Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for the ‘Skreaun’ Category

Gedicht: isofloedlinen

Posted by André Looijenga on 30/07/2015

Okkerwyks is der fan my wer in gedicht publisearre yn Ensafh. It is in ‘Klaai-frysk lânskipsgedicht’, soe ik it sels omskriuwe wolle. Josse de Haan frege him ôf oft it “In nije foarm fan abstrakte poëzy?” is.

.

isofloedlinen

.

de see bestiet net

it slyk, seedyk, de rjappelklaai

foarboaden fan in neat

.

in sûnder wat

.

kluten < kerrels < grús

see is griis fan plúskes grûn

boaiem swart fan wetter

.

ien grins is der net, tusken

ús en leechte

útsein fan isofloedlinen tekene

.

de fêste klaai foarseit, ûnthjit

in neat bestiet

.

Hjir waard it fers isofloedlinen earder publisearre.

 

Posted in Skreaun | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Poëzij: simmerhjerst

Posted by André Looijenga on 14/08/2014

Posysje sykje. My ynlêze. Nije rigels priuwe. Se opskriuwe. Werom wêze út de Skriuwersarke. Unbeheind liener wêze (no noch wol). Wer fierder lêze. Wat by-inoar skriuwe. Posysje noch net fûn; der wol protte oer neitinke.

Mei gedichten bin ik dwaande, op ‘t heden. En mei wat nedich wêze moat, foar nije poëzij yn it Frysk. Frege wat oanrikkemindaasjes: hjir lizze no Jeroen Mettes en Dirk van Bastelaere en fraachpetearen oer De kunst van het dichten. Ut mysels hie ik op ‘e strún nei poëtika al W. Bronzwaer en Ilja Pfeijffer en Piet Gerbrandy derby helle, mar dy spylje in thúswedstryd by my as klassikus. Better ek in útwedstryd weagje.

Haw dêr op ‘e Arke dus ek dichte. Dit bygelyks. It waard op 8 augustus lêstlyn publisearre op www.ensafh.nl, sá likernôch (haw twa wurden wizige):

.

simmerhjerst

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no it rispjen
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch. faaks)

it firmamint lûkt dan de siden pjama oan en
ranjaread priuwt wetters grûne

(mei mooglik makke troch it douwe kalmafûns en it fryske gea)

.

(c) A.R. Looijenga

.

Tongersdei, fjirtjin augustus 2014.

Posted in Skreaun | Leave a Comment »

Provinsjale Steaten, bliuw fan ús wurdbyld ôf!

Posted by André Looijenga on 08/05/2013

Hjir folget de tekst fan myn opinystik (dagstelling) út de Leeuwarder Courant fan 4 maaie:

Op 24 april hawwe de Steaten ynstimd mei in nije Fryske stavering. Noch mar 33 jier nei de foarige wiziging wurdt de spelling op ’e nij oer de kop helle. De nije stavering, dy’t op de Fryske Akademy útdoktere wurdt, sil it skriuwen seker net makliker meitsje. Dizze feroarings sille ús as Friezen júst in soad enerzjy, ûnrêst en jild kostje!

Mei as doel om in Frysk ‘Grien Boekje’ gear te stallen, waard yn 2011 de Fryske Akademy oan it wurk set. De wurdboekskriuwers fan de Akademy hawwe har lykwols net beheind ta it fêstlizzen fan de stavering sa’t dy op dit stuit brûkt wurdt. Yn it foarstel dat der no leit, krijt in stik as wat gewoane Fryske wurden ynienen in hiel oare stavering.

Lit my even op in rychje sette, wat der feroarje moatte soe:
1) ‘oe’ en ‘û’: tenei allinnich noch mar in ‘oe’, wannear’t it Nederlânsk in ‘oe’ hat; dus: ‘droech’ (droog) wurdt ‘drûch’, en ‘útnoeging’ (uitnodiging) wurdt ‘útnûging’, mar ‘boek’ (boek) bliuwt ‘boek’, wylst ‘boek’ (beuk) ‘bûk’ wurdt.
2) ‘ieu’: dizze kombinaasje wurdt ôfskaft; it wurd ‘ieu’ (eeuw) moatte wy tenei dus as ‘iuw’ skriuwe.
3) yn frjemde wurden moat op guon plakken in ‘f’ ynstee fan in ‘v’, en in ‘s’ foar in ‘z’ komme; it komt er op del dat it tenei ‘telefyzje’ wurdt omdat ‘fyzje’ as apart wurd bestiet, mar dat tagelyk ‘advys’ as stavering bliuwt omdat dat gjin gearstalling mei ‘fys’ is.

Oer dat lêste punt wol ik it hjir net hawwe. It staverjen fan frjemde wurden op syn Frysk wie al in tizeboel, en it sil mei dit foarstel ek in griemboel bliuwe.

Yn de foarstelde nije stavering moatte skielk ek hiel gewoane Fryske wurden oars skreaun wurde. Net langer dus: ‘ieu’, ‘droech’, ‘útnoegje’, ‘útnoeging’, ‘spoek’ of ‘boekebeam’. En miskien komt der noch wol in langere list mei feroarings.

Mei de niisneamde wurden wie eins neat oan de hân. Wy skriuwe se mear as hûndert jier sa. Wêrom soe no har stavering feroare wurde moatte? De nije stavering soe “better te learen” wêze, “konsekwinter” wêze as de âlde.

Dat it Frysk skriuwen better te learen is nei dizze wiziging, is grutte ûnsin. Der feroaret eins fierste min, om oanlearen makliker te meitsjen! Wy bliuwe sitten mei tûkelteammen as bgl. ‘bleaun’ en ‘freon’, of ‘heare’, ‘ferstjerre’ en ‘misêre’. En dan haw ik it noch net iens oer it staverjen fan de brutsen twalûden. Om écht effekt te hawwen op de ‘learberheid’ binne folle gruttere feroarings nedich!

Mar fansels kin soks net. It omgoaien fan de stavering betsjut ommers tagelyk it fernielen fan ús wurdbyld. In dúdlike stavering bestiet ommers net yn it foarste plak foar wa’t skriuwt, mar foar de lêzer! Trochdat wy wurden itselde skriuwe, kinne wy dy wurden makliker lêze. Hoe mear Frysk oft minsken om har hinne sjogge, hoe better se it úteinlik ek skriuwe. Dat der wat útsûnderings yn in histoarysk groeide staveringstradysje sitte, is faaks sels nammerste better foar de lêzer. Tink oan de drege staverings fan it Ingelsk en Frânsk: dy funksjonearje krekt omdat it wurdbyld de ôfrûne ieuwen itselde bleau.

De Fryske taal is fan ús dy’t Frysk prate, lêze, skriuwe. As wy Frysk skriuwe, is it bêste om safolle as kin oan te sluten by hoe’t oaren skriuwe. En skreaun hawwe. Wy moatte ús dêrby gjin feroarings of beheinings yn ús Frysk diktearje litte troch bemuoisuchtige ynstânsjes.

De Standertwurdlist, dy’t der no fan Provinsjale Steaten komme moat, wurdt lykwols net in gewoan staveringsadvys, mar in wet. It sil in wet wêze, dy’t foarskriuwt hokker wurden en farianten fan wurden tenei offisjeel Frysk binne. Wat dy wet net goedkart, mei dan net mear brûkt wurde yn it ûnderwiis, lykas Henk Wolf (dosint Frysk oan de NHL) ynkoarten yn detail útlizze wol.

Hat it Frysk op staveringsmêd ferlet fan feroarings en nije strange rigels? Wylst in soad âldere Fryskskriuwers noch altyd net wend binne oan de stavering fan 1980?

Nee! Mei dizze nije stavering giet in protte enerzjy (en jild) ferlern. Gemeenten en provinsje kinne better helpe om mear Frysk sichtber te meitsjen yn de publike romte. Frysktalige media oerein te hâlden en te befoarderjen. De taal in better plak yn it ûnderwiis te jaan. Helpe dat it Frysktalige plattelân de moed net opjout troch krisis en twongen skealfergrutting. Stypje dat wy Friezen mei-inoar Frysk praten en skriuwen bliuwe.

Lit dit ‘Griene Boekje’ sá net trochgean, Provinsjale Steaten!

André Looijenga (*1982) is û.o. redakteur fan it literêr tydskrift Ensafh, en twafâldich winner fan it Grut Frysk Diktee.

Woansdei, acht maaie 2012.

