Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘flaggen’

Befrijingsdei

Posted by André Looijenga on 05/05/2010

It is in moai gesicht, moat’k tajaan, rigen ‘jierren tritich’ huzen mei de Nederlânske flagge út. Benammen at de sinne derby skynt, lykas hjoed. Fan’e middei oer sokke strjitten súdwest fan it sintrum fytsend, krige ik eat fan in Befrijingsdei-gefoel. In histoarysk erfarinkje, net sublym, mar efkes geandewei. Ik wit dat der fûl fochten is, doe yn april 1945, oan’e súdlike tagongswegen fan’e stêd. Filmbylden komme yn it sin, fan Kanadezen dy’t mei gewear foarút oer krekt sokke gewoane Grinzer strjitten drave.

Mar haw ik fierders wat mei Befrijingsdei?

Ik wie op’e fyts noch by de drafbaan lâns riden. De kliber folk dy’t dêr geardromde, griisde my eins oan. No ja, grutte menichtes hoege om my net sa. Ik seach efkes it festivalterrein oer, en wie derút dat ik dêr net frijwillich hinne hoegde.

Ik fyn it fierders bêst, hjer: Befrijingsdei mei as ‘feestdei’ bestean bliuwe. Mar dy festivals, mei har al te dúdlike bliid boadskip (oer ordinêr sûpen en razen hinne plakt), en dy fersinsels as “treinen fan’e frijheid”, ik kin der wol sûnder. Miskyn is it om’t dy Befrijingsfestivals altiten sa oerdreaun fan hegerhân foar de jongerein ornearre lykje te wêzen. In troch de oerheid betelle feest foar de (grutstêdlike, allochtoanige) jongerein… ik haw my nea ta de doelgroep hearren field.

Jin herinnerjen oan’e Oarloch, in kriich fan foar jins tiid, en al syn ûnminsklike, mar helaas al te minsklike, grouwélichheden, is mear as wichtich. Mar dêr haw ik alteast de Befrijingsdei fan no net by nedich. Minsken moatte witte, en leard hawwe om mear witte te wollen, en foaral by steat te wêzen om it ferline beseffe te kinnen. Ynstee jout men se frij, muzyk en slop bier.

In ekstra frije dei yn maaie haw ik neat op tsjin. Mar de betinking fan’e ein fan’e Twadde Wrâldkriich oerskaadzje te litten troch simpel meitsjende festivals, nee tanke.

En faaks is dy befrijing fan 65 jier lyn ek net de gaadlikste oanlieding foar Nederlâns nasjonale feestdei… Miskyn soe men dochs 26 july (Placcaert van Verlatinghe, 1581) ynfiere moatte, herinnerjend oan hoe’t Fryslân en de oare ‘uniëarre Nederlannen’ foar it earst in frije steatebûn waarden.

Woansdei, fiif maaie 2010.

Advertisements

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »

Gjin pompebledsjes, a.u.b.

Posted by André Looijenga on 13/02/2010

Ik bin de lokkige besitter fan in eksimplaar fan De Bosatlas van Fryslân. Hiel moaie kaarten fansels. Mar at ik de rêch fan’e atlas yn myn boekekast stean sjoch, stiet eat my dochs wat tsjin. Sa’n altiten wer opdûkend read pompeblêd, wat dwers en skean op syn kont lizzend.

Sjochst hieltyd mear pompeblêden yn Fryslân. Fan’e weinich flatteuze flaggepatroanen op wite sokken en ûnderbroeken dringt it reade bledsje him de lêste jierren mear en mear op as byldmerk fan’e Fryske identiteit. De provinsje, de Omrop, politike partijen, skoallen, soarchynstellings, it bedriuwslibben, allegearre toaie se har mei dit stikje banistike wetterfloara. Soms as in puntsje op in i (o, wat elegant en subtyl sa foar de trijetûzenste kear wjerkôge!), soms gewoan as in guodkeape reade klodder mei in namme deroerhinne. Altyd wer in pompeblêd, wat binne se dochs werkenber dy Friezen…

It pompeblêd ferwurdt ta in figeblêd. Lykas ferskûlet men jin derefter út skamte foar gebrek oan nije ideeën en tinzen. Doch mar gewoan it wenstige pompeblêd, doch mar gewoan sa’t wy it hjir altiten dogge. Tuike tuike, bêst genôch.

Wêrom net ris in oar symboal? Der is dochs in grutte rykdom oan oare bylden dy’t Friezen, Fryslân en it Frysk oproppe kinne? Doch ris ûngewoan en stek in ljipaai as flagge út, of in stinzeplant, in sealtektoer of in skries op’e hikke. Allinnich at wy ûngewoan doare te wêzen, bliuwt der wat te rêden en sille wy it miskyn rêde.

O ja, en dy Bosatlas van Fryslân dy’t ik fan myn âlden krige, dat is hiel moai ding. Mar meardere net-Fryske freonen fan my murken jit op dat der al wat mis mei is. Hja hiene ferwachte dat sa’n atlas hielendal Frysktalich wêze soe. Mar dat is fansels bûten de Friezen rekkene, foar wa’t dat in hiel stik té ûngewoan west hie.

Sneon, trettjin febrewaris 2010.

Posted in Fryskens | Tagged: , , , , , | 2 Comments »