Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Elske de Walle’

André Roelof Scholten

Posted by André Looijenga on 14/04/2010

Ik hie altiten tocht dat ik de iennichste wie mei dizze twa foarnammen. Mar okkerjiers krige ik de literatuerskiednis fan Klaes Dykstra yn hannen. Dy trochlêzend foel op in dei myn each op in bekinde namme: André Roelof Scholten (1910-1944).

It is in tsjirmerich en ûnhiemsk gefoel om ynienen dyn eigen namme swart op wyt te lêzen, mei jierren fan berte en fan ferstjerren derby.

Sûnt wist ik fan it bestean fan in oare André Roelof, dy’t dichte hie (en tragysk jong stoarn wie). Hy wie dûmny, en hie yn’e jierren tritich ien dichtbondel en ien oersetting (Coleridge syn Ancient Mariner) publisearre.

Lêsten kaam kaam ik yn’e Wadman-biografy fan Joke Corporaal myn foarnammengenoat wer tsjin. Wadman rekke yn’e tritiger jierren befreone mei Scholten, dy’t doe krekt troud wie en frijsinnich herformd dûmny wurden yn Âldeholtwâlde en Ter Idzert. Scholten hold him bot dwaande mei it Frysk. De Scholtens skine de earsten west te hawwen dy’t yn it Frysk foar de tsjerke trouden. Lykwols wie Frysk net syn earste taal; hy woeks op op ferskate plakken yn Nederlân, en pas doe’t de húshâlding yn Fryslân bedarre skeakele er as jonge om nei de taal fan syn mem har famylje.

Jiergong, Scholten syn iennichste bondel (1936), lies ik dizze wike foar it earst. In moai útjûn boekje, mei op side 13 in houtfyk fan kastanjeblossem. De measte gedichten hawwe natoerferskynsels as sfearoanlieding, en binne oardene neffens de rûngong fan it jier. Der sitte sonnetten tusken, mar meast oare rymskema’s, yn kûpletsjes as wiene it lieten.

André Roelof Scholten sil op 4 augustus 2010 hûndert jier lyn berne wêze. In protte hat er net skreaun, en wat er skreau, is hast fergetten. Yn’e hjoeddeiske blomlêzings is er net opnomd. Dochs wol ik myn nammegenoat by dizze earje mei in gedicht út syn bondel. In bytsje atypysk giet it net oer maitiid, beammen en blommen. Neat gjin dizenige Jongfryskerij, mar in heftige dûns:

Czardas – II

.

No dûnsje, dûnsje, dûnsje wy

en giselje by pearen

aloan en wer, en wer opnij:

yninoar wei, allinne frij,

ús ta elkoar te kearen.

. Read the rest of this entry »

Advertisements

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , , | 6 Comments »