Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘ferkiezings’

Sa mar in útslach fan Europeeske ferkiezings

Posted by André Looijenga on 23/05/2014

Juster wie ik it grutste part fan de dei yn tou foar de Europeeske ferkiezings. Ik wie wer lid fan it stimburo, hjir yn Grins. No sille guon fan jim tinke: saai en dreech, mar eink fyn ik it machtichmoai. De hiele dei de demokrasy tsjinje, in hantsjefol regeltsjes neilibje, oarder beweitsje, neutraliteit bewarje, freonlike petearkes mei stimmers en passanten. En dan de jûns de stimmen telle… dat dan alle ferskillende foarkarren fan de minsken dy’t delkamen, fan in bak fol blêden sortearde steapeltsjes wurde, en siferkes, en útslaggen. Yn in protokol wurde de siferkes dan fêstlein (en jitris fêstlein), en de papieren en sifers geane yn sluven en pûden. En dêr sit dan fan elk dy’t stimme woe in miening yn, anonimisearre, mar allegear like swier meitellend.

Machtichmoai, dochs.

Eardere kearen siet ik op it stimburo yn it Treslinghuis, midden yn de Oosterpark. In aparte mjuks fan heech-oplate jonge húshâldings, âlderein, en, no ja, Oosterpark-minsken om sa te sizzen. Haw ik it in oare kear noch wol oer. No siet ik lykwols yn it UMCG, it bekende akademysk sikehûs. Mar in pear strjitten fierderop, en dochs in oare weareld: sikehûspersoniel út de hiele stêd, foar trijefearn froulju, goed de helte wie jonger as my.

De útslach wie ek oars. My tinkt, ik kin wol aventoerje en meld hjirûnder gewoan mar even hoe’t de stimmeferdieling wie by ús op stimburo 431. De útslach is yn prinsipe net geheim; allinnich wurdt de úteinlike lanlike útslach wurdt sneintejûn let pas iepenbier makke. Mar yn it bedriuwsrestaurant dêr’t wy stimmen telden, siet ek in jonge “waarnimmer” te wêzen. Dat sa. Dit dus (ûnder foarbehâld):

1. CDA (EVP): ……. 36 stimmen

2. PVV: ……………. 21 stimmen

3. PvdA (PES): ….. 90 stimmen

4. VVD : …………… 52 stimmen

5. D66 (ALDE): …. 168 stimmen

6. GroenLinks: ….. 79 stimmen

7. SP: ………………. 24 stimmen

8. CU/SGP: ……….. 25 stimmen

9. Artikel50: ……..  2 stimmen

10. IQ-partij: —

11. Piratenpartij: … 6 stimmen

12. 50Plus: ………… 4 stimmen

13. De Groenen: ….. 1 stim

14. Anti EU(ro): ….. 1 stim

15: Lib.Dem.Partij: .. 1 stim

16: Jezus leeft: —

17: ikkiesvooreerlijk: —

18: PvdDieren: …….. 21 stimmen

19: Aandacht en Eenvoud: —

blanko stimmen: 3

ûnjildige stimmen: 3

Yn totaal hawwe der by ús dus 537 minsken stimd. Ik wit net oft dat mear as minder is as yn 2009. Yn alle gefal hienen wie it net smoardrok. Mar der sieten twa stimburo’s neistinoar, dêr’t by-inoar omtrint 1100 stimmen útbrocht binne.

Fan dizze stimmen telle der 531 mei foar de útslach. Stel no as op grûn fan de útslach fan ús stimburo de Nederlânske sitten yn it Europeesk parlemint ferdield waarden… Nederlân hat 26 sitten. Neffens it rekkenmasjyntsje komt de kiesdeler (531 dield troch 26) út op 20,4230769230769. Foar it gemak rûnje ik dat ôf op 20,5. (It giet ommers om it idee.) Dat soe de folgjende sitteferdieling opleverje:

1. CDA (EVP): ……. 1 sit (+ 15,5: dat jout 1 restsit; dus: 2 sitten)

2. PVV: ……………. 1 sit

3. PvdA (PES): ….. 4 sitten

4. VVD : …………… 2 sitten

5. D66 (ALDE): …. 8 sitten

6. GroenLinks: ….. 3 sitten (+ 17,5: dat jout 1 restsit; dus: 4 sitten)

7. SP: ………………. 2 sitten

8. CU/SGP: ……….. 2 sitten

18: PvdDieren: ….. 1 sit

Ferlykje dat mar ris mei de lanlike exit-poll fan justerjûn… Europa kin wiis wêze mei de stimmers yn it UMCG. Krekt as by de lanlike útslach: rjochts-populisme is op syn retoer, de measte minsken dy’t komme te stimmen binne net tsjin Europeeske gearwurking; én ferpleechkundigen en heger-oplate jonge froulju stimme dúdlik wat ‘pears-plusser’ as de gemiddelde Nederlanner.

Stimmen telle, allegearre like swier, salang’t se mar útbrocht wurde.

Freed, trijentweintich maaie 2014.

Advertisements

Posted in Dien, No-tiid | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Útkiezings

Posted by André Looijenga on 06/05/2010

Ik tocht hjoed, ik koe wolris in blôchke skriuwe oer de ferkiezings yn it Feriene Keninkryk. Ik haw dêr ommers ferline jier in healjierke studearre, yn it Noard-Ingelske stedsje Durham. Dat ik koe wol in ynsidersblik fan’e Britske tastannen jaan.

Folle tiid hie ik hjoed dochs net oer, en de útslaggen sille wol binnenkomd wêze foar’t jo dit lêze, en boppedat: der wurdt oeral altiten al safolle omtinken jûn oan wat der yn Grut-Brittanje bart en dêrfuort komt.

It (eins frij ûnearlike) Britske kiesstelsel makket der op it stuit wol in lotterij fan. Je kinne no eins net foarspelle wat de útslach wêze sil. Ik soe it sels moai fine at de LibDems flink wat sitten te pakken krigen. En dan net allinnich om’t har lieder (listlûker kinst it neame yn sa’n distriktestelsel) Nick Clegg in heale Nederlanner is. Syn Nederlânsk is oars noch bêst, hearde ik justerjûn by Nova, wat my deugd die.

Ris wat oars soe aardich wêze, lykje ik fan Ingelske âld-mei-studinten te begripen. No ja, de redenaasjes dêr binne dan wat simpel. Labour hawwe wy al fierstente lang oankloaie litten. En de Tories, dat is tebek nei de tiid fan Thatcher en har botte bile, net?

No, wy sille sjen hoe’t it útkomt moarntemoarn.

Fierders haw ik noch wat aardichs te melden. Yn tiidsje lyn skreau ik oer it ûndersyksfoarstel foar in aio-plak dat ik yn Grins yntsjinne hie. Ûndertusken haw ik dêroer berjocht ûntfongen: ik bin útkeazen om op sollisitaasjegesprek te kommen!

Tongersdei, seis maaie 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »