Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Oarloch’

Tsjerken en stinzen oarekant de Yms

Posted by André Looijenga on 09/04/2014

Ofrûne snein haw ik wer ris nei Eastfryslân west, mei de reislustige freon mei wa’t ik earder ris dy kant út west hie. (Foar noch mear reisympresjes nei de Friezen yn Niedersachsen, sjoch ek myn blochkes oer Suurhusen en oer it Sealterlân.)

Op de winsklist fan myn reisgenoat stie op it foarste plak Emden, dy stêd dy’t eins sa tichtby Grins leit, mar wêr’t je eins noait komme. Emden is wat stêdeskien oangiet, oars hertferskuorrende tryst. Om 1600 hinne wie it in bloeiende hannelstêd, dy’t kultureel, religieus en ekonomysk nauwe bannen hie mei de Nederlânske Republyk. It moat in moaie âlde stêd west ha, mei grêften en geveltsjes, in soarte fan Harns of Inkhuzen. Ek yn de Pruisyske ieuwen bleau dêr in protte fan bewarre. De nazi’s lykwols bouden dizze histoaryske stêd om ta in troch boargers bewenne stik frontliny, troch rûnom benearjend grouwe fjouwerkante betonbunkers del te plempen. Dat Emden krige dêrtroch yn it bysûnder de folle laach fan de bombardeminten. De âlde binnenstêd waard fuortfage, inkeld dy smoarge bunkers wienen net út te roegjen: noch altyd steane se der as stomme betonformaasjes yn in suterich weropboud provinsjestedsje.

De weropbou fan Emden wie in hast like grutte trageedzje as de ferwoasting. Grutstepart fan wat ea de âldstêd wie, is no ien grutte útstalling fan nei-oarlochske Dútske fantasyleazens. Dêrby komt dan noch dat Emden bot yn de perifery fan Dútslân leit, en ekonomysk frijwat yn de lytse loege nei’t it liket, dat jo kinne jin der al in foarstelling by meitsje…

Mar der binne doch noch wol wat moaie dinkjes oerbleaun yn Emden, lykas dit nuvere gebouke. In soarte fan Russysk paviljoen yn bakstien, in kiosk faaks, of eartiids in brêchwachtershúske (de plaatsjes fergrutsje har út, at jo se oanklikke):

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dochs moatte jo Emden besykje, hear. It Landesmuseum hat in hiel moaie, romme histoaryske kolleksje, dy’t ik elk oanried dy’t it nije Frysk Museum in tsjuster en ûnoersichtlik by-inoar fynt. De Kunsthalle skynt ek top te wêzen.

En de omkriten fan Emden fansels: terpdoarpen mei allegear midsieuske tsjerken, mei rike ynterieurs. Iepen klaai en leechfean, polderdykjes, stinzen, pleatsen. Mar dêroer aansten mear.

Fansels moasten wy earst by de Upstalsbeam del. It let-midsieuske gearkomstplak fan de (omtrint) sân Fryske seelannen, dat mytyske lieu de mémoire fan it Grutfryske ideaal, dêr moast ik dochs mar ris delkomme… Dat by de skeane toer fan Suurhusen lâns, en fan de rykswei ôf oer de buorskip Mudderpott, dan yn Wiegboldsbur rjochtsôf by de mûne, heal op ‘e doele rekke yn Moordorf (in soarte fan De Westereen foar ‘t neist), dêrfuort oer de binnenpaden fan it Extumer Kiefmoor. De dykjes waarden hieltyd smeller, wy rieden oer in bochtige reed yn it beamt. Foar in wâldspultsje ston in espeltsje lju har moed yn te drinken foar it kloatsjitten. En dan, oan ús lofterhân, ynienen, as yn in fizioen, op in terpke tusken klomske slieperige titelroazen, ferskynde it:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It foel my alles ta. De lizzing fan de seminten pyramide op it plak fan de eardere Upstalsbeam is eins bêst aardich. En der is dêr fierder eins ek bêst neat. De bosk is ljocht, it parkje om de stienheap simpel en kreas. Ik hie der suver fleurige flaggen fan sân moderne Fryslannen ferwachte (bgl. dy fan Westfryslân, Echt Fryslân, Grinslân, Eastfryslân, Sealterlân, Hilgelân en Noardfryslân…), mar dy wapperen dêr net. (Sa-y-sa wapperje Eastfriezen wat minder mei har flagge as by ús wenst is. En as se in flagge ha by hûs, is dat meast de fane fan in Bundesliga-klub.)

Wy ferfetten ús reis. Aurich yn de rein joech net in al te ynspirearjende yndruk. Al mei al helje de Eastfryske Wâlden it (fan de dyk ôf sjoen) yn eigenheid net echt by de Wâlden dy’t jo tusken it mear sivilisearde part fan Echt Fryslân en de stêd Grins te lizzen fine. Mar dochs, dan de histoaryske bril mar wer opset: wy rieden dochs mar moai troch it lân fan it Brookmer-brief!

Op ‘e Klaai oankaam, seagen wy nei see by Norddeich (in doarpke dêr’t oan it Waad intercity-treinen fertrekke nei Leipzig en nei Luxemburg), en stienen wy te Nessmersiel mank de kwelders te dikerjen rjochting Baltrum en Norderney. It storeinde. Justjes.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Yn Dornum holden wy fannijs ho. Op in steile terp leit dêr dizze romanogoatyske tsjerke. In typysk Eastfrysk ensemble, fan in hege sealtsjerke, mei in lyts dakruterke, en in leech breed stiennen klokhûs derneist. Spitigernôch siet de doar ticht, mar se moat binnendoar in machtich moaie útrissing ha, mei in heechalter, hilgebylden op de preekstoel, mânske hearebanken, adellike sarken en in grut barokoargel.

Tsjinoer de tsjerke stiet dit grutte âlde hûs. As it my net mist, in âld pastory, boud fan kleastermoppen en – wa wit – diels noch wol út de lette midsieuwen:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dornum hat yn it ferline in wichtich doarp west. In stedsje suver. Der is in merkpleintsje op de terp mei âlde herbergen. Der is in heale 16e-ieuske stins (Beningaburg), dy’t no hotel is. En der stiet dan ek sa mar in 19e-ieuske synagoge:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It behindige godshûs stiet noch oerein omdat it twa dagen foar de Kristallnacht oan in timmerman ferkocht waard as loads. (Foar de rest stiet Dornum der, wat de gebeurtenissen fan de jierren ’30 oangiet, net al te fraai by. Der wie in soad nazi-oanhing yn dizze noardlike doarpen. En der steane in hiele protte sneuvele nammen op de tinkplaten oan it klokhûs.)

Even fierder it bertehûs fan Enno Wilhelm Hektor (1820-1874), romantysk dichter yn it Eastfrysk, dy’t wat in tryst en miskend libben hân hat. Dit kreaze âlde boargerhûs (seker foar Noard-Dútske begripen, dêr’t se âlde wenningen meastens stikken renovearje) stiet foar de poarte nei it kastiel Norderburg:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It poartgebou dêrfan, mei syn elegante baroktoer, die ús suver Deensk oan. Foar ús Skandinavysk, dêre neame se it “Nederlânske barok”:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

De stins Norderburg waard ein 17e ieu ferboud ta in wier barokpaleis. En dat sa mar yn in (tsjintwurdich) heal fergetten klaaidoarp. It kastiel is yn gebrûk as Realschule.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dat is eink sa gek noch net. As middelbere skoalle bliuwt sa’n monumintaal gebou ommers midden yn de mienskip, en wurdt it net ôfsletten fan syn omwenners as privé-wente of as lúkse-hotel. Hjir noch it timpaan as detail. Let op de spear fan Pallas Athena (hee, de goadinne fan ûnderwiis en wittenskip…), dy’t in echte spear is dy’t út de gevel stekt:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Nei Dornum dienen wy noch efkes de grutte stêd Norden oan. (No ja, grut, in soarte fan Dokkum.) Wat dêr seker grut is, is de Grutte Merk. Yn ‘e midden stiet de Sint Liudgertsjerke. Wat in wûnder gehiel (it koar fan de Grinzer Martinitsjerke, mei in doarpstsjerkje as skip, en in losse sealtektoer oarekant de strjitte), mei in wûndermoaie ynrjochting.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dêrfoaroer dít bouwurk. Jo soene tinke, sa oan dit wide plein, dat sil wol it stedhûs wêze:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Mar it is… de menniste fermanje!

Norden wie earder, lykas Emden, in wichtige havenstêd. En boppedat in plak dêr’t religieuze dissenters bedarren, dat sadwaande dat de mennisten hjir dit pommerante stedspaleiske boud hawwe as harren tsjerke.

Noflik rieden wy noch fierder troch de âlde en nije seeklaaipolders, terpdoarp nei terpdoarp. Yn Hinte, krekt foar Emden, stutsen wy oan by de pleatslike pizzeria. (Ommers, iterij komt altyd wol klear op it Dútske plattelân.) Yn dat doarp sette ik dizze pearel op de plaat: Burg Hinta.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

In, sa’t it liket, yntakte 16e/17e-ieuske stins, mei in grêft derom, rjocht tsjinoer de tsjerke. Dat lêste makket it plaatsje helendal ôf (al slagge it yn ‘e skimer sa gau net op ien foto): it toant de bân tusken de tsjerke en de haadlinge-adel yn ‘e lette midsieuwen. Foar Eastfryslân soe it unyk wêze dat sa’n konstellaasje noch oereinstiet. In ferlykber noch hieltyd neistinoarstean fan tsjerke en stins ken ik tichterby hûs yn Roan (Roden, Huis Mensinge) en yn Ysbrechtum (Epema State).

Woansdei, njoggen april 2014

Posted in Dien, Fryskens, Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Boek op souder

Posted by André Looijenga on 04/05/2011

It begjint fan:

Op in moarntiid yn Maeijemoanne, it is nou ek al wer in mannich jierren forlyn, mar yn hwet men neamt de “delgeande tiid”, foeren twa jonge ljue oer de Ie.

Richt en Bokke wieren it, hja kamen fytsende fen de Birdaerder kant en lieten hjar by in dykshúske oersette en stienen do op’e smelle trekwei njonken de Ie, en oan de oare kant wankten de Aldlannen en de Mieden dy’t it stik wrâld yn bislach nimme fen Holwert amper oan Ljouwert ta. In greate wide krite mei oars net as pleatsen en huzen hjir en dêr.

Fierderop komme den de riidwegen en doarpen fen de bou, dêr’t pleatsen steane mei nammen op’e homeijepeallen. En de greate doarpen, dêr’t auto’s jeije en drok forkear is. Oan dizkant, dêr’t hja nou krektsa weikaem wieren en winliks thús bihearden, dêr laei ek in wide wrâld, dêr’t it lân njonkenlytsen al lichter en lichter wirdt en de bosk bigjint.

Maaiefakânsje is it no, dat ús heit en mem rêde de souder op. In boek ha se fûn mei ‘myn namme’ deryn. A Looyenga. stiet der rjochtsboppe op’e foarste side, yn krease skriuwletters, ûnderstreke.

Reinder Brolsma, It Aldlân, tredde printinge by Brandenburgh & co. yn Snits, út 1944 (de earste printinge wie yn 1938!). Binnen it foarkaft sit in rôze plakbriefke mei de wurden: T.v.d.Weij / Boekhandel / Leesbibliotheek / Drukkerij / Schrans 91. Dêrûnder yn potlead in priis: 3,25. Gielich, flekkerich oarlochspapier, de rêch heal los, in kaft dat sjen lit dat it boek lêzen is.

Andries Looijenga (1918-1987) wie myn pake. Ik mei it wol lije dat er Brolsma lies en yn’e kast stean hie.

Woansdei, fjouwer maaie 2011.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , | 2 Comments »

Ein fan’e mars

Posted by André Looijenga on 14/05/2010

Juster lêsde ik, efkes tuskentroch, de novelle Ein fan’e mars fan Ulbe van Houten. Ik wie eins hielendal net fan doel om wat te lêzen dat betrekking hat op’e ‘histoaryske aktualiteit’ (om sa te sizzen), mar it kaam moai út. Ein fan’e mars is in ferhaal dat ik net ferwachte hie yn Van Houten syn bondel Rook fan it lân (twadde, bot feroare edysje út 1965). De novelle beskriuwt de Dútske oanfal op it neutrale Nederlân fan 10 oant 15 maaie 1940, fanút it perspektyf fan in Fryske serzjant waans ienheid der net oan takomt om ynset te wurden.

Ein fan’e mars grypte my, fanwegen de ynblik dy’t it ferhaal liket te jaan yn wat der barde doe yn maaie 1940, en foaral yn’e chaos en ûndúdlikens dy’t de oarloch brocht. It fernuveret my altiten om te merken hoe gewoan it Nederlân fan’e jierren tritich eins wie. De Oarloch is ommers sa’n itichpunt yn ús nasjonale mythology wurden dat wy ferjitte dat it Nederlân fan foar de oarloch gewoan itselde moderne, wolfarrende en in bytsje wrâldfrjemde Nederlân wie as dat fan no. Der wiene yn 1940 gewoan autodiken en broadroasters, bygelyks.

Van Houten beskriuwt de yndrukken fan’e skoalmaster Wytse Wouda dy’t sûnt’e mobilisaasje serzjant is yn Haarlim. Hy is kommandant fan in ‘bataljonstrein’ dy’t fanôf Haarlim yn’e rjochting fan Rotterdam marsjearret. Orders om te fjochtsjen krije se noch net, en at se 14 maaie yn’e greiden benoarden Rotterdam binne, is der neat mear te rêden. Behalven it moaie Frysk, makket it dokumintêr oandwaande karakter fan Ein fan’e mars de muoite fan it lêzen in njue. Oarloch yn it oars sa keurige, fredige Nederlân is in boarne fan myld en soms wrang surréalisme. De serzjant en de wachtmeester krije bôle út’e broadroaster mei boerebûter at se ynkwartierd binne, de wachtmeester ferbynt it poatsje fan in lyts hûntsje: alles freonlik en gewoan, hjir op’e râne fan’e ôfgrûn…

Read the rest of this entry »

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , | 3 Comments »

Befrijingsdei

Posted by André Looijenga on 05/05/2010

It is in moai gesicht, moat’k tajaan, rigen ‘jierren tritich’ huzen mei de Nederlânske flagge út. Benammen at de sinne derby skynt, lykas hjoed. Fan’e middei oer sokke strjitten súdwest fan it sintrum fytsend, krige ik eat fan in Befrijingsdei-gefoel. In histoarysk erfarinkje, net sublym, mar efkes geandewei. Ik wit dat der fûl fochten is, doe yn april 1945, oan’e súdlike tagongswegen fan’e stêd. Filmbylden komme yn it sin, fan Kanadezen dy’t mei gewear foarút oer krekt sokke gewoane Grinzer strjitten drave.

Mar haw ik fierders wat mei Befrijingsdei?

Ik wie op’e fyts noch by de drafbaan lâns riden. De kliber folk dy’t dêr geardromde, griisde my eins oan. No ja, grutte menichtes hoege om my net sa. Ik seach efkes it festivalterrein oer, en wie derút dat ik dêr net frijwillich hinne hoegde.

Ik fyn it fierders bêst, hjer: Befrijingsdei mei as ‘feestdei’ bestean bliuwe. Mar dy festivals, mei har al te dúdlike bliid boadskip (oer ordinêr sûpen en razen hinne plakt), en dy fersinsels as “treinen fan’e frijheid”, ik kin der wol sûnder. Miskyn is it om’t dy Befrijingsfestivals altiten sa oerdreaun fan hegerhân foar de jongerein ornearre lykje te wêzen. In troch de oerheid betelle feest foar de (grutstêdlike, allochtoanige) jongerein… ik haw my nea ta de doelgroep hearren field.

Jin herinnerjen oan’e Oarloch, in kriich fan foar jins tiid, en al syn ûnminsklike, mar helaas al te minsklike, grouwélichheden, is mear as wichtich. Mar dêr haw ik alteast de Befrijingsdei fan no net by nedich. Minsken moatte witte, en leard hawwe om mear witte te wollen, en foaral by steat te wêzen om it ferline beseffe te kinnen. Ynstee jout men se frij, muzyk en slop bier.

In ekstra frije dei yn maaie haw ik neat op tsjin. Mar de betinking fan’e ein fan’e Twadde Wrâldkriich oerskaadzje te litten troch simpel meitsjende festivals, nee tanke.

En faaks is dy befrijing fan 65 jier lyn ek net de gaadlikste oanlieding foar Nederlâns nasjonale feestdei… Miskyn soe men dochs 26 july (Placcaert van Verlatinghe, 1581) ynfiere moatte, herinnerjend oan hoe’t Fryslân en de oare ‘uniëarre Nederlannen’ foar it earst in frije steatebûn waarden.

Woansdei, fiif maaie 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »