Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Boalsert’

In gedicht út Boalsert út 1374 – II

Posted by André Looijenga on 04/10/2011

Okkerdeis pleatste ik in blôchke oer in Latynsk gedicht út it Minderbruorrekleaster fan Boalsert út 1374. Dat stikje wie faaks in bytsje de droege kant neist, om’t it wol óér it gedicht yn kwestje gie, mar der fierders neat oan te sjen wie. Om yn elts gefal éát biede te kinnen, set ik ek mar efkes de Latynske tekst op it web.

Lykas sein, is dizze edysje makke troch dr. Amideus van Dijk OFM. Pater Amideus wie in fransiskaner tsjerkehistoarikus en mediëvist, en wenne yn 1952 yn Maastricht. Hjir folget syn transkripsje fan: f. 151v-152v, Ms. CA D no. 10, Amplonianische Handschriftensammlung, no yn’e Stadt- und Regionalbibliothek te Erfurt:

Anno millesimo trecentesimo septuagesimo

4. Hiis conjuncta possit perquirere cuncta

hominis clare forinsicus arte probare.

Qui nunc sunt vel erunt, intendunt quod viguerunt

Francisci dicta fratribus filiis derelicta:

in claustro sito Frisie partibus, adunito

custodie dicte Daventrie, fitque Bodelsward.

De custode.

Custos Viardus ad impia sit bene tardus,

doctus, discretus, obpropria tollere letus,

rector durus, in dicteriis [con]sta[n]s quasi murus:

de Dockem ortus, rebellibus est bene tortus.

[De] guardiano.

Est frater in statu qui fungi guardianatu

jussus dicetur, Hugonis nomine fretur:

doctrine vite pollens potest ut heremite

rigidis in factis peragendis sive peractis.

De lectore.

Wiardus, lector sacre pagine, quoque rector:

dulcia que [verba] retro dicuntur acerba,

labia distillant hominis animumque cavillant.

De cursore.

Cursor studentum nescit spiritum violentum,

quem cum voce pia dat rudibus, qui sine via

poscunt doceri: pro eo valeat promereri

doxa[m]: metaphisica, sophistica philosophia,

pollitica, logica, aritmetica, matematica rethoricave,

astrologia vere vescetur ut …… muliere,

non expers musice, scrutatione theologie.

Qui cursor, dictus Hermannus, non derelictus,

de Sancta Brigida genitus origine prima:

at sibi studentes sunt undique convenientes.

De Weff…lo.

Wef…lus exivit, caput omnibus exinanivit:

est Yngelbertus, angelica voce repertus,

clamans voce pia: Nunc dulcis ave Maria,

pocla propina, per que destendit ad quia

mens somnolenta: quare possem sic luculenta

vitia vocare datum decimum ……

et tandem Domino animam parare ……

De Jacobo.

Additur huic Jacobus, frater unus de Roremunda:

studens non reprobus, patiens, facieque jocunda.

De Johanne.

Non sunt neglecti, sed sunt ad studia recti,

Johannes dicti bene sunt sive nomine ficti:

artem querentes, Christi gratiamque petentes,

ut cum Baptista feriunt seculique balista

satellites mundi vias demonis furibundi.

Uter custodie filius sit Colonieque,

de Treveri natus alius Christoque beatus.

De Nicolao.

Hiis adjungatur Nicolaus, qui famulatur

Christo Factori propencius et Genitori:

ut methodum cernat, per quam dispendia spernat,

Treveris exivit villam, Frisiam prosilivit.

[De Andrea.]

Andreas tute studium adiit cum salute,

Stauria prole nata fratribus Bodelsverd quoque data:

crucis mucrone militat cum fero leone,

ut demones vincat, artes tamen non derelinquat:

de Drent promotus, frater omnibus est bene notus.

De Radolfo.

Radolphus studens, foliis scriptis quoque prudens,

potans non lente, vult artes capere tente,

ut valeat clare tenebrarum elucidare

voces opacas: nec audiat hic quare vacas.

