Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Nederlânsk’

De stille taal

Posted by André Looijenga on 25/10/2011

Wannear’t ik troch bgl. Ljouwert rin, ûntkom ik der net oan dat ik ôfharkje yn hokker talen de minsken op strjitte prate. Yn it begjin falt it altyd ôf: in soad ‘gewoan’ Nederlânsk. En dan net iens mei in noardlike tongfal, mar fan dat rânestêdlike middenklasse-Hollânsk. Of fan dat ‘allochtoan’ klinkende Nederlânsk, mei ferkearde lidwurden, ek wol by jongerein dy’t der hielendal net Net-Westersk útsjogge. Mar in pear stappen fierder hear ik dan dochs in heale sin yn it Frysk. En hee, dochs ek Luwadders, en dan noch wol út’e mûle fan in kreaze ûndernimmer-eftich útsjende dame fan yn’e fjirtich. Wer wat Frysk dan… ja, dúdlik Klaai ditkear. En in boufakker ropt in pear kreten, yn it Poalsk tink. Dêr fierderop wat dronkemanspetear, yn it Papiamentsk faaks. En dan fytse op’e Foarstreek wat frommiskes dy’t fleurich kwebbelje yn it Dútsk, HBO-studintes grif.

Tusken al it Nederlânsk yn, tusken de oare talen yn, is it Frysk wol te beharkjen yn Ljouwert. Mar it is meastens in flard, koart en sêft. Tsjin goekunde dêr’t ien mei oprint, nea sa mar tsjin frjemd. It Frysk is in taal dy’t net roppen wurdt. In taal dêr’t net yn bidle wurdt. Gjin reklame yn gjalpe wurdt.

Ast yn Ljouwert rinst, hearst de measte minsken dy’t prate, yn it Nederlânsk praten. Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

It Frysk is der wol, mar it hâldt him meast stil. Dat is eink it lot fan it Frysk: in stille taal te wêzen. It Frysk is net in taal fan in soad wurden, fan omhaal en fan gebearten, fan komsa en fan pûha. Wannear’t it grutter moat, dan skreaut it Nederlânsk der wol oerhinne.

Tiisdei, fiifentweintich oktober 2011.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , | 1 Comment »

Wurdwurk – II

Posted by André Looijenga on 28/05/2011

Frysk leare je net (allinnich) yn’e buorren, fan jins âlden, lit stean op skoalle. Foar my alteast is it middel om myn Frysk fierder út te djipjen: lêze, en lêze. De basis fan it Frysk hat by my fan jongs ôf wol oanwêzich west, krekt as dat foar de measte fan myn Fryske generaasjegenoaten hooplik wol jildt. Mar de ‘écht Fryske’ wurden en útdrukkings foarby de brede basisbehearsking, haw ik, leau’k, pas yn’e ôfrûne tsien jier by-iengarre.

Noch altiten tink ik dat ik my yn it Frysk net better of autentiker útdrukke kin as yn (myn) Nederlânsk. Ommers hat in (leksikaal diels Fryskich) Nederlânsk altyd myn thústaal west, mar is der mei it Nederlânsk in folle riker ferskaat oan foarbylden om nei te folgjen. Meidat it Nederlânsk breder is, sa folle oanwêziger is, sil der eins gjin inkelde geletterde Fries wêze dy’t it Frysk better behearsket as dat Nederlânsk. Troch de posysje fan it Nederlânsk foar it Frysk oer, jildt soks net allinnich foar Friezen yn waans talige opfieding it Frysk twadst kaam.

Dêrom wantrou ik eins Fryske skriuwers dy’t úthâlde wolle dat hja Frysk skriuwe om’t se har yn dizze taal better, persoanliker útdrukke kinne. Persoanliker is autentiker, ymplisearje hja, en is dêrom yntrinsyk better. Harren Frysk is neffens my likegoed oanleard as mynt. De kar foar it Frysk hat de romantyske dizenichheden fan oanberne autentisiteit hielendal net nedich. Júst it oanlearde, it opheinde út in bûtenwenstige tradysje, it oeral fuort by-ienswile fan it literêre Frysk meitsje de taal foar my sok nijsgjirrich materiaal om mei te wurkjen. De kar foar in lytse taal lykas it Frysk hat alles te krijen mei de frijheid dy’t de lytsens jout.

Mar hawar, dêr sil ik skylk fêst mear oer sizze. Werom nei it by-ienswyljen fan minder bekinde Fryske wurden, it ‘wurdwurk’ dêr’t ik lêsten ek ris in blôchke oer skreau. Dit kear wurden út de lêste bondel fan in frij jonge dichter út Húns: Elmar Kuiper, mei syn Granytglimkes.

