Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Cornelis van der Wal’

Subsydzje

Posted by André Looijenga on 01/07/2010

Hjoed mar efkes in poëzybesprek dat jo ek as in preek lêze meie, ta-eigene oan de froede faars fan’e provinsje Fryslân (en spesjaal oan harren tsjintfurdige tsjinstfeint, de kultueramtner Tj. Bottema). Ommers, de besunigingsmoade fan 2010 liket ek oan de Fryske literêre subsydzjes net foarby te gean. Der soe oer praat wurde en bring it stipejild foar dy pear Fryske tiidskriften werom fan € 430.000 nei € 130.000 (hast 70% derôf dus).

De kwestje oft it op’e lange termyn net skeadliker is (foar de wurkgelegenheid, foar it minsklik wolbefinen, foar in goed en sûn libben) om safolle mei de botte bile te besunigjen as no wrâldwiid de trend is, lit ik foarearst rêste. En lit my der ek mar oer swije dat bygelyks De Moanne har jild miskyn better yn ynhâldlik djipper dollende artikels as yn tsjok djoer papier stekke koe. Wichtiger is dat, as de provinsje minder (of neat) jout, der folle minder (of neat) fan’e grûn komt yn it op hokfoar papier ek útjûn Frysk. En dat, as der folle minder Frysk printe wurdt, dat in grouwe stap tebek is foar de Fryske taal en dêrmei foar de eigenens fan de Friezen. Ynienen mear as twatredde fuortbesunigje makket alle Friezen en har Frysk ynienen kulturiel (stikken, c.q. noch folle) earmoediger.

Hawar, ta bestrieding fan dy driigjende geastlike earmoed mar oer nei de poëzy. As freon fan it Fryske fersefrisseljen stel ik (fanwege de titel fansels) as skriftlêzing foar it gelikens neamde slotgedicht út Cornelis van der Wal syn bondel Subsydzje foar de Graal (2003):

Sa’n Graal liket my machtich moai, sa tocht it mantsje

nachts op bêd en gong der ôf, socht yn’e kast om wat klean,

iten en fansels in flesse reade wyn en die de foardoar iepen.

.

Wylst er oer de wiete strjitte rûn wie it krekt of hie er

eat fergetten. Grutte muzyk pulsearre yn syn brein en syn

earen tsjinnen as kompas, se keazen ynearsten

.

it easten, te mear om’t ús dizze rjochting al wat fleurich moarnsljocht

it oandoarde en sis boe! tsjin de tsjusterens

Mar, wat oars, siet de doar eins wol goed op’e skoattel?

.

Soe it net better wêze foar it mantsje en gean werom?

Wa wit, seit de skriuwer mei de snor fol skom,

tenei faaks mear, earst moat der wat subsydzje komme.

Dit fers is it lêste fan in skift fan 8 ‘mantsje-gedichten’ yn dizze bondel. ‘It mantsje’ mei syn groteske grutte plannen is troch guodden wol lêzen as in antiheld-eftich alter ego fan de dichter. Mar tagelyk hawwe wy yn rigels 11-12 in ‘skriuwer’ dy’t de queeste fan it mantsje ûnderbrekt, as is júst dy skriuwer de dichter Cor van der Wal dy’t om stipe freget.

Ik kin my yntinke dat dit (eins fan begjin ôf iroanyske en relativearjende) gedicht foar guon lêzers mei in rare sydsprong einiget. As klassikus sjoch ik der lykwols net fan op dat in dichter op’e ein fan syn wurk taspilings makket op’e (finansjele) beleaning foar syn keunstnerskip. It eins tige klassyk dat in dichter (al as net tusken de rigels troch) om subsydzje bidlet (in Horatius die soks ek).

Read the rest of this entry »

Posted in Fryskens, No-tiid, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , , | 4 Comments »

Peaskefjurren

Posted by André Looijenga on 05/04/2010

Ik bin wer werom yn Grins. It rûkt hjir bot nei peaskefjoer. Sels yn’e hûs is it te rûken. Oars net ferkeard, it is houtige, wat krûdige rook. De rook ek fan in moaie tradysje.

Fanút’e auto ûnderweis wie dúdlik te sjen dat wy Grinslân binnenkamen. De grins fan it peaskefjurrengebiet komt nammentlik frijwol oerien mei de Frysk-Nedersaksyske taalgrins. Dat de Westerkertiersters tûke peaskefjoerders binne, wie goed te sjen fanôf de sneldyk. Yn’e Stellingwerven dogge se deroan, en yn Drinte, en nei it suden en it easten ta (oant fier yn Dútslân) wêr’t se mar Leechsaksyske dialekten prate. Mar ten noarden en westen fan’e iennichste taalgrins binnen it Fêstelân-West-Germaansk silst nijsgjirrigernôch gjin peaskefjoer fine.

Sa blykt mar: dy ‘Saksen’ binne bysûndere lju, mar wy Friezen binne noch bysûnderder – sûnder dat wy it sels troch hawwe. (Mar ja, dat lêste punt is fansels mar al te typysk Frysk.)

By ús yn’e Legeaën hiene wy earder ek in brânbultetradysje. Op’e jûn fan Sint Marten (11 novimber) waard der nei it lampionrinnen yn alle doarpen yn dy krite in brânbult oanstutsen. Wiken tefoaren tôgen de minsken der al hout hinne. Hiele dagen yn’e hjerstfakânsje wiene wy as lytse jonges op en om de bult dwaande.

Sûnt in pear jier binne der gjin Sint Martensfjurren mear. De gemeente wie, leau’k, al folle langer tsjin, de boeren (de boeren en hoe’t dy tsjintwurdich Fryslân mei fergrime, ik koe der noch in bulte blôchkes oer skriuwe…) wolle it net mear op har lân hawwe, en de doarpsbelangen (dy’t bestjoerlik op’e ymport driuwe) binne te sleau om de brânbulten fatsoenlik te organisearjen. Fuort. Ja, minsken, sa giet soks. Efkes net oplette en it is fuort.

(Douwe Kalma hat begjin jierren tweintich noch in sonnettekrâns De Fjurren fen Sint Marten skreaun. It is in bytsje in mâl gefal. De dichter, sa stiet my by, wurdt deryn ta in soarte fan hegepreester fan it heitelân en epyske drakedeier tsjin’e bedrigings fan’e Fryske saak, of sa. Kalma yn hegere sfearen: it sil fan’e rook fan baarnende tûken yn’e kâlde hjerstnacht komd wêze.)

Fan’e middei gie ik oars ek noch by in ferneamd libben Frysk dichter op besite. It brechje fanôf Douwe Kalma is net tafallich: wy hiene it der ûnder oare oer dat der ris in echte biografy oer dizze Jongfryske poëet skreaun moat. Cornelis van der Wal hat myn boekekasten holpen te fullen (tige tank foar dyn bondels, Cor!). Ta eintsjebeslút skeat er noch in plaatsje wêrop’t ik, op syn blôch, mei myn troch wyn en hast oerwûne gryp read oanrûne antlit te bewûnderjen bin.

Noch ien stikje nijs ta beslút: ik krige tongersdei berjocht dat ik útkard bin en nim diel oan it Grut Frysk Diktee! Krekt wat, fansels. Op 20 april sil de grutte staveringskriich plakfine.

Moandei, fiif april 2010.

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , | 3 Comments »