Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘néologismen’

Wetter, wurden en wittewatmear

Posted by André Looijenga on 31/03/2012

As jo mear fan my lêze wolle, fine jo dat yn/op Ensafh, it Fryske literêre tydskrift. Yn ús nijste digitale nûmer in essee fan myn hân oer Ljouwert as kandidaat foar Europeeske Kultuerhaadstêd 2018.

Der binne krinkjespuiers, en der binne jittikmigers, en der binne dy’t gewoan nocht hawwe oan ûnnocht. Mar it idee om Ljouwert yn 2018 ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ wurde te litten is op himsels dochs prachtich. Ljouwert, en Fryslân, ris in kear goed ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen… ensafuorthinne

Yn dit stik giet it oer de mooglikheden foar Ljouwert om yn dy wedstriid Maastricht, Eindhoven, Utert en De Haach te ferslaan. It giet oer wetter, oer mienskip en oer taal as saken dy’t Ljouwert bysûnder en it projekt ‘2018’ foar Ljouwert sa bysûnder urgint meitsje.

By it skriuwen hie ik ek in âlder blôchke fan my yn it sin. Oer de meartaligens fan Ljouwert en de posysje dêryn fan it Frysk: ‘De stille taal‘. Earlik sein, haw ik wolris dat ik suver wat grutsk wurd as ik guon blôchkes weromlês, — en dit is der ien fan: “Faaks is it dat al dy minsken dy’t swije, Frysk prate…

No’t dit blôchke útkomt, rûgelet in oar wer fan de foarside ôf: myn mânske bydrage oer de wurdkar fan Durk van der Ploeg yn syn twa earste dichtbondels. No ja, dat elberige stik is ek al wer fan hast in heal jiermel lyn, dat de ervige ang is der njonkenlytsen ôf. Wês mar net wanich, der wanke skylk wer nije blôchkes oer elve Fryske wurden. — Want de taal, dêr meist… dêr moatst mei suiskje en rinkelroaie.

Oer sir Durk van der Ploeg sprutsen: syn iennentweintichste roman, De Belvedêre, lâne juster nei in beholden flecht yn myn brievekast. Ynkoarten mear ek dêroer.

Mei Fryske wurden, sawol op jierren as nijfrinzich, stiet ek noch heel wat op’e hispel. Eat mei nije en ‘nije’ Fryske wurden, mei de skiednis fan it Frysk en oangiseljen fan omtinken en ynteresse foar de taal by jongerein. En ja, dat hinget gear mei ‘2018’…

Sneon, iennentritich maart 2012.

Advertisements

Posted in blôch, Skreaun, Skylk | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Nijmakke Frysk

Posted by André Looijenga on 23/01/2012

Fryske wurden: altyd wille. It sil tink de tiid fan it jier wêze fan de listkes mei bysûndere nije wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers keazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En myn buorman Anne Popkema hat it nijwurd ‘gévisme’ útfûn, en de tsjusterste Fryske nijfoarming útkeazen.

Nije wurden yn it Frysk bin ik fûleinich foarstanner fan. Mar dan ál nije Fryske wurden dy’t yn it Frysk sels útdoktere binne, at it heal kin. It listke fan It Nijs is oars wol grapstich – mar it binne wol neibaksels fan nije baksels út it Nederlânsk. Soks folget fansels út dat It Nijs ús nasjonale Fryske nijsgjirrige-berjochtsjes-oersettsjinst is (en soks moat der ek wêze). Wat de taal oangiet, gniis ik ek leaver om hoe’t It Nijs útentroch de bocht út fljocht (‘sylflarde’ foar zeilmeisje…), as dat ik it gûchel-trânsleed-Frysk op omropfryslan.nl lês…

Yn in taal komme út harsels nije wurden wannear’t de sprekkers nije dingen ûnder wurden bringe wolle, én dy sprekkers tagelyk har goed bewust binne fan har taal. Nijwurderij komt foar in part fan purisme, foar in part út kreätyf boartsjen mei it taalmateriaal. Salang’t der mei in taal boarte wurdt, libbet er. Echt goeie neologismen komme de taalbrûkers sels mei, sûnder oare talen sa mar oer te kopiearjen.

De gévismen fan Anne Popkema ynspirearren my om ek efkes wat ballen it fjild yn te slaan. Hy joech syn priis oan sjoddy!, in nijmakke groetnis troch Hanneke de Jong. Yn syn listke koe ek snoadfoan (hoewol in karbonpapierwurd) my wol bekoare. Mar even wat besyksels:

bûspjûter (s.): in kompjûtereftich apparaat (dat kin in snoadfoan wêze, of in iPad, in Blackberry, in tablet of sokssamear), dat maklik opburgen wurde kin, tagong biedt ta ynternet en wat sa mear

dreechskamte (s.): de oanstriid fan de media om it foar har publyk foaral net te dreech en net te ynhâldlik te meitsjen, lykas men yn Fryslân wol fernimme kin by Omrop Fryslân as it giet om de Fryske literatuer of om djipper lizzende maatskiplike problemen yn Fryslân

eigenblyn (adj.): de eigenskip dat der yn de perifery net (selsstannich) sjoen wurdt hokker kwaliteiten en kânsen der lizze yn de eigen omjouwing (of it moat wêze dat oaren, ornaris yn it sintrum, dy kwaliteiten yn de perifery oanwize)

lêbskoaie (v.): op (foar guon) irritearjende manear krityk leverje, wêrby’t hieltyd deselde útsliten arguminten brûkt wurde

protterpraat (s.): in hype dy’t foar koarte tiid de publike opynje behearsket, bgl. oproppen troch it mei sin oerémisbearjend tsjetterjen fan in raas-politikus, en dy’t in hoartsje foar kabaal en praterij soarget, – lykas in kloft protters yn in beam

sjummijris (adv.): selsbewust earne mei pronkjend, bgl.: De skoaljonge siet sjummijris mei syn djoere bûspjûter te pielen.

stikkenprate (v.): 1) troch oanhâldende krityk fernijende en nijsgjirrige plannen wjerhâlde; 2) datselde, mar dan trochdat de plannen troch te lange politike diskusje net op’e reed reitsje

teferbouwe (v.): eat ferniele troch rigûreuze nijbou, bgl.: De Grutte Merk fan Grins wurdt teferboud troch de komst fan it ‘Groninger Forum’. [Ôfliedings mei te-, dy’t oan tiidwurden de betsjutting ‘stikken meitsje’ jouwe, binne in wat fergetten skat yn it Fryske leksikon!]

trânsleed (s.): minne oersetting troch it letterlik fertalen fan taaleigen út in oare taal (yn it Nederlânsk benammen ûnder ynfloed fan it Ingelsk, yn it Frysk ûnder dy fan it Nederlânsk)

wanwurd (s.): in (meast nijfoarme) wurd, dat: a) om politike redenen in beskaat ferskynsel as ten ûnrjochte as bedriigjend of misdiedich foarstelt, of b) in grouwélich ferskynsel ûnskuldich besiket te meitsjen, of c) minsken ymplisyt fan har minsklike weardigens ûntdocht troch har metafoarysk as guod, amorfe massa of natoerferskynsel út te byldzjen

Moaie wurden binne it net allegear, jou’k ta. Mar nedich binne se ál.

Moandei, trijentweintich jannewaris 2012.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Ûndjip

Posted by André Looijenga on 10/10/2011

Nederlân is in lân mei in bulte wetter, en Fryslân noch folle mear, en dochs hawwe noch it Nederlânsk noch it Frysk in simpel antonym foar ‘djip’. Ast it tsjinoerstelde fan ‘djip’ bedoelst, seist normaliter ommers ‘ûn-djip’. Dat is frjemd, om’tst ynstee fan ‘leech’ ek net ‘*ûnheech’ seist, en likemin ‘*ûnâld’ ynstee fan ‘jong’.

