Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Grins’

Sa mar in útslach fan Europeeske ferkiezings

Posted by André Looijenga on 23/05/2014

Juster wie ik it grutste part fan de dei yn tou foar de Europeeske ferkiezings. Ik wie wer lid fan it stimburo, hjir yn Grins. No sille guon fan jim tinke: saai en dreech, mar eink fyn ik it machtichmoai. De hiele dei de demokrasy tsjinje, in hantsjefol regeltsjes neilibje, oarder beweitsje, neutraliteit bewarje, freonlike petearkes mei stimmers en passanten. En dan de jûns de stimmen telle… dat dan alle ferskillende foarkarren fan de minsken dy’t delkamen, fan in bak fol blêden sortearde steapeltsjes wurde, en siferkes, en útslaggen. Yn in protokol wurde de siferkes dan fêstlein (en jitris fêstlein), en de papieren en sifers geane yn sluven en pûden. En dêr sit dan fan elk dy’t stimme woe in miening yn, anonimisearre, mar allegear like swier meitellend.

Machtichmoai, dochs.

Eardere kearen siet ik op it stimburo yn it Treslinghuis, midden yn de Oosterpark. In aparte mjuks fan heech-oplate jonge húshâldings, âlderein, en, no ja, Oosterpark-minsken om sa te sizzen. Haw ik it in oare kear noch wol oer. No siet ik lykwols yn it UMCG, it bekende akademysk sikehûs. Mar in pear strjitten fierderop, en dochs in oare weareld: sikehûspersoniel út de hiele stêd, foar trijefearn froulju, goed de helte wie jonger as my.

De útslach wie ek oars. My tinkt, ik kin wol aventoerje en meld hjirûnder gewoan mar even hoe’t de stimmeferdieling wie by ús op stimburo 431. De útslach is yn prinsipe net geheim; allinnich wurdt de úteinlike lanlike útslach wurdt sneintejûn let pas iepenbier makke. Mar yn it bedriuwsrestaurant dêr’t wy stimmen telden, siet ek in jonge “waarnimmer” te wêzen. Dat sa. Dit dus (ûnder foarbehâld):

1. CDA (EVP): ……. 36 stimmen

2. PVV: ……………. 21 stimmen

3. PvdA (PES): ….. 90 stimmen

4. VVD : …………… 52 stimmen

5. D66 (ALDE): …. 168 stimmen

6. GroenLinks: ….. 79 stimmen

7. SP: ………………. 24 stimmen

8. CU/SGP: ……….. 25 stimmen

9. Artikel50: ……..  2 stimmen

10. IQ-partij: —

11. Piratenpartij: … 6 stimmen

12. 50Plus: ………… 4 stimmen

13. De Groenen: ….. 1 stim

14. Anti EU(ro): ….. 1 stim

15: Lib.Dem.Partij: .. 1 stim

16: Jezus leeft: —

17: ikkiesvooreerlijk: —

18: PvdDieren: …….. 21 stimmen

19: Aandacht en Eenvoud: —

blanko stimmen: 3

ûnjildige stimmen: 3

Yn totaal hawwe der by ús dus 537 minsken stimd. Ik wit net oft dat mear as minder is as yn 2009. Yn alle gefal hienen wie it net smoardrok. Mar der sieten twa stimburo’s neistinoar, dêr’t by-inoar omtrint 1100 stimmen útbrocht binne.

Fan dizze stimmen telle der 531 mei foar de útslach. Stel no as op grûn fan de útslach fan ús stimburo de Nederlânske sitten yn it Europeesk parlemint ferdield waarden… Nederlân hat 26 sitten. Neffens it rekkenmasjyntsje komt de kiesdeler (531 dield troch 26) út op 20,4230769230769. Foar it gemak rûnje ik dat ôf op 20,5. (It giet ommers om it idee.) Dat soe de folgjende sitteferdieling opleverje:

