Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Nescio’

It swarte wetter

Posted by André Looijenga on 28/01/2011

De Afûk-winkel hie in taffeltsje boeken yn’e útferkeap. Hast fergees in nustke dichtbondeltsjes meinaam. Fan Riemersma (dy’t ik sparje) de nuveraardige ienakter Try-Out út 1995. En it moaist faaks de essaybondel Skiep binne der inkeld om skeard te wurden fan Freark Jan Bergstra. Komselden lies ik sokke ferstannige tinzen oer it Frysk yn it Frysk. It measte dat ik hjoeddendei fyn oer de steat fan dizze taal, fûn Bergstra al yn’e jierren sechtich.

Fansels, wy witte it, is it mei it Frysk sûnt noch fierder op’e non rûn. Goed, de Fryske taal is ynstitúsjoneel noch wat better beskerme, en der binne party nijsgjirriger Fryske boeken by skreaun as wat Bergstra yn syn jonge jierren te lêzen hie, mar fan’e taalsituaasje fan no wurdt men net fleuriger as fan dy fúftich jier lyn. Sûmberens en skodholjen wol ik hjir op myn blôch net oerhearskje litte, mar de tastân sa’t dy is, fette ús Westfryske freon Plaatsman fan’e wike, yn in blôchke oer de jûn omtrint Steven de Jong syn samle fersen, yn ien byld gear. In Fryslân lêst syn toppers-folderke, fan klearebare earmoed bryk twatalich: 

Veel grijze hoofden waren daar, maar ook een jeugdige enkeling, voor wie er foldertjes werden rondgedeeld over verliefd zijn in het Fries en waarop achter het Friese woord fereale tussen haakjes was geschreven dat het verliefd betekende. Jonge Friezen lazen hun taal niet meer, niet omdat ze niet van lezen hielden, maar simpelweg omdat ze hun taal niet meer voldoende kenden. Was dat dan onwil? Hoe mooi de avond verder ook was, met poëzij en Friese opera, het was dat foldertje, het was die vaststelling die bekleef: het geschreven Fries was stervende.

Nee, ik wol net sûmberje. Àl stinne, mar net te folle útsprekke, no, dan praat men jinsels ek mar omleech. It mar net ha oer hoe’t Omrop Fryslân Radio, sels at der fan in hegere ynstânsje in gedichtedei ferordonearre is om omtinken oan te jaan, de Fryske poëzij nóch sloere lit, troch inkeld (op himsels bêst klassike) Nederlânsktalige fersen foar te dragen en de harkers dêrop te fergjen fral har eigen skreaune gedichten yn te stjoeren. Of alteast, sa hearde ik it juster tusken’e middei. Neat gjin Frysktalige poëtyske tradysje hjir yn’e provinsje blykber. Inkeld pinsjonearre-húsfrouwe-nifelrymkes, leafst yn it ‘Hollânsk’, binne goedernôch foar de ether tink. Lit my der mar net fierder oer wjirje.

Nee, ik tink dat se by de Omrop pynlike goed troch ha hoe’t de flagge derfoar hinget. Lit ús mar ûnbenullige provinsjaaltsjes bliuwe hjir yn Fryslân. Oaren hyltyd efternei rinne en sels gjin aan ha oer wat ús as ússels de muoite wurdich makket.

Genôch! net sa grimmitich eamelje; tiid foar in gedicht!

Om myn hûndertst blôchke te besluten mei poëzij, haw ik wer ris ien útkeazen dat ik (ûnterjochte!) net yn’e wenstige blomlêzings fûn, mar dat ik àl ien fan’e bêste fersen fan Steven H.P. de Jong fyn. At ienris myn Fryske Nescio ôf (en út-) komt, wol ik dizze fjirde Românse as it motto ôfprintsje:

stobben

.

ús hûzen binne lyts

ús lân is plat

mar

wy bouwe geweldige

loftkastielen

.

wy binne noait thús

en dogge neat

as

stean

oerenlang

oan’e kant fan it wetter

.

wy stoarje grimmitich

de ûndergeande sinne nei

it antlit tefretten

fan waar en wyn

.

stobben

oan’e igge fan’e mar

.

yn’e nacht

wurde wy wei

ien

mei ‘t swarte wetter

fan ús dreamen

Neat dwaan. Stoareagje oer de mar. Ta beslút ien wurde mei de krûme wylgen oan it swarte wiid. Frysker kin hast net, soe’k sizze, en dat is net allinne sarkastysk miend.

Wat my rekket yn dit fers, is it wei wurde, en ien wurde, yn’e lêste strofe. Dêryn die it swarte wetter my hiel bot tinke oan in oar, al klassyk, Frysk gedicht. My liket de kâns grut dat Steven de Jong it yn gedachten hie, doe’t er dit fers skreau. D.H. Kiestra hat ommers yn syn oangripende ‘de fuortgong‘ (út it jier yn ‘t roun, 1955) de folgjende rigels, dy’t taspylje op in sels-keazen dea:

dat dôch de jeld ús hjirre net omklamme,

mei soargesyktmen, dat wy net biskamme,

leech oer de groun in lêste ôfreis sochten

yn kâld swart wetter fan de djippe tochten,

dy’t fryslân folle hat, tòfolle Hear!

Swart wetter, dat it ús mar net fuortlûkt. Dat wy mar stinne meie, en lêze, en stoareagje, en net tefolle swije, at it even kin.

Freed, achtentweintich jannewaris 2011.

Advertisements

Posted in Fryskens, Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »

Wit it net

Posted by André Looijenga on 12/10/2010

Neist alle oare dingen bin ik no úteinset mei it oersetten fan Nescio syn novelle De útfretter. Foarsafier’t ik wit, is fan dizze klassiker fan’e tweintichste-ieuske Nederlânske literatuer nea earder wat ferfryske en útbrocht. Ik bin yn’e begjinfase fan dit oersetwurk: der moat noch in soad skave, en wurdboeken oantôge om yn alle details ta in Frysk te kommen dat sa goed mooglik Nescio syn wurdkar werjout.

Fansels liket it, sjoen de diglossy-eftige taalsitewaasje fan it Frysk, wat paradoksaal en set in ‘modern’ Nederlânsk skriuwer as Nescio oer. Yn it foarste plak is it in persoanlik projekt, in bewust my twingjen om op’e Fryske taal, foar it Nederlânsk oer, yngeand te reflektearjen. Oersettend ûntdekke je ommers it bysûndere fan beide talen. En ja, der sit ek in kromke taalbefoardering yn, lykas yn al it skreaune Frysk. Dêr hoege wy ús ek net foar te skamjen: taal is mear as in middel.

Nescio skreau bewust in sprektalich Nederlânsk. Hollânsk meie je hast wol sizze: de omgongstaal fan him en syn generaasjegenoaten yn it Amsterdam fan om 1900 hinne. Út en troch merkst dat Nescio syn taal, yn wurdfolchoarder meast, tichter by it Frysk stiet as de notiidske standert. It herinneret jin der oan dat Fryslân mear gemien hat mei Amsterdam en mei Hollân as dat men hjoeddendei wend is te sjen. Ek dêrom dizze ferfrysking. It mankelike fan Nescio, it skôgjende, de djipsinnige ienfâld, it past ek gewoan hiel goed by dizze oare taal fan my.

Yn jannewaris 1911 ferskynde ‘De uitvreter’ yn De Gids. Takom jier hûndert jier lyn, dat it soe moai wêze at de oersetting dan klear wie, en út. Foar no earst mar even in lyts priuwke:

‘Binne jo Amsterdammer?’ frege Bavink. ‘Ja, Godtank,’ sei Japy. ‘Ik ek,’ sei Bavink. ‘Jo skilderje net?’ frege Bavink. It wie in nuvere boargermansfraach, mar Bavink tocht hieltyd mar: wat soe dat dochs foar in keardel wêze? ‘Nee, Godtank,’ sei Japy, ‘en ik dichtsje ek net en ik bin gjin natoerfreon en gjin anarchist. Ik bin Godtank hielendal neat.’

Tiisdei, tolve oktober 2010.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , | 2 Comments »

Zijn reis naar Friesland is altijd onopgehelderd gebleven

Posted by André Looijenga on 23/06/2010

Och heden, al wer in wike neat skreaun op myn blôch. Wêr moat dat hinne?

Dan mar efkes rap wat. In foto dy’t ik lêst makke haw op in fytstochtsje troch Baarderadiel. Yndied: dit is Mantgum “yn midsimmers griene tier”. Miskyn wol ien fan’e moaiste Fryske terpdoarpen. (Alhoewol, dy ôfgryslike nijbou-stins Hoxwier meie sa fan my daalks wol wer ôfbrekke.)

Der komt skylk wer mear nijs en nijsgjirrichs op Deiblôch, beloovje ik jimme.

Ik haw ûnderwilens in besprek skreaun foar Ensafh, bin yn it spier mei myn Hellenistyske spearen, wie fan it wykein noch yn Alkmaar en yn Amsterdam. Wat is dat Amsterdam dochs ek in geweldige stêd. Spitich dat wy yn Fryslân allinne noch mar nei Grins lykje te sjen as “ús grutte stêd”.

Wichtiger faaks noch: ik haw my it samle wurk fan Nescio oanskaft.

Ik lies yn’e trein werom De Útfretter de sinnen priuwend en yn myn efterholle ferfryskjend. Nescio wie in grutten ien. (Je merke al, syn oersetting yn it Frysk is nei hûndert jier einliks ûnderweis.)

Woansdei, trijentweintich juny 2010.

Posted in Lêzen | Tagged: , , | 2 Comments »