan

De Kimswerter tsjerke, sjoen fanút it noardeasten

Tiisdei, twaëntweintich febrewaris 2011.

Posted in blôch, Tsjerken | Tagged: , | 1 Comment »

Tariedings

Posted by André Looijenga on 20/01/2011

Even yn it koart, fan’e jûn. En fral wer efkes in blôchke om’t it al wer in wike lyn is sûnt it foarrige. En ik, at se mei my advertearje as ‘redakteur fan in wiidweidich blôch’, wol wat fan my hearre en lêze moatte lit.

Yn it foarste plak moast ik noch altiten de winner fan’e nijewurdekriich fan ferline wike freed efkes hulde bringe. Atze Bosch fan it Hearrenfean, by dizze ek op it wrâldwiid reach myn hertlike lokwinsken mei jo hipperhapke!

Moarntemiddei is dus de boekútrikking fan Steven de Jong syn samle fersen, mei it foarum oer de takomst fan’e Fryske literatuer. Ik moat tajaan, de spanning rint my suver al troch de bealch. At dat mar goed rint. Hjoed haw ik myn Frysk alfêst ris goed smarre. Neist dat ik al wat nuttichs ynbringe wol, wol ik ommers net mei grouwe taalflaters de middei ûntsiere. Dat ik moat der tûk op wêze dat by eltse west in hawwe komt, dat de tiidwurdklusters (wêze kinne moatte soe en sa) net yn’e tiis reitsje, en dat ik de nefaste niging ta hun ûnderdrukke kin.

No ja, it sil wol los rinne. Al lit op it stuit ien byld út Reve syn Nader tot U my net los. Dat er as tarieding op syn magnum opus, dat er skylk ienris skriuwe soe, wat der fansels nea fan komme soe, dat iene dat alle boeken op de Bibel en it tillefoanboek nei ommers oerstallich meitsje soe, as er dat skriuwe soe, earst te profetearjen gean soe oer de diken en greiden om Greonterp hinne.

(En ta beslút noch even dit. Fan’e trouste blogger yn it Frysk, Cornelis van der Wal, haw ik al in pear dagen neat nijs lêzen. Ek de blochfragminten op ensafh.nl binne sûnt tiisdei net ferfarske. It makket jin suver wat ûngerêst.)

Tongersdei, tweintich jannewaris 2010.

— — — — —

(In lytse oppoaiïnge jit: hjoed, freed 21-1-11, sil ik om in oere as 15.40, te beharkjen wêze op Omrop MercuriusOp’e radio dus, nei oanlieding fan it wurd oppoaie. Harkje bûten Ljouwert fia dizze link.)

(En, o ja, mei Knillis syn ôfwêzigens liket it ta te fallen, hear.)

Posted in blôch, Skylk, Taal | Tagged: , | Leave a Comment »

Wurdferlet & oer myn blôch

Posted by André Looijenga on 28/10/2010

Der moat my wat ‘fan it herte’.

Dat ik dizze útdrukking brûk, seit it eins al. At ik Frysk praat, mar seker at ik Frysk skriuw, haw ik hieltyd te min wurden. Hieltyd wer ‘rin ik dertsjinoan’ dat ik yn goed Frysk net sizze kin, wat ik yn’e holle haw. Om’t wat ik yn’e holle haw oan wurden en útdrukkings foar it grutste part (al as net heal-ferfryske) Nederlânsk is, ék as ik Frysk besykje te praten of skriuwen.

Dit is net allinne myn persoanlike frustraasje. Dit is it sintrale probleem yn hoe’t it Frysk hjoeddendei sprutsen wurdt. It wêzenlikste probleem ek foar it foartbestean fan it Frysk as in taal dy’t krekt wat mear is as bryk Hollânsk.

Fansels hawwe wy as Fryskpraters der techniken ta om foar te kommen dat wy mei ús heale taalbehearsking foarinoar foar skut stean. Yn it foarste plak is it mear as akseptearre dat wy hieltyd Nederlânske wurden en frasen troch it Frysk mjuksje. De noarm yn it sprutsen Frysk is ûnderwilens sá, dat der wol Nederlânskich-Frysk praten wurde moát, oars ferstean minsken jin gewoan net. Kieze foar in ‘gever’ synonym heart as âlderwetsk, as oerdreaun, as drammerich en aktivistysk.

Hoefolle minsken ûnder myn Frysktalige kunde sille der wol net wêze, dy’t dizze blôchkes fan my net iens lêze kinne, fanwegen it register oan wurden dat ik no-en-dan brûk?

Read the rest of this entry »

Posted in blôch, Taal | 3 Comments »

Loaiïngea – Goaiïngea

Posted by André Looijenga on 25/10/2010

It wie fan it simmer dat ik ris yn Tersoal yn’e eftertún siet mei in topografyske atlas fan Fryslân. Ik siet krekt te tinken hoe apart it is dat der yn Fryslân, benammen op’e Klaai, safolle (lytse) doarpen lizze. Dizze plakjes binne doarpen om’t der yn’e midsieuwen tsjerken boud binne. Meastal stiet der noch in tsjerke, en oars is der noch in toer, in klokkestoel, of inkeld in hôf om de doarpstatus te ferdigenjen. Fan dizze âlde Fryske karspels falt foaral op hoefolle’t se binne, en hie ticht at se opinoar lizze. Ik wie benijd hokker midsieuske tsjerken (en ‘tsjerksteeën’) it tichtste by-inoar leine, dat ik pakte in lineaal derby.

Earne moat noch it listke omlizze dat ik dy middeis makke. Ik wit it my net mear hielendal goed tebek te heljen, mar ik leau dat Seisbierrum en Pitersbierrum rekôrhâlders wiene. Dizze twa tsjerken waarden op om-en-nabij de 650 à 700 meter fan inoar stifte. Mar ûngefear like tichtby-inoar leit it keppel Marrum en Westernijtsjerk. En ek hiel deun by-inoar waarden der, mei minder as in kilometer ôfstân, ienris twa tsjerken boud yn Wiuwert en Britswert.

Ek yn’e top-tsien fan ticht oanbuorjende midsieuske parochys heare de doarpen Goaiïngea en Loaiïngea. (Twa djipfryske, hearlik ûnútsprekbere nammen, sij it mei in ûnsjogge stavering. De Nederlânske spelling sprutsen wy eartiids út’e gek út as Goengaloenga, as lei it yn Afrika. Boppedat: myn famyljenamme moat hast wol fan dat lytse, no tusken N354 en Snitser rûnwei ynsletten, Loaiïngea komme.)

Read the rest of this entry »

Posted in blôch, Tsjerken | 1 Comment »

Ha goeie!

Posted by André Looijenga on 11/06/2010

Wolkom, minsken, dat jimme efkes del komme op myn Frysk deiblôch!

Jo binne hjir kaam fia Taalpost, en sille, tink ik, net allegearre Fryskpraters en -lêzers wêze. Ik winskje jo in soad súkses, nocht (genoegen) en wille (plezier) by it ûntsiferjen fan myn Fryske stikjes.

Op myn blôch fine jo artikeltsjes oer in ferskaat oan ûnderwerpen dy’t mei it Frysk en myn ynteresses yn dy rjochting te krijen hawwe. Ik skriuw bygelyks gauris oer lytse bysûnderheden yn’e Fryske taal, lykas typyske wurdsjes as no en sa.

Fierders dobje ik graach âldere Fryske skriuwers út’e boekekast op. Nijsgjirrige 20e-ieuske auteurs dy’t ik jit boppe wetter helle haw, binne de prozaïst Ulbe van Houten en de dichter-dûmny A.R. Scholten. Dêrneist fine jim ek stikjes oer âldere (‘Midfryske’) dichters út’e 18e en 19e ieu, lykas heit en soan Althuysen en de eigenwize skoalmaster Rein Baukes Windsma.

Ik fyn it nijsgjirrich en ek wichtich om dwaande te wêzen mei de âldere fases fan jins eigen taal. Seker by it Frysk sjogge je dat de taal yn in pear ieuwen bot feroare is. It Frysk wie ommers let yn it ûntwikkeljen fan in standerttaal. Ik bin sels in twatalich Frysksprekker, in Fries mei as memmetaal Nederlânsk mei Fryske ynfloed en yn twadde ynstânsje it Frysk. At je nei de skiednis fan it Frysk sjogge, komme je hyltyd tsjin dat dy taal krektsa bewust brûkt en keazen wurdt troch minsken dy’t har likegoed yn it Nederlânsk rêde koene.

Dêrmei komme wy op in tredde tema dêr’t ik mei op myn blôch mei dwaande hâld (en hâlde wol): de identiteit fan’e Friezen en Fryslân hjoeddendei en yn it ferline. Ek hjir haw ik al inkelde stikjes oer skreaun.

Foar no hoopje ik dat jo hjir op myn deiblôch wat fan jo gading fine. Strún en sneup mar om, en kom foaral gau wer ris werom op dit taalblôch. At jo ynteressearre binne yn it Frysk en syn skiednis, moatte jo my mar efkes boekmarkje of oan’e RSS-fied (of hoe neame jo soks) tafoegje.

Nochris fan herte wolkom, en oant skylk wer lêzen!

André Looijenga

Freed, alve juny 2010.

Posted in blôch | 5 Comments »

‘Ferneamd’ Tersoalster

Posted by André Looijenga on 22/05/2010

Bêste âld-doarpsgenoaten en oare ynteressearden,

wolkom op myn ‘Frysk Deiblôch’!

Ik fyn it tige moai dat jim hjir ris delkomme om te sjen wat dy jonge fan master Looijenga no ynienen op it ynternet útheeft mei it Frysk.

Dit is dus myn weblog, myn eigen hoekje ynternet dat ik stadichoan fol skriuw mei stikjes oer ferskillende ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle in miening oer haw, of fertelle gewoan oer wat ik sa út en troch meimeitsje.

At jim út Tersoal komme, hawwe jim myn deiblôch fêst fûn troch it artikeltsje op side 9 fan it doarpskrantsje. Fan’e middei haw ik krekt De Tersoalster Courant yn it doarp rûnbrocht mei myn broerke. Oer myn winnen fan it Frysk diktee, in moanne lyn, moatte jim foaral efkes dit en seker ek dit stikje lêze…

Ik soe sizze, strún hjir mar wat om yn myn stikjes. En kom mar gau wer ris werom, want minstens ien kear yn’e wike komt der hjir in stikje fan my by.

In protte nocht, en (oan degenen dy’t dat net alle dagen dogge) súkses, by it Frysklêzen winsket jimme jim âld-doarpsgenoat

André Looijenga (wer efkes útfanhús yn Tersoal).

Sneon, twaëntweintich maaie 2010.

Posted in blôch | Tagged: , , | Leave a Comment »

Yntinsjeferklearring

Posted by André Looijenga on 27/03/2010

Yntinsjeferklearring. Kinst it moai ferfryskje (sykje de seis ferskillen), mar it bliuwt in ûnsjoch Hollânskisme. Dochs, ik fyn dat ik mar ris ferwurdzje moat wat ik wol mei myn Deiblôch.

Guon dingen moatst gewoan planút sizze. Fansels skriuw ik dit blôch net fol as út in siiklike niging ta selsekspresje. Fansels wol ik der wat mei berikje, foar oaren en foar mysels. Oars soe ik wol tsjin in muorre oanprate (of tsjin fisken preekje).

Yn it foarste plak hâld ik dit blôch by om’t ik yn it Frysk dingen skriuwe wol dy’t ik sels lêze wolle soe. Ik sette daalks heech yn troch deistich bydragen te beloovjen. Dy ambysje foel my de ôfrûne wiken swier, mar ik hâld har dochs oan. Nije ambysjes binne mar al te nedich at it om it Frysk giet, seker at it giet om skriuwsels dy’t de muoite fan it lêzen wurdich binne.

Myn blôchskriuwery is in tichter by de taal krûpen. Frysk skriuwe is dy taal foar jinsels ûntdekke en ta jins eigen spylfjild meitsje. It siet der fan begjin ôf oan te kommen en myn blôch wurd foar in wichtich part refleksje op it Frysk. Soks is eins ek mar al te nedich yn ús gefal fan in taal dy’t sels as taal yn’e publike romte (ûnderwiis, ûnderwiis…) amper omtinken krijt.

Ik wol helpe it Frysk fierder te bringen. Sa koart mooglik sein is dat de yntinsje fan myn krewearjen oan dit blôch.

Hast oardel moanne dwaande, sykje ik noch altiten nei de foarm fan myn blôch. Wêr moat myn skriuwery oer gean?

Yn tsjinstelling ta guon oare blôchskriuwers sjoch ik gjin doel yn it fêstlizzen fan al myn deistige belibbeniskes. Safolle bysûnders haw ik dêroer aldendei net te melden. Boppedat is deiblôch in wurdboartsjen op deiblêd en net op deiboek.

Om’t ik sa’n ferlet fan Frysklêzers haw, soe ik jimme fansels by dizzen freegje kinne wat jimme wolle wêroer’t ik skriuw. No, sis it mar. De ôfrûne moanne oersjend, haw ik al in idee hokker thema’s de takomme tiid yn elts gefal lânskomme sille.

1.) Sa’t ik jit sei, de Fryske taal, fan ferskate kanten besjoen. Dêrby moat ik wol oantekenje dat ik as akademikus net yn it foarste plak yn’e Germaanske talen en it Frysk spesjalisearre bin. In goed-ynformearre leek yn’e Fryske taalkunde, krekt as hoe’t ienris it bestudearjen fan folkstalen begûn.

2.) Fryslân beskriuwe. Dat sil alle kanten útgean, tink. Wy komme fan in nuver hoekje wrâld, mar hawwe dat meast net troch. Fiersten te min hawwe minsken wat troch oer ús ynleaf grien biljartlekken. Yn’e taal fan in grut part fan’e bewenners fan ús bysûndere lânsdouwe wurdt der eins amper wat skreaun oer Fryslân sels. Oer it Fryske lânskip, de skiednis en fan alles dat dêrby it sjen en witten wurdich is, wol ik noch wolris, yn it Frysk, in goed en moai boek op’e merke bringe. (Wat d’âld Speerstra kin, kin ik ek, en faaks wol better.) Earst hjir mar ris besykje.

3.) Al bin ik net bot polemysk ynsteld, haw ik wis in miening te jaan, dêr’t men yn Fryslân (al wit men it noch net) grif wat oan hawwe kin. Skylk folget it der mear yn dy snuorje. Oppenearjen is ommers it libbensbloed fan it blôchjen. En seker ast dy op it Frysk en Fryslân stortest, fynst in soad dat fan dyn miening ferlet hat.

Hawar, en no gau op nei de status fan Frysk-pommerant!

Sneon, sânentweintich maart 2010.

Posted in blôch | Tagged: , , , , , , | 4 Comments »

Tinzen by myn blôch

Posted by André Looijenga on 25/02/2010

Aanst gean ik de tredde wike yn dat ik dit blôch skriuw, dat miskyn is it tiid en bring ûnder wurden wat ik dermei wol.

Skriuwe, yn behapbere stikken en ûnder de druk eltse dei wat nijs ta te foegjen. (Dat alle dagen skriuwe is net alhiel lukt, –  sneon hiene wy jierdei yn’e famylje, en juster wie ik te hurd oan it wurk om wat ôf te meitsjen en jûns te wurch om noch in stikje del te pinnen.) 

Lêzen wurde, leafst troch in sa grut mooglike kliber nijsgjirrigen. Dêr is fansels gjin sprake noch fan. Ik haw it bestean fan dit blôch ek net fan’e daken skreaud. En ik haw it my fansels dreech makke troch te kiezen foar it skriuwen yn it Frysk.

Men moat witte wat men te melden hat, at men skriuwe wol. Ik kin wol oeral oer skriuwe, mar dat smyt noch gjin gearhingjend gehiel op, wêrfan’t in potinsjele lêzer ûngefear wit wat te ferwachtsjen.

It sil der mei yn it Frysk blôchjen, nei myn ferwachting, wol op útdraaie dat men in protte oer typysk Fryske thema’s skriuwt. Oer de taal, hoe’t hja wurket, hokfoar skatten hja bewarret, en hoe’t har takomst feilich steld wurde kin. Oer de Fryske identiteit, mei har moaie en har minne kanten. En dêrmei oer polityk en soksmear, en hoe’t dat mei Fryslân te krijen hat.

Miskyn wat heal en hiel bellettristyske oerstinninkjes tuskentroch: wat grienmank oer yntellektueel ferantwurde boeken dy’t ik, al as net, lêzen haw, en filosofearseltsjes nei oanlieding fan oermoedige reedriders en sa.

Gewoan omdat der sa út-en-troch yn it Frysk skreaun wurde moat, ja omdat der sa as it útkomt ris foar de feroaring yn it Frysk ûnwenstige tinzen tocht wurde moatte.

Tongersdei, fiifentweintich febrewaris 2010.

Posted in blôch | Tagged: | 1 Comment »