1. CDA (EVP): ……. 1 sit (+ 15,5: dat jout 1 restsit; dus: 2 sitten)

2. PVV: ……………. 1 sit

3. PvdA (PES): ….. 4 sitten

4. VVD : …………… 2 sitten

5. D66 (ALDE): …. 8 sitten

6. GroenLinks: ….. 3 sitten (+ 17,5: dat jout 1 restsit; dus: 4 sitten)

7. SP: ………………. 2 sitten

8. CU/SGP: ……….. 2 sitten

18: PvdDieren: ….. 1 sit

Ferlykje dat mar ris mei de lanlike exit-poll fan justerjûn… Europa kin wiis wêze mei de stimmers yn it UMCG. Krekt as by de lanlike útslach: rjochts-populisme is op syn retoer, de measte minsken dy’t komme te stimmen binne net tsjin Europeeske gearwurking; én ferpleechkundigen en heger-oplate jonge froulju stimme dúdlik wat ‘pears-plusser’ as de gemiddelde Nederlanner.

Stimmen telle, allegearre like swier, salang’t se mar útbrocht wurde.

Freed, trijentweintich maaie 2014.

Posted in Dien, No-tiid | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Wêrom de stúdzje Frysk net ferdwine mei

Posted by André Looijenga on 21/05/2012

It fuortbestean fan de selsstannige stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins is yn grut gefaar. De fakulteit der letteren, dêr’t Frysk ûnder falt, moat besunigje. De Grinzer letterefakulteit omfettet in grut tal opliedings en spesjalismen op it mêd fan talen, skiednis en kultuerstúdzjes. Yn it ramt fan de besunigings wol it bestjoer fan de fakulteit de measte ‘lytse’ talestúdzjes gearfoegje ta Europeeske Talen en Kultueren. Gearwurking en opinoar ôfstimmen fan stúdzjeprogramma’s binne nea ferkeard, mar wat it fakulteitsbestjoer útstelt, sil betsjutte dat it akademyske Frysk foar it grutste part fuortbesunige wurdt!

Op dit stuit hat Frysk yn Grins 3,3 fte oan dosinten. Mei dizze lytse akademyske fakgroep (ien professor, fjouwer dosinten yn dieltiid) kin der noch altyd in breed programma oan universitêr ûnderwiis oanbean wurde: taalkunde, literatuerskiednis, Aldfrysk, taalfeardigens, en de stúdzje fan meartaligens. Op dizze wize kinne der noch altiten studinten in folsleine universitêr oplieding Frysk (‘haadfak’) trochrinne, en is der tagelyk in nijsgjirrige karút oan byfakken Frysk foar studinten mei in oar haadfak. It fakulteitsbestjoer wol de dosinten Frysk werombringe fan 3,3 fte nei 1,0 fte. Dat soe sûnder mis de ein wêze fan breedte en djipgong fan de oplieding Frysk!

Mei mar ien dosint (1,0 fte) is it folslein ûnmooglik om op alle terreinen genôch wittenskiplik nivo te bieden, om sa’n ferskaat oan spesjalismes te omfiemjen en om op safolle mêden adekwaat kolleezje te jaan.

Frysk sit yn de tange tusken ôfrekkene wurde op studinte-oantallen en it feit dat it grutste part fan de studinten Frysk of fakken fan Frysk neist in oare stúdzje docht. Of alteast: die. It folgjen fan in folsleine twadde universitêr stúdzje wurdt ommers tsjintwurdich troch it ministearje fan ûnderwiis swier ûntmoedige: foar in twadde stúdzje moat in ûnbidich heech kolleezjejild betelle wurde. Byfakstudinten telle ornaris net mei yn de statistiken, om’t se net as ‘studint Frysk’ ôfstudearje. De fakulteit der letteren wol it belang fan Frysk foar byfakstudinten net sjen, wannear’t dat har net útkomt, en it ministearje fan ûnderwiis is al langer blyn foar al it oare as oantallen ôfstudearre studinten.

Sels haw ik ek Frysk as byfakstudint dien. Wylst ik Gryksk en Latyn (GLTC) studearre, haw ik it prachtige fak Aldfrysk folge. As byfak telde dat mei yn myn bachelor Gryksk en Latyn. Dit iene ûnderdiel fan de, no faaisteande, stúdzje Frysk wie in grutte ferriking binnen wat ik oan universitêre oplieding hân haw.

As studint klassike talen woe ik graach ek dy âlde taal kennen leare dy’t sa tichtby hûs ferskûle lei. It blykte in kolleezje yn in lyts keammerke mei mar trije studinten en in bysûnder erudite dosint, Oebele Vries. Hy brocht ús in klearder byld by fan Fryslân yn de midsieuwen, ferdjippe ús ynsjoch yn de struktuer fan de Germaanske talen, ferdútste ús de wûndere wrâld fan it Aldfrysk rjocht, en lies mei ús midsieuske wetten, kêsten, leginden en oarkondes. Komselden haw ik in fak folge dêr’t ik sa’n soad leard haw.

Lykwols: noch faaier as Frysk as gehiel stiet Aldfrysk. Oer in lyts hoartsje giet Oebele Vries mei pensioen. Oft er ea in opfolger hawwe sil as dosint Aldfrysk, is te betwiveljen. Yn de lêste tsien jier seach ik hjir yn Grins de oare spesjalisaasjes op it terrein fan histoaryske taal al stadichoan en stilwei ferdwinen: Egyptysk, Akkadysk, Sanskryt, Midsieusk Latyn, de oare âlde Germaanske talen (Goatysk, Ald-Ingelsk, Yslânsk). Akademyske ferdjipping wurdt sa fuortsmiten, likegoed as útsûnderlike ekspertise.

Der binne altyd mar in pear minsken dy’t sokke bysûndere ûnderwerpen as (Ald)Frysk as haadfak fan har (hieltyd djoerder wurdende) universitêre stúdzje te kiezen. De hearskjende tendinzen foar heger ûnderwiis oer stimulearje it om berekkenjend te wêzen. Frysk as haadfak is in moedige kar tsjin de stream yn, dy’t de measte serieus yn taal en skiednis ynteressearre Fryske studinten net meitsje sille. Mar as ûnderdiel fan in breder persoanlik stúdzjeplan (as byfak) binne de Fryske fakken likegoed tige wichtich.

It perspektyf dat Frysk biede kin yn de oplieding en foarming fan taal-skiednis-kultuer-spesjalisten giet fansels teneat yn de besuniging op de wittenskiplik staf fan Frysk yn Grins fan 3,3 nei 1,0 fte. Europeeske Talen en Kultueren as brede bachelor is op himsels gjin slecht idee, mar allinne as der dosinten bliuwe foar Aldfrysk, foar Fryske taalkunde, en foar Fryske literatuer- en kultuerskiednis. Der moat in learstuolgroep Frysk bliuwe. Foar dejingen dy’t har benammen yn Frysk spesjalisearje wolle, én foar dejingen dy’t Nederlânsk studearje, of klassike talen, midsieuske skiednis, tapaste taalkunde, Skandinavysk, rjochten, psychology, medisinen of natoerkunde.

De stúdzje Frysk en de studinten Frysk fertsjinje alle stipe yn har striid om Frysk yn Grins oerein te hâlden. De iennichste folsleine akademyske oplieding op it mêd fan ús Frysk, blinder! Dêrom, minsken, sis it troch, en rêd Frysk!

Sjoch ek: de side Rêd Frysk, fan stúdzjeferiening Skanomodu.

Moandei, iennentweintich maaie 2012.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

(Ald-)Tersoalster wint Frysk diktee (wer)

Posted by André Looijenga on 11/05/2012

Tankewol foar de felisitaasjes!

Foar de twadde kear haw ik woansdei it Grut Frysk Diktee wûn. Sij it ex aequo dit kear, mei Ate Grypstra, mar dy siet yn it pommerantebankje en krige net in folpin mei ynskripsje. (Ate, by dizze ek hjirwei noch lokwinske.)

En dêrnei komt de parse.

Krekt as twa jier lyn wurd ik wer fijn ‘freemd’ as in Grinzer. (Grr…) Sjoch hjir mar wer by RTV Noord. Ik hearde niis ek al dat ik hjoed op in lanlike stjoerder (538) neamd bin yn in fleurich nijsberjochtsje: Grinzer ferslacht dy Friezen yn it skriuwen fan har eigen taal. Ik haw it even begoogle. By RTL hawwe se ien op de redaksje dy’t de regionale sinders by del blêdet. Foar ûnder it kopke ‘opmerkelijk’: Groninger wint Groot Fries dictee.