De Hasse.

Johannes Sassa non curat querere cassa,

sed spiritum bonum, per quem cons[c]endere tronum

posset ac eterna frui vitaque superna.

Laurencius, Petrus predictus annumerantur:

numerus repletus, cum sanctis associantur.

Et hoc sufficiat pro presenti.

Dit gedicht is in riedling dat in soad fragen opropt. Oan in oersetting fan dit, dochs tige nuvere, Latyn weagje ik my foarearst net. Der sitte seker flaters yn de tekst sa’t er yn it hânskrift stean dat Amideus van Dijk nei bêste kinnen transkribearre hat. Faaks stiene guon flaters ek yn it orizjineel, yn it gefal de Erfurter tekst in ôfskrift is (wat my in reële mooglikheid taliket).

Net alle rigels binne folslein oerlevere, en net alle rigels binne as hexameters bedoeld. Foar it grutste part bestiet it gedicht lykwols al út hexameters, en in flink part rint, oerflakkich sjoen, ridlik. It binnenrym yn’e better-slagge fersen wurket boartlik. Ik haw it fermoeden dat sa’n luchtige toan ek de bedoeling west ha kin. Troch har rym dogge dizze leoninyske hexameters oan as in soartemei midsieuske Latynske Sinteklaasgedichtsjes, mei mooglik no en dan in lykaardige licht-spotske toan.

Et hoc sufficiat pro presenti – ‘en lit dit genôch wêze foar no’, op’e feestdei fan’e hillige Franciscus, ta neitins oan syn bruorren dy’t ienris yn Boalswert wennen.

Tiisdei, fjouwer oktober 2011.

Posted in Skiednis, Skriftekennisse | Tagged: , , , | 1 Comment »

In gedicht út Boalsert út 1374

Posted by André Looijenga on 30/09/2011

In gedicht út 1374, dat ien foar ien de bewenners fan it Minderbruorrekleaster yn Boalsert beskriuwt. Dat is wat ik juster ûntduts by myn wurk foar MeMO. It is in merkwurdige tekst yn it Latyn, 63 hexameters lang, dy’t om ien as oare reden fan Boalsert fersille rekke is yn in bibleteek te Erfurt yn Dútslân. It liket derop dat dit gedicht der alles mei te krijen hat der om 1374 in skoalle wie yn it kleaster fan Boalsert, of dat der yn alle gefal ûnderwiis jûn waard op in ridlik heech nivo.

It giet om trije bledsiden tekst yn in hânskrift út de Amplonianische Handschriftensammlung yn Erfurt. Foar wa’t it even neisjen wol: folio 151v, 152r en 152v, fan Ms. CA D no. 10. Dit binne de lêste siden fan in codex mei in ferskaat oan teologyske teksten. De boekesamling yn Erfurt wie it libbenswurk fan Amplonius Ratinck de Berka. Yn ’e katalogus dy’t Amplonius sels fan syn samling makke hat, is te lêzen dat er dit hânskrift al yn 1412 yn syn besit hie. Oft er der oan ta kaam om it gedichtsje yn kwestje sels te lêzen, is de fraach: Amplonius besiet 635 boeken (en dat foár de útfining fan ‘e boekprintkeunst!).

It gedicht is lang neat mei dien. Begjin jierren ’50 fûn men it werom yn in bibleteekkatalogus. Erfurt lei doe krekt efter it Izeren Gerdyn, dat men wie al bliid dat der út ’e DDR fotokopytsjes fan ’e tastjoerd wurde koene. Yn 1952 folge de publikaasje troch de paleograaf én fransiskaan Amideus van Dijk (‘Het Minderbroederklooster te Bolsward in 1374’, Bijdragen voor de geschiedenis van de provincie der Minderbroeders in de Nederlanden, 10 (1952), 55-60).

Dit behindige artikeltsje, basearre op grif net al te dúdlike foto’s, en fersjoen fan in lyts bytsje beskriuwing en ynterpretaasje, is de edysje dêr’t men it oant no ta mei dwaan moat. De tekst fan Van Dijk is oernaam yn it boek Bolsward, zeven eeuwen minderbroeders (Boalsert 1976) fan H.A.M. Andela, dy’t der in haadstikje yn syn skiednis fan it Boalserter Fransiskanerkleaster op basearre. As bylage hat dit boek in Nederlânske oersetting, troch nimmen minder as Frits van der Meer, de Fryske winner fan ’e P.C. Hooft-priis. Dizze oersetting is lykwols wat de frije kant neist.

Van der Meer sil grif muoite hân hawwe by it oersetten fan it Latyn, want botte dúdlik hat de skriuwer fan it fers him net útdrukt. Yn syn taljochting sprekt er fan “schertsend keukenlatijn”. Neffens my docht er dêrmei it gedichtsje net alhiel rjocht. Faaks is it yndied wat houterich skreaun, hiel miskyn mei in inkeld flaterke, mar it is ál in, al as net earnstich, besykjen om yn keunstige leoninyske fersen (hexameters mei binnenrym) it Boalserter kleaster te beskriuwen. Safolle poëzij is der fierders net bekind út it fjirtjinde-ieuske Fryslân, dat ik soe der mar wat suniger op wêze.

Nei sân ynliedende rigels, bestiet it gedicht út in list fan fyftjin mannen dy’t ferbûn wiene oan it claustrum yn Bodelsward. De list begjint mei fjouwer funksjonarissen, de custos, de guardianus, de lector en de cursor. Hoefolle’t der elts sein wurdt, rint útien. De measte fersen (10 rigels) wurde wijd oan ’e geleardens fan ’e cursor, de learaar fan it kleaster.

Dizze minsken giet it om:

– Viardus de Dockem (Dokkum), de custos, de broeder dy’t de lieding hie oer de custodia fan Dimter, it ferbân dêr’t it Boalserter kleaster ûnder foel; it liket derop dat dizze Dimterder custos yn Boalsert ferbleau

– Hugo, de guardianus, it haad fan dizze mienskip fan Minderbruorren

– Wiardus, de lector, de teologyske saakkundige fan it kleaster, dy’t de preken fersoarge

– Hermannus, de cursor, neffens it gedicht it mearsidich gelearde en learaar

Dêrnei folgje de nammen fan kleasterlingen sûnder spesjale funksje en fan studinten:

– Weff[e]lus, dy’t blykber net mear yn it kleaster wennet

– Yngelbertus, dy’t goed sjonge kin

– Jacobus de Roremunda (Roermond)

– Johannes, út de custodia fan Keulen

– Johannes de Treveri (Trier)

– Nicolaus, ek út Trier

– Andreas, ôfkomstich út Starum (Stauria), faaks oerpleatst fanút Drinte (Drent)

– Radolphus studens

– Johannes Sassa (of Hasse)

– Laurencius

– Petrus

Wat sa al opfalt, is dat guon fan de Boalserter fransiskanen net út de regio kamen.

Foar no ûntbrekt de gelegenheid om fierder yn te gean op de Latynske tekst, op Van der Meer syn oersetting, en om sels in Fryske oersetting te meitsjen. Faaks komt dat der op ’en doer noch fan. En einlings soe ik nei Erfurt moatte om it hânskrift ris goed op ’e nij te besjen foar in mear útwreide edysje en stúdzje fan dit nijsgjirrige tekstke.

[Fan Sint-Franciscusdei, 4 oktober, ôf sil de Latynske tekst oer dizze link te lêzen wêze.]

Freed, tritich septimber 2011.

Posted in Dien, Skiednis, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

Sonder kret lockt it net

Posted by André Looijenga on 12/05/2010

Rein Windsma siet yn 1829 noch mar in pear jier yn it ûnderwiis (as jonge út in ienfâldige Boalserter famylje hie er earst as skuonmakker yn’e lear west), doe’t syn earste bondeltsje mei Fryske ‘grienmank’ printe waard. De 27-jierrige skoalmaster fan Offenwier liet in lyts boekje op’e merk bringe mei as titel Friesch Blom-koerke, æf: grijmanck fen ijtlijcke rijmckes, in hette oare kâterye.

Juster fûn ik yn in Ljouwerter antikwariaatsje Windsma syn Samle dichtwurk, besoarge fan D.A. Tamminga, út 1981. Sa’n ûnsjoch smoarchgrien boekje fan’e Fryske Akademy. Eins koe ik dy hiele Rein Windsma net, mar hy bliek in moaie ferrassing. Goed te lêzen (ast in bytsje wend bist oan’e stavering), klear Frysk, bytiden lekker skerp en mei humor.

Rein Baukes Windsma (1801-1862) liket ek fanút it Nederlânsk (c.q. Stedsfrysk) ta it Frysk komd te wêzen. Troch eigen stúdzje en ambysje besocht er yn’e jierren tweintich op te klimmen, socht kontakt mei ien as Joast Halbertsma en learde foar ûnderwizer. Syn earste bondeltsje wie in blommekuorke fol fariaasje, hiel ûnderhâldend mei in laits, in trien en ris in moraal. In bytsje wrâldwiis cynisme ek.

Der folgen noch in twadde lytse bondel Friesche Blomme-krânze yn 1834 en it wat tsjokkere Bledden uwt mijn Schrieuw-boeck fan 1847. Foar hjirûnder haw ik lykwols in gedicht út Blom-koerke keazen dat ik de jongere Windsma typearjen fyn: Sonder kret lockt it net. 

In kret is in kroade. Ien dy’st nedich bist om foarút te kommen yn’e wrâld. Sûnder kontakten en konneksjes biste neat en bliuwste nearne, en Rein wist dat fan himsels mar al te goed. Hie de skoalopsjenner ds. Visser him net ‘spotte’ om skoalmaster te wurden, wie er faaks altiten skuonmakkersfeint bleaun.

Het holpt it æf in minscke

Forstân in breyn, ney winscke,

In froede sinnen het,

Az him ontbreckt in kret?

Om naet iz den syn doddjen,

Syn wramen in sijn boddjen,

By nacht, so-wol az dey,

‘t Bringt him lyts foar-deel mey.

Mar, nimt, op ‘t kret, him immen,

Den wit, to wrâd eack nimmen,

Ho heag hy klieuwt ijnn’ top;

Ho fier hy rint ijnn’ rop.

Den wit me al fen buwtten;

Uwz maet iz oppe kluwtten,

     Wirt njuencke-lijtsen great,

     Al wit hy den eack neat

Het iz den nu it beste,

It eerste æf it leste?

Kinst, sonder lean of ginst,

Æf ginste sonder kinst?

Ick ker it eerst’ foar ‘t leste,

Mar hâd foar ‘t alderbeste.

Az immen wijzheyt’ het,

     In, dear-mey, sit op ‘t kret.

.

“Wat helpt it of in minske ferstân en brein (nei winsk) en froede sinnen hat, at him ûntbrekt in kret? Om neat is dan syn dodzjen [stinnen], syn wramen en syn bodzjen by nacht sawol as dei. It bringt him lyts foardiel mei.

Mar nimt op it kret him immen, dan wit op’e wrâld ek nimmen hoe heech hy kliuwt yn top, hoe fier hy rint yn rop. Dan wit men al fan bûten: ‘Ús maat is op’e kluten, wurdt njonkenlytsen grut – al wit hy dan ek neat…’

Wat is dan no it bêste: it earste of it lêste? Keunst sûnder lean of geunst, of geunst sûnder keunst? Ik kies it earste boppe it lêste, mar hâld foar it alderbêste as immen wiisheid hat en dêrmei sit op it kret.”

Woansdei, tolve maaie 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 3 Comments »