Posted in Skreaun | Tagged: , | Leave a Comment »

Opinystik tsjin staveringswiziging yn LC

Posted by André Looijenga on 02/05/2013

Rûmte foar romte

Op kommendeweis yn de Leeuwarder Courant: in opinystik fan my oer de nije Fryske stavering. In ûnnedich en ûnnoazel plan, dat boppedat fêst sit oan in tige strange regulearring fan it offisjele Frysk. It Fryske Griene Boekje wurdt gjin freonlik helpmiddel by it goed, geef en linich Fryskskriuwen, mar in oppressyf stik ark om de Fryske taal in wrâldfrjemde en tige beheinde noarm op te twingen. It giet op ‘e kop ferkeard: aansten sitte wy oantangele mei in healbakken ‘nije’ stavering en folle minder frijheid foar it Frysk yn ûnderwiis en amtnerij!

Hjir alfêst in lyts priuwke fan myn opiny-artikel yn de Ljouwerter:

Om écht effekt te hawwen op de ‘learberheid’ binne folle gruttere feroarings nedich! Mar fansels kin soks net. It omgoaien fan de stavering betsjut ommers tagelyk it fernielen fan ús wurdbyld. In dúdlike stavering bestiet ommers net yn it foarste plak foar wa’t skriuwt, mar foar de lêzer! Trochdat wy wurden itselde skriuwe, kinne wy dy wurden makliker lêze. Hoe mear Frysk oft minsken om har hinne sjogge, hoe better se it úteinlik ek skriuwe.

Tongersdei, twa maaie 2013.

Posted in Skreaun, Taal | Tagged: , | Leave a Comment »

Drûch, iuw, telefyzje…

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Woansdei, 24 april 2013, hawwe Provinsjale Steaten besletten om mei te gean yn it útstel fan de Fryske Akademy ta it wersjen fan de stavering. Sûnder dat dêr echt omtinken foar west hat yn de reguliere Fryske media, is no it proses yn gong set om yn in stikmannich details ús Fryske stavering ridlik yngripend te feroarjen. Dat dit sa ‘stikem’ bart, noasket my min. En boppedat haw ik ek noch wol mear fûnemintiele beswierren tsjin it (wer) feroarjen fan de Fryske stavering.

Om te soargjen dat der yn elts gefal omtinken komt foar dizze kwestje, haw ik in gastbloch skreaun foar Neder-L, it elektroanysk tydskrift foar nearlandistyk. Hjir lêze jo it: http://nederl.blogspot.nl/2013/04/een-nieuwe-spelling-voor-droog-eeuw-en.html

Lit ús foarkomme dat sokke gewoane Fryske wurden as ‘droech’, ‘ieu’, ‘útnoeging’, ‘spoek’ en ‘boekebeam’ net ynienen fan stavering feroarje sille!

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Posted in Skreaun, Taal | Tagged: , , | Leave a Comment »

Rêd de Obe en de Fedde! (LC-ferzy)

Posted by André Looijenga on 08/10/2012

Ofrûne sneon stie yn de Ljouwerter Krante it ûndersteande ynstjoerd brief (‘Te Gast’) fan my:

Rêd de Obe en de Fedde!

Nije wike freed, 12 oktober, is de útrikking fan trije provinsjale literêre prizen. Foar de bêste oersetting nei (of út) it Frysk is der de Obe Postmapriis, en foar it bêste Fryske literêre debút binne der de Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer Publykspriis. It is lykwols mar de fraach oft it feestke by de útrikking wat slagje wol. Yn har nije kultuernota kundiget de Provinsje Fryslân ommers oan dat dizze trije prizen ôfskaft wurde.

De ‘Fedde’ en de ‘Obe’ binne oerstallich ferklearre, sûnder echte argumintaasje. Ien grutte priis bliuwt oer. De Provinsje hat blykber wol wurdearring en prizejild oer foar it oeuvre fan âlde Fryske skriuwers (lykas Gysbert-winner Durk van der Ploeg), mar net foar eksellinte Fryske oersetters of foar fernijend nij wurk fan jongere skriuwers.

Yn de kultuernota hat de Provinsje de mûle fol oer it belang fan it Frysk. Essinsjeel is dêrby dat it Frysk ek in taal bliuwt om te skriuwen en te lêzen. Dat der boeken yn útkomme, in literatuer bestiet, en der wurdearring is foar útsûnderlike prestaasjes. Ynstee fan wurdearre, wurde nominearden en kânshawwers misledige trochdat de Provinsje no witte lit dat harren priis eins net nedich is.

As ik in synikus wie, soe ik de Provinsje fan desynteresse yn de Fryske literatuer betichtsje. Foarearst hâld ik it op in fersin. It ôfskaffen fan de Obe en de Fedde is folslein yn tsjinspraak mei de teneur fan de nota. It giet dêryn om minsken mear ‘meidwaan’ te litten yn de Fryske kultuer. Literêre prizen dy’t omtinken generearje foar nije skriuwers en foar oersettings, binne júst hiel goede middels om de minsken yn Fryslân mear foar it skreaune Frysk te ynteressearjen.

De oersetting dy’t wy as sjuery útkard hawwe, ‘De Hobbit’ fan Tolkien, troch Anne Popkema, is op himsels al in argumint om de Obe te behâlden. Masterlik linich en geef Frysk, troch in jonge oersetter: in klassiker dy’t âld en jong, Frysksinnich of net, oansprekke sil.

Achte leden fan Provinsjale Steaten, jo kinne it ôfskaffen fan dizze wichtige prizen noch tsjinhâlde! Jo kinne in amendemint op de kultuernota yntsjinje en stypje om de Obe Postma- en Fedde Schurerprizen te behâlden. Ek mei in bytsje middels, en foaral de júste minsken, kin de organisaasje en promoasje by de prizen folle better as dit kear. Lit de prizen net it wikseljild wêze op de kultuerbegrutting! Ik fertrou op jo wiisheid, en jo leafde foar it Frysk.
.
André Looijenga, lid advyskommisje Obe Postmapriis

Posted in No-tiid, Skreaun, Skylk | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Pasolini, David

Posted by André Looijenga on 14/04/2012

Yn de nijste digitale ensafh stiet dit kear in oersetting dy’t ik makke haw. It Friûlyske fers David fan Pier Paolo Pasolini, dêr’t ik fiif ferzys fan tsjinkaam. Alle fiif haw ik oerset en ynlaat. No te lêzen op jo favorite, iennichste Frysk literêre tiidskrift:

Hingjend tsjin’e put, earme jonge,
draaisto nei my dyn leave holle
mei in fette glim yn ’e eagen.

(…)

Pognèt tal pos, puòr zòvin,
ti voltis viers di me il to ciaf zintíl
cu’ un ridi pens tai vuj.

(…)

Fia it linkje lêze jo de rest.

Sneon, fjirtjin april 2012.

Posted in Skreaun | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Wetter, wurden en wittewatmear

Posted by André Looijenga on 31/03/2012

As jo mear fan my lêze wolle, fine jo dat yn/op Ensafh, it Fryske literêre tydskrift. Yn ús nijste digitale nûmer in essee fan myn hân oer Ljouwert as kandidaat foar Europeeske Kultuerhaadstêd 2018.

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… ensafuorthinne

Yn dit stik giet it oer de mooglikheden foar Ljouwert om yn dy wedstriid Maastricht, Eindhoven, Utert en De Haach te ferslaan. It giet oer wetter, oer mienskip en oer taal as saken dy’t Ljouwert bysûnder en it projekt ‘2018’ foar Ljouwert sa bysûnder urgint meitsje.

By it skriuwen hie ik ek in âlder blôchke fan my yn it sin. Oer de meartaligens fan Ljouwert en de posysje dêryn fan it Frysk: ‘De stille taal‘. Earlik sein, haw ik wolris dat ik suver wat grutsk wurd as ik guon blôchkes weromlês, — en dit is der ien fan: “Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

No’t dit blôchke útkomt, rûgelet in oar wer fan de foarside ôf: myn mânske bydrage oer de wurdkar fan Durk van der Ploeg yn syn twa earste dichtbondels. No ja, dat elberige stik is ek al wer fan hast in heal jiermel lyn, dat de ervige ang is der njonkenlytsen ôf. Wês mar net wanich, der wanke skylk wer nije blôchkes oer elve Fryske wurden. — Want de taal, dêr meist… dêr moatst mei suiskje en rinkelroaie.

Oer sir Durk van der Ploeg sprutsen: syn iennentweintichste roman, De Belvedêre, lâne juster nei in beholden flecht yn myn brievekast. Ynkoarten mear ek dêroer.

Mei Fryske wurden, sawol op jierren as nijfrinzich, stiet ek noch heel wat op’e hispel. Eat mei nije en ‘nije’ Fryske wurden, mei de skiednis fan it Frysk en oangiseljen fan omtinken en ynteresse foar de taal by jongerein. En ja, dat hinget gear mei ‘2018’…

Sneon, iennentritich maart 2012.

Posted in blôch, Skreaun, Skylk | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Klysters

Posted by André Looijenga on 19/02/2012

Op www.ensafh.nl, jo favorite iennichste Fryske literêre tydskrift, stiet wer ris in kollum fan my. Dizze kear in kommintaar oer hoe’t it fierder moat mei Fryske berne- en jongereinboeken, nei oanlieding fan de sterke Sirkwy-lêzing dy’t Sigrid Kingma ôfrûne tiisdei hold yn Drachten.

Hjir in priuwke. De rest lêze jo op Ensafh:

Merakels wie Sigrid har idee fan Fryske ‘Jonge Lijsters’. Sóks soe pas Fryske lêsbefoardering wêze: alle jierren fia skoalle bern in pakket Fryske jongereinboeken op har nivo bestelle litte. Alle jierren in seleksje fan, sis, trije kreas werútjûne goede lêsboeken op nivo A en trije op nivo B. Skylk hooplik ek op it dregere nivo C (mar yn dy kategory binne eins noch te min Fryske jongereinboeken ferskynd). Foarútbesteld, om en by €12 it pakket, en printe ‘on demand’. Pakst it goed oan, dan kinst tûzenen fan dy boekepakketsjes oan Fryske skoalbern en har âlden slite!

Snein, njontjin febrewaris 2012.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »

Frysk, Frysk en Føroysk

Posted by André Looijenga on 26/11/2011

Sûnt justermiddei stiet der wer in nije digitale ôflevering fan Ensafh op it rju rynsk reach. Foar dit nûmer haw ik in kollum skreaun, nei oanlieding fan’e Kneppelfreedbetinking, oer myn argewaasje oer it sleauwe ferhollânske deistige Frysk en benammen oer myn leafde foar in moaier, eigener en aparter brûken fan dizze taal. Hjirby efkes in priuwke, fia dizze link lêze jo mear.

It sprutsen hearren fan Schurer syn ‘heech-Frysk’ wie foar my it hichtepunt fan it Keppelfeest fan 19 novimber 2011. It is moai om de Fryske taal sa serieus nommen te hearren. Om in grut drama yn âldfrinzich poëte-Frysk mei te belibjen, om de Kalmaëske skriuwtaalwurden op te heinen út it deklamearre resitatyf.

Moai Frysk lêze jo ek, en by it soad, yn’e juster nij útkommen Tolkien-oersetting It Selskip fan de Ring fan Liuwe Westra. Ik wie by de presintaasje, in tige slagge middei/jûn mei iterij, ferklaaierij, sjongerij, wiispraterij en striidpraterij. Nei ôfrin noch moai diskussiearre op it gonkje, en doe gau-gau troch nei Tresoar om it noarden te exploarjen. Dêr wie ik noch krekt op’e tiid om Teitur yn it Føroysk sjonge te hearren. Hie ik net misse wold; mar wêrom plenne se altiten alle nijsgjirrichs tagelyk?

En noch in ‘reklame’ (in sjochút dy’t nei de folgjende side ferwiist): dit berjochtsje kringt myn blôchke oer dat it wurd ‘Frysk’ winliken in hollannisme befettet fan syn plakje foaroan. Dat klikje mar troch.

Sneon, seisentweintich novimber 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , | 2 Comments »

Utinam

Posted by André Looijenga on 02/11/2011

Och, it muoit my eins dat ik mei elk blôchke dat ik tafoegje oan myn Deiblôch, in âlderen mar minstens like lêsberen ien fan myn foarside ôf triuw. No’t ik dit blôchke publisearje, wurdt drekt myn artikeltsje ‘Beppetaal’ fan lêstlyn 1 oktober demovearre nei de twadde side. Wilens it, hoewol lossepolsich, in net ûnaardich stikje wie oer myn eigen ‘taalskiednis’… Hawar, jo moatte ek fral ek mar sels omsneupe yn wat der fierderop allegear yn dizze huorde foar jo te lêzen leit.

Utinam… och (hie ik mar!)… “Plus imperfectum: irrealis van het heden; met plusquamperfectum: irrealis van het verleden…” It is krekt novimber en dêrmei wat de tiid foar de irrealis, is’t net… Lêsten yn Besançon rûnen wy tsjin ûndersteande fontein oan. Utinam stiet derop, it stedsmotto fan Besançon. Wêrom’t in stêd it och! fan’e ûnferfolbere winsk as biedwurd hat, ik soe it net sizze kinne, mar yn alle gefal rattele de Latynske grammatika my daalks ta de mûle út doe’t ik it ding seach.

Om it by och! en ach! net te litten, efkes reklame: it papieren nûmer 6 fan jiergong 3 fan ensafh is út! — Yn dizze nijste ensafh wer in goede sechtich siden Fryske literatuer: poëzij fan Hein Jaap Hilarides, Jan Kleefstra en Peter Popma, proaze fan Jelma Knol en Nyk de Vries. Besprekken en skôgings by it soad: Piter Boersma oer Edwin de Groot, Michel Dijkstra oer Cornelis van der Wal, Janneke Spoelstra oer dichtsjende froulju yn it 18e-ieuske Makkum, en iksels oer Klaas Bruinsma syn Ovidius-oersetting.

As priuwke mar efkes in sitaat út myn besprek (s. 30):

Yn syn Feroarings fan stal steane in protte krêftige rigels, mar de twang fan it metrum lit by Bruinsma gauris de subtiliteiten fan Ovidius te folle weiwurde. (…) [De oersetter] leit in ûnnedich flues fan deftichheid oer de boartlike, iroanyske tekst fan Ovidius: stive heksameters en deselde mêde wurden. Moaie âlde wurden, bûtenwenstige wurden hearre út soarte by de sjarme en skientme fan it literêre Frysk, mar troch syn oermjittige fêsthâlden oan’e foarm hat Bruinsma spitigernôch (oars as Lida Dykstra) fan Feroarings fan stal mear in pronkje as in lêsboek makke. Ovidius, dy tige lêsbere klassiker, hat er dêrmei, om sa te sizzen, ynpakt yn sellofaan, dat der gjin lucht by komt.

De rest fan dit stik lêze jo fansels yn ensafh.

Woansdei, twa novimber 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Kollum op ensafh!

Posted by André Looijenga on 30/09/2011

Lêze jo fierder op ensafh, dêr’t ik fan no ôf alle fjouwer wiken in kollum skriuwe sil. De earste giet oer it Boekefeest, oer Hylke Speerstra, oer sport, en oer de takomst fan it Frysk. Hjir in sitaat, en in linkje:

Út it ferline en it no knutselje wy ús eigen Fryslân wol, en út deistich praat en goed-geef in Frysk om dat stal yn te jaan. Lit Speerstra mar leauwe yn syn eigen fiksje fan it Frysk as boeretaal wêryn’t je allinne oer reedriders en emigranten skriuwe kinne. Lit him mar yn ’e waan dat it gau mei ús dien is om’t wy wolris in tiidwurdflater meitsje. Der is fêst genôch takomst oer.

De nijste digitale ensafh, farsk fan ‘e firtuële parse, fine jo fansels hjir: http://www.ensafh.nl/

Freed, tritich septimber 2011.

Posted in Skreaun | Tagged: , | Leave a Comment »

Ensafhnjalemint

Posted by André Looijenga on 29/05/2011

Fergeat ik hast noch en meitsje reklame foar myn lêste publikaasje op’e digitale Ensafh fan ôfrûne freed. De fúftichste Ensafh-digy al wer, sij it noch lang de fúftichste net dêr’t ik oan meiwurke. Ik haw dit kear in nuver mar ûnderhâldend Frysk boartersboekje besprutsen: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen fan de noch net sa ferneamde Grinzer Fries Geart Jan Tigcheldam.

Hjirby mar efkes in priuwke, mar lês hjir foaral it hiele sinjalemint:

It frij boartsjen mei de Fryske taal bringt it boek oer alle boegen yn ’e praktyk. De wille fan ’e skriuwer(s) lêze je oan eltse alinea ôf. Fleurich hipt it epos fan stylblomke nei stylbreuk. De iene kear über-âldfrinzich boekjefrysk, dan wer klearebare hollanismen, alles mei. Biltsk en Noardfrysk binne ek net fergetten, en ien fan ’e ridders praat konsekwint yn fonetyske transkripsje.

Snein, njoggenentweintich maaie 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , | Leave a Comment »

Wiel fan roken

Posted by André Looijenga on 20/02/2011

Wa’t mient dat er mei it skriuwen fan fersen it ien-wêzen fan Europa befoarderje kin, hat fansels myn folsleine sympaty. Sa’n ien is Herman Rohaert, dichter út Sint-Truiden yn Belgysk-Limboarch. Op syn side garret er oersettings fan syn gedicht ‘Ontmoeting’, dat er skreau by de lêste útwreiding fan’e Europeeske Uny. Yn safolle mooglik Europeeske talen en streektalen wolle Herman Rohaert en syn kompanjon Herman Fabre ferzys fan dit fers op syn blôch by-ienbringe. Frjemdernôch moasten se oant juster wachtsjen ear’t se in oersetting yn it Frysk ûntfongen…

In poëzij-oersettingsprojekt lykas dit komt ús yn it Fryske bekind foar, fansels. My sjit in rige wrâldwide bewurkings binnen fan it fers ‘Kastanjes’ fan J.H. Brouwer, dy’t ein jierren njontich yn’e Ljouwerter ferskynden. En, faaks in pear jier letter, waard Tiny Mulder har gedicht ‘Bitterswiet’ yn in hiele kliber oare talen oerbrocht.

Dat, mei de hjir folgjende ferfrysking haw ik de Hermannen út Sint-Truiden út’e brân holpen. Mei in bytsje help fan’e hearen Buwalda, Meerburg en Poortinga, dat is te sizzen. Want, skriuwt men Frysk foar yn’e etalaazje, moat it wol wat bylkje, no. 

Moeting

.

Trêdest de romte

en myn eagenblik binnen

sjochst net op, litst neat merke

draachst dyn wrâld mei yn

kylwetter, wale, sleep en

wiel fan roken.

Wy moetsje en ûntbine,

alles mei no, alles raant gear.

Giest fuort, litst bûlen

efter, se glinsterje

oant se iepenspatte, ien foar

ien, neaken en leechwaaid

myn strân.

Op’e Ontmoeting-blôchside stiet myn bewurking no tusken in moai espeltsje oare oersettings, yndield yn offisjele Europeeske talen, Europeeske minderheidstalen (wêrûnder dus no Frysk mei Cymraeg, Euskara en Lëtzebuergesch), en streektalen út’e Lege Lannen. Benammen út’e beide Limboargen sit der nijsgjirrichs tusken, dat wy oan’e noarderigge fan dat taalgebiet komselden heare.

Nim no dizze oersetting (uvverzetsoeng) yn it dialekt fan Kerkrade. Nei it skynt, ferskilt dit Kirchröadsj like folle fan it standert-Nederlânsk as it Frysk docht. Twa utersten ûnder ien standerttaal, it ien efter de iennichste echte Westgermaanske taalgrins, it oare oarekant in rige isoglossen dy’t as isobaren op’e linguïstyske waarkaart lizze:  

Bejieënoeng

.

Doe kuns de ruumde

en miene momang eri

kieks nit óp, lieëts nuus merke

doe dreëts dieng welt in

diene sjtroom, sjlaier en sjleef en

jeróchswusj.

V’r bejieëne en verjunt

alles darf noe, alles versjmilst.

Doe vertruks, lieëts blöas-jer

hinger, ze jlienstere

bis ze oeseree platse, ee vuur

ee, naks en leëg

mie sjtrand.

.

(Oerset troch Paul Weële.)

Herman Rohaert en Herman Fabre sykje noch altyd mear oersettings yn mear talen. Ûnder de gruttere minderheidstalen moatte se yn alle gefal Bretonsk, Korsikaansk en Sardynsk noch hawwe. Mar ek yn’e lytsere Fryske talen en dialekten soene oerbringings har fertuten dwaan. Sealterlânsk, Söl’ring, Standert-Noardfrysk; Hylpersk, Aastersk, Skiermuontseachsk; Bildtsk, Snitsersk, Stellingwarfsk… stjoer mar yn nei Sint-Truiden, en lit se yn Limboarch sjen dat jimme streektaal ék bestiet.

Snein, tweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , | 4 Comments »

Koart

Posted by André Looijenga on 22/12/2010

“Ik skriuw ultrakoarte ferhalen,” sei de man mei sykjende eagen en in burd as in meand maisfjild, “ik neam se ûkazes.”

“Aha, ja,” andere ik, “ynteressant no, nijsgjirrich, en…”

“Dat, hâld dy no de waffel fierder,” ûnderbruts er.

.

Woansdei, twaëntweintich desimber 2010.

Posted in Skreaun | 4 Comments »