Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘foarstel’

Nijwurderij

Posted by André Looijenga on 28/02/2010

It kenmerk fan in libbene taal is dat se hieltyd yn ûntwikkeling bliuwt. Nije wurden komme op en âlde reitsje yn ûnbrúk. In inkeld kear wurdt in âld wurd opdobbe foar in nije betsjutting. Stadichoan feroaret de útspraak fan in taal. Stadichoan feroaret ek de morfology.

Oer hoe’t de morfology fan it Frysk (benammen dy fan it tiidwurd) oan it feroarjen is, sil ik it in oare kear ha. No wol ik efkes dwaande hâlde mei Fryske néologismen.

Om te begjinnen, wy brûke hjoeddendei yn ús Frysk fansels in protte wurden en siswizen dy’t ús foarteam fan hûndert jier lyn net werkenne soe. Ús libbenswrâld is dan ek folslein oars as harrent wie. It seare plak dat ik lykwols oanwize wol, is oft de taal (= har aktive sprekkers) in part fan dy nije wurden foar nije ferskynsels út harsels foarme hat. Neffens my hat dat yn hast gjin gefal sa west. Nije Fryske wurden út’e tweintichste ieu binne hast allegearre lienwurden, dy’t hast sûnder útsûndering út it Nederlânsk of fia it Nederlânsk yn it Frysk bedarre binne. 

Oan’e hast eksklusyf Nederlânske ôfkomst fan nije wurden kinst merke dat it Frysk yn’e ôfrûne ieu fierder oan ‘autonomy’ (om it sa út te drukken) foar it Nederlânsk oer ferlern hat.

Ik wol op taalmêd gjin drammer wêze, mar ik wol àl graach sjen dat it Frysk yn syn wurdskat mear op eigen fuotten stiet. Dêrom soe men derfoar soargje moatte dat der mear ‘unyk’ Fryske wurden yn jins Frysk sitte. Foar in diel is dat in saak fan wurden sykje, lêze, sneupe, ôfharkje wêr’st se mar fine kinst. Mar foar in part giet it ek om (mei soarch en assosjaasje) nije wurden betinke foar eltsedeiske konsepten dy’t wol ferlet ha fan in nij eigen Frysk wurd.

Foarstellen foar nije wurden sil ik yn’e kommende tiid no en dan dwaan op dit blôch. It soe moai wêze, at guon fan jim, bêste lêzers, har ek foar sokke nijwurderij ynteressearje soene. Ik bin benijd wat soks opsmyt. Sjen oft it lukke kin om fanút’e blôchskriuwerij de Fryske wurdskat te ferrykjen…

Snein, achtentweintich febrewaris 2010.

Advertisements

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Ûndertitelje de Omrop!

Posted by André Looijenga on 22/02/2010

De skoares fan it Frysk op it gebiet fan skriuwen (en lêzen) binne skandalich leech. It is dochs om te gûlen dat, neffens de meast fleurige prognoazes, miskyn in krappe 20% fan’e Fryskpraters him by steat fielt om, yn in gongbere stavering, Frysk te skriuwen.

Yn it ûnderwiis moat der wat feroarje, fansels. Mar al dyjingen dy’t gjin ûnderwiis yn Fryslân folgje, soene lâns oare wegen safolle mooglik mei skreaun Frysk fertroud makke wurde moatte. In soad ‘funksjoneel analfabete’ Fryskprater sjogge nei Omrop Fryslân. Dêrom stel ik foar dat de Omrop, salang’t dy syn subsidiearre taak as befoarderer fan’e Fryske taal tenminsten serieus nimt, safolle as dwaanlik is syn programma’s yn it Frysk ûndertitelet. Ûnder it sjen en harkjen, bewust of ûnbewust, meilêze sil it publyk fan’e Omrop sûnder mis mear fan’e taal bewust meitsje, en sa hast ûnbewust better leare de taal te skriuwen.

Moandei, twaëntweintich febrewaris 2010.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , | 3 Comments »