Seker yn ús wetterlân mei djippe, mar fral ûndjippe wetters, moat der in koarter wurd foar ‘ûndjip’ wêze (of west hawwe). Besibbe buortalen hawwe se: it Ingelsk hat shallow, it Dútsk hat seicht. Moaie wurden, ék om’t se dêrneist yn oerdrachtlike sin ‘oerflakkich’, ‘net djipdollend’ betsjutte kinne.

It Frysk hát fansels wol oare wurden foar ‘ûndjip’, se wurde allinnich net folle brûkt. En de mooglikheid fan’e oerdrachtlike bestjutting ‘oerflakkich’ wurdt net brûkt, spitigernôch. It bekendste synonym fan ‘ûndjip’ is flak. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout lykwols noch mear: in mysterieus adjektyf kôl (s.v. IV; komt foar yn ien net-neamde boarne út 1957), en it better te pleatsen eigenskipswurd skol (s.v. II).

Skol is klear besibbe oan it Ingelske shallow en it, tsjintwurdich allikemin gebrûklike, Nederlânske wurd schol. It Ingelske shallow sit tichterby it Frysk as men sa op it earste oansjen sizze soe. It Ingelske -low moat fuortkommen wêze út in âlder -lw; dit -lw is yn it Ingelsk oprekke en yn it Frysk júst hieltyd fuortrekke. Dan is der noch it lûd yn it Fryske eigenskipswurd skol. Dizze o is net deselde as dy yn it wurd skol dat ‘platfisk’ betsjut. Skol ‘ûndjip’ rymt op al, skol ‘platfisk’ rymt op mol. It wurd skol dat ‘ûndjip’ betsjut, hie eins wol mei in a skreaun wêze mocht: skal.

Dat de stavering fan skol mei in o is, is wol nuver. Faaks leit de skuld by it wurdbyld fan it Nederlânske schol. It ûnderskied tusken ò en ó is oars hiel wêzenlik yn it Frysk. Hast alle Frysksprekkers meitsje kreas it ferskil tusken kat en kot, plat en plot, kant en kont, kast en kost (en ko[r]st). Salang’t oan’e kant [kònt] sitte noch wat oars is oan’e kont [kónt] sitte, is der takomst foar it Frysk.

Neist it Nederlânskige ûndjip tenei skol (of skal) mear brûke, soe wol moai wêze. En om’t wy dan dochs oan it re-yntrodusearjen binne, kinne wy dat ‘âlde nije wurd’ likegoed daalks as skal skriuwe, dat wy ús net fersinne yn’e útspraak.

Moandei, tsien oktober 2011.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 2 Comments »

Beppetaal

Posted by André Looijenga on 01/10/2011

Ien fan’e moaie dingen fan yn it Frysk skriuwen fyn ik dat it mear aksepteard wurdt, ast de taal in bytsje mear ‘fan dysels’ makkest. Datst der mear mei eksperimintearje meist. De taal in bytsje mear nei dyn hân sette meist, sûnder datst daalks as in heal-analfabeet te kyk stieste. It Frysk jout in frijheid om, bytsje by bytsje, dyn eigen wurden yn te bringen. It Frysk kin in frijheid meibringe, dêr’t eltsenien in taalkeunstner yn wêze kin.

Spitich lykwols dat de measte Fryskpraters en -skriuwers dy frijheid net oanpakke. Oer it ginneraal is dat Frysk fan ús net bot ynnovatyf yn wurdfoarmings bygelyks. Der komme wol nije wurden, dat kinst net opkeare, mar dy nije wurden binne hast inkeld Nederlânske en Nederlânsk-Ingelske wurden…

Fan it oanbegjin ôf dat ik dit Frysk Deiblôch ûnderhâld, haw ik my dwaande holden mei it útwreidzjen fan’e Fryske wurdskat. Yn it begjin suggerearre ik wolris neologismen. Krekt as waard dat oppakt, kaam der in priisfraach, dêr’t ik foar myn nijwurderij in twadde priis wûn. Rillegau kearde ik my rjochting al dy moaie ‘âlde’ Fryske wurden dêr’t ik ornaris oer hinne lies, en begûn ik oan wurdwurk te dwaan. Gewoan: opfallende wurden notearje mei de betsjutting derneist. En se dêrnei besykje te brûken fansels. Op dizze wize wol ik wat dwaan oan it Fryske Leksikale Drama, om de dingen ris fet en swier út te drukken: it Frysk bliuwt foarearst wol bestean, mar ús Fryske wurdskat wurdt lytser en lytser.

Om dochs mar wer ris te nijwurdzjen… as ík ien nij Frysk wurd húsriem wêze litte wol, soe dat beppetaal wêze moatte. Dat hat fansels te krijen mei myn eigen taal- en famyljesitewaasje. Guon sil it fernuverje, mar it Frysk is myn memmetaal net. En ek mei ús heit praat ik meastens Nederlânsk. Mar sýn âlden, myn pake en beppe oan’e Fryske kant fan’e famylje, praten ál Frysk. (Liezen ek Frysk boppedat, lykas earder ris sjoen litten haw.) Letterlik haw ik dan net it Frysk fan ús beppe (dêrfoar is se spitigernôch te ier ferstoarn), mar mei beppetaal jou ik wol myn besibbens op ôfstân ta it Frysk oan. Lykas by my, sil de ferhâlding ta de Fryske ‘beppetaal’ fan in soad (twadde-taal-)sprekkers yninoar stekke.

Pas de lêste tiid, no’t ik sa yn it Frysk fersille rekke bin, kringt ta my troch dat ik noch in oare beppetaal haw. By ús mem thús wie de taal ommers Drintsk. Fan it simmer bin ik begûn en ferdjipje myn kennis fan it (Súdwestlik) Drintsk, en wat dêrmei anneks is, in bytsje. Eink begûn dat mei in tochtsje troch de Stellingwerven, op in moandei mei dramatyske buien yn augustus, wol’k leauwe. Yn Wolvegea krige ik in Stellingwarfs Woordenboek, rillegau dêrnei waard ek in Drintsk leksikon oantúgd.

It ferbetterjen fan myn Drintsk (c.q. Stellingwarfsk, want it grutste ferskil tusken dát en it dialekt fan Nijeveen is de mysterieuze ae) falt my oars net ta. As ik it mei mysels oefenje, fal ik yn eltse twadde sin werom op it Frysk. Dat sit blykber op’e selde ‘bânbreedte’, liket it wol. Boppedat bin’k wat bang dat ik it Saksyske aksint tefolle oerdriuw, en it as in parody klinkt.

Hawar, wy wiene lêsten ris yn’e Stellingwerven. Doe’t wy, nei stops yn Wolvegea en Noardwâlde, by Berkeap de taalgrins hast wer oer soene, moasten wy dêr yn it doarp ôfremme foar in man mei in kroade dy’t oerstuts. In âldere hear, mei in prûk wyt hier en in reade reinjas oan, toffele de strjitte oer. Verduld, dat leek ja Johan Veenstra wel. Johan Veenstra sil it wol west ha, dy’t krekt op dat momint Stellingwarver boeken oan it suteljen wie. Haw der noch spyt fan dat’k net even útstapt bin.

Ien fan’e skaaimerken fan dit blôch moat ik ta beslút ek net ferjitte: in fotootsje fan in âlde tsjerke… Ûnderweis dy dei haw ik de toer fan Pepergea efkes op’e plaat set. Om op beppetaal werom te kommen, en dêrby dan dus op myn oma-taal… it wie dizze keine let-goatyske toer dy’t ik al safolle kearen sjoen hie op sneintemiddeis fanút de auto ûnderweis nei oma. No stie ik der foar it earst deun neist.

De toer fan Pepergea mei tongerwolken

Sneon, ien oktober 2011.

Posted in Dien, Fryskens, Taal, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 3 Comments »

Oppoaide snobberskrobbe

Posted by André Looijenga on 13/01/2011

Faaks witte jo noch wol dat ik in pear moanne lyn skreau oer in oersetkriich foar nije Fryske wurden. Moarn (14 jannewaris) sil de priisútrikking wêze, en, jawis, ik bin nominearre! At jo it feest oanskôgje wolle, soargje dan dat jo om healwei fjouweren yn Tresoar binne.

Ûnder dizze link fine jo de list mei wurden dy’t nominearre waarden.

Fan myn hân is oppoaie, in ferfrysking fan ‘pimpen’. 

No moat ik tajaan dat ik ‘pimpen’ eins wat in suspekt wurd fyn. Dy assosjaasje mei frou-útbuitsjende blingbling. Dy gragens wêrmei’t it wurdsje ‘(op)pimpen’ ynienen opgong makke yn it Nederlânsk. No ja, de irony nominearre te wurden foar eat dêr’t ik eins wat wearze ta fiel, hâld ik wol wer fan.

Oppoaie betocht ik doedestiids as in soarte ‘efter-tins’, wylst ik wat troch it wurdboek blêde foar’t ik myn optinkselkes ynstjoerde. It foel sa op syn plak. Foar it Fryske lûdseffekt hie oppoaikje (mei brekking) faaks wat moaier (mei brekking) west. Foar it meitsjen fan ôfliedings (oppoaierij, oppoaikerij) hie soks ek wat salonfähiger klonken.

Snobberskrobben

No’t de nominaasjes frijjûn binne, is it gaadlik dêroer te spekulearjen tink. Hokker wurd sil fan it wykein yn’e krante komme? Wa wurdsjebakker kriget in tút fan mefrou de deputearre?

Sels liket my ferhynstepôlje tige kânsryk. Dat hie ik wol betinke wollen: in poëtysk klinkend wurd foar in aktueel sosjaal-geografysk ferskynsel (‘verpaarding’: de opkomst fan’e rekréative hynstehâlderij). In je-tiidwurd mei nasalisearring fan’e en in ikoanyske ô.

Ek sterk fyn ik tút-en-derút. In ‘kiss-and-ride’-plak, by it stasjon. Of foar de doar fan in basisskoalle mei suertsjes fan âlden, dy’t miene dat har bern net rinne/fytse kinne. Tút-en-derút wint it yn alle gefal fan it weeë Nederlânske ‘zoenzone’. En fan ôftutersherne, dat ik ynstjoerd hie. Dat wie moai Frysk, mar stroffelich te ferstean. In kollega dy’t ik deroer fertelde, tocht dat er ‘ôftrekke’ hearde. Myn eigenste wurdbaksel koe ik dêrnei net mear fan ‘ôfwurkplak’ dissosjearje… Nee, huppatee, dúdlikheid graach, tút-en-derút, moatst dyn trein net fersitte!

Sjueryrapport by dizzen skreaun, noch wat mear sels-promoasje. Dat hippershapke yn’e groslist is hiel aardich, mar myn snobberskrobbe (krobben as snobbersguod) fyn ik sels like lekker. Se moasten mar tegearre mei de seane maitsen yn it assortimint, dy tuorren en sprinkhanen fan’e grill. Mar dat de sjuery earklep útkeas ynstee fan myn earwar… Mynt wie dochs in folle kearneftiger wurd foar ‘earbeskerming’ (dopkes en sa)?

No goed, ris sjen. En verba valent usu fansels, lykas ús âlde Latynske bavoc* jit sei: wurden binne fan wearde troch har gebrûk. Dat it soe moai wêze at der wat fan ynboargere rekken.

En foar’t ik it ferjit: tinke jo om’e presintaasje fan’e samle fersen fan Steven H.P. de Jong nije wike freed?

Tongersdei, trettjin jannewaris 2011.

*) basisvocabularium: in wurdfrekwinsjelist om skoalbern mei te tamtearjen

Posted in Skylk, Taal | Tagged: , | 1 Comment »

Wurdsjebakke

Posted by André Looijenga on 25/11/2010

Witte jim dat jim noch in pear dagen tiid hawwe om nije Fryske wurden yn te stjoeren foar de wedstriid fan de oersetterstsjinst fan’e Europeeske Kommisje?

Foar 1 desimber moatte de ynstjoerings binnen wêze. Sjoch foar mear oer de wurde-optinkkriich dizze side: http://www.europesedagvandetalen.nl/pagina%201%20fr.htm

Men siket nije Fryske wurden foar de folgjende resinte Nederlânske neologismen:

bierbabe, dweilsoap, graaibonus, herriemeter, insectensnack, kijkfile, klimaatridder, oorbehoedsmiddel, ontschulden, pimpen, randstadpartij, roeptoeter, verhufteren, verpaarding, verstrippen, verwendicapte, voxpoppen, zoenzone, zomerdip, zwaairaam

Modieuze wurdsjes út’e Hollânske aktualiteit. Se litte goed sjen hoe linich it Nederlânsk, mei in komyske ûndertoan, nije wurden makket troch te boartsjen mei it libbene taalmateriaal. Fansels moat soks yn it Frysk ek kinne. Ik sil seker noch efkes in goai weagje foar dizze wedstriid. Mar net sûnder in bytsje in dûbeld gefoel.

Dat dûbelde sit him yn’e kar fan te ferfryskjen wurden. Bewust hat men keazen foar in nochal sekundêre foarm fan kréativiteit. Foar leuke nijfoarmingen yn it Nederlânsk Fryske wurden betinke. It befêstiget mar wer dat it Frysk altiten allinnich efter it Nederlânsk oanbongelet. Dat it Frysk as taal dochs net op eigen fuotten stean kin. 

Boppedat, der binne wurden tusken dy’t ik hielendal net koe. Witte jo wat voxpoppen ynhâldt? Read the rest of this entry »

Posted in Taal | Tagged: , , , | 5 Comments »

Hantumhuzen

Posted by André Looijenga on 08/05/2010

Sjoch, hjir sit Jelle Visser efter it oargel yn Hantumhuzen. No spile er noch Bach, dêrnei die er de Wâldsang en ta beslút in ymprovisaasje op Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn.

De tsjerke fan Hantumhuzen is in nijsgjirrich gebou, mar wol erch entûsjast restaurearre yn’e jierren fjirtich. Fan bûten is dat bêst goed dien, oars. Mar, sa’t ek út dit plaatsje bliket, binnen is it dûnker fan it soart dat yn it Ingelsk gloomy hjit. (Soe dêr gjin Frysk wurd foar wêze? Sa net, stel ik gluommich foar.)

Dochs is it de muoite wurdich en freegje de kaai by de buorlju, at je ris yn Hantumhuzen binne. De bûtenmuorren binne romanogoatysk op syn Grinslânsk. De hal docht jin tinke oan dy fan in grut hûs út’e jierren santich en it koar is kompleet herboud troch de restauraasje-arsjitekt, mar it ferwulft yn it skip is echt wol bysûnder. Tsjok hûndert jier nei de bûtenkant waard it om 1335 hinne ynboud. It wie allinne wat te smel útmetten, dat it ferwulft stiet los fan’e bûtenmuorren. Soks sil de gluommige sfear wol ten goede kommen wêze. Fierders binne der noch in stikmannich sechtjinde-ieuske grêfstiennen en in krease rococo-preekstoel te bewûnderjen.

Sneon, acht maaie 2010.

Posted in Tsjerken | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Rjussel

Posted by André Looijenga on 02/03/2010

‘Wat is eins it Fryske wurd foar garde?’, frege ik my in pear jier lyn ris hurdop ôf. Ik stie by in freondinne fan my yn’e keuken mei sa’n ynstrumint poeier foar in sauske yn in pantsje wetter te rieren.

‘Klopper neame wy dat thús’, wie it andert. My daagde ek wol datst in garde in klopper neame kinst. Mar sa’n stikje keukenark docht mear as kloppe, kinst der ek fûl mei riere, dat it wurd klopper foldie ús net.

Fierder rierend oan it sauske, oppenearre ik dat wy der foar de gelegenheid mar in nij Frysk wurd foar betinke moasten. Yts mei riere, mar dan fûler (yntinsiver).

Ik besocht it mei rjirsel. Dat ûntjoech him rillegau ta rjussel. Ik tink om’t dat boppedat oan husselje tinke docht, want myn styl fan riere mei in rjussel hat miskyn net it measte hâldfêst.

Sûnt dy jûn fyn ik dat in garde in rjussel hjit yn it Frysk. Dy freondinne yn kwestje hat my jitris de gek oanstutsen om dy rjussel fan my. It moaiste fan dit eigen nije wurdsje is it tiidwurd dat it opleveret: rjusselje. Dat moat sa wat wêze as hurd riere, mei in konnotaasje fan dingen trochinoar smite, oangrieme mei in bak mei poeiersaus of slachrjemme, lekker oanprutse mei streksum risseltaat.

Tiisdei, twa maart 2010.

Posted in Taal | Tagged: | Leave a Comment »

Nijwurderij

Posted by André Looijenga on 28/02/2010

It kenmerk fan in libbene taal is dat se hieltyd yn ûntwikkeling bliuwt. Nije wurden komme op en âlde reitsje yn ûnbrúk. In inkeld kear wurdt in âld wurd opdobbe foar in nije betsjutting. Stadichoan feroaret de útspraak fan in taal. Stadichoan feroaret ek de morfology.

Oer hoe’t de morfology fan it Frysk (benammen dy fan it tiidwurd) oan it feroarjen is, sil ik it in oare kear ha. No wol ik efkes dwaande hâlde mei Fryske néologismen.

Om te begjinnen, wy brûke hjoeddendei yn ús Frysk fansels in protte wurden en siswizen dy’t ús foarteam fan hûndert jier lyn net werkenne soe. Ús libbenswrâld is dan ek folslein oars as harrent wie. It seare plak dat ik lykwols oanwize wol, is oft de taal (= har aktive sprekkers) in part fan dy nije wurden foar nije ferskynsels út harsels foarme hat. Neffens my hat dat yn hast gjin gefal sa west. Nije Fryske wurden út’e tweintichste ieu binne hast allegearre lienwurden, dy’t hast sûnder útsûndering út it Nederlânsk of fia it Nederlânsk yn it Frysk bedarre binne. 

Oan’e hast eksklusyf Nederlânske ôfkomst fan nije wurden kinst merke dat it Frysk yn’e ôfrûne ieu fierder oan ‘autonomy’ (om it sa út te drukken) foar it Nederlânsk oer ferlern hat.

Ik wol op taalmêd gjin drammer wêze, mar ik wol àl graach sjen dat it Frysk yn syn wurdskat mear op eigen fuotten stiet. Dêrom soe men derfoar soargje moatte dat der mear ‘unyk’ Fryske wurden yn jins Frysk sitte. Foar in diel is dat in saak fan wurden sykje, lêze, sneupe, ôfharkje wêr’st se mar fine kinst. Mar foar in part giet it ek om (mei soarch en assosjaasje) nije wurden betinke foar eltsedeiske konsepten dy’t wol ferlet ha fan in nij eigen Frysk wurd.

Foarstellen foar nije wurden sil ik yn’e kommende tiid no en dan dwaan op dit blôch. It soe moai wêze, at guon fan jim, bêste lêzers, har ek foar sokke nijwurderij ynteressearje soene. Ik bin benijd wat soks opsmyt. Sjen oft it lukke kin om fanút’e blôchskriuwerij de Fryske wurdskat te ferrykjen…

Snein, achtentweintich febrewaris 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 1 Comment »