Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Âldfrysk’

Wêrom de stúdzje Frysk net ferdwine mei

Posted by André Looijenga on 21/05/2012

It fuortbestean fan de selsstannige stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins is yn grut gefaar. De fakulteit der letteren, dêr’t Frysk ûnder falt, moat besunigje. De Grinzer letterefakulteit omfettet in grut tal opliedings en spesjalismen op it mêd fan talen, skiednis en kultuerstúdzjes. Yn it ramt fan de besunigings wol it bestjoer fan de fakulteit de measte ‘lytse’ talestúdzjes gearfoegje ta Europeeske Talen en Kultueren. Gearwurking en opinoar ôfstimmen fan stúdzjeprogramma’s binne nea ferkeard, mar wat it fakulteitsbestjoer útstelt, sil betsjutte dat it akademyske Frysk foar it grutste part fuortbesunige wurdt!

Op dit stuit hat Frysk yn Grins 3,3 fte oan dosinten. Mei dizze lytse akademyske fakgroep (ien professor, fjouwer dosinten yn dieltiid) kin der noch altyd in breed programma oan universitêr ûnderwiis oanbean wurde: taalkunde, literatuerskiednis, Aldfrysk, taalfeardigens, en de stúdzje fan meartaligens. Op dizze wize kinne der noch altiten studinten in folsleine universitêr oplieding Frysk (‘haadfak’) trochrinne, en is der tagelyk in nijsgjirrige karút oan byfakken Frysk foar studinten mei in oar haadfak. It fakulteitsbestjoer wol de dosinten Frysk werombringe fan 3,3 fte nei 1,0 fte. Dat soe sûnder mis de ein wêze fan breedte en djipgong fan de oplieding Frysk!

Mei mar ien dosint (1,0 fte) is it folslein ûnmooglik om op alle terreinen genôch wittenskiplik nivo te bieden, om sa’n ferskaat oan spesjalismes te omfiemjen en om op safolle mêden adekwaat kolleezje te jaan.

Frysk sit yn de tange tusken ôfrekkene wurde op studinte-oantallen en it feit dat it grutste part fan de studinten Frysk of fakken fan Frysk neist in oare stúdzje docht. Of alteast: die. It folgjen fan in folsleine twadde universitêr stúdzje wurdt ommers tsjintwurdich troch it ministearje fan ûnderwiis swier ûntmoedige: foar in twadde stúdzje moat in ûnbidich heech kolleezjejild betelle wurde. Byfakstudinten telle ornaris net mei yn de statistiken, om’t se net as ‘studint Frysk’ ôfstudearje. De fakulteit der letteren wol it belang fan Frysk foar byfakstudinten net sjen, wannear’t dat har net útkomt, en it ministearje fan ûnderwiis is al langer blyn foar al it oare as oantallen ôfstudearre studinten.

Sels haw ik ek Frysk as byfakstudint dien. Wylst ik Gryksk en Latyn (GLTC) studearre, haw ik it prachtige fak Aldfrysk folge. As byfak telde dat mei yn myn bachelor Gryksk en Latyn. Dit iene ûnderdiel fan de, no faaisteande, stúdzje Frysk wie in grutte ferriking binnen wat ik oan universitêre oplieding hân haw.

As studint klassike talen woe ik graach ek dy âlde taal kennen leare dy’t sa tichtby hûs ferskûle lei. It blykte in kolleezje yn in lyts keammerke mei mar trije studinten en in bysûnder erudite dosint, Oebele Vries. Hy brocht ús in klearder byld by fan Fryslân yn de midsieuwen, ferdjippe ús ynsjoch yn de struktuer fan de Germaanske talen, ferdútste ús de wûndere wrâld fan it Aldfrysk rjocht, en lies mei ús midsieuske wetten, kêsten, leginden en oarkondes. Komselden haw ik in fak folge dêr’t ik sa’n soad leard haw.

Lykwols: noch faaier as Frysk as gehiel stiet Aldfrysk. Oer in lyts hoartsje giet Oebele Vries mei pensioen. Oft er ea in opfolger hawwe sil as dosint Aldfrysk, is te betwiveljen. Yn de lêste tsien jier seach ik hjir yn Grins de oare spesjalisaasjes op it terrein fan histoaryske taal al stadichoan en stilwei ferdwinen: Egyptysk, Akkadysk, Sanskryt, Midsieusk Latyn, de oare âlde Germaanske talen (Goatysk, Ald-Ingelsk, Yslânsk). Akademyske ferdjipping wurdt sa fuortsmiten, likegoed as útsûnderlike ekspertise.

Der binne altyd mar in pear minsken dy’t sokke bysûndere ûnderwerpen as (Ald)Frysk as haadfak fan har (hieltyd djoerder wurdende) universitêre stúdzje te kiezen. De hearskjende tendinzen foar heger ûnderwiis oer stimulearje it om berekkenjend te wêzen. Frysk as haadfak is in moedige kar tsjin de stream yn, dy’t de measte serieus yn taal en skiednis ynteressearre Fryske studinten net meitsje sille. Mar as ûnderdiel fan in breder persoanlik stúdzjeplan (as byfak) binne de Fryske fakken likegoed tige wichtich.

It perspektyf dat Frysk biede kin yn de oplieding en foarming fan taal-skiednis-kultuer-spesjalisten giet fansels teneat yn de besuniging op de wittenskiplik staf fan Frysk yn Grins fan 3,3 nei 1,0 fte. Europeeske Talen en Kultueren as brede bachelor is op himsels gjin slecht idee, mar allinne as der dosinten bliuwe foar Aldfrysk, foar Fryske taalkunde, en foar Fryske literatuer- en kultuerskiednis. Der moat in learstuolgroep Frysk bliuwe. Foar dejingen dy’t har benammen yn Frysk spesjalisearje wolle, én foar dejingen dy’t Nederlânsk studearje, of klassike talen, midsieuske skiednis, tapaste taalkunde, Skandinavysk, rjochten, psychology, medisinen of natoerkunde.

De stúdzje Frysk en de studinten Frysk fertsjinje alle stipe yn har striid om Frysk yn Grins oerein te hâlden. De iennichste folsleine akademyske oplieding op it mêd fan ús Frysk, blinder! Dêrom, minsken, sis it troch, en rêd Frysk!

Sjoch ek: de side Rêd Frysk, fan stúdzjeferiening Skanomodu.

Moandei, iennentweintich maaie 2012.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Friesk

Posted by André Looijenga on 05/10/2011

It is in sitewaasje dy’t grif eksemplarysk is foar in lytse taal dy’t him oppenearje moat mank gruttere en sterkere konkurrinten, mar it meast ikoanyske wurd yn’e Fryske taal, — it Fryske wurd dat faaks it gaust troch frjemd en eigen werkend wurdt –, is it wurd Frysk. Net om’e nocht haw ik it hjir sa prominint boppe yn byld stean. Apart is no wol dat no krekt it wurdsje Frysk eink net folslein Frysk is…

Benammen yn it easten fan Fryslân kinst minsken sizzen hearre: “Wy prate Fries“. Soks fielt foar mannichien mei omtinken foar de taal as net-geef oan. It moat dochs Frysk wêze, net Fries. De twadde foarm liket in hollannisme, en boppedat in fertizing fan it eigenskipswurd mei it haadwurd Fries.

Lykwols: sjochst werom nei it Âldfrysk, docht ynienen bliken dat net allinne in ‘Fries’ in Frēse wie, mar it eigenskipswurd ‘Frysk’ ek Frēsisk of Frēsk. En út’e Âldfryske lange ē is rigelmjittich yn it lettere Frysk it lange twalûd ie ûntstien. (Yn’e measte gefallen alteast.) It midsieuske grēn waard sa grien (lykas dat ek ienris mei it Ingelske green bard wêze moat), stēn waard stien, stēth waard stiet, en fēla waard fiele. Sa’n ie hat him yn it Nijfrysk gauris fierder ûntjûn ta in brutsen ji. Dat it Âldfryske hēr ûntwikkelde him oer Midfrysk hier ta ús Nijfryske hjir.

Soks barde fansels ek mei Frēsk. Yn’e santjinde ieu sjochst it eigenskipswurd, yn Fryske teksten, werom as Friesck. Lûdwettich kloppet it. Einliks moasten wy gjin Frysk prate, mar allegearre oan it Fries(k)!

Dêrneist hjit Fryslân, foarsafier’tst dat yn Âldfryske teksten neamd fynst, Frēslond (of -land). Dat dat heitelân fan ús soene wy eins Frieslân of, mei in brutsen lûd, Frjislân neame moatte, as wy écht geef prate soene…

Dat wy gjin ie mar in y útsprekke, hat der neffens my alles fan en wês in ‘Hollânsk’ ynslûpsel. It iennichste plak dêr’t ik Fryske santjinde-ieuwers oant no ta FRYSLAND skriuwen sjoen haw, wie op in inkelde Nederlânsktalige grêfstien. De krêft wêrmei’t hollannismen ynfloed hawwe op it Frysk, merke wy alle dagen oan ús sprutsen taal. Yn’e foargeande ieuwen hat dy ynfloed der ek al west, en hat dy ynfloed neist it âldere Friesk en Frieslân de Hollânskere en dus moadieuzere, sjikere, maklikere farianten Frysk en Fryslân opsmiten.

Hoe is it dan beteard dat it Frysk úteinlik dochs de foarmen mei koarte y as standert krigen hat? Wylst ein 19e en begjin 20e ieu ek it Frysk syn puristyske streamings hân hat? Wêrom hawwe de Jongfriezen Friesk net promoate?

Dát sil alles mei it wurdbyld te krijen hawwe. Frysk sjócht der folle minder Hollânsk út as Friesk. De distansjearring foar it Nederlânsk oer gie út fan it each, net fan it ear, en yn dit gefal net fan’e histoaryske taalkunde. It Frysk en syn beweging binne ûnstien yn inket, printletters en papier. Ús taal hjit tsjintwurdich Frysk en ús lantsje hjit Fryslân omdat de y sa goed tsjinst dwaan kin as byld, — as ikoan –, fan ús Fryske oarswêzen. Dat it dêrmei foar in párt (mar allinnich foar in part, hear) Hollânsk in Fryske ferklaaiïng is, is wol wer in typysk Fryske iroany.

Woansdei, fiif oktober 2011.

Posted in Skiednis, Taal | Tagged: , , , | 1 Comment »

Marsherne < Mershorna

Posted by André Looijenga on 10/08/2010

Earjuster wie ik jierdei (wat in nuvere siswize hen, jierdei wêze — ik moast dêr ris in stikje oer skriuwe), en de jûns liet ik twa freonen kuierjend de omkriten fan Tersoal sjen. De rein luts stadichoan fuort, wylst wy op Poppenwier ôf giene. Tersoal sjocht der om earlik te wêzen in bytsje gewoantsjes út, mar Poppenwier is in smûk plakje dat derby leit as in bewenne iepenloftmuséum. De lytse steechjes, de ferburgen fermanje, de âld herberch, it glysterige haventsje ûnder driigjende wolkens.

Hinne en werom rûnen wy oer de dyk Marsherne, dy’t fan’e opfeart fan Poppenwier nei de Tolhúsbrêge (de grins mei Tersoal) rint. De namme ‘Marsherne’ wie even in riedsel foar de jonges. 

Fansels: mar-. Op’e hoeke fan Opfeart en Bangafeart lei eartiids de Poppenwierster Mar. Net in alhiel fan himsels oertsjûge mar oars: yn’e rin fan’e achttjinde ieu waard it in sompe dy’t úteinlik himsels droechlei. Mar goed, mear as genôch mar om in toponym efter te litten.

