Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘lânskip’

Gedicht: isofloedlinen

Posted by André Looijenga on 30/07/2015

Okkerwyks is der fan my wer in gedicht publisearre yn Ensafh. It is in ‘Klaai-frysk lânskipsgedicht’, soe ik it sels omskriuwe wolle. Josse de Haan frege him ôf oft it “In nije foarm fan abstrakte poëzy?” is.

.

isofloedlinen

.

de see bestiet net

it slyk, seedyk, de rjappelklaai

foarboaden fan in neat

.

in sûnder wat

.

kluten < kerrels < grús

see is griis fan plúskes grûn

boaiem swart fan wetter

.

ien grins is der net, tusken

ús en leechte

útsein fan isofloedlinen tekene

.

de fêste klaai foarseit, ûnthjit

in neat bestiet

.

Hjir waard it fers isofloedlinen earder publisearre.

 

Advertisements

Posted in Skreaun | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Gjin ‘rânemar’ op Wieringen…

Posted by André Looijenga on 03/11/2010

Krekt lies ik wat goed nijs liket te wêzen: de provinsje Noard-Hollân sil bekind meitsje net troch te gean mei de oanlis fan in mar oan’e súdkante fan it âlde eilân Wieringen. In wyld plan om nei tachtich jier as noch in mar op’e râne fan’e Wieringermarpolder oan te lizzen (sokke plannen hawwe/hiene se ek by de Noardeastpolder), dat troch projektûntwikkelders mei machtige freontsjes, tamtearre demokratyske kontrôle, brúskearre boargers, en faaks sels klearebare korrupsje, sûnder erchtinken trochtreaun drige te wurden. Saved by the crunch, liket it no. Inkeld jildpine hat dizze oerdwylske Noard-Hollânske ‘Blauwestad’ keare kind.

Oarekant de Ôfslútdyk leit Wieringen, in stoeve liembult mei in hânfol âlde doarpen. Lyts, mar wûndermoai sa’t it is. Rinne je der om, fielt it noch altiten as in eilân. In (West)frysk eilân boppedat, in soarte fan Gaasterlân dat fûl yn’e wyn op folle see ôfmeard skynt. De Wieringers ha wrotte moatten om harren pôle yn stân te hâlden. Hja bouden dykjes fan seewier om op it waad kegen te feroverjen foar in bytsje mear romte foar har skiep. Yn’e rin fan’e 19e ieu slaggen se der yn de Polder Waard Nieuwland te bedykjen, dy’t in bytsje mear wolfeart brocht.

De ien nei lêste dei fan 2009 swalken Plaatsman en ik om oer Wieringen. It hie snijd, der waaide in izige wyn fan it waad, de loft siet ticht yn alle kleuren griis, de lea hast beferzen stapten wy manmoedich om. It wie stjerrende kâld, mar wat wie it hjir ûnbidige moai. De gielstiennen pleatskes, de stânfêste tuorren, de kliffen, beamwâlen en túnwaltsjes, de oandwaanlik platte âlde wierdykjes dy’t ea de keech ferdigenen. Yn’e doarpen seachst posters foar de ruten, as in omdôch protest tsjin it wetter en de rekreaasjeparken dy’t dit burgen lântsje omstrûpe soene.

Mar no liket de súdrâne fan Wieringen rêden fan megalomane ûntwikkelingsprojekten. Polder Waard Nieuwland wurdt net splis set foar in pear boatsjefarders op wat mei in grouwélich ûnsjogge namme Lago Wirense hjitte moast. De seeklaai fan’e Wieringermar wurdt net opoffere oan in bytsje flugge winst yn it no. Lit ús it hoopje. Foar no mar even in fotootsje fan ôfrûn desimber.

Útsjoch op Hippolytushoef fan'e kant fan Stroe

Woansdei, trije novimber 2010.

Posted in Dien, No-tiid | Tagged: , , , , | 3 Comments »

Sa skean as Suurhusen

Posted by André Looijenga on 30/10/2010

Gouden oktober is hast wer ferrûn mei oer’ en stûne. De hjerstfakânsje ek al. Juster wie ik noch mei âlders en bruorke in dei yn Eastfryslân.

Yn in boekhannel yn Leer fûnen wy in hiel aardich twatalich boekje mei de titel Toornmanntjes Trick. Yn it Heechdútsk en it Eastfryske Plattdütsk wurdt hjiryn in ferhaaltsje ferteld oer in woutermantsje dat yn’e skeane toer fan Suurhusen wennet.

Letter de middeis kamen wy lâns Suurhusen (krekt noard fan Emden). Wy giene hjir even oan om de toer te sjen. Neffens’t offisjeel fêststeld is (in helling fan 5,07%), de skeanste toer fan’e wrâld!

De toer stiet op in terp, en is pas yn’e njontjinde ieu begûn te fersakjen, troch boaiemdelling om’t it wiete klaai-op-feangebiet te yntensyf bemealle waard. Wylst de toer fuortsakke is yn’e sloppe grûn, stean de tsjerkemuorren ek bryk alle kanten út. Nei in slach oer it hôf, dat as in hast surreële berch fan grêven tsjin’e tsjerkemuorren oanleit, seach ik in âld man mei in grouwe kaai yn’e doar stean. De koster hold ús noch sawat in healoere oan’e praat, toande ús it tinkboerd foar de Alderheljenfloed fan 1570, in âld oerwurk, de kânsel, en it djippe midsieuske font. Oeral liezen wy stiennen mei opskriften yn it Nederlânsk.

Yn Leer, en ek yn Emden, wiene de boekhannels goed sortearre mei lokale publikaasjes. Mar oft it Eastfrysk noch lang meigean sil, bin ik wat pessimistysk oer. Foarsafier’t ik jongerein praten hearde, wie it gâns Hochdeutsch. De koster koe wol dialekt, mar soks praat men fansels net tsjin Nederlânske besikers. Op’e beukerskoalle wurde de bern al earst up Platt opfongen, krige ús heit te witten.

Wy bleaune fral op’e klaai juster yn Eastfryslân. It is bysûnder te sjen hoefolle’t it plattelân dêr op Grinslân en ús Fryslân liket. Moai binne de âlde doarpen, lykas Greetsiel, Pilsum, Groothusen. Oeral readmoppen swiere âlde tsjerken, grutte pleatsen op’e bou, en hjir en dêr sels in stins. It âlde Eastfryslân betsjoent jin, mar fierders binne de nijere huzen allegear wol ôfgryslik Dútsk. Lytse rútsjes, de gevels breed, dûnker, en sletten.

Mar efter de brune muorren giet gauris wol kwaliteit skûl. Wy dronken yn Emden oars hearlik tee út in pot op in stövje, nei’t ik in pear doarren earder yn’e grize winkelstrjitte in tsjok boekwurk oer Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende (ed. Hajo van Lengen, Aurich 2003; yn’e oanbieding foar €10) opdutsen hie.

Sneon, tritich oktober 2010.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , | 3 Comments »

Belzelân

Posted by André Looijenga on 23/08/2010

Foar dejingen dy’t nije bydrages op myn blôch de lêste wiken misten: ik bin wer werom fan fakânsje yn (it) Belzelân.

Jawis, België/Belgique/Belgien. Mei in lânkundige freon trochkrúske ik mear as in wike dat moaie nuvere keningryk. Njoggen stêden diene wy oan. Sa’n fjirtich tsjerken seagen wy fan binnen, wêrûnder seis katedralen. Mannige tongslach hearden wy, en withoefolle bieren ha wy preaun. In bêst lân dat België. Dat se it net fierder oan ûnderhanlingstafels teskuorje!

Fan’e middei gie ik de Ôfslútdyk wer oer. Nei it organysk woeksen Belzelân werom yn rjochte streken. Makke, net berne. Loft mei rûge wolkens, wetter dat grienich weaget, in smel rypke grûn dêrtusken.

En no wer yn Grins. Kongres oer Hellenistyske literatuer, wêrop’t ik ek sprekke sil. Dat dien, lêze jim hjir fannijs fan my.

Moandei, trijentweintich augustus 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

Reiderlânske Reis

Posted by André Looijenga on 12/07/2010

Al as net de hûnsdagen, ôfrûne freed stuts ik mei in goefreon op’e fyts ôf nei it easten. Oer Slochteren, Noordbroek, Scheemda en Midwolda trapen wy de 50 km fuort rjochting Dútske grins. De sinne stie leech en de jûn wie soel, doe’t wy ús deljoegen oan it ‘Oldambtstermeer’. Sa sjocht dat ferneamde (en beruchte) Blauwestad der dus út, sjoen fanôf de dyk tusken Midwolda en Oostwold. Midden op’e foto sjochst in baggerboatsje dwaande op’e nije mar. It is krekt of is de mar noch net ôf. Faaks wurdt der baggere om it gers fuort te heakkeljen, dat noch op’e boaiem groeie soe fan doe’t it hjir jit greidlân wie.

Blauwestad

Myn fytssinnige freon wennet yn Nijeskâns, in tsien minuten rinnen fan it eastlikste puntsje fan Nederlân. Dy oarde hawwe wy op in nachtlike kuier ek noch efkes opsocht. It echte eastpunt leit midden op’e A7, mar wy al even dêr deunby neist it blauwe boerd mei “Nederland” by de fangreels stûn. Wy hiene doe ek al oer tsjustere polderdykjes de grins oer west. Ik wie suver wat teloarsteld dat der gjin dûane- of Zoll-patrûlje wie dy’t ús fan smokkeljen fertocht. (Myn freon wie lêsten noch oanholden troch de maresjaussee, om’t er op in lyts blokje-om by syn eigen doarp it paspoart fergetten wie.)

Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 4 Comments »

Tingstêd en Sylhûs

Posted by André Looijenga on 08/07/2010

Soe it wêze om’t ik mei myn holle by in nijsgjirrige fakatuere yn it westen des lands sit, dat ik de ôfrûne wike it lânskip fan Grins en it Ommelân wer wat mear wurdearje?

Yn elts gefal haw ik der de lêste tiid in pear kear goed op út west op’e fyts. Op in soele jûn de Súdlaarder Mar rûn, oer Fokshol, Kropswâlde, Súd-, Mid-, Noardlaren en Onnen. De Hûnsrêch krekt foar Noardlaren like wol Denemarken, en dat sa tichtby Stad. Op in waarme sneintemiddei it noarden út, oer Ûnderdendaam, Stitswert, Uskwert nei Noardpoldersyl en oer Warffum werom.

Nei it skildereftige (mar gleonhite) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad. Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum. In yntrigearjende namme. Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in *thingsted (op syn Âldfrysk) neamde, dêr’t men gearkaam om te thingia (Âldfrysk rjocht te sprekken en sa). Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee. Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan’e Friezen fan (it eastlik part fan) Hunsingoa, sa yn’e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr’t Liudger in sekere sjonger genêzen hie.

Wat letter dy deis stie ik by Noardpoldersyl yn’e kwelder. Foar it earst wie ik fanút’e Stêd op’e fyts oan it Waad ta komd. Fanôf de dyk seachst de eilannen fan Skiermuontseach oant Norderney. Miskyn dat it troch de floed kaam, mar de see like yn syn dûnkere blau sawol wiid as dochs ek lyts.

By it sympatike kafee t Zielhoes hie ik noch in spekpankoek foar’t ik de rom tritich kilometer werom begûn. In bêst plakje sa dêre, in smûke húskeamer op’e keale romte, mar dit Sylhûs driget – skande! – ynkoarten troch de gemeente Eemsmond sletten te wurden. De stifting dy’t eigner is fan it âlde gebou wol der in ‘trendy restaurant’ fan meitsje: dat gjin Grunneger wurdsjes mear op’e menukaarte tink, mar alles twa kear sa djoer en hurde swarte stuollen…

Mear Easterlauwerske eskapades folgje gau. Der stiet skylk in inkelde reis op’e fyts nei Nijeskâns op’e rol, en dêrby in dei oer de groppe yn it eardere *Hriâderlond (Reiderlân) en oan’e iggen fan’e Yms.

Tongersdei, acht july 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

It djippe suden

Posted by André Looijenga on 22/03/2010

Fan’e fiifhûndert of sa nedersettingen yn Fryslân binne der in bulte dêr’t ik noch nea west ha. Juster kaam ik nei Tersoal om de middeis mei de famylje op jierdeisbesite nei myn sus har freon te gean. Ûnderweis nei it freonlike wettersportdoarp H. gûngen wy earst in stikje út riden.

Earst in koarte ‘ynspeksje’ oarekant de Snitsermar. Yn Terherne en Goaiïngearyp blykte der flink byboud sûnt ik it dêr foar it lêst sjoen hie. Fral yn Terherne lykje se op’en doer it hiele eilân fol bouwe te wollen mei itselde soart jachthaventsjes en fakânsjehúskes. Ik wit net oft dat de bêste takomst foar sa’n plakje is.

Fanôf de Jouwer keazen wy foar ûnbekende sydwegen. By Roazebosk (in buertsje fan’e Jouwer dat eins part is fan Skarsterbrêge) sloegen wy ôf nei Ousterhaule. Dat doarp liket wol wat op Tersoal. It leit yn’e Ouster-Trijegea, in streek dy’t der útsjocht as liedt er nearne hinne. Feanpolders binne it, lâns de Tsjûkemar. De plakjes Ouster-Nijegea en Âldeouwer bestean út pleatsen oan in dykje, en twa kear in âld tsjerkhôf mei in klokkestoel. De hôven en de pôlen mei bebouwing lizze gauris oardel of twa meter heger as de greiden: de sloppe feangrûn moat flink ynklonken wêzen.

Wy rieden fierder om’e Tsjûkemar hinne: Reahel, Fjouwerhûs, Dolsterhuzen, Ychtenbrêge, Ychten, Giterskebrêge, Eastersee, Follegea. In leech lân, mei in dramatyske skiednis fan ieuwen boaiemdaling, ferfeaning, fersomping en ynpoldering. De mar friet hjir fan’e wâlskanten. Reahel wie eins ieuwen lyn al ferdwûn yn’e mar. Yn (it âlde) Dolsterhuzen leit it hôf deun oan’e mar. De tsjerke waard oan’e kant fan’e dyk weropboud, de minsken wenje yn in doarp in kilometer súdliker.   

Ek al wie it it bêste waar fan’e wrâld, dochs bliuwt sok feanpolderlân wat tragysk en mankeliks hawwen. Ea wie it de frontier fan Fryslân. Winters kjel, en simmerdeis sil it der broeie yn’e sinne. Yn’e feanpolders lykje de hoekjes wyldernis tusken de droechmealle greiden dan krekt in súdsteatske bayou, samar bedarre yn’e Deelen, efter Staphorst of by Woudbloem.

Moandei, twaëntweintich maart 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , | Leave a Comment »