Grappich is soks, mar dochs steur ik my der ek wat oan. Om it yn Rients Gratama syn dikteefokabulêr te sizzen: it ûntfytmannet my fan eat fan myn identiteit. Ik bin gjin Grönneger. Ik tink ek net dat ik dat gau wurde soe. Of woe.

Mei alle respekt fierders foar de Grinzers, myn wenplak Grins, en de eardere Fryske regioanen dy’t no as ‘Grinslân’ troch it libben moatte. Ik kom út Tersoal. Dêr bin ik goed 29 jier lyn berne, yn wat doe noch de gemeente Raarderhim wie. Oan heite kant komt myn famylje út ferskate hoeken fan Fryslân dy’t inoar yn Ljouwert tsjinkaam binne. (Fan memme kant komme wy út SW-Drinte/NW-Oerisel, ek dêr gjin Grinslanners…) Yn Grins wenje en wurkje ik, as emigrant út it universiteitleaze Fryslân. Ik bin dus in Grinzer Fries, en dêrmei lid fan de grutste minderheid yn dizze nuvere stêd.

Hawar, ús âlde Fryske hobbys, de stambeam en de etnisiteit, hawwe wy no ek wer hân. Noch tige tank foar it omtinken, hear, al sit it allegear wat yngewikkelder as by jimme yn de krante past.

Freed, alve maaie 2012.

Posted in Dien | Tagged: , , , | 3 Comments »

Lêzing en skriuwing

Posted by André Looijenga on 03/02/2012

Sibearyske kjeld, iis op de fearten en no ek noch snie. Neist it oare wurk wol ik ein dizze moanne in ûndersyksfoarstel yntsjinje kinne. Dy lêzing fan my, wêryn’t ik de Fryske literatuer mei dy yn it Lëtzebuergesch en it Furlan ferlike, is goed beteard. Foar wa’t dêr doe net by wêze koe: nije wike woansdeitejûn (8 febrewaris) sil ik myn ferhaal in twadde kear hâlde, foar Skanomodu, de Stúdzjeferiening Frysk yn Grins.

Myn lêzing gie ek oer de fragen “wêrom skriuwt ien yn in lytse taal?” en “wêrom lêst ien yn sa’n taal?”. Neffens my essinsjele fragen, wêrmei’tst fûnemintele kwestjes fan de Fryske literatuer rekkest. It úteinlike andert dêrop haw ik ek noch net jûn. Yn alle gefal is it net evidint dat ik bygelyks der foar keazen haw en skriuw dit blôchke yn it Frysk. Likegoed is it net evidint dat jo dit Frysktalige blôchke fan my lêze, hoe bot Frysktalich jo faaks ek binne. Lang net elkenien brûkt ommers syn latinte lêsfeardigens yn in lytse taal om aktyf, foar mear of minder yntellektueel ynspannende ferdivedaasje boeken yn dy taal te lêzen. De kar om jins driuw ta it skriuwen om te bûgjen ta skriuwen yn in lytse taal is noch ynkringender en beslissender.

It ferhaal dat ik lêsten hold, skaaide ferskillende kanten út: fan in min-ofte-mear wittenskiplike skôging oer meartaligens en literatuerskiednis nei mear in essay om te einigjen mei fermoannings oer de hjoeddeiske steat fan de Fryske skriuw- en lêzerij. Haw ik de oplossing? No, dat ek wer net, mar mear selsbetrouwen oer de wearde fan it Frysk soe al in eintsje helpe. De wearde fan ússels sjen sûnder dat wy dêr it inisjatyf en de miening fan in oar earst foar nedich hawwe. Frysk sichtberder, fanselssprekkender meitsje. Der yn it ûnderwiis mear oan dwaan. Regionale media dy’t einlings ris serieus oandacht hawwe foar Fryske literatuer, en einlings ris djipper neitinke wolle oer spesifyk Fryske problemen. No ja, en sokssamear en sokssa’nbytsje.

Miskien dat der takom jier in Sirkwy-lêzing gean moat oer “wêrom skriuwe guon skriuwers nét mear yn it Frysk?”…

Dat is wier net synysk bedoeld! In lytstalich literêr fjild as it Fryske is machtich ynteressant, en dochs krijt soks kwealk wittenskiplik omtinken. Hoe wurket it? Wêrom dogge guon minken mei, wêrom hâlde guon der nei in hoartsje mei op, wylst oaren it desennia lang folhâlde? It wurdt noch in hiele útdaging dêr in ôfwoegen stik oer te skriuwen, sûnder ûnnedich teannewâdzjen, want personele motiven (freon- en fijânskippen) spylje hjir in grutte rol yn.

No aanst de snie wer yn. In nij digitaal nûmer fan Ensafh stiet yntusken wer ree. Dêryn ek fersen yn it Hylpersk, en sjogge wy de grins oer nei it Westerkertier. Yn in (spitigernôch) opdoekend antikwariaat hjir yn Grins fûn ik fan’e middei in blomlêzing oersette Koreaanske (!) poëzij. Mar oer dat alles, fernuverjende foarmen fan Frysk en eksoatyske literatueren, skylk wol wer mear. En oer Frysk Latyn fansels.

Freed, trije febrewaris 2012.

Posted in Fryskens, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , , | 1 Comment »

Nijmakke Frysk

Posted by André Looijenga on 23/01/2012

Fryske wurden: altyd wille. It sil tink de tiid fan it jier wêze fan de listkes mei bysûndere nije wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers keazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En myn buorman Anne Popkema hat it nijwurd ‘gévisme’ útfûn, en de tsjusterste Fryske nijfoarming útkeazen.

Nije wurden yn it Frysk bin ik fûleinich foarstanner fan. Mar dan ál nije Fryske wurden dy’t yn it Frysk sels útdoktere binne, at it heal kin. It listke fan It Nijs is oars wol grapstich – mar it binne wol neibaksels fan nije baksels út it Nederlânsk. Soks folget fansels út dat It Nijs ús nasjonale Fryske nijsgjirrige-berjochtsjes-oersettsjinst is (en soks moat der ek wêze). Wat de taal oangiet, gniis ik ek leaver om hoe’t It Nijs útentroch de bocht út fljocht (‘sylflarde’ foar zeilmeisje…), as dat ik it gûchel-trânsleed-Frysk op omropfryslan.nl lês…

Yn in taal komme út harsels nije wurden wannear’t de sprekkers nije dingen ûnder wurden bringe wolle, én dy sprekkers tagelyk har goed bewust binne fan har taal. Nijwurderij komt foar in part fan purisme, foar in part út kreätyf boartsjen mei it taalmateriaal. Salang’t der mei in taal boarte wurdt, libbet er. Echt goeie neologismen komme de taalbrûkers sels mei, sûnder oare talen sa mar oer te kopiearjen.

De gévismen fan Anne Popkema ynspirearren my om ek efkes wat ballen it fjild yn te slaan. Hy joech syn priis oan sjoddy!, in nijmakke groetnis troch Hanneke de Jong. Yn syn listke koe ek snoadfoan (hoewol in karbonpapierwurd) my wol bekoare. Mar even wat besyksels:

bûspjûter (s.): in kompjûtereftich apparaat (dat kin in snoadfoan wêze, of in iPad, in Blackberry, in tablet of sokssamear), dat maklik opburgen wurde kin, tagong biedt ta ynternet en wat sa mear

dreechskamte (s.): de oanstriid fan de media om it foar har publyk foaral net te dreech en net te ynhâldlik te meitsjen, lykas men yn Fryslân wol fernimme kin by Omrop Fryslân as it giet om de Fryske literatuer of om djipper lizzende maatskiplike problemen yn Fryslân

eigenblyn (adj.): de eigenskip dat der yn de perifery net (selsstannich) sjoen wurdt hokker kwaliteiten en kânsen der lizze yn de eigen omjouwing (of it moat wêze dat oaren, ornaris yn it sintrum, dy kwaliteiten yn de perifery oanwize)

lêbskoaie (v.): op (foar guon) irritearjende manear krityk leverje, wêrby’t hieltyd deselde útsliten arguminten brûkt wurde

protterpraat (s.): in hype dy’t foar koarte tiid de publike opynje behearsket, bgl. oproppen troch it mei sin oerémisbearjend tsjetterjen fan in raas-politikus, en dy’t in hoartsje foar kabaal en praterij soarget, – lykas in kloft protters yn in beam

sjummijris (adv.): selsbewust earne mei pronkjend, bgl.: De skoaljonge siet sjummijris mei syn djoere bûspjûter te pielen.

stikkenprate (v.): 1) troch oanhâldende krityk fernijende en nijsgjirrige plannen wjerhâlde; 2) datselde, mar dan trochdat de plannen troch te lange politike diskusje net op’e reed reitsje

teferbouwe (v.): eat ferniele troch rigûreuze nijbou, bgl.: De Grutte Merk fan Grins wurdt teferboud troch de komst fan it ‘Groninger Forum’. [Ôfliedings mei te-, dy’t oan tiidwurden de betsjutting ‘stikken meitsje’ jouwe, binne in wat fergetten skat yn it Fryske leksikon!]

trânsleed (s.): minne oersetting troch it letterlik fertalen fan taaleigen út in oare taal (yn it Nederlânsk benammen ûnder ynfloed fan it Ingelsk, yn it Frysk ûnder dy fan it Nederlânsk)

wanwurd (s.): in (meast nijfoarme) wurd, dat: a) om politike redenen in beskaat ferskynsel as ten ûnrjochte as bedriigjend of misdiedich foarstelt, of b) in grouwélich ferskynsel ûnskuldich besiket te meitsjen, of c) minsken ymplisyt fan har minsklike weardigens ûntdocht troch har metafoarysk as guod, amorfe massa of natoerferskynsel út te byldzjen

Moaie wurden binne it net allegear, jou’k ta. Mar nedich binne se ál.

Moandei, trijentweintich jannewaris 2012.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Radio-holle

Posted by André Looijenga on 01/06/2010

In nije moanne, noch net in nij lûd. Of dochs al? Ik harkje, no’t ik dit deltyp, nei Radiohead. Wer. Fan myn broerke krige ik foar myn bul in dûbel-cd mei harren bêste hits. It is jierren, jierren lyn, wol’k leauwe, dat ik foar it lêst dizze muzyk harke. De âldere nûmers binne foar my as in soartemei soundtrack by myn middelbere-skoaltiid en it earste jier dat ik studearre. Omtrint Kid A heakke ik njonkenlytsen ôf. Ten ûnrjochte, no’t ik it sa’n acht jier letter op’e nij hear.

Fan’e moarn hie ik in wichtich sollisitaasjepetear. Ik wit op dit stuit net of it goedernôch gie om oannommen te wurden. It is net dat it op’e kop ferkeard rûn, mar it is ek wer net dat ik der alhiel fan oertsjûge bin by de bêste fiif (út trettjin) te hearren. Efterôf sjogge je altiten wat better en wat skerper koe. Ôfwachtsje wat it wurdt, uterlik nije wike krij ik in tillefoantsje deroer.

Ik wie moai op tiid fan’e moarn. Rom foar njoggenen siet ik yn pak en stropdas op in bankje foar it Akademygebou yn’e sinne. Foaroerbûgd fytste in âldere hear mei heallang wyt hier by de kasseien op. Hy seach fansiden en stuts freonlik de hân op. Ik groete werom, en seach dêrnei pas wa’t de fytser wie. De kommissaris fan’e keninginne. Net dat ik de bêste man ea sprutsen haw, mar dochs moai om dy syn seine op jins sollisitaasje yn elts gefal te hawwen.

No ja, ôfwachtsje dus. Wa wit. Wa wit net. Earst mar wer werom oan it gewoane wurk.

Noch wat oars: witte jimme dat jim op myn blôchkes réagearje kinne? Klikje derfoar hjirrjochtsûnder op Leave a Comment (of, at ien dat al dien hat, op it wurd Comment). Ik kin sels ommers wol sjen dàt minsken myn stikjes lêze, mar ik bin ek benijd wa’t my lêze en wat at dy fan myn skriuwseltsjes fine.

Tiisdei, ien juny 2010.

Posted in Dien, Heard | Tagged: , , | 2 Comments »

Befrijingsdei

Posted by André Looijenga on 05/05/2010

It is in moai gesicht, moat’k tajaan, rigen ‘jierren tritich’ huzen mei de Nederlânske flagge út. Benammen at de sinne derby skynt, lykas hjoed. Fan’e middei oer sokke strjitten súdwest fan it sintrum fytsend, krige ik eat fan in Befrijingsdei-gefoel. In histoarysk erfarinkje, net sublym, mar efkes geandewei. Ik wit dat der fûl fochten is, doe yn april 1945, oan’e súdlike tagongswegen fan’e stêd. Filmbylden komme yn it sin, fan Kanadezen dy’t mei gewear foarút oer krekt sokke gewoane Grinzer strjitten drave.

Mar haw ik fierders wat mei Befrijingsdei?

Ik wie op’e fyts noch by de drafbaan lâns riden. De kliber folk dy’t dêr geardromde, griisde my eins oan. No ja, grutte menichtes hoege om my net sa. Ik seach efkes it festivalterrein oer, en wie derút dat ik dêr net frijwillich hinne hoegde.

Ik fyn it fierders bêst, hjer: Befrijingsdei mei as ‘feestdei’ bestean bliuwe. Mar dy festivals, mei har al te dúdlike bliid boadskip (oer ordinêr sûpen en razen hinne plakt), en dy fersinsels as “treinen fan’e frijheid”, ik kin der wol sûnder. Miskyn is it om’t dy Befrijingsfestivals altiten sa oerdreaun fan hegerhân foar de jongerein ornearre lykje te wêzen. In troch de oerheid betelle feest foar de (grutstêdlike, allochtoanige) jongerein… ik haw my nea ta de doelgroep hearren field.

Jin herinnerjen oan’e Oarloch, in kriich fan foar jins tiid, en al syn ûnminsklike, mar helaas al te minsklike, grouwélichheden, is mear as wichtich. Mar dêr haw ik alteast de Befrijingsdei fan no net by nedich. Minsken moatte witte, en leard hawwe om mear witte te wollen, en foaral by steat te wêzen om it ferline beseffe te kinnen. Ynstee jout men se frij, muzyk en slop bier.

In ekstra frije dei yn maaie haw ik neat op tsjin. Mar de betinking fan’e ein fan’e Twadde Wrâldkriich oerskaadzje te litten troch simpel meitsjende festivals, nee tanke.

En faaks is dy befrijing fan 65 jier lyn ek net de gaadlikste oanlieding foar Nederlâns nasjonale feestdei… Miskyn soe men dochs 26 july (Placcaert van Verlatinghe, 1581) ynfiere moatte, herinnerjend oan hoe’t Fryslân en de oare ‘uniëarre Nederlannen’ foar it earst in frije steatebûn waarden.

Woansdei, fiif maaie 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »

Palmpeaske

Posted by André Looijenga on 28/03/2010

[Myn ûnsâlte opynjes jaan oer de steat fan Fryslân en it Frysk is in moai foarnimmen, no. Hjoed fiel ik der dochs foar om wat observearjend oer in eigen belibbenis te skriuwen. It sil de noch yn’e noasters hingjende wijreek wêze dy’t dat my ynjout. Wa’t de titel boppe dit stik en it neamen fan wijreek al te folle from gejeuzel fynt, kin oars better efkes fuortklikke.]

Ferline jier wenne ik om dizze tiid hinne yn Durham yn Ingelân, dêr’t ik behalven studearjen de pleatslike (anglikaanske) kathedraal fan alle kanten kennen leard haw. Ik waard tige meinommen troch it moaie ritueel, wijde muzyk en yntelliginte preken fan’e anglikanen dêre. Dat fansels kaam ik op palmsnein del en meitsje de Procession and Sung Eucharist mei.

It wie foar my in frjemde fertoaning. Wylst it plein tusken kastiel en kathedraal folstreamde mei folk, fielde ik my ynienen sjênant herformd en bûtensteander. Krúskes fan strie en liturgytsjes waarden útrikke. De kanunniken yn borduerde gewaden en it jongeskoar ferskynden fanút it kastiel. De tsjinst begûn dêr op it plein yn’e sinne mei in earste part skriftlêzing en sjongen, wêrnei’t it koar foar de optocht út de minsken sjongend de tsjerke yn liet. Yn in lange tsjinst waard dêr noch it hiele lijensferhaal fan nachtmiel oantemei grêflizzing foarlêzen.

Hjoed woe ik wol wer sa’n passend palmpeaske meimeitsje. It meast yn’e buert fan in Ingelske Palm Sunday Procession soe it wol by de roomsken komme, tocht my. Dat ik teach fan’e moarn ôf nei de Sint-Joazef, dêr’t men my by de doar in buksustûkje joech en ik my benijd yn in banke delsette.

De roomsken hawwe myn sympathy, mar organisearjen blykte net harren sterkste punt. Doe’t hast elkenien siet, waard der meidiele dat men nei bûten moast om de palmtûken te seinigjen. De measten bûten, begûn it ritueel, foar de measten kwalik te ferstean, op in skoalpleintsje deun neist de tsjerke, dêr’t de rûs fan it ferkear evangealje en wijwettersprinzgjen oerstimde. Efter krús, preester en Latyn sjongend koar oan bewege de minkskenkloft him wer rjochting de smelle tsjerkdoar. In freonlike chaos, mar wol freonlik en besteand út lju fan hiel ferskaat laach en stam.

Men kin hielwat sizze oer de roomske tsjerke, mar hja wit wol in folle mêlearder publyk as de protestanten te lûken. Neist it kreaze wenstige tsjerkfolk ynienen ek de glimmende jaskes fan’e wat folkskere minsken. In grutter ferskaat oan kleur yn it antlit ek, en ferskillende tropyske en slavyske tongslaggen yn har taal.

En wat wurdt dizze trochsneed fan’e stêd foarset? – In liturgy mei (fanwegen palmpeaske) in soad skriftlêzing, in bytsje sang (meast fan it koar), in hiel koarte preek, bidden op’e knibbels, de eucharisty en de seine. Foar de bern wie der in soartemei kindernevendienst om palmpeasktûken te nifeljen. De pastoar wie net echt in berneman, blykte, dat er begûn daalks it neiteam te ûnderfreegjen oer Jezus syn stjerren foar ús sûnden. (Kom dêr by ús frijsinnigere herformden ris om, sels mar yn in folwoeksen preek.) Mar goed, yntegrearjend sil it grif wurkje, sa’n sneinskoalle foar Antiljaanske en Poalske bern.

De Sint-Joazef is in waarm ynrjochte néogoatysk kathedraaltsje, mei in protte read en goud, âlde auters en bibelske plaatsjes yn’e ruten. Hoewol’t de hillige dingen by de roomsken altiten dêr fierderop barre te lykjen, leit de tsjerke dochs as in waarm tekken fan wijing oer de minsken. Foaryn giet it troch, it tsjerkfolk folget. Hyltyd komme der skruten noch lju binnen, knibbelje en gean sitten. Guon gean ek earder fuort. Der wurdt krúskeslein, wurdt knibbele, en ik besykje it allegear te folgjen.

De homily is, nei mannich haadstik út Lukas, genedich koart. De plebaan sprekt oer sûnde binnen de tsjerke en feroardielet sa, foar in goed harker alteast, it bernemisbrûk. (Mear is dêr eins ek net oer te sizzen, dochs. Dat misbrûken is jierren lyn bard. It wie slim sûnde. Mar om sokke yndividuële misdieden kinst in tsjerke, dêr’t fierders ek in soad moais oan sit, dochs net kategoarysk feroardielje. Lit stean it leauwe dat by dy fansels net-perfekte tsjerke heart.) Dêrnei waard de faart deryn set. De kollektepongen wiene noch mar healwei de tsjerke, doe’t it foaryn wer begûn te preuveljen en tarieden fan’e eucharisty.

In tsjerke fan tsjinstellings, rom mar ek mei fine grinzen. Oan’e iene kant oargelkoralen fan Bach, mar ek wat ôfraffele beaën. In diverse kliber leauwigen, mar de lear neffens it boekje. Se moatte it, liket my, hawwe fan dat se binne wat se altyd al wiene. Wat lekket ommers in bytsje ûnoarder en sleur, ast de ivichheid yn behear skynst te hawwen.

Snein, achtentweintich maart 2010.        

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »