Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘lêsbefoardering’

Klysters

Posted by André Looijenga on 19/02/2012

Op www.ensafh.nl, jo favorite iennichste Fryske literêre tydskrift, stiet wer ris in kollum fan my. Dizze kear in kommintaar oer hoe’t it fierder moat mei Fryske berne- en jongereinboeken, nei oanlieding fan de sterke Sirkwy-lêzing dy’t Sigrid Kingma ôfrûne tiisdei hold yn Drachten.

Hjir in priuwke. De rest lêze jo op Ensafh:

Merakels wie Sigrid har idee fan Fryske ‘Jonge Lijsters’. Sóks soe pas Fryske lêsbefoardering wêze: alle jierren fia skoalle bern in pakket Fryske jongereinboeken op har nivo bestelle litte. Alle jierren in seleksje fan, sis, trije kreas werútjûne goede lêsboeken op nivo A en trije op nivo B. Skylk hooplik ek op it dregere nivo C (mar yn dy kategory binne eins noch te min Fryske jongereinboeken ferskynd). Foarútbesteld, om en by €12 it pakket, en printe ‘on demand’. Pakst it goed oan, dan kinst tûzenen fan dy boekepakketsjes oan Fryske skoalbern en har âlden slite!

Snein, njontjin febrewaris 2012.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »