Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘humor’

ItNijs hoech ik foarearst net mear te lêzen

Posted by André Looijenga on 23/07/2014

Ik haw krekt de link nei de saneamde Frysktalige “nijswebside” It Nijs fuorthelle út de “Blogroll” hjir rjochts op jo skerm. It Nijs is it online úthingboerd fan de Rie fan de Fryske Beweging. De idee derefter is moai: nijs rûnom út de wrâld beskikber meitsje yn it Frysk. De Fryske Beweging bin ik as Fryske skriuwer no ien kear mei anneks troch myn kar om yn it Frysk literatuer meitsje te wollen, en oer it ginneraal stypje ik fansels de “striid” foar mear en better Frysk. Mar de side It Nijs kin ik jo net langer oanriede om te lêzen.

De kwaliteit fan dy webside is yn ynhâld en foarm swier ûnder de mjitte. De minne taalfersoarging jout, lykas faaks bekind, al folle langer argewaasje: ien as Daam de Vries hat der al geregeldwei sines oer skreaun. It is gauris in nuvere gearmjuks fan ûnidiomatysk oerset Hollânsk, grammatikale staveringsflaters, en ûnnedich fiersochte neologismen en — om it sa mar te neamen — “leksikonismen” (folslein ûnbekinde wurden dy’t earne djip út de wurdboeken opheakkele binne). Yn alle gefallen lêze jo op It Nijs nóch in libben deistich Frysk, nóch in Frysk dat in krûm oan literêre belêzenens ferriedt; lit stean (wat it bêste wêze soe) in elegante kombinaasje fan sprektaal en literatuertaal.

Yn uterlike fersoarging (webdesign) is it in amateuristyske earmoed dat it sta seit by It Nijs. En is it ek by wat de Rie fan de Fryske Beweging fierders op it wrâldwiid wêb en yn printe foarm fan harsels sjen lit. Mar lit my my no ta de ynhâld beheine.

Neist in geregelde karút oan “lichte berjochtsjes” dy’t de puberale kant neist binne (oer kullen en fodzen en soks), miene se op It Nijs ek oan puntich stikeljende satire dwaan te kinnen. De risseltaten dêrfan wiene meastens al net fan hokfoar nivo ek kwa humoristyske taalmacht, mar okkerdeis ha se har tryst fertild oan grapmakkerij oer de ramp mei flecht MH17. Ik sil de wangrappen net werhelje: mear oer de saak lêze jo by Cornelis van der Wal. Ek Koos Tiemersma koe fuortendaalks de humor hjir net fan ynsjen, en Kitty-Madison Snel wol foarearst net mear meiwurkje oan It Nijs.

Dat sadwaande. Wat my dwers sit, is yn it foarste plak it gebrek oan redaksje wêrtroch It Nijs sa’n ynhâldlik ûndermjitske side is. En dêrneist de net te leauwen sa behyplike ambysje dy’t it gehiel dat It Nijs is, útstrielt. Anti-reklame foar de Fryske taal, foar de Fryske saak!

Woansdei, trijentweintich july 2014.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Kening fan ‘e junks

Posted by André Looijenga on 21/09/2010

Om’t de Majesteit hjoed ek net folle nijs te melden like te hawwen, liet ik Prinskesdei mar Prinskesdei en teach ik wat earder as oars nei Ljouwert. Eat oars stie op it programma: in moeting mei in rju swiid-leard Frysk taalkundige en literator.

(Yn it literêr-Frysk ynternetwrâldsje is der ommers ûndertusken ek wer ris deilis útbrutsen, ditkear om it foar him út mopperjen fan Durk van der Ploeg yn’e Ljouwerter lêsten, dat dêr woe ik it op myn blôch mar net oer hawwe. Hoe minder fretten der yn’e trôge driget te kommen, hoe hurder’t de kuozzen skrieme. Jawis, ek ik kin myn âld-boerefryske deadoggers, no.)

Hawar, yn it wyld stúkte 18e-ieuske haltsje fan it Kûlonhûs stie ik net lang te antichambrearjen, ear’t de skraitsige gestalte fan’e Nietzsche-oersetter de treppen delkaam. In rûnlieding trochhinne de hillige graal fan’e Fryske kultuer folge. Kjel waard ik wol fan’e plannen mei it Aljemint, de eardere griffermearde tsjerke dy’t no noch as in soartemei akademykapel foar lêzings brûkt wurdt: sil dy wier omboud wurde ta in parkeargaraazje?

Yn’e kuiergongen fûstke ik, leau’k, ek noch mei de heit fan in oan’e wei timmerjend Frysk skriuwer. Foar’t wy de doar útgiene foar in kopieuze lunsj, duts de wrâldferneamde tonnefilosoof op syn wurkkeamer even de kast yn. Dêrút krige er in steapeltsje boeken, wêrfan’t ik der ien yn’e trein nei hûs gnizend útlêze soe.

Kening fan ‘e junks (2007) fan Eric Hoekstra is dan ek ien fan’e leukste Fryske boeken dy’t ik ea lêzen haw. Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , , , | 4 Comments »