Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘diktee’

Mei fiif liuwen

Posted by André Looijenga on 25/04/2014

No, dêr stean ik dan, mei wol fiif liuwen efter my. En yn it Latyn de meidieling dat lytse dingen grut wurde (… res parvae crescunt). Eelke en Feike wienen der ek by. En Diana de Groot fansels.

(Dizze komposysje fan de priisútrikking nei it Grut Frysk Diktee lêsten woe ik jim net ûnthâlde. Mei tank oan Skanomodu.)

Priiswinner Diktee 2014

 

Freed, fiifentweintich april 2014.

Posted in Dien | Tagged: , , , | Leave a Comment »

De tredde kear

Posted by André Looijenga on 17/04/2014

Ja, juster haw ik it Grut Frysk Diktee dus wér wûn. Ik wit ek net krekt hoe’t ik dat sa hie. In dûbeltsje op syn kant: myn tige wurdearre rivaal Jan Ybema siet ommers mar in heale flater efter my. It wie alsa in sterk dielnimmersfjild, en hooplik sil dat oare kearen sa bliuwe. It slagget my grif gjin fjirde kear op in rige.

En dus: foar it earst sa prominint op’e tillevysje. In nuvere erfaring bliuwt it en hear jinsels sa werom.  It fragen beäntwurdzjen yn it bankje foaroan wie net dreech, mar ik haw fansels mar moai de kâns sjitte litten op in gloedfolle oerwinningsspeech. In lofrede op it Fryskskriuwen en Frysklêzen… dat jo as publyk wol murken hawwe dat dat écht gjin poepetoer is… dat wy yn in aktive en positive sfear, lykas dizze moaie jûn, mei help fan de minsken fan de Omrop, ensfh. ensfh…. dat jo, dy’t hjir no nei sjogge, oer twa jier my finaal ferslaan sille mei in heale flater ferskil… dat wy mei dy taal, as wy dêr goed op passe, mear finnen mear hawwe as dat in bears überhaupt finnen hat… dat der safolle moais en nijsgjirrichs skreaun is yn it Frysk, en ek Ensafh neame, en ek de skanumodisten… en reklame meitsje foar myn boek (dat ik noch skriuwe moat)…

No ja, sa’n rede hold ik dus net yn de liveútstjoering. Mar it wie in moaie jûn. En ik haw no folpinnen genôch om in samle wurk te skriuwen.

(En dan no noch efkes applaus foar de korrektoaren, sûnder wa’t sa’n slagge dikteejûn ûnmooglik wêze soe.)

Jim kinne it diktee op’e nij besjen fia de útstjoering-mist fan Omrop Fryslân. Ik hoopje dat dizze link wurkjen bliuwe sil: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/frysk-diktee-fan-16-april-2014-2000

Tongersdei, santjin april 2014

Posted in Dien | Tagged: , | Leave a Comment »

(Ald-)Tersoalster wint Frysk diktee (wer)

Posted by André Looijenga on 11/05/2012

Tankewol foar de felisitaasjes!

Foar de twadde kear haw ik woansdei it Grut Frysk Diktee wûn. Sij it ex aequo dit kear, mei Ate Grypstra, mar dy siet yn it pommerantebankje en krige net in folpin mei ynskripsje. (Ate, by dizze ek hjirwei noch lokwinske.)

En dêrnei komt de parse.

Krekt as twa jier lyn wurd ik wer fijn ‘freemd’ as in Grinzer. (Grr…) Sjoch hjir mar wer by RTV Noord. Ik hearde niis ek al dat ik hjoed op in lanlike stjoerder (538) neamd bin yn in fleurich nijsberjochtsje: Grinzer ferslacht dy Friezen yn it skriuwen fan har eigen taal. Ik haw it even begoogle. By RTL hawwe se ien op de redaksje dy’t de regionale sinders by del blêdet. Foar ûnder it kopke ‘opmerkelijk’: Groninger wint Groot Fries dictee.

Grappich is soks, mar dochs steur ik my der ek wat oan. Om it yn Rients Gratama syn dikteefokabulêr te sizzen: it ûntfytmannet my fan eat fan myn identiteit. Ik bin gjin Grönneger. Ik tink ek net dat ik dat gau wurde soe. Of woe.

Mei alle respekt fierders foar de Grinzers, myn wenplak Grins, en de eardere Fryske regioanen dy’t no as ‘Grinslân’ troch it libben moatte. Ik kom út Tersoal. Dêr bin ik goed 29 jier lyn berne, yn wat doe noch de gemeente Raarderhim wie. Oan heite kant komt myn famylje út ferskate hoeken fan Fryslân dy’t inoar yn Ljouwert tsjinkaam binne. (Fan memme kant komme wy út SW-Drinte/NW-Oerisel, ek dêr gjin Grinslanners…) Yn Grins wenje en wurkje ik, as emigrant út it universiteitleaze Fryslân. Ik bin dus in Grinzer Fries, en dêrmei lid fan de grutste minderheid yn dizze nuvere stêd.

Hawar, ús âlde Fryske hobbys, de stambeam en de etnisiteit, hawwe wy no ek wer hân. Noch tige tank foar it omtinken, hear, al sit it allegear wat yngewikkelder as by jimme yn de krante past.

Freed, alve maaie 2012.

Posted in Dien | Tagged: , , , | 3 Comments »

Staverstriid

Posted by André Looijenga on 08/05/2012

Ja, minsken, moarntejûn sil it heve, oangean en sokssamear: it Grut Frysk Diktee.

Yn de Steateseal op it Provinsjehûs sil ik myn titel ferdigenje tsjin nommele en taaltûke tsjinstribbers as Ferdinand de Jong, Grytsje Kingma, Sigrid Kingma, Maaike Andringa en Wiebe Wieling… Wy sille sjen. Salang’t ik myn twa jier lyn wûne Frysk Hânwurdboek mar net hoech yn te leverjen as wikseltrofee.

Tiisdei, acht maaie 2012.

Posted in Skylk | Tagged: | 3 Comments »

‘Ferneamd’ Tersoalster

Posted by André Looijenga on 22/05/2010

Bêste âld-doarpsgenoaten en oare ynteressearden,

wolkom op myn ‘Frysk Deiblôch’!

Ik fyn it tige moai dat jim hjir ris delkomme om te sjen wat dy jonge fan master Looijenga no ynienen op it ynternet útheeft mei it Frysk.

Dit is dus myn weblog, myn eigen hoekje ynternet dat ik stadichoan fol skriuw mei stikjes oer ferskillende ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle in miening oer haw, of fertelle gewoan oer wat ik sa út en troch meimeitsje.

At jim út Tersoal komme, hawwe jim myn deiblôch fêst fûn troch it artikeltsje op side 9 fan it doarpskrantsje. Fan’e middei haw ik krekt De Tersoalster Courant yn it doarp rûnbrocht mei myn broerke. Oer myn winnen fan it Frysk diktee, in moanne lyn, moatte jim foaral efkes dit en seker ek dit stikje lêze…

Ik soe sizze, strún hjir mar wat om yn myn stikjes. En kom mar gau wer ris werom, want minstens ien kear yn’e wike komt der hjir in stikje fan my by.

In protte nocht, en (oan degenen dy’t dat net alle dagen dogge) súkses, by it Frysklêzen winsket jimme jim âld-doarpsgenoat

André Looijenga (wer efkes útfanhús yn Tersoal).

Sneon, twaëntweintich maaie 2010.

Posted in blôch | Tagged: , , | Leave a Comment »

De dei dernei

Posted by André Looijenga on 22/04/2010

Nei it Diktee gie ik justerjûn mei myn âlden nei Tersoal. Hjoed besocht ik thús te wurkjen oan myn artikel oer de ferbylding fan Hellenistyske keningen as Homearyske spearfjochters, mar de gefolgen fan dy trije kertier skriuwen de jûn derfoar bepaalden eins de dei.

Net dat ik yn in iepen wein huldige waard op it tsjerkeplein, mar by de kofje waard ik ál skille troch Karen Bies fan Omrop Fryslân. Ik hie in koart petearke mei har oan’e tillefoan, dat opnommen waard en efkes foar tolven útsjoerd yn it programma Omnium. Hjir is it nei te beharkjen (fanôf ûngefear minút 44).

De middeis rûn ik mei myn bruorke, syn kranten besoargjend, in slach troch it doarp. In buorfrou stode har hûs út, doe’t se my rinnen seach, my wiidweidich lokwinskjend en freegjend oft ik no professor Frysk wurde woe en wer gesellich yn Fryslân wenje soe.

Myn winnen fan it Diktee fûn gau syn wei nei de offisjele kranten, en nei de nijswebsidetsjes dy’t bestean fan it krantesiden kopiearjen. Deselde jûns hie ik jitte in stik op’e side fan’e Ljouwerter lêzen mei de titel ‘Groninger’ wint Frysk Diktee. Dit beheinde Nederlânsktalige stikje waard troch oare ‘nijssiden’ oernaam, en bedarre mei lytse oanpassings ek by de lytsere lokale krantsjes.

De Mid-Frieslander, wykblêd foar Boarnsterhim en omkriten, makke derfan: Oud-Tersoalster wint Frysk diktee. Ik waard hjir dúdlik opeaske as Legeanster. Op’e side fan it Sneeker Nieuwsblad wie in Frysktalich berjocht oernaam, en foarsjoen fan’e titel Tersoalster Looijenga wint 10e Grut Frysk Diktee. By de Sneeker witte se mear as iksels. Ik bin wer hielendal werom yn it doarp, blykber.

De tekst by de Sneeker kaam fan Omrop Fryslân. Dêr beklamme men júst it generaasjeferskil: ‘Jongeren’ winne Frysk diktee. Dy strûpkes meitsje it wol wat sunichjes. Lykas dat de Ljouwerter my gjin echte Grinzer neamde, liket de Omrop te twiveljen oft ik noch wol ta de jongerein hear. De fergrizing hâldt jin inkeld relatyf jong, no.

It moaist om te lêzen wie dat myn rom ek oer de provinsjegrinzen hinne rikket. Op’e side fan RTV Noord waard ik fakkundich troch Grinslân taeigene: Groninger wint Fries dictee. Ik wie neat gjin Legeanster mear, mar ‘de 27-jarige Stadjer’ wurden. Yn ien dei wurdt ik de ûnferwachte dikteewinner, de studint dy’t de âlde garde fersloech, de opmerklike doarps- en streekgenoat, en eintsjebeslút ynsetten as fait divers foar Grinslanners dy’t graach Friezen ôftroefje.

De middeis kamen de papieren kranten. De Ljouwerter hie in foto op side 15. Yn it ûnderskrift kin ik my wol fine. Myn hiele tarieding… ach, efkes de middeis tefoarren yn it Frysk wurdboek blêderje… En ik fyn “dat minsken dy’t Frysk prate ek Frysk skriuwe moatte”. Moatte, jim lêze it goed, minsken, skriuwe moatte jimme…

It útgebreidste ferslach yn’e media is it stik fan Ruurd Walinga op side 14 fan it Friesch Dagblad. Winner Frysk diktee: ‘Ik haw it mysels oanleard’. No, ik stean der mar moai by sa: twaddetaalsprekker, outsider, natuertalint.

Kunde dy’t dy krante lêze, kin ik by dizzen gerêststelle. Der stiet, wat dramatysk, oer my: “syn mem kaam út Drinte”. Dat kloppet net, hear! Hja is sa sûn as wat, en komt gelokkich noch altiten. (Fierders hat Walinga ek de nammen fan twa Grinzer studinten ferhaspele. Mar goed, hy neamt ek letterlik myn deiblôch. Stiet myn nijfoarming sa mar yn’e krante.)

Woansdei, ienentweintich april 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , | 4 Comments »

Bliid ferbjustere

Posted by André Looijenga on 20/04/2010

Dêr sitste dan, werom yn’e seal nei it skoft. De prizen wurde útrikt. De twadde blykt ynienen foar in jonge út Grins, dêr’t ik krekt noch mei stie te praten. As dy Jurrit Jan…, soe ik dan ek… Nee, dochs… Mar dan hear ik myn namme neamd: ja hear, hoe krij ik it wer foar elkoar… ik haw echt it Grut Frysk Diktee wûn!

Ik rin nei foarren, krij fan Auck Peanstra in grou bosk blommen, en in grut pak yn pompeblêdsjepapier, en in pinneset derby. ‘Ik bin wol wat ferbjustere,’ sis ik noch neist’e mikrofoan, ‘sa hiele lang skriuw ik noch gjin Frysk…’

Moarn stean ik yn’e krante. In frou fan’e Ljouwerter hie ik oan in ferneamd reisboekeskriuwer syn mobyltsje, en mei Walinga fan it Deiblêd hie ik yn it skoft al stean te kletsen. De ûnferwachte winner fan it Diktee, sa mar ientsje sûnder Afûk-akte…

Myn earste ympresje wie wol dat in feestke wurde soe foar de wat grizere puzelfanaat. Bêst genôch organisearre allegearre, dat ál. Wurdt soks ek útstjoerd op Omrop Fryslân, waard my de lêste tiid geregeld frege. No, net dus, die bliken. Dat foel my ôf fan’e Omrop, om in moaie gelegenheid om it skreaune Frysk te promootsjen sa foarby gean te litten. Soks moat oer twa jier dochs oars: at dan hooplik de âlde Steateseal wer yn’e pronk stiet, kinst it ommers sá as in folweardige ekwivalint fan it Groot Dictee yn’e merk sette, dochs! 

O ja, en Piter Wilkens wie der net by om syn eigen dikteesinnen foar te lêzen. Ek wat spitich, want ik mei syn muzyk oars wol lije.

Mar goed, it nijs fan’e jûn is fansels dat de Grinzer jongerein der mar moai mei de prizen fantroch gien binne. Ja, minsken, it (neffens staveringsrigels skreaune) Frysk hat echt wol takomst, hear!

Skriuw, minsken, staverje en skriuw! Ik hoopje dat ik oer twa jier tsjin kloften oare nije dielnimmers de staveringskriich op’e nije oangean kin.

Tiisdei, tweintich april 2010.

Posted in Dien | Tagged: , | 5 Comments »

Peaskefjurren

Posted by André Looijenga on 05/04/2010

Ik bin wer werom yn Grins. It rûkt hjir bot nei peaskefjoer. Sels yn’e hûs is it te rûken. Oars net ferkeard, it is houtige, wat krûdige rook. De rook ek fan in moaie tradysje.

Fanút’e auto ûnderweis wie dúdlik te sjen dat wy Grinslân binnenkamen. De grins fan it peaskefjurrengebiet komt nammentlik frijwol oerien mei de Frysk-Nedersaksyske taalgrins. Dat de Westerkertiersters tûke peaskefjoerders binne, wie goed te sjen fanôf de sneldyk. Yn’e Stellingwerven dogge se deroan, en yn Drinte, en nei it suden en it easten ta (oant fier yn Dútslân) wêr’t se mar Leechsaksyske dialekten prate. Mar ten noarden en westen fan’e iennichste taalgrins binnen it Fêstelân-West-Germaansk silst nijsgjirrigernôch gjin peaskefjoer fine.

Sa blykt mar: dy ‘Saksen’ binne bysûndere lju, mar wy Friezen binne noch bysûnderder – sûnder dat wy it sels troch hawwe. (Mar ja, dat lêste punt is fansels mar al te typysk Frysk.)

By ús yn’e Legeaën hiene wy earder ek in brânbultetradysje. Op’e jûn fan Sint Marten (11 novimber) waard der nei it lampionrinnen yn alle doarpen yn dy krite in brânbult oanstutsen. Wiken tefoaren tôgen de minsken der al hout hinne. Hiele dagen yn’e hjerstfakânsje wiene wy as lytse jonges op en om de bult dwaande.

Sûnt in pear jier binne der gjin Sint Martensfjurren mear. De gemeente wie, leau’k, al folle langer tsjin, de boeren (de boeren en hoe’t dy tsjintwurdich Fryslân mei fergrime, ik koe der noch in bulte blôchkes oer skriuwe…) wolle it net mear op har lân hawwe, en de doarpsbelangen (dy’t bestjoerlik op’e ymport driuwe) binne te sleau om de brânbulten fatsoenlik te organisearjen. Fuort. Ja, minsken, sa giet soks. Efkes net oplette en it is fuort.

(Douwe Kalma hat begjin jierren tweintich noch in sonnettekrâns De Fjurren fen Sint Marten skreaun. It is in bytsje in mâl gefal. De dichter, sa stiet my by, wurdt deryn ta in soarte fan hegepreester fan it heitelân en epyske drakedeier tsjin’e bedrigings fan’e Fryske saak, of sa. Kalma yn hegere sfearen: it sil fan’e rook fan baarnende tûken yn’e kâlde hjerstnacht komd wêze.)

Fan’e middei gie ik oars ek noch by in ferneamd libben Frysk dichter op besite. It brechje fanôf Douwe Kalma is net tafallich: wy hiene it der ûnder oare oer dat der ris in echte biografy oer dizze Jongfryske poëet skreaun moat. Cornelis van der Wal hat myn boekekasten holpen te fullen (tige tank foar dyn bondels, Cor!). Ta eintsjebeslút skeat er noch in plaatsje wêrop’t ik, op syn blôch, mei myn troch wyn en hast oerwûne gryp read oanrûne antlit te bewûnderjen bin.

Noch ien stikje nijs ta beslút: ik krige tongersdei berjocht dat ik útkard bin en nim diel oan it Grut Frysk Diktee! Krekt wat, fansels. Op 20 april sil de grutte staveringskriich plakfine.

Moandei, fiif april 2010.

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , | 3 Comments »