Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘klassiken’

Gysbert Japiks saeg my zwitten

Posted by André Looijenga on 11/12/2010

Fûn yn in boekje mei fersen fan Elias Annes Borger (1786-1820), berne op’e Jouwer en ferstoarn as professor yn Leiden.

(It boekje hat de sljochte titel Gedichten, “zevende druk, Amsterdam, Gebr. E. & M. Cohen”. In jiertal stiet der net by. Op grûn fan omkaft en lettertype datearje ik it om 1890 en 1900 hinne. Sjoch by in oar oer de ynhâld derfan hjirre.)

In Frysk dissertaasjefers, lykas dat fan Everwinus Wassenbergh út 1763 dat ik earder behannele. Elias Annes Borger beskriuwt in nijsgjirrige ferskining fan Gysbert Japicx. Dy’t him lykwols net helpt om in Frysk fers te skriuwen, mar júst ôfret en doch oan “boere friesk” foar heechdravende doeleinen. Lykas by de jonge Wassenbergh is Frysk hjir de taal fan’e simpele bûtensteander, dy’t ynbrekt yn it akademyske dekoarum. Bot ironysk oars dat Gysbert Japicx foar dat doel út’e deaden ta ús helle wurdt, om’t hy no krekt it Frysk sa foar heechkliuwende saken brûkte. Ik freegje my dan ek ôf hoefolle fan it wurk fan Gysbert at Borger lêzen hie, doe’t er dit skreau.

It motyf fan de âlde dichter dy’t de jonge yn in dream besiket, is klassyk. Borger, tige klassyk skoalle, koe it faaks út’e fragminten fan’e Annalen fan’e Romeinske dichter Ennius. Dy beskreau in dream wêryn’t er Homerus mette, dy’t him ta dichter wijde.

Oon myn graete makker Beernd Freêrk Tydeman, da hy zyn disseretasie fordiffendjerje zoe.

.

Wol tjienkeer hab ik it prabjerre

Of ik nin rymke meitje koe,

Dat ik uws Tydeman forjerre,

Wanneer hy dispuwtjertje zoe.

.

Mar ‘k wist net ik moast beginne,

Altied mankierre er wat oon;

Ik mogte peinsje, ‘k mogt forsinne,

Ievig warde it spul fordoon.

.

‘t Begoon my eynlik te fortritten,

(In nin wonder, zieker wier!)

Ik warde wurg fin al dat sitten

Mei beide hànnen in ‘t hier.

Read the rest of this entry »

Advertisements

Posted in Fryskens, Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , | 3 Comments »

Iden fan Maart (of eins de deis dernei)

Posted by André Looijenga on 16/03/2010

De lêste wike hie ik it min oan tiid en hâld myn blôch by. Ien grut en wichtich ding moast foar dizze moandeis klear wêze, dat dat gie efkes fóar. Sneintejûn koe ik, nei it nedige stinnen en krewearjen, it ûndersyksútstel opstjoere wêrmei’t ik nei in promoasjeplak oan’e Grinzer universiteit sollicitearje wol. Dat ynienen sit ik wer hielendal medias in res classicas, en liket it Frysk der wer in bytsje by yn te sjitten.

Wêr ik op wol promovearje (soe ik sa’n fûl begeard plak krije kinne)?

Myn útstel hat as titel (ferfryske) meikrigen It Wer-útfinen fan’e Barbaar: konstruksjes fan net-Gryksk en Gryksk yn’e Hellênistyske poëzy. Ik bin filolooch en graecus en haw my yn it foarste plak talein op’e literatuer fan’e Hellênistyske perioade. Yn myn dissertaasje wol ik dizze poëzy oan in analyze ûnderwerpe dy’t derfan útgiet dat de dichtkeunst in dúdlike rôl spile hat yn it definiearjen fan (kulturiele) identiteit. It liket faaks in bytsje koart-troch-de-bocht sa, mar binnen it fjild fan’e Hellênisme-stúdzje hat it neffens my potinsje om in ynfloedryk boek op te leverjen.

Mar mear as ôfwachtsjen oft de kommissje dy’t deroer giet soks ek sjocht, en it oandoart my oan te nimmen, falt der no net te dwaan.

It útstel opstjoerd, heapje oare akademyske putsjes har foar my op. Myn offisjele ôfstudearjen (de bul-útrikking) stiet no in datum foar op’e aginda. Foar 1 maaie moat in earste presintearbere ferzy fan in artikel fan myn hân oer spearen en it byld fan keningen by Hellênistyske dichters klear wêze om nei de besikers fan in kongres ein fan’e simmer tastjoerd te wurden.

Wat oars, mar dochs oanswettend, oer fan’e jûn. Út wurk bleau ik yn Ljouwert en gie ik yn Tresoar nei in lêzing. Foar in publyk fan fral eineksamenlearlingen spruts Anton van Hooff nei oanlieding fan’e Pro Caelio oer it libben fan Cicero. 

De lêzing foel my ôf. Ik hie in mear gearhingjend ferhaal oer dy iene bysûndere redefiering fan Cicero ferwachte, as de leechdrompelige powerpoint dy’t wy foar ús krigen.

Van Hooff is in man dy’t gauris op’e radio útnoege wurdt at it oer de Âldheid giet, mar eins is er net sa hiel geskikt om sels syn tinzen krêftich ûnder wurden te bringen. Meastens fynt er ek net safolle bysûnders, tinkt my. De yndruk dy’t er wekt, is dy fan gewoan in âldere learaar Latyn. Wakker entûsjast oer syn fak, mar wat warrich en te drok yn syn styl fan praten. Hy skriuwt ek net ûnaardich, mar hy komt net oer as in djiptinkend gelearde, noch as in wiidweidich yntellektueel. In goede learaar faaks, mar as lanlik úthingboerd fan’e wittenskiplikke bestudearring fan’e Klassike Âldheid earlik sein ûnder de mjitte.

Tiisdei, sechtjin maart 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , , , , , , | 3 Comments »