Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Belzelân’

Op’e syk nei Viglius

Posted by André Looijenga on 12/04/2011

Ôfrûne simmer reizge ik yn Fryslân en yn België tafallich lâns oantinkens oan de grutste Fries (fan’e sechtjinde ieu): Viglius ab Aytta Zuichemus. Viglius (1507-1577), dy’t opgroeide yn Swichum, humanist, jurist, riedshear fan Karel V en Filips II. Hy siet yn’e Geheime Rie te Brussel, yn’e Grutte Rie fan Mechelen, wie foarsitter fan’e Rie fan Steate, en boppedat ek proast fan’e Sint-Baafskatedraal yn Gint. Viglius wie in betûft netwurker en holp ek it Fryske netwurk om him hinne oan moaie putsjes yn keninklike tsjinst. Sa fier koene je it doe skoppe mei it Latyn en in humanistyske oplieding…

Yn Swichum stiet noch de tsjerke dêr’t Viglius syn omke Bernardus Bucho pastoar wie. Op’e ein fan syn libben stifte Viglius dêr it Aytta-Godshûs, in gasthûs foar de âlderein. It gebou stie om 1900 hinne noch oerein, mar waard fertutearze ôfbrutsen ynstee fan restaurearre. Inkeld de tinkstiennen binne bleaun. Der stiet op:

Opus Hoc Viglius zuichemus ab / Aijtta fundauit et procurante Gerbrando / eius fratre exædificatum existit

Dit wurk hat Viglius Swichumer fan Aytta stifte en, wylst syn broer Gerbrand foar it bouwen soarge, oprjochte.    

De tsjerke fan Swichum is oan’e bûtenkant oars sûnt de tiid fan Viglius fan Aytta net in soad oan feroare:

Doe’t ik in wike as wat letter yn Gint wie, seach ik yn ien fan’e súdlike strielkapellen fan it koar fan’e Sint-Baafs Viglius syn grêf. Ús Viglius nimt dêr in hiele kapel yn beslach. It muoit my dat ik doe net, tsjin’e regels yn, dochs foto’s makke haw. Viglius hat dêr in trijelûk delsette litten, mei op’e bûtenkant fan it rjochterlûk fan dit triptyk himsels biddend as domproast. Dêrtsjinoer in mânske swarte stien mei in lange Latynske ynskripsje oer Viglius syn libben en wurk.

By it útgean út’e katedraal foel my noch op dat op al it houtwurk by de doar nôtskeaven stiene: it wapen fan de Aytta’s.

In pear dagen earder wiene wy yn Leuven. Oan’e Naamsestraat stiet dêr noch it College van de Korenschoof, it Viglius-College, dat Viglius fan Aytta stifte hat foar studinten út Fryslân. Koart nei syn dea makke de reformaasje dat de measte Friezen net mear yn it katolike Leuven studearje woene. Noch gjin tsien jier letter hie Fryslân yn Frjentsjer syn eigen universiteit. It kolleezje bleau bestean, mar waard júst bedoeld foar studinten út it re-katolisearre Gint dêr’t Viglius oan’e Sint-Baafs ferbûn west hie.

De Aytta-nôtskeaf is op’e foto net hiel dúdlik boppe de yngong te sjen. Tsjintwurdich wurdt it kolleezje troch de universiteit Leuven net mear brûkt.

Tiisdei, tolve april 2011.  

Posted in Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »

Brussel!

Posted by André Looijenga on 25/02/2011

Brussel. Wat in stêd! Earjuster en juster wie ik dêr, foar de twadde kear yn in jier. Ek by griis, kâld en wiet nei-winterwaar wit dizze stêd my foar har te winnen. Net daalks it buertsje om’e Grutte Merk hinne fansels (hoe prachtich de gevels op dat wrâldferneamde plein ek binne), dat is mar in stikmannich suterige strjitsjes tewâde ûnder Manneke Pis-sikers en wafelwinkeltsjes.

Nee, it giet my om de rest fan dizze wûndere stêd, dy’t grut en lyts, boppe en ûnder, âld en nij, moai en ôfgryslik ûnneifolchber trochinoar mjukset. Part Nederlânsktalich (echt wier!), mar in ûn-leechlânske grutstêd. In Europeeske metropoal, mar dochs lytser ast tochtest. 

Ek fan dát Brussel sjochst wat op dit fakânsjekykje fan ôfrûn rispmoanne: de treppen fan’e Keunstberch mei Keninklike Bibliotheek en muséa boppe-op it ûndergrûnsk art-déco Sintraal Stasjon, de fin-de-siècle koepeltsjes fan winkelgaleryen en grutwarenhuzen, de ûnbidige Koekelberch-basilyk dy’t om’e keine stedhûspinakel hinne pyba boartet…

Ik wie der wer fierstente koart. Ik wol werom.

Freed, fiifentweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien | Tagged: , | 1 Comment »

Wiel fan roken

Posted by André Looijenga on 20/02/2011

Wa’t mient dat er mei it skriuwen fan fersen it ien-wêzen fan Europa befoarderje kin, hat fansels myn folsleine sympaty. Sa’n ien is Herman Rohaert, dichter út Sint-Truiden yn Belgysk-Limboarch. Op syn side garret er oersettings fan syn gedicht ‘Ontmoeting’, dat er skreau by de lêste útwreiding fan’e Europeeske Uny. Yn safolle mooglik Europeeske talen en streektalen wolle Herman Rohaert en syn kompanjon Herman Fabre ferzys fan dit fers op syn blôch by-ienbringe. Frjemdernôch moasten se oant juster wachtsjen ear’t se in oersetting yn it Frysk ûntfongen…

In poëzij-oersettingsprojekt lykas dit komt ús yn it Fryske bekind foar, fansels. My sjit in rige wrâldwide bewurkings binnen fan it fers ‘Kastanjes’ fan J.H. Brouwer, dy’t ein jierren njontich yn’e Ljouwerter ferskynden. En, faaks in pear jier letter, waard Tiny Mulder har gedicht ‘Bitterswiet’ yn in hiele kliber oare talen oerbrocht.

Dat, mei de hjir folgjende ferfrysking haw ik de Hermannen út Sint-Truiden út’e brân holpen. Mei in bytsje help fan’e hearen Buwalda, Meerburg en Poortinga, dat is te sizzen. Want, skriuwt men Frysk foar yn’e etalaazje, moat it wol wat bylkje, no. 

Moeting

.

Trêdest de romte

en myn eagenblik binnen

sjochst net op, litst neat merke

draachst dyn wrâld mei yn

kylwetter, wale, sleep en

wiel fan roken.

Wy moetsje en ûntbine,

alles mei no, alles raant gear.

Giest fuort, litst bûlen

efter, se glinsterje

oant se iepenspatte, ien foar

ien, neaken en leechwaaid

myn strân.

Op’e Ontmoeting-blôchside stiet myn bewurking no tusken in moai espeltsje oare oersettings, yndield yn offisjele Europeeske talen, Europeeske minderheidstalen (wêrûnder dus no Frysk mei Cymraeg, Euskara en Lëtzebuergesch), en streektalen út’e Lege Lannen. Benammen út’e beide Limboargen sit der nijsgjirrichs tusken, dat wy oan’e noarderigge fan dat taalgebiet komselden heare.

Nim no dizze oersetting (uvverzetsoeng) yn it dialekt fan Kerkrade. Nei it skynt, ferskilt dit Kirchröadsj like folle fan it standert-Nederlânsk as it Frysk docht. Twa utersten ûnder ien standerttaal, it ien efter de iennichste echte Westgermaanske taalgrins, it oare oarekant in rige isoglossen dy’t as isobaren op’e linguïstyske waarkaart lizze:  

Bejieënoeng

.

Doe kuns de ruumde

en miene momang eri

kieks nit óp, lieëts nuus merke

doe dreëts dieng welt in

diene sjtroom, sjlaier en sjleef en

jeróchswusj.

V’r bejieëne en verjunt

alles darf noe, alles versjmilst.

Doe vertruks, lieëts blöas-jer

hinger, ze jlienstere

bis ze oeseree platse, ee vuur

ee, naks en leëg

mie sjtrand.

.

(Oerset troch Paul Weële.)

Herman Rohaert en Herman Fabre sykje noch altyd mear oersettings yn mear talen. Ûnder de gruttere minderheidstalen moatte se yn alle gefal Bretonsk, Korsikaansk en Sardynsk noch hawwe. Mar ek yn’e lytsere Fryske talen en dialekten soene oerbringings har fertuten dwaan. Sealterlânsk, Söl’ring, Standert-Noardfrysk; Hylpersk, Aastersk, Skiermuontseachsk; Bildtsk, Snitsersk, Stellingwarfsk… stjoer mar yn nei Sint-Truiden, en lit se yn Limboarch sjen dat jimme streektaal ék bestiet.

Snein, tweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , | 4 Comments »

Belzelân

Posted by André Looijenga on 23/08/2010

Foar dejingen dy’t nije bydrages op myn blôch de lêste wiken misten: ik bin wer werom fan fakânsje yn (it) Belzelân.

Jawis, België/Belgique/Belgien. Mei in lânkundige freon trochkrúske ik mear as in wike dat moaie nuvere keningryk. Njoggen stêden diene wy oan. Sa’n fjirtich tsjerken seagen wy fan binnen, wêrûnder seis katedralen. Mannige tongslach hearden wy, en withoefolle bieren ha wy preaun. In bêst lân dat België. Dat se it net fierder oan ûnderhanlingstafels teskuorje!

Fan’e middei gie ik de Ôfslútdyk wer oer. Nei it organysk woeksen Belzelân werom yn rjochte streken. Makke, net berne. Loft mei rûge wolkens, wetter dat grienich weaget, in smel rypke grûn dêrtusken.

En no wer yn Grins. Kongres oer Hellenistyske literatuer, wêrop’t ik ek sprekke sil. Dat dien, lêze jim hjir fannijs fan my.

Moandei, trijentweintich augustus 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »