Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Frysk’

Nijmakke Frysk

Posted by André Looijenga on 23/01/2012

Fryske wurden: altyd wille. It sil tink de tiid fan it jier wêze fan de listkes mei bysûndere nije wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers keazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En myn buorman Anne Popkema hat it nijwurd ‘gévisme’ útfûn, en de tsjusterste Fryske nijfoarming útkeazen.

Nije wurden yn it Frysk bin ik fûleinich foarstanner fan. Mar dan ál nije Fryske wurden dy’t yn it Frysk sels útdoktere binne, at it heal kin. It listke fan It Nijs is oars wol grapstich – mar it binne wol neibaksels fan nije baksels út it Nederlânsk. Soks folget fansels út dat It Nijs ús nasjonale Fryske nijsgjirrige-berjochtsjes-oersettsjinst is (en soks moat der ek wêze). Wat de taal oangiet, gniis ik ek leaver om hoe’t It Nijs útentroch de bocht út fljocht (‘sylflarde’ foar zeilmeisje…), as dat ik it gûchel-trânsleed-Frysk op omropfryslan.nl lês…

Yn in taal komme út harsels nije wurden wannear’t de sprekkers nije dingen ûnder wurden bringe wolle, én dy sprekkers tagelyk har goed bewust binne fan har taal. Nijwurderij komt foar in part fan purisme, foar in part út kreätyf boartsjen mei it taalmateriaal. Salang’t der mei in taal boarte wurdt, libbet er. Echt goeie neologismen komme de taalbrûkers sels mei, sûnder oare talen sa mar oer te kopiearjen.

De gévismen fan Anne Popkema ynspirearren my om ek efkes wat ballen it fjild yn te slaan. Hy joech syn priis oan sjoddy!, in nijmakke groetnis troch Hanneke de Jong. Yn syn listke koe ek snoadfoan (hoewol in karbonpapierwurd) my wol bekoare. Mar even wat besyksels:

bûspjûter (s.): in kompjûtereftich apparaat (dat kin in snoadfoan wêze, of in iPad, in Blackberry, in tablet of sokssamear), dat maklik opburgen wurde kin, tagong biedt ta ynternet en wat sa mear

dreechskamte (s.): de oanstriid fan de media om it foar har publyk foaral net te dreech en net te ynhâldlik te meitsjen, lykas men yn Fryslân wol fernimme kin by Omrop Fryslân as it giet om de Fryske literatuer of om djipper lizzende maatskiplike problemen yn Fryslân

eigenblyn (adj.): de eigenskip dat der yn de perifery net (selsstannich) sjoen wurdt hokker kwaliteiten en kânsen der lizze yn de eigen omjouwing (of it moat wêze dat oaren, ornaris yn it sintrum, dy kwaliteiten yn de perifery oanwize)

lêbskoaie (v.): op (foar guon) irritearjende manear krityk leverje, wêrby’t hieltyd deselde útsliten arguminten brûkt wurde

protterpraat (s.): in hype dy’t foar koarte tiid de publike opynje behearsket, bgl. oproppen troch it mei sin oerémisbearjend tsjetterjen fan in raas-politikus, en dy’t in hoartsje foar kabaal en praterij soarget, – lykas in kloft protters yn in beam

sjummijris (adv.): selsbewust earne mei pronkjend, bgl.: De skoaljonge siet sjummijris mei syn djoere bûspjûter te pielen.

stikkenprate (v.): 1) troch oanhâldende krityk fernijende en nijsgjirrige plannen wjerhâlde; 2) datselde, mar dan trochdat de plannen troch te lange politike diskusje net op’e reed reitsje

teferbouwe (v.): eat ferniele troch rigûreuze nijbou, bgl.: De Grutte Merk fan Grins wurdt teferboud troch de komst fan it ‘Groninger Forum’. [Ôfliedings mei te-, dy’t oan tiidwurden de betsjutting ‘stikken meitsje’ jouwe, binne in wat fergetten skat yn it Fryske leksikon!]

trânsleed (s.): minne oersetting troch it letterlik fertalen fan taaleigen út in oare taal (yn it Nederlânsk benammen ûnder ynfloed fan it Ingelsk, yn it Frysk ûnder dy fan it Nederlânsk)

wanwurd (s.): in (meast nijfoarme) wurd, dat: a) om politike redenen in beskaat ferskynsel as ten ûnrjochte as bedriigjend of misdiedich foarstelt, of b) in grouwélich ferskynsel ûnskuldich besiket te meitsjen, of c) minsken ymplisyt fan har minsklike weardigens ûntdocht troch har metafoarysk as guod, amorfe massa of natoerferskynsel út te byldzjen

Moaie wurden binne it net allegear, jou’k ta. Mar nedich binne se ál.

Moandei, trijentweintich jannewaris 2012.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Taalhifker

Posted by André Looijenga on 30/11/2011

Oan alle kanten wurdt de Fryske taal, wat de ‘kwaliteit’ oangiet, bedrige. Goed, útstjerre sil hja foarearst noch net, mar it soarte Frysk dat no trochjûn wurdt, is yn wurdskat én yn syntaksis neffens my oanwiisber mear ‘Hollânsk’ as dat fan in ginneraasje earder. En dát wie dat wer mear as dat foar har. Dit is gjin gewoane ‘taalferoaring’, lykas guon úthâlde. Dit is in linkendewei fierdergeande ‘ferdialekting’ fan it Frysk.

De Provinsje hat de Fryske Akademy in pûde jild jûn foar in digitaal Frysk ‘Grien Boekje’, lies ik niis. Dat is moai, en ik hoopje dat de ynvestearring in folle yntelliginter applikaasje opsmyt as de ‘Staveringshifker’, dêr’t men jin no mei rêde moat (dy’t û.o. mient  wurdsjes as dochs en hiel gjin goed Frysk binne). Op himsels is ús, sub-ideäle, Steatestavering fan 1980 net hiel dreech, al soe men faaks oars tinke op grûn fan hoe’t der ornaris stavere wurdt, dat sa’n staverings-app moast mar wêze.

Noflik oan it Frysk fyn ik lykwols dat de noarm linich is. Salang’tst ús romme repertwaar oan lûden kreas ûnderskaatst, en dêrby rekken hâldst mei in stik as wat domme rigeltsjes oer f, s, g, ch en sa, kin watst skriuwst meastentiids ridlik besjen lije. Dêrbinnen stiet it ien ridlik frij hokker fariant er kiest, neigeraden mear of minder dúdlike regionale ûnderskieden en foaral persoanlike foarkar: hyt of hjit, witte of witehiel of heeldo of , efter of achter. Of om de foarbylden yn’e Ljouwerter te nimmen: Itaalje of Italië, tillefoan of telefoan. Foar in part hawwe it dan oer streekfariaasje, foar in part ék oer de al as net bewuste ‘distansearring’ fan jins Frysk foar it Nederlânsk oer.

Suver wat kjel wurd ik derfan as it kedizen oer sókke saken oft se goed Frysk as net binne, oerlitten wurdt oan’e taalkundigen fan’e Akademy. Soks júst om dat prinsipe fan distansearring — dêr’t elk dy’t bewust Frysk skriuwt, ymplisyt in persoanlike, eins ‘politike’ kar oer makket –, dêr’t net ienriedich oer kediisd wurde kin. Yn it Frysk Hânwurdboek kin ik persoanlik my bygelyks net lyk fine yn’e kar foar hjit ynstee fan hyt as lemma (beide ‘goed’) en foar brâne ynstee fan baarne (dat ommers algemien as ‘gever’ jildt). In ‘Griene Boekje’ heart net te gean oer it fêststellen fan hokker fariant noarm wêze soe, mar moat in help wêze yn it konsistint en lêsber staverjen fan withokfoar Fryske taalfariant.

Dêrby lykwols soe it baas wêze as sa’n Griene-Boekje-app mear die as inkeld advys jaan oer tusken-n‘en, apostrofs en ferbiningsstreekjes. Ik soe graach in ynstrumint hawwe dat my by it Frysk skriuwen synonimen oanrikke kin, binnen it hiele ferskaat oan stylnivo’s (jerne ynklusyf seldsume âldfrinzichheden) en regionalismen. In apparaat dat teksten neisjocht op wurdfolchoarder, en boppedat advys jout en fariearje ek syntaktysk fleurich yn jins Frysk. Gjin nuete staveringshifker, mar in mearfâldige taalhifker. As dy app sa wurkje soe, soene je alle kearen ûnder it Frysk typen je taal ferrykje. 

Sá’n ‘Grien Boekje’, dêr hat (of by need op’e Klaai: het) it Frysk pas écht ferlet fan.

Woansdei, tritich novimber 2011.

Posted in No-tiid, Taal | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Wurdwurk – III

Posted by André Looijenga on 27/10/2011

Dizze wike haw ik dwaande west mei it wurk fan Durk van der Ploeg, de grut âld man yn’e Fryske letteretún, oan wa’t oer oardel wike de Gysbert Japicx-priis útrikt wurdt. Ta eare fan’e laureaat bringt ensafh in spesjale digy út, dat sadwaande.

Nijsgjirrich nei it iere, poëtyske, wurk fan Van der Ploeg haw ik okkerdeis syn earste twa bondels oantúgd. Lok op eachlingte (Drachten 1959) en It libertynsk gehucht (Ljouwert 1964).

Benammen de fersen yn Van der Ploeg syn twadde bondel sitte grôtfol ûnwenstige wurden. Safolle dat ik de helte derfan sûnder wurdboek net lêze kin, — eat dat wierskynlik foar hast alle Frysktaligen jildt. Dizze hermetyske taal sette my derta oan om dizze wurden dan mar allegear op te sykjen, dêr’t ûndersteande list it risseltaat fan is. (In ‘wurdwurk’ dus, lykas ik earder ris mei boeken fan Elmar Kuiper en Trinus Riemersma dien haw, mar dan mei mear wurden.) De oerdied oan frjemde wurden stjit ôf, mar lûkt my eins likegoed wer oan om’t ik dochs nijsgjirrich bin wát al dizze, dochs ek Fryske, wurden betsjutte.

Yn guon fan’e gedichten is Van der Ploeg sa fier gien yn’e úthernen fan it leksikon dat se as betsjutting hawwende fersen mislearre binne. It steapeljen fan ûnbekende(re) wurden set se tebek ta inkeld ritmyske klanken, dy’t tafallich ek noch yn it wurdboek stean. Wannear’tst dy lykwols op dat obskuere leksikon stoartst, blykje dy útwrydske wurden ynienen sparken fan in fergetten wrâld bedobbe ûnder ús deiske Frysk. In obskuer, okkult Frysk, út oerbeppe’ tiid grif, dat mei lytse skokjes ús ferbynt mei in wrâld fan lytse wâldklinten, duvelbanners, spoekferhalen, byleauwe en tsjoenderij. It is in taal dy’t ien is mei it tsjustere, profetyske en beswarrende fan de poëzij fan It libertynsk gehucht.

Om de ferbinings mei in ûnbekend eartiids dy’t se ús jouwe, dizze list mei bysûndere, ûnwenstige wurden dus. By guon haw ik in passaazje út it fers sitearre, om wat kontekst te jaan (hoewol’t dy gauris neat ferdútst): LE = Lok op eachlingte, LG = It libertynsk gehucht. Wurden mei in stjerke (*) steane net yn it Frysk Hânwurdboek. Twa gefallen holp gjin ien wurdboek by.

En se no mar besykje te brûken, no.

(O, en wurdsje fansiden noch: dit artikeltsje is al wer myn hûndertfúftichste blôchke. As jubileumblôchke mar even in grouwe âldfader, tink.)

.  

aalst (de): alsem, in bitter krûd, Artemisia absinthium L.

adamje: swier bealgje om de kost te fertsjinjen

ang (de): glâns, bgl. fan sûnens

babbe* (de): ûnnoazel frommes

banne: útdriuwe, fuortjeie; (neffens byleauwe dêrtroch) genêze – no’t it flesk flesk bernet / en it bloed bloed bant (LG 13)

beke* en beule: twa bernespultsjes, it ien mei knoopkes, it oar in werpspul

bewuolje: eat yn eat wikkelje

biggel* (it): big, jonge baarch – ik rûn as in harder it biggel nei (LG 9)

biuwe*: opskeppe, swetse, ‘poche’ – ik koe har ferhaal fan biuwen en faazjen (LG 16)

bloedeigen: bloedferwant, út eigen famylje

brûs (it): skom, bgl. op it wetter

buotsiker (= bûtsiker, de): strânjutter

dalje (de): fûle, rûge reaksje; skreau; slaanderij

fan degen oan*: fannijs, op’e nij

deidagen* (de, pl.): [stiet net yn’e wurdboeken, faaks: oerdeis, by ljochtskyndei] – muorren / dy’t fan de deidagen beplastere binne (LE 6)

elberich*: derten, blier, fleurich (fgl. Dútsk albern ‘healwiis’?)

elf*: froed, ferstannich – elf hoedet hja de drimpel fan / yngong en útgong (LG 20)

Read the rest of this entry »

Posted in Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

De stille taal

Posted by André Looijenga on 25/10/2011

Wannear’t ik troch bgl. Ljouwert rin, ûntkom ik der net oan dat ik ôfharkje yn hokker talen de minsken op strjitte prate. Yn it begjin falt it altyd ôf: in soad ‘gewoan’ Nederlânsk. En dan net iens mei in noardlike tongfal, mar fan dat rânestêdlike middenklasse-Hollânsk. Of fan dat ‘allochtoan’ klinkende Nederlânsk, mei ferkearde lidwurden, ek wol by jongerein dy’t der hielendal net Net-Westersk útsjogge. Mar in pear stappen fierder hear ik dan dochs in heale sin yn it Frysk. En hee, dochs ek Luwadders, en dan noch wol út’e mûle fan in kreaze ûndernimmer-eftich útsjende dame fan yn’e fjirtich. Wer wat Frysk dan… ja, dúdlik Klaai ditkear. En in boufakker ropt in pear kreten, yn it Poalsk tink. Dêr fierderop wat dronkemanspetear, yn it Papiamentsk faaks. En dan fytse op’e Foarstreek wat frommiskes dy’t fleurich kwebbelje yn it Dútsk, HBO-studintes grif.

Tusken al it Nederlânsk yn, tusken de oare talen yn, is it Frysk wol te beharkjen yn Ljouwert. Mar it is meastens in flard, koart en sêft. Tsjin goekunde dêr’t ien mei oprint, nea sa mar tsjin frjemd. It Frysk is in taal dy’t net roppen wurdt. In taal dêr’t net yn bidle wurdt. Gjin reklame yn gjalpe wurdt.

Ast yn Ljouwert rinst, hearst de measte minsken dy’t prate, yn it Nederlânsk praten. Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

It Frysk is der wol, mar it hâldt him meast stil. Dat is eink it lot fan it Frysk: in stille taal te wêzen. It Frysk is net in taal fan in soad wurden, fan omhaal en fan gebearten, fan komsa en fan pûha. Wannear’t it grutter moat, dan skreaut it Nederlânsk der wol oerhinne.

Tiisdei, fiifentweintich oktober 2011.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , | 1 Comment »

Beppetaal

Posted by André Looijenga on 01/10/2011

Ien fan’e moaie dingen fan yn it Frysk skriuwen fyn ik dat it mear aksepteard wurdt, ast de taal in bytsje mear ‘fan dysels’ makkest. Datst der mear mei eksperimintearje meist. De taal in bytsje mear nei dyn hân sette meist, sûnder datst daalks as in heal-analfabeet te kyk stieste. It Frysk jout in frijheid om, bytsje by bytsje, dyn eigen wurden yn te bringen. It Frysk kin in frijheid meibringe, dêr’t eltsenien in taalkeunstner yn wêze kin.

Spitich lykwols dat de measte Fryskpraters en -skriuwers dy frijheid net oanpakke. Oer it ginneraal is dat Frysk fan ús net bot ynnovatyf yn wurdfoarmings bygelyks. Der komme wol nije wurden, dat kinst net opkeare, mar dy nije wurden binne hast inkeld Nederlânske en Nederlânsk-Ingelske wurden…

Fan it oanbegjin ôf dat ik dit Frysk Deiblôch ûnderhâld, haw ik my dwaande holden mei it útwreidzjen fan’e Fryske wurdskat. Yn it begjin suggerearre ik wolris neologismen. Krekt as waard dat oppakt, kaam der in priisfraach, dêr’t ik foar myn nijwurderij in twadde priis wûn. Rillegau kearde ik my rjochting al dy moaie ‘âlde’ Fryske wurden dêr’t ik ornaris oer hinne lies, en begûn ik oan wurdwurk te dwaan. Gewoan: opfallende wurden notearje mei de betsjutting derneist. En se dêrnei besykje te brûken fansels. Op dizze wize wol ik wat dwaan oan it Fryske Leksikale Drama, om de dingen ris fet en swier út te drukken: it Frysk bliuwt foarearst wol bestean, mar ús Fryske wurdskat wurdt lytser en lytser.

Om dochs mar wer ris te nijwurdzjen… as ík ien nij Frysk wurd húsriem wêze litte wol, soe dat beppetaal wêze moatte. Dat hat fansels te krijen mei myn eigen taal- en famyljesitewaasje. Guon sil it fernuverje, mar it Frysk is myn memmetaal net. En ek mei ús heit praat ik meastens Nederlânsk. Mar sýn âlden, myn pake en beppe oan’e Fryske kant fan’e famylje, praten ál Frysk. (Liezen ek Frysk boppedat, lykas earder ris sjoen litten haw.) Letterlik haw ik dan net it Frysk fan ús beppe (dêrfoar is se spitigernôch te ier ferstoarn), mar mei beppetaal jou ik wol myn besibbens op ôfstân ta it Frysk oan. Lykas by my, sil de ferhâlding ta de Fryske ‘beppetaal’ fan in soad (twadde-taal-)sprekkers yninoar stekke.

Pas de lêste tiid, no’t ik sa yn it Frysk fersille rekke bin, kringt ta my troch dat ik noch in oare beppetaal haw. By ús mem thús wie de taal ommers Drintsk. Fan it simmer bin ik begûn en ferdjipje myn kennis fan it (Súdwestlik) Drintsk, en wat dêrmei anneks is, in bytsje. Eink begûn dat mei in tochtsje troch de Stellingwerven, op in moandei mei dramatyske buien yn augustus, wol’k leauwe. Yn Wolvegea krige ik in Stellingwarfs Woordenboek, rillegau dêrnei waard ek in Drintsk leksikon oantúgd.

It ferbetterjen fan myn Drintsk (c.q. Stellingwarfsk, want it grutste ferskil tusken dát en it dialekt fan Nijeveen is de mysterieuze ae) falt my oars net ta. As ik it mei mysels oefenje, fal ik yn eltse twadde sin werom op it Frysk. Dat sit blykber op’e selde ‘bânbreedte’, liket it wol. Boppedat bin’k wat bang dat ik it Saksyske aksint tefolle oerdriuw, en it as in parody klinkt.

Hawar, wy wiene lêsten ris yn’e Stellingwerven. Doe’t wy, nei stops yn Wolvegea en Noardwâlde, by Berkeap de taalgrins hast wer oer soene, moasten wy dêr yn it doarp ôfremme foar in man mei in kroade dy’t oerstuts. In âldere hear, mei in prûk wyt hier en in reade reinjas oan, toffele de strjitte oer. Verduld, dat leek ja Johan Veenstra wel. Johan Veenstra sil it wol west ha, dy’t krekt op dat momint Stellingwarver boeken oan it suteljen wie. Haw der noch spyt fan dat’k net even útstapt bin.

Ien fan’e skaaimerken fan dit blôch moat ik ta beslút ek net ferjitte: in fotootsje fan in âlde tsjerke… Ûnderweis dy dei haw ik de toer fan Pepergea efkes op’e plaat set. Om op beppetaal werom te kommen, en dêrby dan dus op myn oma-taal… it wie dizze keine let-goatyske toer dy’t ik al safolle kearen sjoen hie op sneintemiddeis fanút de auto ûnderweis nei oma. No stie ik der foar it earst deun neist.

De toer fan Pepergea mei tongerwolken

Sneon, ien oktober 2011.

Posted in Dien, Fryskens, Taal, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 3 Comments »

Wurdwurk – II

Posted by André Looijenga on 28/05/2011

Frysk leare je net (allinnich) yn’e buorren, fan jins âlden, lit stean op skoalle. Foar my alteast is it middel om myn Frysk fierder út te djipjen: lêze, en lêze. De basis fan it Frysk hat by my fan jongs ôf wol oanwêzich west, krekt as dat foar de measte fan myn Fryske generaasjegenoaten hooplik wol jildt. Mar de ‘écht Fryske’ wurden en útdrukkings foarby de brede basisbehearsking, haw ik, leau’k, pas yn’e ôfrûne tsien jier by-iengarre.

Noch altiten tink ik dat ik my yn it Frysk net better of autentiker útdrukke kin as yn (myn) Nederlânsk. Ommers hat in (leksikaal diels Fryskich) Nederlânsk altyd myn thústaal west, mar is der mei it Nederlânsk in folle riker ferskaat oan foarbylden om nei te folgjen. Meidat it Nederlânsk breder is, sa folle oanwêziger is, sil der eins gjin inkelde geletterde Fries wêze dy’t it Frysk better behearsket as dat Nederlânsk. Troch de posysje fan it Nederlânsk foar it Frysk oer, jildt soks net allinnich foar Friezen yn waans talige opfieding it Frysk twadst kaam.

Dêrom wantrou ik eins Fryske skriuwers dy’t úthâlde wolle dat hja Frysk skriuwe om’t se har yn dizze taal better, persoanliker útdrukke kinne. Persoanliker is autentiker, ymplisearje hja, en is dêrom yntrinsyk better. Harren Frysk is neffens my likegoed oanleard as mynt. De kar foar it Frysk hat de romantyske dizenichheden fan oanberne autentisiteit hielendal net nedich. Júst it oanlearde, it opheinde út in bûtenwenstige tradysje, it oeral fuort by-ienswile fan it literêre Frysk meitsje de taal foar my sok nijsgjirrich materiaal om mei te wurkjen. De kar foar in lytse taal lykas it Frysk hat alles te krijen mei de frijheid dy’t de lytsens jout.

Mar hawar, dêr sil ik skylk fêst mear oer sizze. Werom nei it by-ienswyljen fan minder bekinde Fryske wurden, it ‘wurdwurk’ dêr’t ik lêsten ek ris in blôchke oer skreau. Dit kear wurden út de lêste bondel fan in frij jonge dichter út Húns: Elmar Kuiper, mei syn Granytglimkes.

Elmar kiest yn syn glimkes mei opsetsin ek wurden dy’t net eltsenien yn syn basiswurdskat hat. Syn ynspiraasjewellen hat er dúdlik ék yn it wurk fan skriuwers út eardere generaasjes (wat yn syn gefal foar in part yn’e famylje bliuwt). Ien fan syn bêste fersen is diels in poëtikale ferklearring dat er “it krûdige mûltsje / it blomrike wurd” him ta-eigenet fan d’Âld Boer (sa’t ik him yn Tersoal neamd heard haw): D.H. Kiestra. It wie dit gedicht dat my oerhelle en keapje Granytglimkes. Ik haw dêr gjin spyt fan hân:

net grine

.

soan

net grine

.

de twadde ûngetiid krûpt

út’e fingers waakst

.

ik helje in splinter út dyn tomme

en reitsje yn’e mimer wei

.

ik ha de spiegel van de friese poëzie

van de zeventiende eeuw tot heden

en lês in fers fan douwe hermans kiestra

.

wêr priuwt it nei? nageltsiis?

wêr rûkt it nei? oploege hea?

.

ik anneksearje it krûdige mûltsje

it blomrike wurd en lit de flibe

oan de bek fan in ko

.

kom mar by heit soan

.

net grine

ik plak in pleister

op de grutste pine

By de presintaasje fan’e bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal okkerdeis yn Britswert wie der in oerweldigjend ‘lûdlânskip’ (soundscape) fan û.o. de bruorren Kuiper. Mei it abstrakte fan lûd like hast mear as mei foardracht fan wurden djippe tinzen en bylden oerdragen te wurden, of tenminsten sa oerstjalpen my dizze doarmjendende klanken. No ja, ûnder wurden te bringen is soks eins net, prachtich wie it ál.

My stiet by hoe’t Elmar op in stuit syn mikrofoan oer syn eigen lichem streake, en ek oer de mânske griisstiennen 16e-ieuske sark dy’t foar him yn it gongpaad lei. Út de wurden dy’t ik út syn bondel tept haw, heinst ek op hoe sensityf at Elmar Kuiper syn waarnimmings binne yn syn fersen. Hoe’t er mei syn rike Fryske wurdkar hiel presys súntsjese beweginkjes en lûdsjes, neist snelle en hurde, ûnder wurden bringe kin.

Teister, teppe en oantippe binne skoandere wurden om súntsjes mei te fielen. Skimkje is in wûnder wurd foar it flugge fleanen fan sweltsjes, at se boppe in sleat op michjes jeie. Súntsjes krieze de stientsjes ûnder de fuotten. Wylst it oan’e kant sa stil wêze kin datst de fûgelwjukken knierjen hearst, kinst yn it Frysk ek skerp it hurde en it (al as net ûngekontrolearre) rûge ferwurdzje: djoeie, flymje, moartsje, pylkje, ramaaie, rimpentyskje.

Hjirby dus wer in listke wurden dy’t ik foarhinne net (of mar heal) koe:

bedjipje: peile, oerdr.: hielendal ta de boaiem begripe

blaai (de): tonge (fan in bist, of yn rûge taal)

briedklok (de): briedende hin

djoeie: libbenich, derten en oerdwylsk omspringe; paringsdrift hawwe (fan manlike bisten)

eachein (it): horizon

eazje: hiel hurd reine, ben. yn: reine dat it eazet

fersêdzje: sêd meitsje

fersmite: mei klam ôfwize

ferwâdzje: fertraapje troch earne trochhinne te rinnen

flymje: mei in skerp mes snije; pine dwaan

de fûst krôlje: de hân ta in fûst meitsje

geld: ûnbefruchte, ben.: gelde aaien

grissel (de): in lyts bytsje, bgl: ‘in grissel moed’

jok (de): sij, wyfke fan’e ljip 

kloer (de): klau fan in rôffûgel

knierje: skarnierjend bewege, bgl. flerken

kommendeweis wêze: ûnderweis, op komst wêze

krieze: it lûd meitsje fan sân tusken de tosken, of fan stientsjes ûnder de klompen

de lapen gearsmite: trouwe gean [in frijwat ûnsjogge útdrukking, neffens my]

lijwetterich sjen: suf út’e eagen sjen

mallemok (de): in seefûgel, Noordse stormvogel (Fulmarus glacialis L.)

moartsje: hurd skrieme, skreauwe

mûdhûn (de): soart fisk, zeelt (Tinca tinca L.)

oantippe: efkes licht oanreitsje

omtoarkje: sûnder doel omswalke

opwâlje: opwelje

pylkje: flitse, foarby sjitte as in pylk

plakjeboartsje: ferstoppertsje boartsje

plan-út: iepenlik, sûnder te skamjen of te ferbergjen

pûdsje oan in spiker: (skelwurd) sukkel, sloppeling

ramaaie: wyld om hinne slaan

rimpen: hastich, rûch, mei wyld en krêftich om him hinne slaand 

rudich: skurftich, bgl. in rudige hûn

skatterje: hurd laitsje, of in dêrop lykjend lûd meitsje

skimkje: leech earne oerhinne fleane (benammen oer wetter), bgl. as in sweltsje

sljochtwei: (bywurd) simpel, gewoan

smout: lij, smûk, gesellich

snústerich: in bytsje suterich, earmoedich, fersliten

spekrûp (de): larve fan in tuorre (tor)

spytgnyskje: spottend gnize

stjurje: hurd wurde, stollen

teister (de): eat lyts en tins dat útstekt, bgl. in hier, in fielspryt fan in ynsekt, in wimper, in sliertsje of in plúske

teppe: eat earne út plukke, lûke; eat súntsjes oanreitsje

(earne op) tidigje: earne op rekkenje, earne fanút gean 

tyskje: hinne-wer bewege, hieltyd hinne-wer slaan; hieltyd earne op slaan (ben. op bisten) 

yn ûnmacht lizze: op’e rêch lizze en net mear oerein komme kinne, lykas in skiep 

welle (de): boarne

woltier (de): voorspoed, welvaart; goede sûnens

Sneon, achtentweintich maaie 2011.

Posted in Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , , | 4 Comments »

Wiel fan roken

Posted by André Looijenga on 20/02/2011

Wa’t mient dat er mei it skriuwen fan fersen it ien-wêzen fan Europa befoarderje kin, hat fansels myn folsleine sympaty. Sa’n ien is Herman Rohaert, dichter út Sint-Truiden yn Belgysk-Limboarch. Op syn side garret er oersettings fan syn gedicht ‘Ontmoeting’, dat er skreau by de lêste útwreiding fan’e Europeeske Uny. Yn safolle mooglik Europeeske talen en streektalen wolle Herman Rohaert en syn kompanjon Herman Fabre ferzys fan dit fers op syn blôch by-ienbringe. Frjemdernôch moasten se oant juster wachtsjen ear’t se in oersetting yn it Frysk ûntfongen…

In poëzij-oersettingsprojekt lykas dit komt ús yn it Fryske bekind foar, fansels. My sjit in rige wrâldwide bewurkings binnen fan it fers ‘Kastanjes’ fan J.H. Brouwer, dy’t ein jierren njontich yn’e Ljouwerter ferskynden. En, faaks in pear jier letter, waard Tiny Mulder har gedicht ‘Bitterswiet’ yn in hiele kliber oare talen oerbrocht.

Dat, mei de hjir folgjende ferfrysking haw ik de Hermannen út Sint-Truiden út’e brân holpen. Mei in bytsje help fan’e hearen Buwalda, Meerburg en Poortinga, dat is te sizzen. Want, skriuwt men Frysk foar yn’e etalaazje, moat it wol wat bylkje, no. 

Moeting

.

Trêdest de romte

en myn eagenblik binnen

sjochst net op, litst neat merke

draachst dyn wrâld mei yn

kylwetter, wale, sleep en

wiel fan roken.

Wy moetsje en ûntbine,

alles mei no, alles raant gear.

Giest fuort, litst bûlen

efter, se glinsterje

oant se iepenspatte, ien foar

ien, neaken en leechwaaid

myn strân.

Op’e Ontmoeting-blôchside stiet myn bewurking no tusken in moai espeltsje oare oersettings, yndield yn offisjele Europeeske talen, Europeeske minderheidstalen (wêrûnder dus no Frysk mei Cymraeg, Euskara en Lëtzebuergesch), en streektalen út’e Lege Lannen. Benammen út’e beide Limboargen sit der nijsgjirrichs tusken, dat wy oan’e noarderigge fan dat taalgebiet komselden heare.

Nim no dizze oersetting (uvverzetsoeng) yn it dialekt fan Kerkrade. Nei it skynt, ferskilt dit Kirchröadsj like folle fan it standert-Nederlânsk as it Frysk docht. Twa utersten ûnder ien standerttaal, it ien efter de iennichste echte Westgermaanske taalgrins, it oare oarekant in rige isoglossen dy’t as isobaren op’e linguïstyske waarkaart lizze:  

Bejieënoeng

.

Doe kuns de ruumde

en miene momang eri

kieks nit óp, lieëts nuus merke

doe dreëts dieng welt in

diene sjtroom, sjlaier en sjleef en

jeróchswusj.

V’r bejieëne en verjunt

alles darf noe, alles versjmilst.

Doe vertruks, lieëts blöas-jer

hinger, ze jlienstere

bis ze oeseree platse, ee vuur

ee, naks en leëg

mie sjtrand.

.

(Oerset troch Paul Weële.)

Herman Rohaert en Herman Fabre sykje noch altyd mear oersettings yn mear talen. Ûnder de gruttere minderheidstalen moatte se yn alle gefal Bretonsk, Korsikaansk en Sardynsk noch hawwe. Mar ek yn’e lytsere Fryske talen en dialekten soene oerbringings har fertuten dwaan. Sealterlânsk, Söl’ring, Standert-Noardfrysk; Hylpersk, Aastersk, Skiermuontseachsk; Bildtsk, Snitsersk, Stellingwarfsk… stjoer mar yn nei Sint-Truiden, en lit se yn Limboarch sjen dat jimme streektaal ék bestiet.

Snein, tweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , | 4 Comments »

It swarte wetter

Posted by André Looijenga on 28/01/2011

De Afûk-winkel hie in taffeltsje boeken yn’e útferkeap. Hast fergees in nustke dichtbondeltsjes meinaam. Fan Riemersma (dy’t ik sparje) de nuveraardige ienakter Try-Out út 1995. En it moaist faaks de essaybondel Skiep binne der inkeld om skeard te wurden fan Freark Jan Bergstra. Komselden lies ik sokke ferstannige tinzen oer it Frysk yn it Frysk. It measte dat ik hjoeddendei fyn oer de steat fan dizze taal, fûn Bergstra al yn’e jierren sechtich.

Fansels, wy witte it, is it mei it Frysk sûnt noch fierder op’e non rûn. Goed, de Fryske taal is ynstitúsjoneel noch wat better beskerme, en der binne party nijsgjirriger Fryske boeken by skreaun as wat Bergstra yn syn jonge jierren te lêzen hie, mar fan’e taalsituaasje fan no wurdt men net fleuriger as fan dy fúftich jier lyn. Sûmberens en skodholjen wol ik hjir op myn blôch net oerhearskje litte, mar de tastân sa’t dy is, fette ús Westfryske freon Plaatsman fan’e wike, yn in blôchke oer de jûn omtrint Steven de Jong syn samle fersen, yn ien byld gear. In Fryslân lêst syn toppers-folderke, fan klearebare earmoed bryk twatalich: 

Veel grijze hoofden waren daar, maar ook een jeugdige enkeling, voor wie er foldertjes werden rondgedeeld over verliefd zijn in het Fries en waarop achter het Friese woord fereale tussen haakjes was geschreven dat het verliefd betekende. Jonge Friezen lazen hun taal niet meer, niet omdat ze niet van lezen hielden, maar simpelweg omdat ze hun taal niet meer voldoende kenden. Was dat dan onwil? Hoe mooi de avond verder ook was, met poëzij en Friese opera, het was dat foldertje, het was die vaststelling die bekleef: het geschreven Fries was stervende.

Nee, ik wol net sûmberje. Àl stinne, mar net te folle útsprekke, no, dan praat men jinsels ek mar omleech. It mar net ha oer hoe’t Omrop Fryslân Radio, sels at der fan in hegere ynstânsje in gedichtedei ferordonearre is om omtinken oan te jaan, de Fryske poëzij nóch sloere lit, troch inkeld (op himsels bêst klassike) Nederlânsktalige fersen foar te dragen en de harkers dêrop te fergjen fral har eigen skreaune gedichten yn te stjoeren. Of alteast, sa hearde ik it juster tusken’e middei. Neat gjin Frysktalige poëtyske tradysje hjir yn’e provinsje blykber. Inkeld pinsjonearre-húsfrouwe-nifelrymkes, leafst yn it ‘Hollânsk’, binne goedernôch foar de ether tink. Lit my der mar net fierder oer wjirje.

Nee, ik tink dat se by de Omrop pynlike goed troch ha hoe’t de flagge derfoar hinget. Lit ús mar ûnbenullige provinsjaaltsjes bliuwe hjir yn Fryslân. Oaren hyltyd efternei rinne en sels gjin aan ha oer wat ús as ússels de muoite wurdich makket.

Genôch! net sa grimmitich eamelje; tiid foar in gedicht!

Om myn hûndertst blôchke te besluten mei poëzij, haw ik wer ris ien útkeazen dat ik (ûnterjochte!) net yn’e wenstige blomlêzings fûn, mar dat ik àl ien fan’e bêste fersen fan Steven H.P. de Jong fyn. At ienris myn Fryske Nescio ôf (en út-) komt, wol ik dizze fjirde Românse as it motto ôfprintsje:

stobben

.

ús hûzen binne lyts

ús lân is plat

mar

wy bouwe geweldige

loftkastielen

.

wy binne noait thús

en dogge neat

as

stean

oerenlang

oan’e kant fan it wetter

.

wy stoarje grimmitich

de ûndergeande sinne nei

it antlit tefretten

fan waar en wyn

.

stobben

oan’e igge fan’e mar

.

yn’e nacht

wurde wy wei

ien

mei ‘t swarte wetter

fan ús dreamen

Neat dwaan. Stoareagje oer de mar. Ta beslút ien wurde mei de krûme wylgen oan it swarte wiid. Frysker kin hast net, soe’k sizze, en dat is net allinne sarkastysk miend.

Wat my rekket yn dit fers, is it wei wurde, en ien wurde, yn’e lêste strofe. Dêryn die it swarte wetter my hiel bot tinke oan in oar, al klassyk, Frysk gedicht. My liket de kâns grut dat Steven de Jong it yn gedachten hie, doe’t er dit fers skreau. D.H. Kiestra hat ommers yn syn oangripende ‘de fuortgong‘ (út it jier yn ‘t roun, 1955) de folgjende rigels, dy’t taspylje op in sels-keazen dea:

dat dôch de jeld ús hjirre net omklamme,

mei soargesyktmen, dat wy net biskamme,

leech oer de groun in lêste ôfreis sochten

yn kâld swart wetter fan de djippe tochten,

dy’t fryslân folle hat, tòfolle Hear!

Swart wetter, dat it ús mar net fuortlûkt. Dat wy mar stinne meie, en lêze, en stoareagje, en net tefolle swije, at it even kin.

Freed, achtentweintich jannewaris 2011.

Posted in Fryskens, Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »

Oppoaide snobberskrobbe

Posted by André Looijenga on 13/01/2011

Faaks witte jo noch wol dat ik in pear moanne lyn skreau oer in oersetkriich foar nije Fryske wurden. Moarn (14 jannewaris) sil de priisútrikking wêze, en, jawis, ik bin nominearre! At jo it feest oanskôgje wolle, soargje dan dat jo om healwei fjouweren yn Tresoar binne.

Ûnder dizze link fine jo de list mei wurden dy’t nominearre waarden.

Fan myn hân is oppoaie, in ferfrysking fan ‘pimpen’. 

No moat ik tajaan dat ik ‘pimpen’ eins wat in suspekt wurd fyn. Dy assosjaasje mei frou-útbuitsjende blingbling. Dy gragens wêrmei’t it wurdsje ‘(op)pimpen’ ynienen opgong makke yn it Nederlânsk. No ja, de irony nominearre te wurden foar eat dêr’t ik eins wat wearze ta fiel, hâld ik wol wer fan.

Oppoaie betocht ik doedestiids as in soarte ‘efter-tins’, wylst ik wat troch it wurdboek blêde foar’t ik myn optinkselkes ynstjoerde. It foel sa op syn plak. Foar it Fryske lûdseffekt hie oppoaikje (mei brekking) faaks wat moaier (mei brekking) west. Foar it meitsjen fan ôfliedings (oppoaierij, oppoaikerij) hie soks ek wat salonfähiger klonken.

Snobberskrobben

No’t de nominaasjes frijjûn binne, is it gaadlik dêroer te spekulearjen tink. Hokker wurd sil fan it wykein yn’e krante komme? Wa wurdsjebakker kriget in tút fan mefrou de deputearre?

Sels liket my ferhynstepôlje tige kânsryk. Dat hie ik wol betinke wollen: in poëtysk klinkend wurd foar in aktueel sosjaal-geografysk ferskynsel (‘verpaarding’: de opkomst fan’e rekréative hynstehâlderij). In je-tiidwurd mei nasalisearring fan’e en in ikoanyske ô.

Ek sterk fyn ik tút-en-derút. In ‘kiss-and-ride’-plak, by it stasjon. Of foar de doar fan in basisskoalle mei suertsjes fan âlden, dy’t miene dat har bern net rinne/fytse kinne. Tút-en-derút wint it yn alle gefal fan it weeë Nederlânske ‘zoenzone’. En fan ôftutersherne, dat ik ynstjoerd hie. Dat wie moai Frysk, mar stroffelich te ferstean. In kollega dy’t ik deroer fertelde, tocht dat er ‘ôftrekke’ hearde. Myn eigenste wurdbaksel koe ik dêrnei net mear fan ‘ôfwurkplak’ dissosjearje… Nee, huppatee, dúdlikheid graach, tút-en-derút, moatst dyn trein net fersitte!

Sjueryrapport by dizzen skreaun, noch wat mear sels-promoasje. Dat hippershapke yn’e groslist is hiel aardich, mar myn snobberskrobbe (krobben as snobbersguod) fyn ik sels like lekker. Se moasten mar tegearre mei de seane maitsen yn it assortimint, dy tuorren en sprinkhanen fan’e grill. Mar dat de sjuery earklep útkeas ynstee fan myn earwar… Mynt wie dochs in folle kearneftiger wurd foar ‘earbeskerming’ (dopkes en sa)?

No goed, ris sjen. En verba valent usu fansels, lykas ús âlde Latynske bavoc* jit sei: wurden binne fan wearde troch har gebrûk. Dat it soe moai wêze at der wat fan ynboargere rekken.

En foar’t ik it ferjit: tinke jo om’e presintaasje fan’e samle fersen fan Steven H.P. de Jong nije wike freed?

Tongersdei, trettjin jannewaris 2011.

*) basisvocabularium: in wurdfrekwinsjelist om skoalbern mei te tamtearjen

Posted in Skylk, Taal | Tagged: , | 1 Comment »

Skiep sûnder tsjoar

Posted by André Looijenga on 05/12/2010

Eiði, in doarp op Eysteroy

Op’e Føroyar (de “Færøer-eilannen”) wenje mar goed 48.000 minsken. Minder as yn’e gemeente Smellingerlân. En tagelyk ha dy minsken har eigen taal, literatuer en muzykkultuer. Binne se in autonome ‘naasje’ binnen it keninkryk Denemarken, mei in eigen regear, universiteit, fersoargingssteat en fuotbalkompetysje.

Op it taffeltsje foar my lizze in ûnbidich tsjok Føroysk-Ingelsk wurdboek en in yngeande grammatika fan dy taal. Ik blêdzje deryn, ferwûnderje my oer it ferskil tusken in bot archayske stavering en in fonology dy’t op oer-de-top Klaaifrysk liket. Bûten ferdwynt it útsjoch oer de Grinzer binnenstêd yn in sniestoarm.

Ôfsjoen fan it waar moatte de Føroyar in paradys op ierde wêze.

It binne de eigensinnigens fan dizze minsken en harren taal dy’t de Føroyar foar ús nijsgjirrich meitsje. In úthoeke fan Denemarken dy’t fanôf midden 19e ieu stadichoan har eigenheid weromfûn (en útfûn). De fergeliking mei Fryslân ropt harsels hjir al yn op. Ek it Føroysk wie in taal mei mar in beheinde skreaune tradysje, slim bedrige troch de ynfloed fan’e Deenske bestjoers- en tsjerketaal. De Føroyar moasten noch folle djipper fuortkomme, as lytse, tin-befolke, earme eilannegroep fier fuort yn’e Atlantyske Oséaan. In wûnder, hoe fier’t sa’n ekstreem lokale (romantysk-nasjonalistyske) taalbeweging in groep minsken opstjitte kin yn’e folkene feart.

Read the rest of this entry »

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , | 4 Comments »

Sniejier

Posted by André Looijenga on 04/12/2010

En wer wie der snie.

Bysûnder hear, de fúfde moanne dit jier dat der snie leit. Mar dochs, lit my dit skoandere blôch en fral jo skoandere tiid en oandacht net opbrûke om oer it waar te jeuzeljen…

Wat it Frysk oanbelanget, bygelyks, is der it rapport oer de steat fan’e Fryske taal yn it ûnderwiis. En de (mar in bytsje) réaksjes dêrop, dy’t my fanút it heitelân berikje. In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse. Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan’e Fryske Akademy, dy’t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan’e kant skoot. It ûntbrekken fan ‘taalgrutskens’ by (alteast in part fan) de Friezen foar it Frysk oer, soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje?

No bin ik faaks in bytsje te erchtinkend, mar it fernuveret my bot, at dr. Riemersma, as ien dy’t grif wat fan sosjolinguïstyk ôfwitte sil, neat oan liket te kinnen mei de subjektive belibbing fan’e taal. “Met een woord als taaltrots kan ik niet veel,” fynt er. “Wat is dat? Trots op je taal ben je vooral buiten de grenzen.”

Op my alteast, as heale bûtensteander, komt soks oer as in symptoam fan in hiel beheind soarte taalwittenskip. Opdield yn spesjalismekes, sûnder it gehiel mear oer te sjen. Wylst in breed yn’e samenleving droegen soarch foar it behâld en trochjaan fan jins taal dochs echt wol in foarwearde is om sa’n taal tsjinoer in sterke konkurrinsje syn plak te jaan. En dy soarch (je soene dy, mei in wurd wêrfoar’t se op’e Fryske Akademy hielendal rydboskje soene, ek leafde foar de taal neame kinne), dêr ûntbrekt it neffens my by de gemiddelde Fries seker oan. Harkje mar ris om jin hinne, no. 

Nee, fleurich wurdt men net fan it Frysk op it stuit.

En dan Fryslân…

Read the rest of this entry »

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , , | 1 Comment »

Wurdsjebakke

Posted by André Looijenga on 25/11/2010

Witte jim dat jim noch in pear dagen tiid hawwe om nije Fryske wurden yn te stjoeren foar de wedstriid fan de oersetterstsjinst fan’e Europeeske Kommisje?

Foar 1 desimber moatte de ynstjoerings binnen wêze. Sjoch foar mear oer de wurde-optinkkriich dizze side: http://www.europesedagvandetalen.nl/pagina%201%20fr.htm

Men siket nije Fryske wurden foar de folgjende resinte Nederlânske neologismen:

bierbabe, dweilsoap, graaibonus, herriemeter, insectensnack, kijkfile, klimaatridder, oorbehoedsmiddel, ontschulden, pimpen, randstadpartij, roeptoeter, verhufteren, verpaarding, verstrippen, verwendicapte, voxpoppen, zoenzone, zomerdip, zwaairaam

Modieuze wurdsjes út’e Hollânske aktualiteit. Se litte goed sjen hoe linich it Nederlânsk, mei in komyske ûndertoan, nije wurden makket troch te boartsjen mei it libbene taalmateriaal. Fansels moat soks yn it Frysk ek kinne. Ik sil seker noch efkes in goai weagje foar dizze wedstriid. Mar net sûnder in bytsje in dûbeld gefoel.

Dat dûbelde sit him yn’e kar fan te ferfryskjen wurden. Bewust hat men keazen foar in nochal sekundêre foarm fan kréativiteit. Foar leuke nijfoarmingen yn it Nederlânsk Fryske wurden betinke. It befêstiget mar wer dat it Frysk altiten allinnich efter it Nederlânsk oanbongelet. Dat it Frysk as taal dochs net op eigen fuotten stean kin. 

Boppedat, der binne wurden tusken dy’t ik hielendal net koe. Witte jo wat voxpoppen ynhâldt? Read the rest of this entry »

Posted in Taal | Tagged: , , , | 5 Comments »

Wit it net

Posted by André Looijenga on 12/10/2010

Neist alle oare dingen bin ik no úteinset mei it oersetten fan Nescio syn novelle De útfretter. Foarsafier’t ik wit, is fan dizze klassiker fan’e tweintichste-ieuske Nederlânske literatuer nea earder wat ferfryske en útbrocht. Ik bin yn’e begjinfase fan dit oersetwurk: der moat noch in soad skave, en wurdboeken oantôge om yn alle details ta in Frysk te kommen dat sa goed mooglik Nescio syn wurdkar werjout.

Fansels liket it, sjoen de diglossy-eftige taalsitewaasje fan it Frysk, wat paradoksaal en set in ‘modern’ Nederlânsk skriuwer as Nescio oer. Yn it foarste plak is it in persoanlik projekt, in bewust my twingjen om op’e Fryske taal, foar it Nederlânsk oer, yngeand te reflektearjen. Oersettend ûntdekke je ommers it bysûndere fan beide talen. En ja, der sit ek in kromke taalbefoardering yn, lykas yn al it skreaune Frysk. Dêr hoege wy ús ek net foar te skamjen: taal is mear as in middel.

Nescio skreau bewust in sprektalich Nederlânsk. Hollânsk meie je hast wol sizze: de omgongstaal fan him en syn generaasjegenoaten yn it Amsterdam fan om 1900 hinne. Út en troch merkst dat Nescio syn taal, yn wurdfolchoarder meast, tichter by it Frysk stiet as de notiidske standert. It herinneret jin der oan dat Fryslân mear gemien hat mei Amsterdam en mei Hollân as dat men hjoeddendei wend is te sjen. Ek dêrom dizze ferfrysking. It mankelike fan Nescio, it skôgjende, de djipsinnige ienfâld, it past ek gewoan hiel goed by dizze oare taal fan my.

Yn jannewaris 1911 ferskynde ‘De uitvreter’ yn De Gids. Takom jier hûndert jier lyn, dat it soe moai wêze at de oersetting dan klear wie, en út. Foar no earst mar even in lyts priuwke:

‘Binne jo Amsterdammer?’ frege Bavink. ‘Ja, Godtank,’ sei Japy. ‘Ik ek,’ sei Bavink. ‘Jo skilderje net?’ frege Bavink. It wie in nuvere boargermansfraach, mar Bavink tocht hieltyd mar: wat soe dat dochs foar in keardel wêze? ‘Nee, Godtank,’ sei Japy, ‘en ik dichtsje ek net en ik bin gjin natoerfreon en gjin anarchist. Ik bin Godtank hielendal neat.’

Tiisdei, tolve oktober 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , | 2 Comments »

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

De takomst fan it Frysk (no, en anno 1785)

Posted by André Looijenga on 06/09/2010

Fan Durk Gorter stie der ôfrûne freed yn’e Ljouwerter in terjocht somber stik oer de takomst fan it Frysk. It punt moat sa ûndertusken berikke wêze dat Fryskpraters in minderheid wurden binne yn Fryslân. De taal erodearret, yn behearsking fan’e taal sels, yn’e breedte fan’e sprekkerspopulaasje en fral yn it tal sitewaasjes wêr’t it Fryskpraten fansels sprekt. Ûnder jongeren yn Fryslân sil it Frysk hieltyd lytser wurde. Sadree’t de measte babyboomers wei binne, eangje ik dat, sa’t it him no ûntwikkelet, it Frysk as in sprektaal fan leger-oplate mânlju in stille dea stjerre sil, wylst de froulju de bern grutbringe yn in healbakken polder-Hollânsk.    

Op’e ein fan syn stik pleitet Gorter foar in wiidweidich ûndersyk nei de steat fan’e Fryske taal. Dat moat de behyplike tastân oan it ljocht bringe. Oft men dêrmei de Fryske publike opiny wekker skuoddet, of dat der mei inkeld skouderopheljen op’e driigjende taaldea réagearre wurdt, is mar de fraach. 

Oan’e oare kant, it Frysk is al faker hast dea gien. Ek de auteur fan’e Hedendaagsche Historie of Tegenwoordige Staat van Friesland (sjoch myn blôchke fan juster) seach twadde helte achttjinde ieu net folle takomst foar de Fryske taal (it ‘Oud Friesch’). Hy hie fansels bûten de romantysk-ynspirearre Frysk-beweging fan’e dêropfolgjende ieuwen rekkene. Nijsgjirrich is dat dizze skriuwer àl in útstel docht om it Frysk te rêden, of tenminsten fêst te lizzen: it werútjaan en bestudearjen fan Gysbert Japicx. Soks soe yndie in spearpunt fan’e iere weroplibbing fan’e Fryske letteren wurde. Yn dit boekwurk út 1785 fine wy faaks it earste foarstel ta taalbefoardering yn’e Fryske skiednis (s. 160-161):

In de Steden toch is het Oud Friesch gansch en al in onbruik, zynde ‘er maar weiningen, die hetzelve zo verstaan, datze het spreeken en leezen konnen. De taal der Stedelingen heeft meer overeenkomst met die van Holland; doch zo, dat dezelve in de verschillende Steden van Friesland, door eenen byzonderen tongval wederom merkelyk verschilt, en van maar weinigen recht zuiver gesproken wordt. Hindeloopen alleen dient daarvan uitgezonderd; want daar en in het nabygeleegen Molquerum, wordt de Oude Landtaal nog gebruikt; ook is ze daar minder dan wel elders by de Friezen ten platten lande verbasterd.

Voorheen plag men, zelfs onder de eerste en aanzienlykste geslagten, het Oud Friesch nog binnens huis met zyn gezin te spreeken, en de Friesche Rymleryen van den beroemden Gysbert Japicx, in leeven Schoolmeester te Bolswerd, waren ‘t gewoone handboek, met welk men zich zocht te vermaaken en te stichten. Doch zowel het eene als het andere is sedert lang by weinigen in gebruik, en ‘t staat te vreezen, dat de kennis dier Oude Landtaal eerlang geheel en al zal verlooren worden.

Eene nieuwe uitgave van ‘t zo even genoemde werk, verrykt met eene naamlyst van de betekenisse der moeielykste woorden, zou geen ongepast middel zyn, om derzelver kennis een weinigje te verleevendigen. Veelen, dit is my meer dan eens gebleeken, zouden wel lust hebben, om dat keurig werk te leezen, en zich dus in de Oude Landtaal te oeffenen, zoze niet wierden afgeschrikt, door eene menigte woorden en gezegden, van welke zy de betekenis niet weeten te raaden. Het is derhalve te wenschen, dat iemand, die deezer taale kundig is, deeze taak eens voor zyne rekening zal neemen.

Moandei, seis septimber 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Tibelje

Posted by André Looijenga on 09/07/2010

Ien fan dy dingen dy’t ik alle dagen doch, dêr’t nea by stilstean dat ik it doch, mar dêr’t ik net sûnder kin. Miskyn is it dat at myn harsens oan binne, myn hannen ek wat te dwaan hawwe moatte. Dochs doch ik it (gelokkich) net altyd: meast wannear ik ûntspannen bin en wat lês of neitink. Yn it standert-Nederlânsk is der gjin wurd foar: frunniken fyn ik te smoarch klinke, en peuteren betsjut foar my dat der wat by stikken giet. It is doelleas, wat boartlik, in byprodukt fan harsenaktiviteit, en yn myn eigen praten haw ik der ál in wurd foar.

It wie in wurd foar at ik as bern mei de toutsjes fan myn trui boarte, at ik in potlead tusken myn fingers draaie liet, at ik mei de fingers op’e tafelrâne trommele. Hé, zit niet zo te tiebelen!

Tiebelen, neffens it Nederlânske wurdboek bestiet it net.

Read the rest of this entry »

Posted in Taal | Tagged: , , , , , | 8 Comments »

Dookje en jookje

Posted by André Looijenga on 12/06/2010

“Do… sit op it dak!”

As it goed is, krije Fryske bern noch altyd sa ynprinte dat je lang net elkenien mei do oansprekke kinne. Seist as bern gjin do tsjin dyn âlders, tsjin pake en beppe, masters en juffen, de buorfrou, de molkboer, of tsjin wa dan ek dy’t dúdlik âlder as dy is.

Sokke oansprekfoarmen (de ‘twadde persoan’, sa’t ik it by Latyn learde te neamen) binne yn it Frysk in delikate kwestje. Je kinne ommers ek wer net tsjin elkenien jo sizze. Yn guon gefallen al, mar at it giet om âldere minsken wêr’st in soart fêste bân mei hast (mem, pake, juf, ensf.), fielt jo yn it Frysk fierstente ôfstandelik. Yn sokke gefallen, en eins altiten ast tsjin ien praatst dy’st by namme en al langer kinst en respektfol oansprekke wolst, brûkst fansels de geweldige yndirekte oansprekfoarm: “Wol heit noch in kopke kofje, heit?”

De lêste tiid rin ik wolris wat Fryske skriuwers en taalpommeranten tsjin it liif. Minsken dy’t ik ornaris oprjocht wurdearje en dus mei jo oansprek. Hyltiten wer, soms noch foar der in petearke begûn is, krij ik dan te hearren: “Sis mar do, hear.”, “Meist wol sizze, hear.”

Al dat dookjen ûnder de lju dy’t deistich oan Frysk dogge, eins fyn ik it mar in bytsje nuver.

Eins fyn ik it foaral ‘net sa Frysk’ om sa mar elkenien te dookjen. Hjoeddeiske Fryskbewegers binne faaks benaud foar ferskil yn status. Se bedoele it fansels freonlik om jin mei do har lytse rûnte fan Frysk-lju binnen te lieden. Mar it wurdt der foar my net makliker op yn sa’n rûnte fan elkoarren dookjende minsken dy’t my meast noch frjemd binne. It ôftwingjen fan ynformele kontakten kin júst lju fûl út in groep bûtenslute.

Boppedat hawwe Fryske oansprekfoarmen yn it ferline jit komplekser west. Der wie in ferskaat oan oansprekstilen, benammen binnen it gesin. Nim bygelyks hoe’t om 1900 hinne in boerinne har man by de foarnamme plichte te jookjen: “Jo moatte net hurder, Haitze!” (út: U. van Houten, De sûnde fan Haitze Holwerda, 1938, s. 8 )

Op himsels is al dat gedoch mei de twadde persoan nearne ta nedich. Dat je út kinne mei mar ien oansprekfoarm bewiist it Ingelsk mei syn you wol, en ek it Drintsk fan myn memmekant dêr’t elkenien maklikernôch mei ie en oe oansprutsen wurdt.

Mar ja, sa is it Frysk net en dy kant út liket it Frysk him ek net te ûntjaan. Om my meie wy it hâlde by: “Mei ik jo wat freegje?”, “Wat fûn De Jong fan de útslach?”, “Hat buorfrou myn webloch al lêzen?”, “Wol tante ek in stikje taart?”, “Ik sit der sels erch oer te twiveljen, mar wat fynsto?”

Sneon, tolve juny 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , | 5 Comments »

Fúftich

Posted by André Looijenga on 25/05/2010

Jawis, myn fyftichste blochke op myn Frysk Deiblôch. Ik hie earst yn’e plenning om dat ôfrûn wykein te skriuwen, mar wylst ik by myn âlden yn Tersoal yn’e tún siet, wie it waar dêr te moai foar. It hie oars hiel passend west en skriuw myn fúftichste stikje mei de Pinkster (ommers: hê pentekostê hêmera, 50ste dei, nei Peaske).

Eins is it ek de drokte dy’t my de lêste tiid wjerhâldt fan rigelmjittiger te blôchjen. (Eangje net, freonen fan’e Fryske blogosfear, ik bin net fan doel om ynkoarten samar út te naaien fan it net!) Miskyn moat ik noch even melde dat ik oare moarn hjir yn Grins myn MA-bul yn’e Klassike, Midsieuske en Renêssânse-Stúdzjes ‘hoopje te ûntfangen’. Ik bin der net ûnwis fan dat ik dy bul krij, mar sa seit men soks, no.

Noch efkes ien taalkundich aardichheidsje mar, oars giet it hjirre ek mar de hiele tiid oer mysels. Boppe dit blôchke sjochst mei grouwe letters Fúftich skreaun. Sa staverest dat dochs net, sille guon tinke, it moat fyftich wêze dochs…

It is fansels net sa dat ik ynienen net wit hoe te staverjen. Ik wit ek dat in protte minsken gewoan in /i/ sizze, en bin my derfan bewust dat de /ü/ dy’t ik útsprek in resintere ûntwikkeling is. Mar as twadde(memme)taalsprekker fan it Frysk hâld júst ik derfan wat ekstra distânsje te hâlden foar it Nederlânsk oer. Hjir op myn blôch skriuw ik fan begjin ôf dêrom substandert foarmen fan’e telwurden fúftjin en njontjin yn myn ôfslutende datumrigeltsjes.

Ik ferwachtsje boppedat dat it ôfwykjende eleminstje /füf/ de takomst hat. Fan it wykein hearde ik it noch út’e mûle fan in Omrop Fryslân-tillevysje-omropster. Net dat dy altiten sokke geefpraters binne, mar se jouwe dêrom krekt de trends yn’e taal oan. It Frysk libbet dochs, en at it efkes wol giet ek de sprektaal syn eigen wei los fan it Nederlânsk. It elemint fúf- passet ommers ek yn it systeem fan’e Nijfryske telwurden, dat him fan it Nederlânsk ûnderskiedt troch in gruttere fariaasje. Fergelykje de ûndersteande rychjes mar ris:

trije – tredde – trettjin – tritich — drie – derde – dertien – dertig

fjouwer – fjirde – fjirtjin – fjirtich — vier – vierde – veertien – veertig

fiif – *fúfde – *fúftjin – *fúftich — vijf – vijfde – vijftien – vijftig

seis – sechde – sechtjin – sechtich — zes – zesde – zestien – zestig

sân – sande – santjin – santich — zeven – zevende – zeventien – zeventig

njoggen – *njonde – *njontjin – *njontich — negen – negende – negentien – negentig

De foarmen mei in stjerke (*) stean net yn it wurdboek. Mar sjoch ris hoe moai’t se harren foegje yn it systeem fan’e taal!

Tiisdei, fiifentweintich maaie 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , , , | 5 Comments »

Út it ferjittelboek

Posted by André Looijenga on 01/05/2010

Al hast salang’t der Frysk skreaun wurdt, meitsje Fryske skriuwers har drok om’e delgong fan’e Fryske taal.

Doe’t ik as tarieding op ús tsjerketocht yn’e Noardeasthoeke op’e syk gie nei wurk fan Jan Althuysen, fûn ik in aardich boekje mei Midfryske teksten (Galama 1977), wêrûnder in gedicht fan Symen Althuysen. De dichtsjende dûmny Jan syn grutske heit hie in moaie dedikaasje skreaun foar de Friesche Rymlery fan syn soan. Hjir folget it begjin, yn’e orizjinele stavering en myn wertaling:

Uwz âdde Friesche taal waard mey ‘er tyed forgetten,

In yn ien tyuester hôl bydobbe, in bysletten,

     As immen der næt mey yn ‘t fyld toa forschyn kaam,

     Dy dit wer as ien twâde Gysbert ondernaam,

Om uwz Forâdders spraak wer libbendig toa meytzen,

Om næt stilswyend yn ‘t forjyettelbuwk toa reytzen:

Ús âlde Fryske taal waard meiertiid fergetten, en yn in tsjuster hol bedobbe en besletten, as immen der net mei yn it fjild te foarskyn kaam, dy’t dit wer as in twadde Gysbert ûndernaam, om ús foarâlders spraak wer libbendich te meitsjen, om net stilswijend yn it ferjittelboek te reitsjen…

Symen syn Frysk is fansels frjemd stavere, mar stiet frij ticht by de moderne standert. Dochs sil it Frysk fan 1755 (doe’t dit gedicht útbrocht waard) oars klonken hawwe as no. Toa (te) moat in o-klank hân ha, krekt as for- (fer-), uwz (ús) klonk as ûs, en næt (net) wierskynlyk as nêt of neat.

Foarsichtich beslút Symen mei de ferwachting dat der minsken wêze sille dy’t Fryske poëzy lêze wolle. It Frysk is ommers ienfâldich en beskieden, mar boppe-al: it is wer ris wat oars.

     ‘t Is yn ienfâddigheyt gærmakke, in byschræun,

     In dy ‘t næt læzze wol, der is næt oon misdræun,

Der zille hyer in der jyet wol lyæfhabbers wæzze,

Der uwt nyschierigheyt dit Friesche Buwk troglæzze,

     ‘t Is æk by âds zoa wæst, allyk as ‘t jyette giet,

Forandering fin kôst dy smakket mennig swiet.

… it is yn ienfâldichheid gearmakke en beskreaun, en dy’t it net lêze wol, dêr is net oan misdreaun [= is neat mis mei?]. Der sille hjir en dêr wol leafhawwers wêze, dy’t út nijsgjirrichheid dit Fryske boek trochlêze. It is ek by âlds sa west, allyk it jitte giet: ferandering fan kost dy smakket mannich swiet.

Symen brûkt yn’e twa-nei-lêste rigel der as betreklik foarnamwurd, krekt as ther yn it Âldfrysk brûkt waard. Oan’e oare kant hat er yn’e twa lêste rigels in pear dingen dy’t wy no hollânismen fine soene: is wæst, forandering, en zoa (mei in o ynstee fan in a).

It poëtyske wurk fan’e Althuysens is mear mei dien as dat ik lêsten bewearde. De psalmen fan Jan Althuysen binne yn 1957 werútjûn troch in sekere Chr. Stapelkamp. Út en troch binne yn it ferline oare dichtwurken fan harren editearre en besprutsen. Dochs soe it moai wêze as de hiele Friesche Rymlery fan 1755, tegearre mei fersprate gelegenheidsdichten fan heit en soan, ynlaat en taljochte op’e nij ferskynde.

Sneon, ien maaie 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

No…

Posted by André Looijenga on 25/04/2010

Mei in freon fan my, in Drint fan Grinslânsk laach, hie ik it justerjûn op in feestke oer hoe’t minsken út ferskate Nederlânske regio’s ferskillend klinke. Hy woe hawwe, hy kin, wêr’t er ek komt, Friezen der altyd úthelje fanwegen it wurdsje no.

Fansels moast ik fuortendaliks tinke oan myn eigen observaasje oer it wurdsje sa.

Hy hie gelyk, fansels. It is frij typearjend foar it Frysk om oan’e ein fan meidielings no ta te foegjen. Hokfoar wearde dit …no yn’e sprektaal krekt hat, kin ik no net beneame. Ik brûk no út en troch sels yn myn blôchkes:

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no.

No sa. In bernehân is gau fuld, no.

De fergrizing hâldt jin inkeld relatyf jong, no.

Sa skreaun komt it my oer as hat …no in dizze gefallen wat in ironisearjend effekt. Sintsjes dy’t einigje op …no, lykje in tahearder te ymplisearjen, dy’st as sprekker foar dy winne moatst. Pragmatysk wurket …no yn it Frysk faaks ûngefear as guon partikels yn it Gryksk (al moat ik tajaan dat Grykske partikels net myn spesjaliteit binne).

Besibbe oan it brûktme fan …no is dat fan it subtile tink, datst yn it Frysk ek gauris brûkst. Wat oars, mar ek aparter dan ast op it earste gesicht tinkst, is de manier wêrop’t de ymperatyf sjoch brûkt wurdt. Guon Fryskpraters brûke sjoch graach as in soarte fan fersterking fan harren meidielings. Hiel gewoan, mar des te fernuverender, is dat Friezen (en oare net-Rânestêdelingen) in hiel protte …hear sizze (of …hoor of …heur). 

No, sokke pragmatysk-taalkundige subtiliteiten… it bin eins tekens fan geastlike beskaving, tink.

Snein, fiifentweintich april 2010.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , | 5 Comments »

André Roelof Scholten

Posted by André Looijenga on 14/04/2010

Ik hie altiten tocht dat ik de iennichste wie mei dizze twa foarnammen. Mar okkerjiers krige ik de literatuerskiednis fan Klaes Dykstra yn hannen. Dy trochlêzend foel op in dei myn each op in bekinde namme: André Roelof Scholten (1910-1944).

It is in tsjirmerich en ûnhiemsk gefoel om ynienen dyn eigen namme swart op wyt te lêzen, mei jierren fan berte en fan ferstjerren derby.

Sûnt wist ik fan it bestean fan in oare André Roelof, dy’t dichte hie (en tragysk jong stoarn wie). Hy wie dûmny, en hie yn’e jierren tritich ien dichtbondel en ien oersetting (Coleridge syn Ancient Mariner) publisearre.

Lêsten kaam kaam ik yn’e Wadman-biografy fan Joke Corporaal myn foarnammengenoat wer tsjin. Wadman rekke yn’e tritiger jierren befreone mei Scholten, dy’t doe krekt troud wie en frijsinnich herformd dûmny wurden yn Âldeholtwâlde en Ter Idzert. Scholten hold him bot dwaande mei it Frysk. De Scholtens skine de earsten west te hawwen dy’t yn it Frysk foar de tsjerke trouden. Lykwols wie Frysk net syn earste taal; hy woeks op op ferskate plakken yn Nederlân, en pas doe’t de húshâlding yn Fryslân bedarre skeakele er as jonge om nei de taal fan syn mem har famylje.

Jiergong, Scholten syn iennichste bondel (1936), lies ik dizze wike foar it earst. In moai útjûn boekje, mei op side 13 in houtfyk fan kastanjeblossem. De measte gedichten hawwe natoerferskynsels as sfearoanlieding, en binne oardene neffens de rûngong fan it jier. Der sitte sonnetten tusken, mar meast oare rymskema’s, yn kûpletsjes as wiene it lieten.

André Roelof Scholten sil op 4 augustus 2010 hûndert jier lyn berne wêze. In protte hat er net skreaun, en wat er skreau, is hast fergetten. Yn’e hjoeddeiske blomlêzings is er net opnomd. Dochs wol ik myn nammegenoat by dizze earje mei in gedicht út syn bondel. In bytsje atypysk giet it net oer maitiid, beammen en blommen. Neat gjin dizenige Jongfryskerij, mar in heftige dûns:

Czardas – II

.

No dûnsje, dûnsje, dûnsje wy

en giselje by pearen

aloan en wer, en wer opnij:

yninoar wei, allinne frij,

ús ta elkoar te kearen.

. Read the rest of this entry »

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , , | 6 Comments »