Elmar kiest yn syn glimkes mei opsetsin ek wurden dy’t net eltsenien yn syn basiswurdskat hat. Syn ynspiraasjewellen hat er dúdlik ék yn it wurk fan skriuwers út eardere generaasjes (wat yn syn gefal foar in part yn’e famylje bliuwt). Ien fan syn bêste fersen is diels in poëtikale ferklearring dat er “it krûdige mûltsje / it blomrike wurd” him ta-eigenet fan d’Âld Boer (sa’t ik him yn Tersoal neamd heard haw): D.H. Kiestra. It wie dit gedicht dat my oerhelle en keapje Granytglimkes. Ik haw dêr gjin spyt fan hân:

net grine

.

soan

net grine

.

de twadde ûngetiid krûpt

út’e fingers waakst

.

ik helje in splinter út dyn tomme

en reitsje yn’e mimer wei

.

ik ha de spiegel van de friese poëzie

van de zeventiende eeuw tot heden

en lês in fers fan douwe hermans kiestra

.

wêr priuwt it nei? nageltsiis?

wêr rûkt it nei? oploege hea?

.

ik anneksearje it krûdige mûltsje

it blomrike wurd en lit de flibe

oan de bek fan in ko

.

kom mar by heit soan

.

net grine

ik plak in pleister

op de grutste pine

By de presintaasje fan’e bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal okkerdeis yn Britswert wie der in oerweldigjend ‘lûdlânskip’ (soundscape) fan û.o. de bruorren Kuiper. Mei it abstrakte fan lûd like hast mear as mei foardracht fan wurden djippe tinzen en bylden oerdragen te wurden, of tenminsten sa oerstjalpen my dizze doarmjendende klanken. No ja, ûnder wurden te bringen is soks eins net, prachtich wie it ál.

My stiet by hoe’t Elmar op in stuit syn mikrofoan oer syn eigen lichem streake, en ek oer de mânske griisstiennen 16e-ieuske sark dy’t foar him yn it gongpaad lei. Út de wurden dy’t ik út syn bondel tept haw, heinst ek op hoe sensityf at Elmar Kuiper syn waarnimmings binne yn syn fersen. Hoe’t er mei syn rike Fryske wurdkar hiel presys súntsjese beweginkjes en lûdsjes, neist snelle en hurde, ûnder wurden bringe kin.

Teister, teppe en oantippe binne skoandere wurden om súntsjes mei te fielen. Skimkje is in wûnder wurd foar it flugge fleanen fan sweltsjes, at se boppe in sleat op michjes jeie. Súntsjes krieze de stientsjes ûnder de fuotten. Wylst it oan’e kant sa stil wêze kin datst de fûgelwjukken knierjen hearst, kinst yn it Frysk ek skerp it hurde en it (al as net ûngekontrolearre) rûge ferwurdzje: djoeie, flymje, moartsje, pylkje, ramaaie, rimpentyskje.

Hjirby dus wer in listke wurden dy’t ik foarhinne net (of mar heal) koe:

bedjipje: peile, oerdr.: hielendal ta de boaiem begripe

blaai (de): tonge (fan in bist, of yn rûge taal)

briedklok (de): briedende hin

djoeie: libbenich, derten en oerdwylsk omspringe; paringsdrift hawwe (fan manlike bisten)

eachein (it): horizon

eazje: hiel hurd reine, ben. yn: reine dat it eazet

fersêdzje: sêd meitsje

fersmite: mei klam ôfwize

ferwâdzje: fertraapje troch earne trochhinne te rinnen

flymje: mei in skerp mes snije; pine dwaan

de fûst krôlje: de hân ta in fûst meitsje

geld: ûnbefruchte, ben.: gelde aaien

grissel (de): in lyts bytsje, bgl: ‘in grissel moed’

jok (de): sij, wyfke fan’e ljip 

kloer (de): klau fan in rôffûgel

knierje: skarnierjend bewege, bgl. flerken

kommendeweis wêze: ûnderweis, op komst wêze

krieze: it lûd meitsje fan sân tusken de tosken, of fan stientsjes ûnder de klompen

de lapen gearsmite: trouwe gean [in frijwat ûnsjogge útdrukking, neffens my]

lijwetterich sjen: suf út’e eagen sjen

mallemok (de): in seefûgel, Noordse stormvogel (Fulmarus glacialis L.)

moartsje: hurd skrieme, skreauwe

mûdhûn (de): soart fisk, zeelt (Tinca tinca L.)

oantippe: efkes licht oanreitsje

omtoarkje: sûnder doel omswalke

opwâlje: opwelje

pylkje: flitse, foarby sjitte as in pylk

plakjeboartsje: ferstoppertsje boartsje

plan-út: iepenlik, sûnder te skamjen of te ferbergjen

pûdsje oan in spiker: (skelwurd) sukkel, sloppeling

ramaaie: wyld om hinne slaan

rimpen: hastich, rûch, mei wyld en krêftich om him hinne slaand 

rudich: skurftich, bgl. in rudige hûn

skatterje: hurd laitsje, of in dêrop lykjend lûd meitsje

skimkje: leech earne oerhinne fleane (benammen oer wetter), bgl. as in sweltsje

sljochtwei: (bywurd) simpel, gewoan

smout: lij, smûk, gesellich

snústerich: in bytsje suterich, earmoedich, fersliten

spekrûp (de): larve fan in tuorre (tor)

spytgnyskje: spottend gnize

stjurje: hurd wurde, stollen

teister (de): eat lyts en tins dat útstekt, bgl. in hier, in fielspryt fan in ynsekt, in wimper, in sliertsje of in plúske

teppe: eat earne út plukke, lûke; eat súntsjes oanreitsje

(earne op) tidigje: earne op rekkenje, earne fanút gean 

tyskje: hinne-wer bewege, hieltyd hinne-wer slaan; hieltyd earne op slaan (ben. op bisten) 

yn ûnmacht lizze: op’e rêch lizze en net mear oerein komme kinne, lykas in skiep 

welle (de): boarne

woltier (de): voorspoed, welvaart; goede sûnens

Sneon, achtentweintich maaie 2011.

Posted in Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , , | 4 Comments »

Wit it net

Posted by André Looijenga on 12/10/2010

Neist alle oare dingen bin ik no úteinset mei it oersetten fan Nescio syn novelle De útfretter. Foarsafier’t ik wit, is fan dizze klassiker fan’e tweintichste-ieuske Nederlânske literatuer nea earder wat ferfryske en útbrocht. Ik bin yn’e begjinfase fan dit oersetwurk: der moat noch in soad skave, en wurdboeken oantôge om yn alle details ta in Frysk te kommen dat sa goed mooglik Nescio syn wurdkar werjout.

Fansels liket it, sjoen de diglossy-eftige taalsitewaasje fan it Frysk, wat paradoksaal en set in ‘modern’ Nederlânsk skriuwer as Nescio oer. Yn it foarste plak is it in persoanlik projekt, in bewust my twingjen om op’e Fryske taal, foar it Nederlânsk oer, yngeand te reflektearjen. Oersettend ûntdekke je ommers it bysûndere fan beide talen. En ja, der sit ek in kromke taalbefoardering yn, lykas yn al it skreaune Frysk. Dêr hoege wy ús ek net foar te skamjen: taal is mear as in middel.

Nescio skreau bewust in sprektalich Nederlânsk. Hollânsk meie je hast wol sizze: de omgongstaal fan him en syn generaasjegenoaten yn it Amsterdam fan om 1900 hinne. Út en troch merkst dat Nescio syn taal, yn wurdfolchoarder meast, tichter by it Frysk stiet as de notiidske standert. It herinneret jin der oan dat Fryslân mear gemien hat mei Amsterdam en mei Hollân as dat men hjoeddendei wend is te sjen. Ek dêrom dizze ferfrysking. It mankelike fan Nescio, it skôgjende, de djipsinnige ienfâld, it past ek gewoan hiel goed by dizze oare taal fan my.

Yn jannewaris 1911 ferskynde ‘De uitvreter’ yn De Gids. Takom jier hûndert jier lyn, dat it soe moai wêze at de oersetting dan klear wie, en út. Foar no earst mar even in lyts priuwke:

‘Binne jo Amsterdammer?’ frege Bavink. ‘Ja, Godtank,’ sei Japy. ‘Ik ek,’ sei Bavink. ‘Jo skilderje net?’ frege Bavink. It wie in nuvere boargermansfraach, mar Bavink tocht hieltyd mar: wat soe dat dochs foar in keardel wêze? ‘Nee, Godtank,’ sei Japy, ‘en ik dichtsje ek net en ik bin gjin natoerfreon en gjin anarchist. Ik bin Godtank hielendal neat.’

Tiisdei, tolve oktober 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , | 2 Comments »

Tibelje

Posted by André Looijenga on 09/07/2010

Ien fan dy dingen dy’t ik alle dagen doch, dêr’t nea by stilstean dat ik it doch, mar dêr’t ik net sûnder kin. Miskyn is it dat at myn harsens oan binne, myn hannen ek wat te dwaan hawwe moatte. Dochs doch ik it (gelokkich) net altyd: meast wannear ik ûntspannen bin en wat lês of neitink. Yn it standert-Nederlânsk is der gjin wurd foar: frunniken fyn ik te smoarch klinke, en peuteren betsjut foar my dat der wat by stikken giet. It is doelleas, wat boartlik, in byprodukt fan harsenaktiviteit, en yn myn eigen praten haw ik der ál in wurd foar.

It wie in wurd foar at ik as bern mei de toutsjes fan myn trui boarte, at ik in potlead tusken myn fingers draaie liet, at ik mei de fingers op’e tafelrâne trommele. Hé, zit niet zo te tiebelen!

Tiebelen, neffens it Nederlânske wurdboek bestiet it net.

Read the rest of this entry »

Posted in Taal | Tagged: , , , , , | 8 Comments »

No…

Posted by André Looijenga on 25/04/2010

Mei in freon fan my, in Drint fan Grinslânsk laach, hie ik it justerjûn op in feestke oer hoe’t minsken út ferskate Nederlânske regio’s ferskillend klinke. Hy woe hawwe, hy kin, wêr’t er ek komt, Friezen der altyd úthelje fanwegen it wurdsje no.

Fansels moast ik fuortendaliks tinke oan myn eigen observaasje oer it wurdsje sa.

Hy hie gelyk, fansels. It is frij typearjend foar it Frysk om oan’e ein fan meidielings no ta te foegjen. Hokfoar wearde dit …no yn’e sprektaal krekt hat, kin ik no net beneame. Ik brûk no út en troch sels yn myn blôchkes:

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no.

No sa. In bernehân is gau fuld, no.

De fergrizing hâldt jin inkeld relatyf jong, no.

Sa skreaun komt it my oer as hat …no in dizze gefallen wat in ironisearjend effekt. Sintsjes dy’t einigje op …no, lykje in tahearder te ymplisearjen, dy’st as sprekker foar dy winne moatst. Pragmatysk wurket …no yn it Frysk faaks ûngefear as guon partikels yn it Gryksk (al moat ik tajaan dat Grykske partikels net myn spesjaliteit binne).

Besibbe oan it brûktme fan …no is dat fan it subtile tink, datst yn it Frysk ek gauris brûkst. Wat oars, mar ek aparter dan ast op it earste gesicht tinkst, is de manier wêrop’t de ymperatyf sjoch brûkt wurdt. Guon Fryskpraters brûke sjoch graach as in soarte fan fersterking fan harren meidielings. Hiel gewoan, mar des te fernuverender, is dat Friezen (en oare net-Rânestêdelingen) in hiel protte …hear sizze (of …hoor of …heur). 

No, sokke pragmatysk-taalkundige subtiliteiten… it bin eins tekens fan geastlike beskaving, tink.

Snein, fiifentweintich april 2010.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , | 5 Comments »

Nijwurderij

Posted by André Looijenga on 28/02/2010

It kenmerk fan in libbene taal is dat se hieltyd yn ûntwikkeling bliuwt. Nije wurden komme op en âlde reitsje yn ûnbrúk. In inkeld kear wurdt in âld wurd opdobbe foar in nije betsjutting. Stadichoan feroaret de útspraak fan in taal. Stadichoan feroaret ek de morfology.

Oer hoe’t de morfology fan it Frysk (benammen dy fan it tiidwurd) oan it feroarjen is, sil ik it in oare kear ha. No wol ik efkes dwaande hâlde mei Fryske néologismen.

Om te begjinnen, wy brûke hjoeddendei yn ús Frysk fansels in protte wurden en siswizen dy’t ús foarteam fan hûndert jier lyn net werkenne soe. Ús libbenswrâld is dan ek folslein oars as harrent wie. It seare plak dat ik lykwols oanwize wol, is oft de taal (= har aktive sprekkers) in part fan dy nije wurden foar nije ferskynsels út harsels foarme hat. Neffens my hat dat yn hast gjin gefal sa west. Nije Fryske wurden út’e tweintichste ieu binne hast allegearre lienwurden, dy’t hast sûnder útsûndering út it Nederlânsk of fia it Nederlânsk yn it Frysk bedarre binne. 

Oan’e hast eksklusyf Nederlânske ôfkomst fan nije wurden kinst merke dat it Frysk yn’e ôfrûne ieu fierder oan ‘autonomy’ (om it sa út te drukken) foar it Nederlânsk oer ferlern hat.

Ik wol op taalmêd gjin drammer wêze, mar ik wol àl graach sjen dat it Frysk yn syn wurdskat mear op eigen fuotten stiet. Dêrom soe men derfoar soargje moatte dat der mear ‘unyk’ Fryske wurden yn jins Frysk sitte. Foar in diel is dat in saak fan wurden sykje, lêze, sneupe, ôfharkje wêr’st se mar fine kinst. Mar foar in part giet it ek om (mei soarch en assosjaasje) nije wurden betinke foar eltsedeiske konsepten dy’t wol ferlet ha fan in nij eigen Frysk wurd.

Foarstellen foar nije wurden sil ik yn’e kommende tiid no en dan dwaan op dit blôch. It soe moai wêze, at guon fan jim, bêste lêzers, har ek foar sokke nijwurderij ynteressearje soene. Ik bin benijd wat soks opsmyt. Sjen oft it lukke kin om fanút’e blôchskriuwerij de Fryske wurdskat te ferrykjen…

Snein, achtentweintich febrewaris 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Dat moete hun niet zegge

Posted by André Looijenga on 14/02/2010

Der hat ôfrûne wike wat opskuor west oer de kwestje of men yn it Nederlânsk hun brûke mei yn stee fan zij. It hichte- (of djipte)punt fan’e mediadiskusje wie in petear tusken dôven dat de ûnderwiisminister en in nearlandika holden by De Wereld Draait Door. De eksellinsje (dy’t wy noch kenne fan in pear healwize gjalpen oer it Frysk) begriep it ferskil net tusken staveringsferoarings en histoaryske taalkunde, wylst de linguïste net by steat bliek om har fakgebiet dúdlik en weardich te fertsjintwurdigjen.

Dat der yn it (sprutsen Nederlânske) Nederlânsk in ûntwikkeling geande is om hun as ûnderwerpsfoarm te brûken, is in feit. Mar dat hoecht noch net te betsjutten dat men yn’e standertskriuwtaal zij troch hun ferfange moat. Hjirmei komt men ta it ferskil tusken de wittenskiplike taalkunde dy’t deskriptyf de taal foaroer stiet (dat is: beskriuwt hoe’t taal wurket en him ûntjout) en de ‘echte minskewrâld’ dy’t hâldfêst fynt yn in normative hâlding tsjinoer ‘taalflaters’. Mei rjocht hechtsje minsken oan harren wenstige noarmen fan wat geve en minne taal is. Dat in grutte taal mei in rike skiednis as it Nederlânsk út ferskate nivo’s bestiet wêrfan’t it iene faaks heger oanskreaun stiet as it oare (‘sociolinguïstyk’ neamt men de bestudearring dêrfan), sprekt likegoed foar himsels as dat it praktysk nut hat. Lang net alle taalsitewaasjes liene har foar sleauwe praattaal. In miskyn wat âldfrinzige noarm jout taallearders in idéale foarm om nei te stribjen, en it makket dat de sprekkers fan no net gâns ôfsletten wurde fan’e taal fan eardere generaasjes.

Boppedat is der in oar argumint yn te bringen tsjin it ynfieren fan hun foar zij. Dizze ûntwikkeling is begûn yn it westen fan Nederlân, mar liket, hoewol’t se binnen Nederlân benammen ûnder jongere froulju oeral frij frekwint is, net yn it hiele Nederlânske taalgebiet plak te gripen. Yn België (wêr’t it taalûnderwiis op’e skoallen ek in oar karakter hat as by ús) skynt hun hast hielendal net as ûnderwerpsfoarm brûkt te wurden. Hun as ûnderwerp tastean soe it ferskil tusken Belgysk en Nederlânsk Nederlânsk noch grutter meitsje. It soe in neutrale algemien akseptearre standerttaal tebeksette foar in yn wêzen regionaal Hollânsk sociolektferskynsel. It Nederlânsk is ommers grutter as allinnich Hollân, en dat moat sa bliuwe.

(It boppesteande oer it ferlet oan in normative taalfoarm jildt fansels ek foar it Frysk, mar dêr sil ik it in oare kear wol oer haw. It grout jin oan dat ek yn it Frysk mear en mear hun sein wurdt. In dûbeld hollânisme, om’t it ek noch om ‘fout’ Nederlânsk giet: ‘hun sizze dat hy hun net hun gong liet gean’.)

Snein, fjirtjin febrewaris 2010.

Posted in Taal | Tagged: , | 2 Comments »