Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Frijende Kikkerts’

Ek oan’e Kikkerts

Posted by André Looijenga on 16/04/2010

Ôfrûne wike rûn ik om mei de gedachte om oer dy boekepromoasje-aksje noch in blôchke te skriuwen mei as kop Kopulearjende Frosken. Mar op it stuit fyn ik soks in bytsje te ûntankber oerkomme.

By de post siet hjoed nammentlik in pakje fan Tresoar. Dêryn in eksimplaar fan Hylkje Goïnga har Frijende Kikkerts, twa promoasjefolderkes en in freonlike ansichtkaart fan Wieke de Haan (fan It Fryske Boek) persoanlik. Tige tank!

Ferline tiisdei hie ik yn Ljouwert noch by de Afûk-winkel oan west. Ta myn fernuvering leine dêr gjin Kikkert-boekjes om mei te krijen. (Wol haw ik dêr in Stellingwarver roman op’e kop tikt, mar dat is in oar ferhaal.) Dat de jûns werom mar yn’e pinne en freegje der mar efkes nei. No sa. In bernehân is gau fuld, no.

Ik bin fansels nea te beroerd my foar it karke fan’e Fryske boekepropaganda spanne te litten. (Lês, minsken, lês!)  Oer in skoftke kinne jimme op dit blôch dus fansels in resinsje fan’e Kikkerts (en dan net dy fan Aristofanes) ferwachtsje.

Freed, sechtjin april 2010.

Advertisements

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »