Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘âlde tsjerken’

Tersoal, fearten en in tsjerke

Posted by André Looijenga on 21/04/2014

It wie bêst peaskewaar. Hjir even in fotootsje fan Tersoal, juster begjin fan ‘e jûn. Dit fyn ik miskien dochs wol de moaiste kant om it doarp yn te kommen: fan it westen ôf.

Der steane yntusken wat minder hege beammen as earder. De âlde kastanjes by it tsjerkhôf binne fuort, en ôfrûne novimber is der ek wat omgien. De toer is dêrtroch nammerste better te sjen. In plaatsje, net?

Tersoal 20 april 2014

De foto haw ik makke fanop it brechje foar de pleats fan Nauta. Lofts fan de feart leit de iisbaan (dy’t se dit jier yn febrewaris al wer droech lein hawwe). Dizze feart rint east-west, lâns de dyk it Westerein en dêrnei mei in pear lytse meänders nei de (Snitser) Aldfeart. Ik miende dat dit wetter Mûntsefeart, of Mûntsjefeart, hjit. (De feart dy’t fan de tsjerketoer ôf sjoen noard nei de Aldfeart giet, hjit de Tsjerkefeart.)

Oant yn de tweintichste ieu rûn de feart dwers troch it doarp nei it suden ta (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei), en ek nei it easten ta. Fan dat eastlike stik feart binne noch wat stikjes fiver en sleat oerbleaun. Juster betocht ik my pas: hee, dat wie fansels it ferlingde fan de Mûntsefeart, en dat ferlingde kaam by de Tolhúspleats út yn de Bangafeart (de ferbining tusken Poppenwier en de Snitsermar). Der wie sa dus in binnentrochfeart, west-east troch it doarp hinne, meast parallel oan in dyk(je). Dat jins hûs of pleats oan’e feart lei, wie eartiids ommers ek wichtiger as dat je oan in trochgeande dyk wennen.

Op ûndersteande (net al te skerpe) foto fan de begjin 18e-ieuske gritenijkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa sjogge jo de situaasje fan (fier) foar de ferbrâningsmotor. De swarte linen binne fearten en feartsjes. De súdlike feart nei de Lytse Wierren ta hjit Zoolster Vaart. It hûs rjocht efter de plaknambuorden stiet op it plak fan de Herberg op de Schotanuskaart. De feart west-east troch it doarp, dy’t ik dus as Mûntsefeart kin, rint op de kaart lâns Albada en lâns Broersma en komt út by Meers huysen; der rint in Voetpad lâns (no de trochgeande dyk) en hy liket tsjokker oanjûn te wêzen as de sydfearten.

Tersoal (troch B. Schotanus à Sterringa)

Mar: hat wat ik as Mûntsefeart kin, altiten sa hjitten? Op de Schotanuskaart stiet ek in Monike Vaart. Dy feart rint lykwols noard-súd. Tsjintwurdich is der op dat plak heechút in sleat. It noardlikste part fan de âlde Monike Vaart wie om 1725 hinne ek net al te folle mear: der stiet by printe “Droog“.

De omjouwing fan de Tersoalster tsjerke is lêste pear jier bot feroare. De beammen binne dus ferfongen. Mar ek binne twa âlde wenninkjes, dy’t ik sels ek inkeld as boufallen kind haw, sloopt. Twa nije huzen steane der no efter de tsjerke, en ûnder de toer binne se krekt begûn mei nijbou. It strjitsje foar de toer lâns, it Koumelkerspaed (âlde stavering…), ha se dêrfoar flink ferbrede. It hie miskien wol in bytsje minder breed kind, as it oan my lein hie. It sjocht der no allegear krekt wat te iepen en nijboustrjitte-eftich út foar it âldste stik fan it doarp. Fan it smelle, âlde lykfeartsje tusken de hiemen troch (net op de Schotanuskaart) is net safolle mear oer.

Ik koe no lykwols wol ús tsjerke ris (hast) rjocht út it súd wei op de plaat krije. De toer is grutstepart midsieusk, it skip út begjin 19e ieu. De tsjerke stiet net op in terp, ek al leit it hôf fansels wat heger as de rest fan it doarp. Lofts fan de âld toer it nijste hûs yn oanbou.

Tersoal, St. Vitus, súd-oansicht

Moandei, iennentweintich april 2014.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

Tsjerken en stinzen oarekant de Yms

Posted by André Looijenga on 09/04/2014

Ofrûne snein haw ik wer ris nei Eastfryslân west, mei de reislustige freon mei wa’t ik earder ris dy kant út west hie. (Foar noch mear reisympresjes nei de Friezen yn Niedersachsen, sjoch ek myn blochkes oer Suurhusen en oer it Sealterlân.)

Op de winsklist fan myn reisgenoat stie op it foarste plak Emden, dy stêd dy’t eins sa tichtby Grins leit, mar wêr’t je eins noait komme. Emden is wat stêdeskien oangiet, oars hertferskuorrende tryst. Om 1600 hinne wie it in bloeiende hannelstêd, dy’t kultureel, religieus en ekonomysk nauwe bannen hie mei de Nederlânske Republyk. It moat in moaie âlde stêd west ha, mei grêften en geveltsjes, in soarte fan Harns of Inkhuzen. Ek yn de Pruisyske ieuwen bleau dêr in protte fan bewarre. De nazi’s lykwols bouden dizze histoaryske stêd om ta in troch boargers bewenne stik frontliny, troch rûnom benearjend grouwe fjouwerkante betonbunkers del te plempen. Dat Emden krige dêrtroch yn it bysûnder de folle laach fan de bombardeminten. De âlde binnenstêd waard fuortfage, inkeld dy smoarge bunkers wienen net út te roegjen: noch altyd steane se der as stomme betonformaasjes yn in suterich weropboud provinsjestedsje.

De weropbou fan Emden wie in hast like grutte trageedzje as de ferwoasting. Grutstepart fan wat ea de âldstêd wie, is no ien grutte útstalling fan nei-oarlochske Dútske fantasyleazens. Dêrby komt dan noch dat Emden bot yn de perifery fan Dútslân leit, en ekonomysk frijwat yn de lytse loege nei’t it liket, dat jo kinne jin der al in foarstelling by meitsje…

Mar der binne doch noch wol wat moaie dinkjes oerbleaun yn Emden, lykas dit nuvere gebouke. In soarte fan Russysk paviljoen yn bakstien, in kiosk faaks, of eartiids in brêchwachtershúske (de plaatsjes fergrutsje har út, at jo se oanklikke):

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dochs moatte jo Emden besykje, hear. It Landesmuseum hat in hiel moaie, romme histoaryske kolleksje, dy’t ik elk oanried dy’t it nije Frysk Museum in tsjuster en ûnoersichtlik by-inoar fynt. De Kunsthalle skynt ek top te wêzen.

En de omkriten fan Emden fansels: terpdoarpen mei allegear midsieuske tsjerken, mei rike ynterieurs. Iepen klaai en leechfean, polderdykjes, stinzen, pleatsen. Mar dêroer aansten mear.

Fansels moasten wy earst by de Upstalsbeam del. It let-midsieuske gearkomstplak fan de (omtrint) sân Fryske seelannen, dat mytyske lieu de mémoire fan it Grutfryske ideaal, dêr moast ik dochs mar ris delkomme… Dat by de skeane toer fan Suurhusen lâns, en fan de rykswei ôf oer de buorskip Mudderpott, dan yn Wiegboldsbur rjochtsôf by de mûne, heal op ‘e doele rekke yn Moordorf (in soarte fan De Westereen foar ‘t neist), dêrfuort oer de binnenpaden fan it Extumer Kiefmoor. De dykjes waarden hieltyd smeller, wy rieden oer in bochtige reed yn it beamt. Foar in wâldspultsje ston in espeltsje lju har moed yn te drinken foar it kloatsjitten. En dan, oan ús lofterhân, ynienen, as yn in fizioen, op in terpke tusken klomske slieperige titelroazen, ferskynde it:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It foel my alles ta. De lizzing fan de seminten pyramide op it plak fan de eardere Upstalsbeam is eins bêst aardich. En der is dêr fierder eins ek bêst neat. De bosk is ljocht, it parkje om de stienheap simpel en kreas. Ik hie der suver fleurige flaggen fan sân moderne Fryslannen ferwachte (bgl. dy fan Westfryslân, Echt Fryslân, Grinslân, Eastfryslân, Sealterlân, Hilgelân en Noardfryslân…), mar dy wapperen dêr net. (Sa-y-sa wapperje Eastfriezen wat minder mei har flagge as by ús wenst is. En as se in flagge ha by hûs, is dat meast de fane fan in Bundesliga-klub.)

Wy ferfetten ús reis. Aurich yn de rein joech net in al te ynspirearjende yndruk. Al mei al helje de Eastfryske Wâlden it (fan de dyk ôf sjoen) yn eigenheid net echt by de Wâlden dy’t jo tusken it mear sivilisearde part fan Echt Fryslân en de stêd Grins te lizzen fine. Mar dochs, dan de histoaryske bril mar wer opset: wy rieden dochs mar moai troch it lân fan it Brookmer-brief!

Op ‘e Klaai oankaam, seagen wy nei see by Norddeich (in doarpke dêr’t oan it Waad intercity-treinen fertrekke nei Leipzig en nei Luxemburg), en stienen wy te Nessmersiel mank de kwelders te dikerjen rjochting Baltrum en Norderney. It storeinde. Justjes.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Yn Dornum holden wy fannijs ho. Op in steile terp leit dêr dizze romanogoatyske tsjerke. In typysk Eastfrysk ensemble, fan in hege sealtsjerke, mei in lyts dakruterke, en in leech breed stiennen klokhûs derneist. Spitigernôch siet de doar ticht, mar se moat binnendoar in machtich moaie útrissing ha, mei in heechalter, hilgebylden op de preekstoel, mânske hearebanken, adellike sarken en in grut barokoargel.

Tsjinoer de tsjerke stiet dit grutte âlde hûs. As it my net mist, in âld pastory, boud fan kleastermoppen en – wa wit – diels noch wol út de lette midsieuwen:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dornum hat yn it ferline in wichtich doarp west. In stedsje suver. Der is in merkpleintsje op de terp mei âlde herbergen. Der is in heale 16e-ieuske stins (Beningaburg), dy’t no hotel is. En der stiet dan ek sa mar in 19e-ieuske synagoge:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It behindige godshûs stiet noch oerein omdat it twa dagen foar de Kristallnacht oan in timmerman ferkocht waard as loads. (Foar de rest stiet Dornum der, wat de gebeurtenissen fan de jierren ’30 oangiet, net al te fraai by. Der wie in soad nazi-oanhing yn dizze noardlike doarpen. En der steane in hiele protte sneuvele nammen op de tinkplaten oan it klokhûs.)

Even fierder it bertehûs fan Enno Wilhelm Hektor (1820-1874), romantysk dichter yn it Eastfrysk, dy’t wat in tryst en miskend libben hân hat. Dit kreaze âlde boargerhûs (seker foar Noard-Dútske begripen, dêr’t se âlde wenningen meastens stikken renovearje) stiet foar de poarte nei it kastiel Norderburg:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It poartgebou dêrfan, mei syn elegante baroktoer, die ús suver Deensk oan. Foar ús Skandinavysk, dêre neame se it “Nederlânske barok”:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

De stins Norderburg waard ein 17e ieu ferboud ta in wier barokpaleis. En dat sa mar yn in (tsjintwurdich) heal fergetten klaaidoarp. It kastiel is yn gebrûk as Realschule.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dat is eink sa gek noch net. As middelbere skoalle bliuwt sa’n monumintaal gebou ommers midden yn de mienskip, en wurdt it net ôfsletten fan syn omwenners as privé-wente of as lúkse-hotel. Hjir noch it timpaan as detail. Let op de spear fan Pallas Athena (hee, de goadinne fan ûnderwiis en wittenskip…), dy’t in echte spear is dy’t út de gevel stekt:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Nei Dornum dienen wy noch efkes de grutte stêd Norden oan. (No ja, grut, in soarte fan Dokkum.) Wat dêr seker grut is, is de Grutte Merk. Yn ‘e midden stiet de Sint Liudgertsjerke. Wat in wûnder gehiel (it koar fan de Grinzer Martinitsjerke, mei in doarpstsjerkje as skip, en in losse sealtektoer oarekant de strjitte), mei in wûndermoaie ynrjochting.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dêrfoaroer dít bouwurk. Jo soene tinke, sa oan dit wide plein, dat sil wol it stedhûs wêze:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Mar it is… de menniste fermanje!

Norden wie earder, lykas Emden, in wichtige havenstêd. En boppedat in plak dêr’t religieuze dissenters bedarren, dat sadwaande dat de mennisten hjir dit pommerante stedspaleiske boud hawwe as harren tsjerke.

Noflik rieden wy noch fierder troch de âlde en nije seeklaaipolders, terpdoarp nei terpdoarp. Yn Hinte, krekt foar Emden, stutsen wy oan by de pleatslike pizzeria. (Ommers, iterij komt altyd wol klear op it Dútske plattelân.) Yn dat doarp sette ik dizze pearel op de plaat: Burg Hinta.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

In, sa’t it liket, yntakte 16e/17e-ieuske stins, mei in grêft derom, rjocht tsjinoer de tsjerke. Dat lêste makket it plaatsje helendal ôf (al slagge it yn ‘e skimer sa gau net op ien foto): it toant de bân tusken de tsjerke en de haadlinge-adel yn ‘e lette midsieuwen. Foar Eastfryslân soe it unyk wêze dat sa’n konstellaasje noch oereinstiet. In ferlykber noch hieltyd neistinoarstean fan tsjerke en stins ken ik tichterby hûs yn Roan (Roden, Huis Mensinge) en yn Ysbrechtum (Epema State).

Woansdei, njoggen april 2014

Posted in Dien, Fryskens, Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Read romaansk

Posted by André Looijenga on 24/10/2011

Hjoed pleats ik op myn blôch gewoan even twa âlde tsjerken dy’t ik lêsten, yn it lêste waarme wykein fan it jier, sjoen haw. De sinne skynde doe sa foel, dat it net meifoel en set se op’e plaat.

Ien tsjerke yn Eastergoa (Fryslân), en ien yn Fivelgoa (Grinslân), de earste op it sân en de oare op’e klaai by de Iems.

Jistrum:

.

Marsum by Appingedam:

Moandei, fjouwerentweintich oktober 2011.

Posted in Tsjerken | Tagged: , | Leave a Comment »

Adam en Eva

Posted by André Looijenga on 19/10/2011

It is al wer in pear jier lyn dat ik foar it lêst yn Frankryk wie. By myn foarrige ferbliuw wie ik hielendal yn it noardeasten, op’e grins mei België. Ien fan’e moaiste plakken dêr’t wy doe west hawwe (it wie in reis mei de yntusken heechlearaar-mjirkes fan midsieuske skiednis), wie de mânske tsjerke fan it lytse doarp Mont-devant-Sassey, op in heuvel dy’t de fallei fan’e Maas oerskôget.

Wy waarden rûnlaat troch de boargemaster fan it doarp, dy’t ek koster wie en âld boer leau’k. De tsjerke hat in grut goatysk portaal, mei hiel libbenich byldhouwurk. Twa fan dizze bylden kamen my lêsten yn it sin doe’t in freondinne fan my fertelde oer in moai detail yn in bekind bibelferhaal (Gen. 3:21):

En de Heare God makke de minske en syn frou klean fen bistefellen en teach se hjarren oan.

Hjir steane Eva en Adam, mei skjin har nocht. Beide hawwe se in rokje oan fan blêden. Oer de earms har nije klean fan bistefellen, as soene se krekt nei it pashokje en probearje se út. Adam hat in pak de rûge, wollen kant bûten, mar Eva hat in wat nofliker tenú krigen, mei de sêfte kant grif binnenyn.

Woansdei, njontjin oktober 2011.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

Fryske tekst op in 16e-ieuske grêfstien?

Posted by André Looijenga on 18/10/2011

Yn’e tsjerke fan Easterein, bekend fanwegen it grutte renêssânse-doksaal, ûntduts ik lêsten in hiel aparte grêfstien. De stien leit midden yn’e tsjerke, yn it skip. It âldste jiertal dat op’e stien stiet, is (foarsafier’t ik it sjoen haw) 1555. De stien is letter, yn alle gefal yn 1720, op’e nij brûkt. Hy is op meardere plakken skeind en wer reparearre. De stien sjocht der hast út as in soartemei plakboek fan ferskate tekstfakken.

Ûngefear yn’e midden fan’e stien stiet in nis ôfbylde mei dêryn in deadsholle. Dêromhinne stiet, oer twa tekstfakken útspraat, is Latynske wurd Moriendu[m]: “der moat stoarn wurde”. In memento mori-ôfbylding mei tapaslike tekst dus. Dêrûnder in fak mei it grutste riedsel fan dizze stien, trije wurden:

Haad dae tzien

Latyn is dit net, en ek gjin Nederlânsk. Sa’t it der útsjocht, moat it eins wol Frysk wêze. De ôfbylding en it lettertype fan dizze tekstkes soe ik, mei in lytse slach om’e earm, datearje kinne op de twadde helte fan’e sechtjinde ieu.

Mar in Fryske tekst op in sechtjinde-ieuske grêfstien… dat is hiel útsûnderlik! Op grêfstiennen waard doe Nederlânsk skreaun, mei útentroch in stik yn it Latyn. Frysk wie grif de deistige sprektaal yn it 16e-ieuske Easterein, mar as skriuwtaal wie it om 1555 hinne folslein op syn retoer. (Pas begjin tweintichste ieu kaam it Frysk werom op grêfstiennen. Ék in yntrigearjend ûnderwerp, dêr’t nochris mear oer skriuwe moat.)

Wat soene de wurden “Haad dae tzien” betsjutte kinne?

Opmerklik is dat yn it earste wurd aa en yn it twadde ae stavere is. Wierskynlik jout dat wol in ferskil yn útspraak oan. Yn 16e- en 17e-ieuske werjeftes fan it Frysk, tsjut aa gauris â oan, dat Haad soe stean kinne foar hâld.

De ae yn dae soe faaks stean kinne foar in gewoane lange a. Yn it Midfrysk kin dae it foechwurd wêze dat yn it Nijfrysk troch doe ferfongen. Eventueel soe it miskien wol in, yntusken argayske, foarm fan it lidwurd of oanwizend foarnamwurd west ha (yn it meartal), mar dat liket my minder wierskynlik. In oare mooglikheid mei ae is dat it stiet foar de Âldfryske ā dêr’t ús ea út fuortkaam; oft men yn’e 16e ieu noch ā útspruts of al ea of eat dêrtuskenyn (bgl. ai) wit ik net. It soe dan kinne dat dae ús wurd dea (haadwurd en eigenskipswurd) is; dat de -d op’e ein dandestiids al fuort is, is wat apart (ik hie earder daed ferwachte), mar faaks net ûnmooglik.

It lêste wurd tzien is eins it dúdlikst Frysk. Tagelyk haw ik daalks al trije kandidaten foar wat it is: it telwurd tsien, it tiidwurd tsjen (=lûke), en it wurdsje tsjin. (En faaks is der noch wol in ferdwûn Frysk wurd dat ik no oer de holle sjoch.) It is dreech hjirtusken te kiezen, mei myn net-folsleine kennis fan it Midfrysk, mar ik hâld it foarearst op tsjin. Hoewol’t doedestiids jin faaks noch it gewoanere wurd foar ‘tsjin’ wie.

Dêrmei kom ik, hiel foarriedich, út op: “Hâld Dea tsjin.” (Of soe it dochs wêze moatte: “Hâld de tsien.“?)

It seit in soad oer it Frysk dat trije op himsels gewoane wurdsjes fjouwer ieuwen letter foar ús sa dreech te ûntsiferjen binne…

Hjir noch even in blik op’e grêfstien fan boppe ôf, fan it ferneamde doksaal ôf. It giet om de boppeste fan’e twa grutte stiennen foar de hearebanken.

Hjir in oersjoch fan de stien, dêr’t de ferskate tekstfakken en skeinings goed op te sjen binne. Apart is dat de stien al yn it oersjochswurk fan Hessel de Walle stiet (nû. 4998), mar allinich mei in ûnfolsleine werjefte fan it râneskrift. Dat wylst de stien mei al syn opskriften de nijsgjirrichste fan Easterein is! — Oarspronklik wie it de stien fan Lisck Doecke dochter van Eminga (stoarn 13-7-1555) en Tiaerd Haucke zoon van Tiara (stoarn 8-8-1558).

Letter waard de stien lykwols werbrûkt, en wol foar Andreas Franciscus Teklenburg, dy’t stoar op 30 novimber 1720. Der wie noch krekt in hoekje frij foar dizze meidieling (yn it Latyn):

Reverend(issim)us Dominus Andraeas Franciscus Teklenburg

Obijt aetat[e] sua XXX Die XXX IXbris (= Novembris) Anno

MDCCXX Requiescat In Pace

Teklenburg waard dus mar tritich jier âld. De ôfkoartings “R Dnus” en “RIP” helpe faaks om syn plak yn it doarp te bepalen. R Dnus liket de titel foar in geastlike, in jonge dûmny faaks. De letters RIP soe men yn letter tiid lykwols net mei in protestant, mar mei in katolyk assosjearje, hoewol’t dat foar 1720 net hoecht te jilden. Faaks wie Teklenburg in jongferstoarne pastoar: yn Easterein sil in wichtige roomske minderheid west hawwe (dêr’t it doarpke Reahûs troch ûntstien is…), en katoliken waarden meastentiids likegoed by en yn’e protestante doarpstsjerke begroeven. Faaks wie er dochs gewoan in tragysk ier stoarne dûmny.

Fierders steane der noch twa Latynske fersen op dizze stien, mar dy moat ik mar foar letter bewarje.

Tiisdei, achttjin oktober 2011.

Posted in Skiednis, Taal, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 9 Comments »

Beppetaal

Posted by André Looijenga on 01/10/2011

Ien fan’e moaie dingen fan yn it Frysk skriuwen fyn ik dat it mear aksepteard wurdt, ast de taal in bytsje mear ‘fan dysels’ makkest. Datst der mear mei eksperimintearje meist. De taal in bytsje mear nei dyn hân sette meist, sûnder datst daalks as in heal-analfabeet te kyk stieste. It Frysk jout in frijheid om, bytsje by bytsje, dyn eigen wurden yn te bringen. It Frysk kin in frijheid meibringe, dêr’t eltsenien in taalkeunstner yn wêze kin.

Spitich lykwols dat de measte Fryskpraters en -skriuwers dy frijheid net oanpakke. Oer it ginneraal is dat Frysk fan ús net bot ynnovatyf yn wurdfoarmings bygelyks. Der komme wol nije wurden, dat kinst net opkeare, mar dy nije wurden binne hast inkeld Nederlânske en Nederlânsk-Ingelske wurden…

Fan it oanbegjin ôf dat ik dit Frysk Deiblôch ûnderhâld, haw ik my dwaande holden mei it útwreidzjen fan’e Fryske wurdskat. Yn it begjin suggerearre ik wolris neologismen. Krekt as waard dat oppakt, kaam der in priisfraach, dêr’t ik foar myn nijwurderij in twadde priis wûn. Rillegau kearde ik my rjochting al dy moaie ‘âlde’ Fryske wurden dêr’t ik ornaris oer hinne lies, en begûn ik oan wurdwurk te dwaan. Gewoan: opfallende wurden notearje mei de betsjutting derneist. En se dêrnei besykje te brûken fansels. Op dizze wize wol ik wat dwaan oan it Fryske Leksikale Drama, om de dingen ris fet en swier út te drukken: it Frysk bliuwt foarearst wol bestean, mar ús Fryske wurdskat wurdt lytser en lytser.

Om dochs mar wer ris te nijwurdzjen… as ík ien nij Frysk wurd húsriem wêze litte wol, soe dat beppetaal wêze moatte. Dat hat fansels te krijen mei myn eigen taal- en famyljesitewaasje. Guon sil it fernuverje, mar it Frysk is myn memmetaal net. En ek mei ús heit praat ik meastens Nederlânsk. Mar sýn âlden, myn pake en beppe oan’e Fryske kant fan’e famylje, praten ál Frysk. (Liezen ek Frysk boppedat, lykas earder ris sjoen litten haw.) Letterlik haw ik dan net it Frysk fan ús beppe (dêrfoar is se spitigernôch te ier ferstoarn), mar mei beppetaal jou ik wol myn besibbens op ôfstân ta it Frysk oan. Lykas by my, sil de ferhâlding ta de Fryske ‘beppetaal’ fan in soad (twadde-taal-)sprekkers yninoar stekke.

Pas de lêste tiid, no’t ik sa yn it Frysk fersille rekke bin, kringt ta my troch dat ik noch in oare beppetaal haw. By ús mem thús wie de taal ommers Drintsk. Fan it simmer bin ik begûn en ferdjipje myn kennis fan it (Súdwestlik) Drintsk, en wat dêrmei anneks is, in bytsje. Eink begûn dat mei in tochtsje troch de Stellingwerven, op in moandei mei dramatyske buien yn augustus, wol’k leauwe. Yn Wolvegea krige ik in Stellingwarfs Woordenboek, rillegau dêrnei waard ek in Drintsk leksikon oantúgd.

It ferbetterjen fan myn Drintsk (c.q. Stellingwarfsk, want it grutste ferskil tusken dát en it dialekt fan Nijeveen is de mysterieuze ae) falt my oars net ta. As ik it mei mysels oefenje, fal ik yn eltse twadde sin werom op it Frysk. Dat sit blykber op’e selde ‘bânbreedte’, liket it wol. Boppedat bin’k wat bang dat ik it Saksyske aksint tefolle oerdriuw, en it as in parody klinkt.

Hawar, wy wiene lêsten ris yn’e Stellingwerven. Doe’t wy, nei stops yn Wolvegea en Noardwâlde, by Berkeap de taalgrins hast wer oer soene, moasten wy dêr yn it doarp ôfremme foar in man mei in kroade dy’t oerstuts. In âldere hear, mei in prûk wyt hier en in reade reinjas oan, toffele de strjitte oer. Verduld, dat leek ja Johan Veenstra wel. Johan Veenstra sil it wol west ha, dy’t krekt op dat momint Stellingwarver boeken oan it suteljen wie. Haw der noch spyt fan dat’k net even útstapt bin.

Ien fan’e skaaimerken fan dit blôch moat ik ta beslút ek net ferjitte: in fotootsje fan in âlde tsjerke… Ûnderweis dy dei haw ik de toer fan Pepergea efkes op’e plaat set. Om op beppetaal werom te kommen, en dêrby dan dus op myn oma-taal… it wie dizze keine let-goatyske toer dy’t ik al safolle kearen sjoen hie op sneintemiddeis fanút de auto ûnderweis nei oma. No stie ik der foar it earst deun neist.

De toer fan Pepergea mei tongerwolken

Sneon, ien oktober 2011.

Posted in Dien, Fryskens, Taal, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 3 Comments »

Wa fermoarde Watse fan Hania?

Posted by André Looijenga on 06/05/2011

Yn Jorwert leit der in grouwe âlde grêfstien neist de noarddoar fan’e tsjerke. Mannichien rint der gau by del, fierder dizze midsieuske tsjerke yn. De grize stien leit wat ûnder it stof, en yn’e hoeke binne der in ruostige brânblusser en skurf houten bankje op delset. Wapens binne op’e stien úthakt, in hiel renêssânse-bouwurk, allegoaryske frommiskes en in gedicht yn it Latyn. My troffen de wurden op’e râne:

Anno XV hondert LXIX tusken den 2 en 3 decembris i[n]der nacht / vermoordt in syn slaepkamer de eerentvesten heersch[ap] [W]attie va[n] Ha[n]nia…

Yn’e nacht fan 2 op 3 desimber 1569 waard Watse fan Hania fermoarde yn syn sliepkeamer. Nuver dat dit sa eksplisyt op syn famyljegrêf neamd wurdt. Nuverder noch dat dizze Wattie sa gewelddadich oan syn ein kaam. Fregest dy ôf: wa hat dat dien? en wat wie it motyf?

De stien sels swijt fierders. Watse syn echte huisfrow Yda van Gratinga wie al op 10 desimber 1565 ferstoarn, harren soan Wattie folge op 22 maart 1570. Noch gjin fjouwer moannen nei syn heit… 

De Latynske ynskripsje stammert boppedat, trochdat der in pear dústen yn slein binne, faaks doe’t yn 1951 de toer delstoarte op dit part fan’e tsjerke. Ik kin hjir noch gjin folsleine tekst en oersetting jaan — dêr is mear ûndersyk foar nedich –, mar dochs efkes de earste en ridlik lêsbere rigel fan dit achtrigelige fers:

En tria contegit hoc exsanguina corpora sa[crum

Sjoch, trije deade lichems bedekt dit hillichdom…

It mystearje bliuwt. Wa wit hjir mear fan? As spin-off fan myn promoasje-ûndersyk kin it altiten noch op in 16e-ieuske detective útdraaie…

De tsjerke fan Jorwert (foto fan http://www.reliwiki.nl)

Oerdeis is de tsjerke fan Jorwert, ien fan’e moaiste doarpstsjerken fan Fryslân, yn dizze tiid fan it jier hast altyd iepen. In âlde dame dy’t efter de tsjerke wennet, docht alle dagen de doarren fan it slot. Wiene se by alle midsieuske tsjerken yn ús provinsje mar sa freonlik en goed fan betrouwen foar besikers oer… Mar ja, Jorwert leit ôfsidich fan’e grutte dyk, lûkt benammen lêzers fan Geert Mak, en de fleurige âld frou mei har ‘kroade’ (rollator) hâldt de buorren wol yn it each.

Freed, seis maaie 2011.

Posted in Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 3 Comments »

Âldste Fryske Tsjerke

Posted by André Looijenga on 22/02/2011

Foar my moai oan dit webloch dat ik ûnderhâld, is dat ik it blôch ek fan’e efterkante sjen kin. Per dei kin ik sa sjen hoefolle (of hoe min) minsken at myn Deiblôch besykje, of alteast: hoefolle views at der per dei binne. Ik wit nei hokker linkjes (hjir rjochts, sjoch) minsken trochklikt ha, en troch it yntypjen fan hokker sykwurden minsken dit blôch fûn ha.

Dat lêste fassinearret my it meast. Fansels sjoch ik myn namme (en dy fan it blôch) yn ferskate staverings lâns kommen. Guon minsken sykje blykber nei beskate Fryske frasen en komme sa tanksij Google út op myn herntsje op it rynsk rûnomrinnend reach. Boppedat litte sokke sykopdrachtsjes sjen wêr’t ferlet fan is oan ynformaasje by guon ynternetsneupers. Hjoed, seach ik, hat ien myn blôch ûntdutsen mei de sykwurden “aldste fryske tsjerke“. Mei om oan te jaan dat dit myn wiidweidich weblôch ek praktyske doelen tsjinnet, wol ik by dizzen graach dit ynformaasje-ferlet opfulje.

Wat is dus de âldste Fryske tsjerke?

Earlik sein kin ik dêr gjin krekt antwurd op jaan. It is sels de fraach oft dit antwurd sels wol jûn wurde kin. Fan houten tsjerkjes út’e tiid fan’e krystening en de ieuwen dêrnei stiet fansels neat mear oerein. Krekte plakken foar sokke earste tsjerken binne wegens te min skriftlike boarnen meast net oan te wizen, útsein faaks fan it tsjerkje op of by it plak dêr’t Bonifatius fermoarde waard en Liudger in generaasje letter in soartemei missypost ûnderhold. It plak fan dat tsjerke út, yn alle gefal, de 9e ieu, sil ûnder it Merkplein yn Dokkum wêze, tink.

In oare hiel âlde Fryske tsjerke, dy’t de “memmeparochy” fan in foars gebiet om’e Middelsee hinne wie, moat de Sint-Vitus fan Âldehou yn Ljouwert west ha. In âlde tsjerke is op dat plak fansels net mear te sjen.

Fan wat der hjoeddendei oan tsjerkjeboel yn Fryslân te finen is, binne der hjir en dêr tsjerken dy’t foar in part noch muorren hawwe út de alfde ieu (1000-1100). Rinsumageast hat sa’n tsjerke dy’t diels hast tûzen jier âld is. It datearjen fan sokke midsieuske stikken muorre is in poepetoer, wêrby’t je der gauris in ieu neist sitte kinne, mar faaks binne ek parten fan’e tsjerken fan Weidum, Stiens en Achlum sa ûnbidige âld. Mar de noch oerein steande tsjerke dy’t ik sels ek “âldste fan Fryslân” nei foarren skowe soe, is dy fan Kimswert.

De tsjerke fan Kimswert ûndergiet op it stuit in heechnedige restauraasje, foaral fan it goed-bewarre, mar wat fersutere rekke, 17e-ieuske ynterieur. Ik haw der noch nea yn west, mar de bûtenside allinne is al in omreis nei de Lytse Bouhoeke wurdich. It dowestiennen part fan’e noardmoarre fan’e Laurentiustsjerke skynt fan rom foar 1100 te wêzen, en de dowestiennen toer fan krekt dêrnei. Oan’e noardmuorre kinst moai ôflêze hoe’t de tsjerke hyltyd langer en heger waard. Boppe de noarddoar sit in healrûn timpaan fan reade sânstien, wêrop’t in masker (of holle?) te sjen is fanwêrút druveranken waakse. Mei de Geast as goed twad, is de tsjerke fan Kimswert faaks dejinge yn Fryslân dy’t it meast âldens útazemet.

De noardmuorre fan'e Kimswerter tsjerke, mei rjochts it romaanske timpaan

De Kimswerter tsjerke, sjoen fanút it noardeasten

Tiisdei, twaëntweintich febrewaris 2011.

Posted in blôch, Tsjerken | Tagged: , | 1 Comment »

Sa skean as Suurhusen

Posted by André Looijenga on 30/10/2010

Gouden oktober is hast wer ferrûn mei oer’ en stûne. De hjerstfakânsje ek al. Juster wie ik noch mei âlders en bruorke in dei yn Eastfryslân.

Yn in boekhannel yn Leer fûnen wy in hiel aardich twatalich boekje mei de titel Toornmanntjes Trick. Yn it Heechdútsk en it Eastfryske Plattdütsk wurdt hjiryn in ferhaaltsje ferteld oer in woutermantsje dat yn’e skeane toer fan Suurhusen wennet.

Letter de middeis kamen wy lâns Suurhusen (krekt noard fan Emden). Wy giene hjir even oan om de toer te sjen. Neffens’t offisjeel fêststeld is (in helling fan 5,07%), de skeanste toer fan’e wrâld!

De toer stiet op in terp, en is pas yn’e njontjinde ieu begûn te fersakjen, troch boaiemdelling om’t it wiete klaai-op-feangebiet te yntensyf bemealle waard. Wylst de toer fuortsakke is yn’e sloppe grûn, stean de tsjerkemuorren ek bryk alle kanten út. Nei in slach oer it hôf, dat as in hast surreële berch fan grêven tsjin’e tsjerkemuorren oanleit, seach ik in âld man mei in grouwe kaai yn’e doar stean. De koster hold ús noch sawat in healoere oan’e praat, toande ús it tinkboerd foar de Alderheljenfloed fan 1570, in âld oerwurk, de kânsel, en it djippe midsieuske font. Oeral liezen wy stiennen mei opskriften yn it Nederlânsk.

Yn Leer, en ek yn Emden, wiene de boekhannels goed sortearre mei lokale publikaasjes. Mar oft it Eastfrysk noch lang meigean sil, bin ik wat pessimistysk oer. Foarsafier’t ik jongerein praten hearde, wie it gâns Hochdeutsch. De koster koe wol dialekt, mar soks praat men fansels net tsjin Nederlânske besikers. Op’e beukerskoalle wurde de bern al earst up Platt opfongen, krige ús heit te witten.

Wy bleaune fral op’e klaai juster yn Eastfryslân. It is bysûnder te sjen hoefolle’t it plattelân dêr op Grinslân en ús Fryslân liket. Moai binne de âlde doarpen, lykas Greetsiel, Pilsum, Groothusen. Oeral readmoppen swiere âlde tsjerken, grutte pleatsen op’e bou, en hjir en dêr sels in stins. It âlde Eastfryslân betsjoent jin, mar fierders binne de nijere huzen allegear wol ôfgryslik Dútsk. Lytse rútsjes, de gevels breed, dûnker, en sletten.

Mar efter de brune muorren giet gauris wol kwaliteit skûl. Wy dronken yn Emden oars hearlik tee út in pot op in stövje, nei’t ik in pear doarren earder yn’e grize winkelstrjitte in tsjok boekwurk oer Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende (ed. Hajo van Lengen, Aurich 2003; yn’e oanbieding foar €10) opdutsen hie.

Sneon, tritich oktober 2010.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , | 3 Comments »

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

De fjoertoer fan Deinum

Posted by André Looijenga on 19/07/2010

Yn Deinum stiet in sipel op’e toer. In moaie toer oars, en in tsjerke ek mei in samling útsûnderlik moaie renêssânse-serken. Ferline wike tongersdei wie ik yn Deinum mei ús ûndersyksgroepke néo-latynske ynskripsjes. Yn Frjentsjer hiene wy al hast twa oeren yn’e tsjerke nei âlde stiennen sjoen, hiene it stee fan’e âld universiteit opsocht, it Museum Martena en it stedhûs, mar de fiif Feytsma-stiennen yn it koar fan Deinum (en it freonlike echtpear Kuipers) makken de dei hielendal moai ôf.

De Latynske opskriften fan guon fan’e Feytsma’s hiene ús nei Deinum brocht. Ta beslút koe ik ek noch op de folgjende ynskripsje bûten yn’e noardmuorre fan’e toer wize:

Ut struxere Pharum fastigia lucida nautis,

     sic procul haec horas turris iterque notat.

.

Allyk’t se Pharos bouden as ljochtsjende spits foar seelju,

sa jout fan fierren dizze toer de oeren en de wei oan.

Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

Reiderlânske Reis

Posted by André Looijenga on 12/07/2010

Al as net de hûnsdagen, ôfrûne freed stuts ik mei in goefreon op’e fyts ôf nei it easten. Oer Slochteren, Noordbroek, Scheemda en Midwolda trapen wy de 50 km fuort rjochting Dútske grins. De sinne stie leech en de jûn wie soel, doe’t wy ús deljoegen oan it ‘Oldambtstermeer’. Sa sjocht dat ferneamde (en beruchte) Blauwestad der dus út, sjoen fanôf de dyk tusken Midwolda en Oostwold. Midden op’e foto sjochst in baggerboatsje dwaande op’e nije mar. It is krekt of is de mar noch net ôf. Faaks wurdt der baggere om it gers fuort te heakkeljen, dat noch op’e boaiem groeie soe fan doe’t it hjir jit greidlân wie.

Blauwestad

Myn fytssinnige freon wennet yn Nijeskâns, in tsien minuten rinnen fan it eastlikste puntsje fan Nederlân. Dy oarde hawwe wy op in nachtlike kuier ek noch efkes opsocht. It echte eastpunt leit midden op’e A7, mar wy al even dêr deunby neist it blauwe boerd mei “Nederland” by de fangreels stûn. Wy hiene doe ek al oer tsjustere polderdykjes de grins oer west. Ik wie suver wat teloarsteld dat der gjin dûane- of Zoll-patrûlje wie dy’t ús fan smokkeljen fertocht. (Myn freon wie lêsten noch oanholden troch de maresjaussee, om’t er op in lyts blokje-om by syn eigen doarp it paspoart fergetten wie.)

Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 4 Comments »

Hantumhuzen

Posted by André Looijenga on 08/05/2010

Sjoch, hjir sit Jelle Visser efter it oargel yn Hantumhuzen. No spile er noch Bach, dêrnei die er de Wâldsang en ta beslút in ymprovisaasje op Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn.

De tsjerke fan Hantumhuzen is in nijsgjirrich gebou, mar wol erch entûsjast restaurearre yn’e jierren fjirtich. Fan bûten is dat bêst goed dien, oars. Mar, sa’t ek út dit plaatsje bliket, binnen is it dûnker fan it soart dat yn it Ingelsk gloomy hjit. (Soe dêr gjin Frysk wurd foar wêze? Sa net, stel ik gluommich foar.)

Dochs is it de muoite wurdich en freegje de kaai by de buorlju, at je ris yn Hantumhuzen binne. De bûtenmuorren binne romanogoatysk op syn Grinslânsk. De hal docht jin tinke oan dy fan in grut hûs út’e jierren santich en it koar is kompleet herboud troch de restauraasje-arsjitekt, mar it ferwulft yn it skip is echt wol bysûnder. Tsjok hûndert jier nei de bûtenkant waard it om 1335 hinne ynboud. It wie allinne wat te smel útmetten, dat it ferwulft stiet los fan’e bûtenmuorren. Soks sil de gluommige sfear wol ten goede kommen wêze. Fierders binne der noch in stikmannich sechtjinde-ieuske grêfstiennen en in krease rococo-preekstoel te bewûnderjen.

Sneon, acht maaie 2010.

Posted in Tsjerken | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Rinsumageast

Posted by André Looijenga on 03/05/2010

De Grutte Tsjerke fan Rinsumageast is in frjemd gehiel. Guon parten hearre ta de âldste arsjitektuer yn Fryslân (alfde ieu, neffens sommigen!), wylst der oan’e oare kante hyltyd fierder oan sleutele is. Op it stuit wurdt de tsjerke fan binnen opknapt. Doe’t wy der sneon om mochten sneupe, lei it ark foar de restauraasje gewoan noch yn it gongpaad. It rûkte der as yn in werkplaats, ambachtlik soe ik sizze. It stôf en it ôfslitene makken de sfear.

Hjirboppe in rútsje yn’e dowestiennen noardmuorre. Sil de iepening út’e alfde ieu komme, de tolfde of de trettjinde? Wa sil it sizze. Dizze side fan’e tsjerke waard yn’e jierren fjirtich bot restaurearre (en rekonstruëarre), mar yntusken leit der wer in patina fan jeld oer it glês-yn-lead. En graniums.

Moandei, trije maart 2010.

Posted in Tsjerken | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Boarnwert – II

Posted by André Looijenga on 02/05/2010

De ynskripsje fan'e Lytse Jouwer yn Boarnwert

It wie in prachtige dei juster, doe’t wy by fiif tsjerken en har oargels yn Noardeast-Fryslân lâns gongen. Allinnich ús besite oan Boarnwert waard in bytsje ynkoarte trochdat it reinde dat it spjilde. Boarnwert sprekke je út as Bwaa(n)wt, blykte, ta fernuvering fan’e net-Fryskpraters. Fanwegen it rynsk streamend himelwetter koe ik op it hôf net lang stilstean by Althuysen syn stien. Dêrom by dizze in fotootsje, transkripsje en sljochte werstavering: 

Tot tijenst fin dij, dij weij úwz lærre 

Neij t iewig Himmelsck húwz om hæg 

Dær Goad wúrt fin zijn tijenners ærre 

Stiet hier dit ierdsche húwz om læg 

Mar zoa wij wol dwaan in úwz neij Goads wille flije 

Dan zille wij hier neij ien better wenning krije 

Ta tsjinst fan dy’t de wei ús leare nei it ivich himelsk hûs omheech, dêr’t God wurdt fan syn tsjinners eare, stiet hjir dit ierdske hûs omleech. Mar sa wy wol dwaan en ús nei Gods wille flije, dan sille wy hjirnei in better wenning krije. 

Dizze seis rigels, earder de geveltop fan’e pastory op’e Lytse Jouwer, binne dus miskyn wol de âldste yn stien beitele Fryske ynskripsje. In ûnbekinde mylpeal yn’e taalskiednis. Spitich dat nei de Althuysens de nederklits noch wol efkes oanhold. 

Snein, twa maaie 2010.

Posted in Dien, Skriftekennisse, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Boarnwert

Posted by André Looijenga on 24/04/2010

Nije wike sneon, 1 maaie, sille in freon fan my dy’t oargel spilet en ik in tsjerkentochtsje organisearje yn it noardeasten fan Fryslân. Sa’t it no liket, gean wy de âlde tsjerken fan Rinsumageast, Boarnwert, Foudgum, Hantumhuzen en Wetsens by del.

Ik bin sels bot benijd nei it hiel beskieden tsjerkje fan Boarnwert (Nl. Bornwird). It stiet op in terpke dat hast gjin ynwenners mear hat, efkes bûten Dokkum. Bysûnder is yn Boarnwert in skildering fan Sint-Kristoffel, de hillige reus dy’t reizgers tsjin ûngemakken beskermet. Unyk is boppedat de nijsgjirrige ynskripsje dy’t boppe de doar fan’e tsjerke ynmetsele is. Faaks is dit de âldst bewarre yn stien úthoude Fryske tekst: in epigram fan’e frijwol fergetten Fryske dûmny en dichter Jan Althuysen (1715-1763).

Althuysen brocht yn 1755 (yn’e mande mei syn heit) in bondel Friesche Rymlery út, mei eigen gelegenheidsfersen en in beriming fan alle psalmen. Op’e titelpagina neamde er himsels “Jinwurdig Pastoor op dy Lytze Jouwer“. De stien yn Boarnwert komt eins ek fan’e Lytse Jouwer (Nl. Hiaure). De ynskripsje siet dêr yn’e muorre fan Althuysen syn pastory, en is pas yn 1906 boppe de Boarnwerter doar te lâne kaam.

In herdruk fan de Althuysens har Rymlery is my net bekind. Yn’e Grinzer byb koe ik alteast neat fine as in pear blomlêsde ferskes yn in lyts boekje fan Waling Dykstra.

Wa’t mei wol op ús histoaryske, literêre, arsjitektoanyske en muzikale tsjerken-en-oargeltocht, kin him by my opjaan.

Sneon, fjouwerentweintich april 2010.

Posted in Skriftekennisse, Tsjerken | Tagged: , , , , , | 2 Comments »