Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Boarnsterhim’

Bibliobus opdoekt, en Peter Vos

Posted by André Looijenga on 18/11/2010

En doe lies ik justerjûn, tafallich, om’t ik tafallich in jûn yn Tersoal wie, yn’e Ljouwerter Krante dat yn Boarnsterhim de bibliobus fuortbesunige wurdt. In lyts berjochtsje, fuortstoppe yn in fou fan it regio-katern. Ik lies it, ja besunigings no, en ik waard der eins net iens mear lulk fan. Op it lêst makket it jin morf, no.

Ik ha fansels al goed tsien jier gjin bibliobus fan binnen sjoen. Mar koartlyn moast ik der wer oan tinken. Mei ús heit en mem giene wy altiten al, sûnt ik my herinnerje, alle trije wiken op in jûn nei de byb yn Snits. Ik sil dêr in moai part fan’e A-boeken en de B-boeken lêzen ha, en dêrnei de (gauris wat drege en sombere) J-boeken dy’t by de grutteminskeboeken stiene. En noait mear as twa ynformative, mei grutte platen, oer skiednis en gebouwen en sa, mar per wike minstens ien boek mei allinnich wurden…

De bibliobus kaam hjir ek yn it doarp, en op in seker momint krigen wy ek dêr mar in abonnemint fan. Om foar de lêshonger net alle wiken op en del nei Snits, no. It assortemint fan’e bus wie lytser, en foar folwoeksenen stiene der faaks fral streekromans en grutletterklobben, mar it wie in wûnderlike piiplaad sa’n bibliobus. Ien boek dat ik dêr ris ûntduts — ik wie in jier as fjirtjin, fúftjin –, kaam my lêsten wer yn it sin.

1984, yn Nederlânske oersetting, fan George Orwell. En, dêr giet it my no om, mei yllustraasjes fan Peter Vos. It benearjende gegeven, it útsichtleaze ferhaal, makken in djippe yndruk op my. Dêrby de tekeningen fan Vos, dy’t my by it ferhaal holden en it boek draachlik makken: mei masterlike streekjes delsetten hampelmantsjes yn slobberjende overals. Tanksij Peter Vos gie foar my 1984 oer in minske, tegnjirde yn’e masjine fan in ûnminsklik gegeven.

[De tekeningen binnenyn binne folle better as it nearzige omkaft hjirneist.]

Letter keas ik it boek út foar myn list foar Ingelsk. Troch it orizjineel koe ik yn’e sechde alhiel net hinnekomme. Oft ik doe al troch de rom fan it boek hinneprikke koe, wit ik net. Miskyn wie my it Ingelsk te dreech en te toar. Ik wist dochs de ein al, en de plaatsjes derby misten boppedat. It mondeling deroer bin ik, mei wat harsenskrabjen en ymprovisearjen noch wol trochkaam.

Oardel wike lyn is Peter Vos ferstoarn. Tsientallen berneboeken dy’t er yllustrearre sil ik lêzen ha. Of tenminsten de tekeningen fan lêzen. Grutske bisten tekene er, ôfsjoude minskjes, altiten lyntsjes, stipkes mei in soarte fan siele derefter.

Faaks Nederlâns grutste tekender rekke wei, hast sûnder omtinken, wylst krekt dêrfoar foar dy iene piipsmoker dy’t noch op syn santichste yn swimbroek op in boekomkafte posearre… nee, lit dy argewaasje mar. Wat better is, bewiist dat úteinlik wol. En in goede tekening praat sûnder poeha fan wurden yn alle talen.

Mar sûnder de bibliobus hie ik Peter Vos syn tekeningen by Orwell net kend. En skylk rydt dy net mear yn Boarnsterhim. En yn hieltyd minder gemeenten wurde bibliobussen en lytse bibleteken iepenholden. Sûnder iepenbiere bibleteken soe ik net wurden wêze wa’t ik bin. At der ien ynstelling is dy’t it minskene libben ferriket, is it dy dêr’t je oer alles boeken fine kinne, liene meie, lêze kinne.

Dêrop sa bot besunigje is gjin neutraal besparjen op kosteposten, mar mei razende keatlingsagen snoeie yn de skientme, de rykdom, de wearde fan’e libbens fan gewoane minsken âld en, boppe-al, jong.

Tongersdei, achttjin novimber 2010.

Advertisements

Posted in Lêzen, No-tiid | Tagged: , , , , , , , | 1 Comment »

Pierewaaier

Posted by André Looijenga on 01/09/2010

Der binne in soad saken om hast lulk fan te wurden, dêr’t ik eins op myn Frysktalige blôch oer skriuwe moat. Dat ûnsinnige ferhege kolleezjejild foar twadde-stúdzjes bygelyks. Dy ‘besuniging’ laat no al ta yntellektuële ferearming, en sil faaks net allinne de frisistyk mar ek myn eigen klassike talen ea de kop noch koste. 

Of oer de gemeentlike-weryndielings-steamwals. Ûndertusken is dúdlik hoe’t Boarnsterhim opdield sil. De Legeanster doarpen Tersoal en Sibrandabuorren komme krekt as hast de hiele gemeente by Ljouwert. By Ljouwert! — mar dat leit mear as tweintich kilometer fierderop! — De djippere oarsaken en drôchredens efter de ‘needsaak’ ta weryndielen soe ik eins oer skriuwe moatte. It is it strukturiele Fryske minderweardigenskompleks dat de Friezen oanpraat dat sy harsels net bestjoere kinne, tinkt my. Leaver slaaf…, no.

Mar earst wat oars. Tsjin alle ússels-leechlizzerij dy’t my fanút Fryslân berikket, mar ris wat skientme yn stelling brocht. In gedicht fan Sjoerd Spanninga (1906-1985), út syn bondel Kymgong (1964). It stiet net yn’e wenstige blomlêzings, ek net yn Veenbaas syn twatalige Spanninga-kar út 2007 (Het goud op de weg haw ik lykwols net tsjekt, wegens noch net yn myn besit), dat om dit moaie fers ûnder de oandacht te hâlden stiet it by dizze hjirûnder. 

It hat fan begjin ôf ien fan myn favorite Spanninga-fersen west. Wat in begjin hat it ek: it ljocht en it libben spatsje derfanôf! 

Pierewaaier

.

Poerneaken

sprong it ljocht út ‘e dizen,

en rûn de fjilden yn,

glânzjend as de jonge dei

by it lemierjen.

Doe saaide de sinne it wetter oer,

dat in hynder allyk,

in blinkend reau,

strûsden de weagen der fan op ‘e kletter, —

tsjin ruten en roeven

spatten de glinsters

it fjoer

fan de hoeven, —

der lei brûs yn ‘e wâl.

Read the rest of this entry »

Posted in Fryskens, No-tiid, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »