Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for the ‘Tsjerken’ Category

Boarnwert – II

Posted by André Looijenga on 02/05/2010

De ynskripsje fan'e Lytse Jouwer yn Boarnwert

It wie in prachtige dei juster, doe’t wy by fiif tsjerken en har oargels yn Noardeast-Fryslân lâns gongen. Allinnich ús besite oan Boarnwert waard in bytsje ynkoarte trochdat it reinde dat it spjilde. Boarnwert sprekke je út as Bwaa(n)wt, blykte, ta fernuvering fan’e net-Fryskpraters. Fanwegen it rynsk streamend himelwetter koe ik op it hôf net lang stilstean by Althuysen syn stien. Dêrom by dizze in fotootsje, transkripsje en sljochte werstavering: 

Tot tijenst fin dij, dij weij úwz lærre 

Neij t iewig Himmelsck húwz om hæg 

Dær Goad wúrt fin zijn tijenners ærre 

Stiet hier dit ierdsche húwz om læg 

Mar zoa wij wol dwaan in úwz neij Goads wille flije 

Dan zille wij hier neij ien better wenning krije 

Ta tsjinst fan dy’t de wei ús leare nei it ivich himelsk hûs omheech, dêr’t God wurdt fan syn tsjinners eare, stiet hjir dit ierdske hûs omleech. Mar sa wy wol dwaan en ús nei Gods wille flije, dan sille wy hjirnei in better wenning krije. 

Dizze seis rigels, earder de geveltop fan’e pastory op’e Lytse Jouwer, binne dus miskyn wol de âldste yn stien beitele Fryske ynskripsje. In ûnbekinde mylpeal yn’e taalskiednis. Spitich dat nei de Althuysens de nederklits noch wol efkes oanhold. 

Snein, twa maaie 2010.

Posted in Dien, Skriftekennisse, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Immortelle XCVI

Posted by André Looijenga on 30/04/2010

It liket my heech tiid ris omtinken te jaan oan de faaks bêstferkeapjende Fryske dichter út’e njoggentjinde ieu. Moarn sille wy yn Foudgum oan yn it tsjerkje dêr’t dizze Frâns Haverschmidt fan 1859 oant 1862 dûmny wie. Ik sjoch der al nei út om efkes op syn kânsel te stean.

By libben waard guon fersen út’e Snikken en Grimlachjes yn it Latyn oerset as tajefte oan dy bondel tafoege. It Latyn is fan Haverschmidt syn stúdzjefreon Adriaan van Wessem:

Conspecto designatore,

     Exsultat mî cor gaudio:

Nam mox, reputo, designabit

     In funere quoque meo.

Net allinnich ‘Pier Pealtsje’ seach een bidder loopen, mar Petrus Paxillus ek.

Freed, tritich april 2010.

Posted in Skriftekennisse, Tsjerken | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Boarnwert

Posted by André Looijenga on 24/04/2010

Nije wike sneon, 1 maaie, sille in freon fan my dy’t oargel spilet en ik in tsjerkentochtsje organisearje yn it noardeasten fan Fryslân. Sa’t it no liket, gean wy de âlde tsjerken fan Rinsumageast, Boarnwert, Foudgum, Hantumhuzen en Wetsens by del.

Ik bin sels bot benijd nei it hiel beskieden tsjerkje fan Boarnwert (Nl. Bornwird). It stiet op in terpke dat hast gjin ynwenners mear hat, efkes bûten Dokkum. Bysûnder is yn Boarnwert in skildering fan Sint-Kristoffel, de hillige reus dy’t reizgers tsjin ûngemakken beskermet. Unyk is boppedat de nijsgjirrige ynskripsje dy’t boppe de doar fan’e tsjerke ynmetsele is. Faaks is dit de âldst bewarre yn stien úthoude Fryske tekst: in epigram fan’e frijwol fergetten Fryske dûmny en dichter Jan Althuysen (1715-1763).

Althuysen brocht yn 1755 (yn’e mande mei syn heit) in bondel Friesche Rymlery út, mei eigen gelegenheidsfersen en in beriming fan alle psalmen. Op’e titelpagina neamde er himsels “Jinwurdig Pastoor op dy Lytze Jouwer“. De stien yn Boarnwert komt eins ek fan’e Lytse Jouwer (Nl. Hiaure). De ynskripsje siet dêr yn’e muorre fan Althuysen syn pastory, en is pas yn 1906 boppe de Boarnwerter doar te lâne kaam.

In herdruk fan de Althuysens har Rymlery is my net bekind. Yn’e Grinzer byb koe ik alteast neat fine as in pear blomlêsde ferskes yn in lyts boekje fan Waling Dykstra.

Wa’t mei wol op ús histoaryske, literêre, arsjitektoanyske en muzikale tsjerken-en-oargeltocht, kin him by my opjaan.

Sneon, fjouwerentweintich april 2010.

Posted in Skriftekennisse, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 2 Comments »