Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Dronryp’

De Rembrandts lizze oer de flier

Posted by André Looijenga on 19/03/2012

Hjoed wie ik yn Utert foar myn wurk. Ik wurkje op’t heden as ûndersyksmeiwurker oan’e universiteiten fan Grins en Utert, foar it projekt Medieval Memoria Online. Ik stal dêrby in database gear fan ferheljende boarnen dêr’t de (let-)midsieuske werinneringskultuer yn ta utering komt. Fan’e jûn nei gearkomste en iterij rekke ik oan’e praat mei ien fan myn kollega’s, in keunsthistoarika dy’t allyksa’n database — fan grêfstiennen (oant 1580) meigearstalt.

Benammen Fryslân is ûntychlike ryk oan âlde grêfstiennen. Efkes sifers: myn kollega hie út Fryslân yntusken goed 500 serken fan foar de reformaasje ynfierd, tsjinoer in skrale 20 út Drinte. Sjoch, dêr hawwe jo de ferhâldings yn it ier-moderne Nederlân yn keunsthistoaryske statistyk… Mar it bysûnderste fûn se de kwaliteit fan de Fryske hurdstiennen serken fan ein sechtjinde ieu: de ferstoarnen ôfbylde ta fuotten út, de detaillearre rannen, arsjitektoanyske fersierings, de groteske fabelfiguerkes en de wielde oan wapenskylden.

Masterwurken fan’e renêssânse-byldhoukeunst binne it. En se lizze dêr mar yn ús âlde doarpstsjerken. Keunst fan Europeesk nivo leit by ús sa mar oer de flier.

Hjirûnder in fotootsje fan my fan ôfrûn simmer. In grêfstien yn Dronryp. De jûnmielstafel stiet der sa boppe-op.

Moandei, njontjin maart 2012.

Posted in Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Bedrige erfguod yn Dronryp

Posted by André Looijenga on 22/10/2011

Yn Dronryp wiene wy lêsten om de tsjerke te sjen. Wer bûtendoar foel ús dit freonlike âlde geboutsje op. In houten húske, fan begin 20e ieu, krekt bûten it hôf. Wy fregen de koster oft dit it baarhokje wie. It blykte in âld geboutsje fan it Griene Krús. It docht gjin tsjinst mear en… it sil eins ôfbrutsen wurde.

Bêste minsken út Dronryp en omkriten, dy’t dit lêze: kear dit op! Soks mei dochs net barre. In houten Griene-Krúsgeboutsje lykas dit, soe rêden wurde moatte!

Dit geboutsje is in lyts en beskieden monumint!

Sneon, twaëntweintich oktober 2011.

Posted in Skiednis | Tagged: | Leave a Comment »