De herne om’e eardere mar hinne is noch altiten in moai streekje. Op’e gritenijkaart fan François Halma hjit it der Meershuijsen. Dêr’t de pleatsen stean, is it krekt in bytsje heger, wêrtroch de grûn droegernôch wie foar beammen. Ast de júste kante útsjochst, en wat fantasije brûkst, liket it dêr hast op’e Wâlden. Der stiet dan ek op in stek in âlde lânnamme Hegebuorren skreaun.

Ien âlde pleats stiet wat efterút, mei in djippe bleek en beamte derfoar, en in fuotbrêge mei in wyt stekje. Op’e spilen fan dat stek stie earder in swarte letters: m e r s h o r n a. Ik hie altiten wol troch dat dat itselde wêze moast as Marsherne, mar wist net wêrom’t sa frjemd skreaun wie.

Mershorna sil de Âldfryske namme wêze fan dit plak. It liket nuver, mar mer (mei in, tink, koarte e) is dan de foarrinner fan it Nijfryske haadwurd mar. De (koarte) o yn horna hat him yn it nijere Frysk ek oars ûntjûn, ta herne (mei umlaut), dat earder faaks in westlike njonkenfoarm wie. Oarekant de Snitser Mar sjogge je de earder wenstige foarm as ‘Nederlânsk’ Terhorne neist it hjoeddeisk Fryske Terherne.

It wite stekje is op’e nij opskildere. De eigner hat nije letters m a r s h o r n a sette litten. Mei mar ynstee fan mer. Spitich foar it Âldfrysk.

Tiisdei, tsien augustus 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 2 Comments »

Tingstêd en Sylhûs

Posted by André Looijenga on 08/07/2010

Soe it wêze om’t ik mei myn holle by in nijsgjirrige fakatuere yn it westen des lands sit, dat ik de ôfrûne wike it lânskip fan Grins en it Ommelân wer wat mear wurdearje?

Yn elts gefal haw ik der de lêste tiid in pear kear goed op út west op’e fyts. Op in soele jûn de Súdlaarder Mar rûn, oer Fokshol, Kropswâlde, Súd-, Mid-, Noardlaren en Onnen. De Hûnsrêch krekt foar Noardlaren like wol Denemarken, en dat sa tichtby Stad. Op in waarme sneintemiddei it noarden út, oer Ûnderdendaam, Stitswert, Uskwert nei Noardpoldersyl en oer Warffum werom.

Nei it skildereftige (mar gleonhite) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad. Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum. In yntrigearjende namme. Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in *thingsted (op syn Âldfrysk) neamde, dêr’t men gearkaam om te thingia (Âldfrysk rjocht te sprekken en sa). Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee. Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan’e Friezen fan (it eastlik part fan) Hunsingoa, sa yn’e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr’t Liudger in sekere sjonger genêzen hie.

Wat letter dy deis stie ik by Noardpoldersyl yn’e kwelder. Foar it earst wie ik fanút’e Stêd op’e fyts oan it Waad ta komd. Fanôf de dyk seachst de eilannen fan Skiermuontseach oant Norderney. Miskyn dat it troch de floed kaam, mar de see like yn syn dûnkere blau sawol wiid as dochs ek lyts.

By it sympatike kafee t Zielhoes hie ik noch in spekpankoek foar’t ik de rom tritich kilometer werom begûn. In bêst plakje sa dêre, in smûke húskeamer op’e keale romte, mar dit Sylhûs driget – skande! – ynkoarten troch de gemeente Eemsmond sletten te wurden. De stifting dy’t eigner is fan it âlde gebou wol der in ‘trendy restaurant’ fan meitsje: dat gjin Grunneger wurdsjes mear op’e menukaarte tink, mar alles twa kear sa djoer en hurde swarte stuollen…

Mear Easterlauwerske eskapades folgje gau. Der stiet skylk in inkelde reis op’e fyts nei Nijeskâns op’e rol, en dêrby in dei oer de groppe yn it eardere *Hriâderlond (Reiderlân) en oan’e iggen fan’e Yms.

Tongersdei, acht july 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Út it ferjittelboek

Posted by André Looijenga on 01/05/2010

Al hast salang’t der Frysk skreaun wurdt, meitsje Fryske skriuwers har drok om’e delgong fan’e Fryske taal.

Doe’t ik as tarieding op ús tsjerketocht yn’e Noardeasthoeke op’e syk gie nei wurk fan Jan Althuysen, fûn ik in aardich boekje mei Midfryske teksten (Galama 1977), wêrûnder in gedicht fan Symen Althuysen. De dichtsjende dûmny Jan syn grutske heit hie in moaie dedikaasje skreaun foar de Friesche Rymlery fan syn soan. Hjir folget it begjin, yn’e orizjinele stavering en myn wertaling:

Uwz âdde Friesche taal waard mey ‘er tyed forgetten,

In yn ien tyuester hôl bydobbe, in bysletten,

     As immen der næt mey yn ‘t fyld toa forschyn kaam,

     Dy dit wer as ien twâde Gysbert ondernaam,

Om uwz Forâdders spraak wer libbendig toa meytzen,

Om næt stilswyend yn ‘t forjyettelbuwk toa reytzen:

Ús âlde Fryske taal waard meiertiid fergetten, en yn in tsjuster hol bedobbe en besletten, as immen der net mei yn it fjild te foarskyn kaam, dy’t dit wer as in twadde Gysbert ûndernaam, om ús foarâlders spraak wer libbendich te meitsjen, om net stilswijend yn it ferjittelboek te reitsjen…

Symen syn Frysk is fansels frjemd stavere, mar stiet frij ticht by de moderne standert. Dochs sil it Frysk fan 1755 (doe’t dit gedicht útbrocht waard) oars klonken hawwe as no. Toa (te) moat in o-klank hân ha, krekt as for- (fer-), uwz (ús) klonk as ûs, en næt (net) wierskynlyk as nêt of neat.

Foarsichtich beslút Symen mei de ferwachting dat der minsken wêze sille dy’t Fryske poëzy lêze wolle. It Frysk is ommers ienfâldich en beskieden, mar boppe-al: it is wer ris wat oars.

     ‘t Is yn ienfâddigheyt gærmakke, in byschræun,

     In dy ‘t næt læzze wol, der is næt oon misdræun,

Der zille hyer in der jyet wol lyæfhabbers wæzze,

Der uwt nyschierigheyt dit Friesche Buwk troglæzze,

     ‘t Is æk by âds zoa wæst, allyk as ‘t jyette giet,

Forandering fin kôst dy smakket mennig swiet.

… it is yn ienfâldichheid gearmakke en beskreaun, en dy’t it net lêze wol, dêr is net oan misdreaun [= is neat mis mei?]. Der sille hjir en dêr wol leafhawwers wêze, dy’t út nijsgjirrichheid dit Fryske boek trochlêze. It is ek by âlds sa west, allyk it jitte giet: ferandering fan kost dy smakket mannich swiet.

Symen brûkt yn’e twa-nei-lêste rigel der as betreklik foarnamwurd, krekt as ther yn it Âldfrysk brûkt waard. Oan’e oare kant hat er yn’e twa lêste rigels in pear dingen dy’t wy no hollânismen fine soene: is wæst, forandering, en zoa (mei in o ynstee fan in a).

It poëtyske wurk fan’e Althuysens is mear mei dien as dat ik lêsten bewearde. De psalmen fan Jan Althuysen binne yn 1957 werútjûn troch in sekere Chr. Stapelkamp. Út en troch binne yn it ferline oare dichtwurken fan harren editearre en besprutsen. Dochs soe it moai wêze as de hiele Friesche Rymlery fan 1755, tegearre mei fersprate gelegenheidsdichten fan heit en soan, ynlaat en taljochte op’e nij ferskynde.

Sneon, ien maaie 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »