Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘midsieuwen’

Adam en Eva

Posted by André Looijenga on 19/10/2011

It is al wer in pear jier lyn dat ik foar it lêst yn Frankryk wie. By myn foarrige ferbliuw wie ik hielendal yn it noardeasten, op’e grins mei België. Ien fan’e moaiste plakken dêr’t wy doe west hawwe (it wie in reis mei de yntusken heechlearaar-mjirkes fan midsieuske skiednis), wie de mânske tsjerke fan it lytse doarp Mont-devant-Sassey, op in heuvel dy’t de fallei fan’e Maas oerskôget.

Wy waarden rûnlaat troch de boargemaster fan it doarp, dy’t ek koster wie en âld boer leau’k. De tsjerke hat in grut goatysk portaal, mei hiel libbenich byldhouwurk. Twa fan dizze bylden kamen my lêsten yn it sin doe’t in freondinne fan my fertelde oer in moai detail yn in bekind bibelferhaal (Gen. 3:21):

En de Heare God makke de minske en syn frou klean fen bistefellen en teach se hjarren oan.

Hjir steane Eva en Adam, mei skjin har nocht. Beide hawwe se in rokje oan fan blêden. Oer de earms har nije klean fan bistefellen, as soene se krekt nei it pashokje en probearje se út. Adam hat in pak de rûge, wollen kant bûten, mar Eva hat in wat nofliker tenú krigen, mei de sêfte kant grif binnenyn.

Woansdei, njontjin oktober 2011.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

In gedicht út Boalsert út 1374

Posted by André Looijenga on 30/09/2011

In gedicht út 1374, dat ien foar ien de bewenners fan it Minderbruorrekleaster yn Boalsert beskriuwt. Dat is wat ik juster ûntduts by myn wurk foar MeMO. It is in merkwurdige tekst yn it Latyn, 63 hexameters lang, dy’t om ien as oare reden fan Boalsert fersille rekke is yn in bibleteek te Erfurt yn Dútslân. It liket derop dat dit gedicht der alles mei te krijen hat der om 1374 in skoalle wie yn it kleaster fan Boalsert, of dat der yn alle gefal ûnderwiis jûn waard op in ridlik heech nivo.

It giet om trije bledsiden tekst yn in hânskrift út de Amplonianische Handschriftensammlung yn Erfurt. Foar wa’t it even neisjen wol: folio 151v, 152r en 152v, fan Ms. CA D no. 10. Dit binne de lêste siden fan in codex mei in ferskaat oan teologyske teksten. De boekesamling yn Erfurt wie it libbenswurk fan Amplonius Ratinck de Berka. Yn ’e katalogus dy’t Amplonius sels fan syn samling makke hat, is te lêzen dat er dit hânskrift al yn 1412 yn syn besit hie. Oft er der oan ta kaam om it gedichtsje yn kwestje sels te lêzen, is de fraach: Amplonius besiet 635 boeken (en dat foár de útfining fan ‘e boekprintkeunst!).

It gedicht is lang neat mei dien. Begjin jierren ’50 fûn men it werom yn in bibleteekkatalogus. Erfurt lei doe krekt efter it Izeren Gerdyn, dat men wie al bliid dat der út ’e DDR fotokopytsjes fan ’e tastjoerd wurde koene. Yn 1952 folge de publikaasje troch de paleograaf én fransiskaan Amideus van Dijk (‘Het Minderbroederklooster te Bolsward in 1374’, Bijdragen voor de geschiedenis van de provincie der Minderbroeders in de Nederlanden, 10 (1952), 55-60).

Dit behindige artikeltsje, basearre op grif net al te dúdlike foto’s, en fersjoen fan in lyts bytsje beskriuwing en ynterpretaasje, is de edysje dêr’t men it oant no ta mei dwaan moat. De tekst fan Van Dijk is oernaam yn it boek Bolsward, zeven eeuwen minderbroeders (Boalsert 1976) fan H.A.M. Andela, dy’t der in haadstikje yn syn skiednis fan it Boalserter Fransiskanerkleaster op basearre. As bylage hat dit boek in Nederlânske oersetting, troch nimmen minder as Frits van der Meer, de Fryske winner fan ’e P.C. Hooft-priis. Dizze oersetting is lykwols wat de frije kant neist.

Van der Meer sil grif muoite hân hawwe by it oersetten fan it Latyn, want botte dúdlik hat de skriuwer fan it fers him net útdrukt. Yn syn taljochting sprekt er fan “schertsend keukenlatijn”. Neffens my docht er dêrmei it gedichtsje net alhiel rjocht. Faaks is it yndied wat houterich skreaun, hiel miskyn mei in inkeld flaterke, mar it is ál in, al as net earnstich, besykjen om yn keunstige leoninyske fersen (hexameters mei binnenrym) it Boalserter kleaster te beskriuwen. Safolle poëzij is der fierders net bekind út it fjirtjinde-ieuske Fryslân, dat ik soe der mar wat suniger op wêze.

Nei sân ynliedende rigels, bestiet it gedicht út in list fan fyftjin mannen dy’t ferbûn wiene oan it claustrum yn Bodelsward. De list begjint mei fjouwer funksjonarissen, de custos, de guardianus, de lector en de cursor. Hoefolle’t der elts sein wurdt, rint útien. De measte fersen (10 rigels) wurde wijd oan ’e geleardens fan ’e cursor, de learaar fan it kleaster.

Dizze minsken giet it om:

– Viardus de Dockem (Dokkum), de custos, de broeder dy’t de lieding hie oer de custodia fan Dimter, it ferbân dêr’t it Boalserter kleaster ûnder foel; it liket derop dat dizze Dimterder custos yn Boalsert ferbleau

– Hugo, de guardianus, it haad fan dizze mienskip fan Minderbruorren

– Wiardus, de lector, de teologyske saakkundige fan it kleaster, dy’t de preken fersoarge

– Hermannus, de cursor, neffens it gedicht it mearsidich gelearde en learaar

Dêrnei folgje de nammen fan kleasterlingen sûnder spesjale funksje en fan studinten:

– Weff[e]lus, dy’t blykber net mear yn it kleaster wennet

– Yngelbertus, dy’t goed sjonge kin

– Jacobus de Roremunda (Roermond)

– Johannes, út de custodia fan Keulen

– Johannes de Treveri (Trier)

– Nicolaus, ek út Trier

– Andreas, ôfkomstich út Starum (Stauria), faaks oerpleatst fanút Drinte (Drent)

– Radolphus studens

– Johannes Sassa (of Hasse)

– Laurencius

– Petrus

Wat sa al opfalt, is dat guon fan de Boalserter fransiskanen net út de regio kamen.

Foar no ûntbrekt de gelegenheid om fierder yn te gean op de Latynske tekst, op Van der Meer syn oersetting, en om sels in Fryske oersetting te meitsjen. Faaks komt dat der op ’en doer noch fan. En einlings soe ik nei Erfurt moatte om it hânskrift ris goed op ’e nij te besjen foar in mear útwreide edysje en stúdzje fan dit nijsgjirrige tekstke.

[Fan Sint-Franciscusdei, 4 oktober, ôf sil de Latynske tekst oer dizze link te lêzen wêze.]

Freed, tritich septimber 2011.

Posted in Dien, Skiednis, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

Âldste Fryske Tsjerke

Posted by André Looijenga on 22/02/2011

Foar my moai oan dit webloch dat ik ûnderhâld, is dat ik it blôch ek fan’e efterkante sjen kin. Per dei kin ik sa sjen hoefolle (of hoe min) minsken at myn Deiblôch besykje, of alteast: hoefolle views at der per dei binne. Ik wit nei hokker linkjes (hjir rjochts, sjoch) minsken trochklikt ha, en troch it yntypjen fan hokker sykwurden minsken dit blôch fûn ha.

Dat lêste fassinearret my it meast. Fansels sjoch ik myn namme (en dy fan it blôch) yn ferskate staverings lâns kommen. Guon minsken sykje blykber nei beskate Fryske frasen en komme sa tanksij Google út op myn herntsje op it rynsk rûnomrinnend reach. Boppedat litte sokke sykopdrachtsjes sjen wêr’t ferlet fan is oan ynformaasje by guon ynternetsneupers. Hjoed, seach ik, hat ien myn blôch ûntdutsen mei de sykwurden “aldste fryske tsjerke“. Mei om oan te jaan dat dit myn wiidweidich weblôch ek praktyske doelen tsjinnet, wol ik by dizzen graach dit ynformaasje-ferlet opfulje.

Wat is dus de âldste Fryske tsjerke?

Earlik sein kin ik dêr gjin krekt antwurd op jaan. It is sels de fraach oft dit antwurd sels wol jûn wurde kin. Fan houten tsjerkjes út’e tiid fan’e krystening en de ieuwen dêrnei stiet fansels neat mear oerein. Krekte plakken foar sokke earste tsjerken binne wegens te min skriftlike boarnen meast net oan te wizen, útsein faaks fan it tsjerkje op of by it plak dêr’t Bonifatius fermoarde waard en Liudger in generaasje letter in soartemei missypost ûnderhold. It plak fan dat tsjerke út, yn alle gefal, de 9e ieu, sil ûnder it Merkplein yn Dokkum wêze, tink.

In oare hiel âlde Fryske tsjerke, dy’t de “memmeparochy” fan in foars gebiet om’e Middelsee hinne wie, moat de Sint-Vitus fan Âldehou yn Ljouwert west ha. In âlde tsjerke is op dat plak fansels net mear te sjen.

Fan wat der hjoeddendei oan tsjerkjeboel yn Fryslân te finen is, binne der hjir en dêr tsjerken dy’t foar in part noch muorren hawwe út de alfde ieu (1000-1100). Rinsumageast hat sa’n tsjerke dy’t diels hast tûzen jier âld is. It datearjen fan sokke midsieuske stikken muorre is in poepetoer, wêrby’t je der gauris in ieu neist sitte kinne, mar faaks binne ek parten fan’e tsjerken fan Weidum, Stiens en Achlum sa ûnbidige âld. Mar de noch oerein steande tsjerke dy’t ik sels ek “âldste fan Fryslân” nei foarren skowe soe, is dy fan Kimswert.

De tsjerke fan Kimswert ûndergiet op it stuit in heechnedige restauraasje, foaral fan it goed-bewarre, mar wat fersutere rekke, 17e-ieuske ynterieur. Ik haw der noch nea yn west, mar de bûtenside allinne is al in omreis nei de Lytse Bouhoeke wurdich. It dowestiennen part fan’e noardmoarre fan’e Laurentiustsjerke skynt fan rom foar 1100 te wêzen, en de dowestiennen toer fan krekt dêrnei. Oan’e noardmuorre kinst moai ôflêze hoe’t de tsjerke hyltyd langer en heger waard. Boppe de noarddoar sit in healrûn timpaan fan reade sânstien, wêrop’t in masker (of holle?) te sjen is fanwêrút druveranken waakse. Mei de Geast as goed twad, is de tsjerke fan Kimswert faaks dejinge yn Fryslân dy’t it meast âldens útazemet.

De noardmuorre fan'e Kimswerter tsjerke, mei rjochts it romaanske timpaan

De Kimswerter tsjerke, sjoen fanút it noardeasten

Tiisdei, twaëntweintich febrewaris 2011.

Posted in blôch, Tsjerken | Tagged: , | 1 Comment »

Tingstêd en Sylhûs

Posted by André Looijenga on 08/07/2010

Soe it wêze om’t ik mei myn holle by in nijsgjirrige fakatuere yn it westen des lands sit, dat ik de ôfrûne wike it lânskip fan Grins en it Ommelân wer wat mear wurdearje?

Yn elts gefal haw ik der de lêste tiid in pear kear goed op út west op’e fyts. Op in soele jûn de Súdlaarder Mar rûn, oer Fokshol, Kropswâlde, Súd-, Mid-, Noardlaren en Onnen. De Hûnsrêch krekt foar Noardlaren like wol Denemarken, en dat sa tichtby Stad. Op in waarme sneintemiddei it noarden út, oer Ûnderdendaam, Stitswert, Uskwert nei Noardpoldersyl en oer Warffum werom.

Nei it skildereftige (mar gleonhite) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad. Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum. In yntrigearjende namme. Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in *thingsted (op syn Âldfrysk) neamde, dêr’t men gearkaam om te thingia (Âldfrysk rjocht te sprekken en sa). Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee. Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan’e Friezen fan (it eastlik part fan) Hunsingoa, sa yn’e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr’t Liudger in sekere sjonger genêzen hie.

Wat letter dy deis stie ik by Noardpoldersyl yn’e kwelder. Foar it earst wie ik fanút’e Stêd op’e fyts oan it Waad ta komd. Fanôf de dyk seachst de eilannen fan Skiermuontseach oant Norderney. Miskyn dat it troch de floed kaam, mar de see like yn syn dûnkere blau sawol wiid as dochs ek lyts.

By it sympatike kafee t Zielhoes hie ik noch in spekpankoek foar’t ik de rom tritich kilometer werom begûn. In bêst plakje sa dêre, in smûke húskeamer op’e keale romte, mar dit Sylhûs driget – skande! – ynkoarten troch de gemeente Eemsmond sletten te wurden. De stifting dy’t eigner is fan it âlde gebou wol der in ‘trendy restaurant’ fan meitsje: dat gjin Grunneger wurdsjes mear op’e menukaarte tink, mar alles twa kear sa djoer en hurde swarte stuollen…

Mear Easterlauwerske eskapades folgje gau. Der stiet skylk in inkelde reis op’e fyts nei Nijeskâns op’e rol, en dêrby in dei oer de groppe yn it eardere *Hriâderlond (Reiderlân) en oan’e iggen fan’e Yms.

Tongersdei, acht july 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »