Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for the ‘Uncategorized’ Category

Sinneskynwaar

Posted by André Looijenga on 18/03/2010

De sinne skynt fûl. It bliuwt de jûns wer wat langer ljocht. It gea is noch keal en plat, mar der blaast einliks maitiid oerhinne.

Ik sit fan’e moarn by myn âlden yn’e hûs, en sjoch út oer de feale greiden dy’t opwaarmje ûnder in himel dy’t wyt kleuret fan it sinneljocht. Sok soel skynsel ferdriuwt de tsjustere tinzen.

Miskyn jitte moaier fyn ik it de jûns ûnder deselde kleare iere maitiidsloft, at it goudige ljocht fan’e ûndergeande sinne oer alles hinne strykt. De gevels lâns de grêft, oars wat suterich, steane dan efkes stil en wat weemoedich te glânzgjen.

Skylk skriuw ik wol wat mear. Foar no, yn’e sinne sitte, oranjekoek ite, my ynlêze foar in stúdzjedei oer Callimachus moarn, op’e tiid mei de bus troch dizze ljochtsjende maitiidswrâld nei it wurk. Earst mar net tefolle stinne.

Tongersdei, achttjin maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , | Leave a Comment »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Spoarfiadukt Bûtenpost

Posted by André Looijenga on 03/03/2010

Hast alle wurkdagen sit ik yn’e trein fan Grins nei Ljouwert. Fan’e middei foel myn each, krekt foar Bûtenpost, op in grut pears boerd. Der sil in fiadukt oer it spoar komme yn stee fan’e spoaroergong oan’e Oast, en yn 2012 sil it klear wêze moatte.

No bin ik ornaris net de grutste foarstanner fan’e oanlis fan nije diken, mar dit fiadukt bin ik, sa’t it no liket, poer foar. Daalks tocht ik werom oan’e jûn fan 6 jannewaris, doe’t der snie lei en der treinen útfallen wiene. Werom út myn wurk helle ik krekt in sneltrein dy’t net ride woe, wêrnei op it stasjon oerstappe fan’e iene nei de oare stilsteande trein folge. Doe’t ik oardel oere letter dochs yn in ridende trein siet, begûn dizze efkes nei stasjon Bûtenpost lûd tûterjend ôf te remmen. Koart nei dy bewuste oergong oan’e Oast stiene wy stil.

Úteinlik die bliken dat de trein in auto skept hie dy’t op’e oergong fêstrekke wie. De bestjoerder siet aldergeloks net mear yn syn auto. De âldere man seach lykwols de wein foar syn eagen tebrizele wurden, rûn lâns it spoar de trein efternei, en wie mei hertfalen yniensakke yn’e snie:

http://www.waldnet.nl/wn/nieuws/27530/Auto_onder_de_trein_bij_Buitenpost.html

Lit ús hoopje dat it mei de bestjoerder fan’e auto goed ôfrûn is. Foar Bûtenpost en omkriten is it moai dat dizze ûnhandige (want dwers oerstekkende) oergong skylk opret is.

Waansdei, trije maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , | Leave a Comment »

Riedsferkiezings

Posted by André Looijenga on 01/03/2010

Ik jou hjir gjin stimadvys foar de Riedsferkiezings. It sprekt foar himsels dat it wichtich is om waansdei te stimmen. Op wa, moat elts mei in bytsje ferstân sels oer beslisse kinne. Ik sil sels foar de Rie (hjir yn Stad) op ien stimme dy’t ik kin (net hiel persoanlik, mar it nivo fan freonlik ‘hoi’ sizzen) en fraksjefoarsitter wurde wol fan in frij progressive partij.

Stimme op minsken dy’st sels kinst, en dy’st wannear nedich yn persoan oansprekke kinst, is in sterk middel tsjin ôfstân en al te grut cynisme foar de polityk oer.

Wat de gemeentepolityk yn Fryslân betreft, meitsje ik my al in tiid soargen oer de weryndieling. Benammen it foarmjen fan’e grutte Súdwesthoekgemeente, dy’t wierskynlik net mear te kearen is, is my in griis. Ik ha dêr in jier lyn op in foarich blôch fan al ris oer skreaun:

http://www.vkblog.nl/bericht/247671/Kolleezje

Moandei, ien maart 2010.

Posted in No-tiid, Uncategorized | Tagged: , , | Leave a Comment »

By in ôfbaarnde pleats

Posted by André Looijenga on 21/02/2010

Gie ein fan’e moarn efkes te fytsen troch de Legeaën. It waar wie noch wol kreas, in stikmannich kuierders weagen har op’e dyk. Sneintemoarn, en fan gjin kabinet wie wat te merken. Seach ek mar in pear ferkiezingsplaten hingjen: wat FNP en in inkelde CDA, dêr beheint him it politike lânskip fan’e riedsferkiezings ta hjir op’e streek.

Foarby Gau stie ik op in daam nei in trije jier lyn ôfbaarnde pleats te sjen. Ik herinnerje my út begin jierren njontich dat der earder GOS (lykas yn Gemienebêst fan Ûnôfhinklike Steaten) op it bûthúsdak stie. No stiet der allinnich mar in ienlik foarhûs. Mei in lânsfytsende man mei in mûtse rekke ik oan’e praat oer dy pleats, dy’t jierrenlang fersutere wie. De elektryske betriedding hie sa ferâldere west, dat it spultsje op it lêst net mear fersekere wie. Mar at ik woe, fûn de Gauster mei de mûtse, it stek stie iepen, dat ik moast de pleats mar ris fan tichterby sjen.

De reed opriden, wâde ik troch it heal blabzich heal beferzen gers, en taaste nei myn fototastel. It foarhûs bliek fan 1904, yn in W.C. de Groot-eftige styl oplutsen. Oan’e foarkante stie yn muorankers ek it jiertal 1672. Troch it brutsen glês seach ik in gâns ferrinnewearre wente. Alle binnenmuorren wiene fuort, lykas it measte fan in houten flier. Lykwols wie noch te sjen dat it hûs in lange gong hie, dêr’t keamers oan leine. Details fan snien houtwurk seach ik, en – hiel tradisjoneel – jit bot tegeltsjes oan’e muorren en efter de skou.

In auto hearde ik doe de reed op kommen. Hoeden (it koe de eigner fan dit perseel wêze) rûn ik derop ta. In stel fan tsjin’e fjirtich, mei in fanke en in hûn, stapte út. Hja fregen oft ik mear fan dit hûs wist, om’t der in te-keapboerd by de dyk stie. It fanke wie wakker ûnder de yndruk fan it tebaarnde hûs. Ik pleite derfoar dat it miskyn noch restaureard wurde koe, mar de heit soe it leaver platgoaie om wat nijs op dizze pôle te setten.

Doe’t de huzesikers wer ôfset wiene, gûng ik in lêste slach om’e pleats. Ek ik teach ôf en rûne myn fytstochtke oer Goaiïngea (in moai doarpke dat ûnbedoeld it échec fan’e Fryske stavering toant) en it Spearsterdykje. 

Snein, iennentweintich febrewaris 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: | Leave a Comment »

Nûmer ien

Posted by André Looijenga on 12/02/2010

Wolkom, leave lêzer, op myn Frysk Deiblôch.
No’st dizze wurden lêst, sille se as lêste bydrage ûnderop de stapel lizze. Hjiryn is in weblog ommers folslein it tsjinoerstelde fan in boek: it nijste stiet hjir foaroan, boppe oan’e side, wylst it earste pas hielendal op it ein komt.

Ûnderoan de pagina dy’sto foar dy hast, binne dizze wurden myn earste op dit blôch. Wat ik wol mei dit blôch, is foar in part al út’e namme op te meitsjen. It is yn it Frysk. Ik sil it deistich byhâlde. En dat de namme oan dy fan in krante tinken docht, is gjin tafal. Alle dagen, nim ik my foar, wol ik minstens hûndert wurden derby skriuwe.

Wêrom? Net allinnich foar mysels, mar ek omdat soks nedich is. Der wurdt fiersten te min Frysk skreaun, printe en lêzen. Mei dit deiblôch wol ik myn lytse bydrage leverje oan it fierder libben bliuwen fan ús bysûndere taal.

Ik hoopje datsto, lêzer, mei in protte nocht myn wurden lêze silst / lêzen hast.

André Looijenga, Grins.
Freed, tolve febrewaris 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , | Leave a Comment »