Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘plaknammen’

Tersoal, fearten en in tsjerke

Posted by André Looijenga on 21/04/2014

It wie bêst peaskewaar. Hjir even in fotootsje fan Tersoal, juster begjin fan ‘e jûn. Dit fyn ik miskien dochs wol de moaiste kant om it doarp yn te kommen: fan it westen ôf.

Der steane yntusken wat minder hege beammen as earder. De âlde kastanjes by it tsjerkhôf binne fuort, en ôfrûne novimber is der ek wat omgien. De toer is dêrtroch nammerste better te sjen. In plaatsje, net?

Tersoal 20 april 2014

De foto haw ik makke fanop it brechje foar de pleats fan Nauta. Lofts fan de feart leit de iisbaan (dy’t se dit jier yn febrewaris al wer droech lein hawwe). Dizze feart rint east-west, lâns de dyk it Westerein en dêrnei mei in pear lytse meänders nei de (Snitser) Aldfeart. Ik miende dat dit wetter Mûntsefeart, of Mûntsjefeart, hjit. (De feart dy’t fan de tsjerketoer ôf sjoen noard nei de Aldfeart giet, hjit de Tsjerkefeart.)

Oant yn de tweintichste ieu rûn de feart dwers troch it doarp nei it suden ta (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei), en ek nei it easten ta. Fan dat eastlike stik feart binne noch wat stikjes fiver en sleat oerbleaun. Juster betocht ik my pas: hee, dat wie fansels it ferlingde fan de Mûntsefeart, en dat ferlingde kaam by de Tolhúspleats út yn de Bangafeart (de ferbining tusken Poppenwier en de Snitsermar). Der wie sa dus in binnentrochfeart, west-east troch it doarp hinne, meast parallel oan in dyk(je). Dat jins hûs of pleats oan’e feart lei, wie eartiids ommers ek wichtiger as dat je oan in trochgeande dyk wennen.

Op ûndersteande (net al te skerpe) foto fan de begjin 18e-ieuske gritenijkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa sjogge jo de situaasje fan (fier) foar de ferbrâningsmotor. De swarte linen binne fearten en feartsjes. De súdlike feart nei de Lytse Wierren ta hjit Zoolster Vaart. It hûs rjocht efter de plaknambuorden stiet op it plak fan de Herberg op de Schotanuskaart. De feart west-east troch it doarp, dy’t ik dus as Mûntsefeart kin, rint op de kaart lâns Albada en lâns Broersma en komt út by Meers huysen; der rint in Voetpad lâns (no de trochgeande dyk) en hy liket tsjokker oanjûn te wêzen as de sydfearten.

Tersoal (troch B. Schotanus à Sterringa)

Mar: hat wat ik as Mûntsefeart kin, altiten sa hjitten? Op de Schotanuskaart stiet ek in Monike Vaart. Dy feart rint lykwols noard-súd. Tsjintwurdich is der op dat plak heechút in sleat. It noardlikste part fan de âlde Monike Vaart wie om 1725 hinne ek net al te folle mear: der stiet by printe “Droog“.

De omjouwing fan de Tersoalster tsjerke is lêste pear jier bot feroare. De beammen binne dus ferfongen. Mar ek binne twa âlde wenninkjes, dy’t ik sels ek inkeld as boufallen kind haw, sloopt. Twa nije huzen steane der no efter de tsjerke, en ûnder de toer binne se krekt begûn mei nijbou. It strjitsje foar de toer lâns, it Koumelkerspaed (âlde stavering…), ha se dêrfoar flink ferbrede. It hie miskien wol in bytsje minder breed kind, as it oan my lein hie. It sjocht der no allegear krekt wat te iepen en nijboustrjitte-eftich út foar it âldste stik fan it doarp. Fan it smelle, âlde lykfeartsje tusken de hiemen troch (net op de Schotanuskaart) is net safolle mear oer.

Ik koe no lykwols wol ús tsjerke ris (hast) rjocht út it súd wei op de plaat krije. De toer is grutstepart midsieusk, it skip út begjin 19e ieu. De tsjerke stiet net op in terp, ek al leit it hôf fansels wat heger as de rest fan it doarp. Lofts fan de âld toer it nijste hûs yn oanbou.

Tersoal, St. Vitus, súd-oansicht

Moandei, iennentweintich april 2014.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

Marsherne < Mershorna

Posted by André Looijenga on 10/08/2010

Earjuster wie ik jierdei (wat in nuvere siswize hen, jierdei wêze — ik moast dêr ris in stikje oer skriuwe), en de jûns liet ik twa freonen kuierjend de omkriten fan Tersoal sjen. De rein luts stadichoan fuort, wylst wy op Poppenwier ôf giene. Tersoal sjocht der om earlik te wêzen in bytsje gewoantsjes út, mar Poppenwier is in smûk plakje dat derby leit as in bewenne iepenloftmuséum. De lytse steechjes, de ferburgen fermanje, de âld herberch, it glysterige haventsje ûnder driigjende wolkens.

Hinne en werom rûnen wy oer de dyk Marsherne, dy’t fan’e opfeart fan Poppenwier nei de Tolhúsbrêge (de grins mei Tersoal) rint. De namme ‘Marsherne’ wie even in riedsel foar de jonges. 

Fansels: mar-. Op’e hoeke fan Opfeart en Bangafeart lei eartiids de Poppenwierster Mar. Net in alhiel fan himsels oertsjûge mar oars: yn’e rin fan’e achttjinde ieu waard it in sompe dy’t úteinlik himsels droechlei. Mar goed, mear as genôch mar om in toponym efter te litten.

De herne om’e eardere mar hinne is noch altiten in moai streekje. Op’e gritenijkaart fan François Halma hjit it der Meershuijsen. Dêr’t de pleatsen stean, is it krekt in bytsje heger, wêrtroch de grûn droegernôch wie foar beammen. Ast de júste kante útsjochst, en wat fantasije brûkst, liket it dêr hast op’e Wâlden. Der stiet dan ek op in stek in âlde lânnamme Hegebuorren skreaun.

Ien âlde pleats stiet wat efterút, mei in djippe bleek en beamte derfoar, en in fuotbrêge mei in wyt stekje. Op’e spilen fan dat stek stie earder in swarte letters: m e r s h o r n a. Ik hie altiten wol troch dat dat itselde wêze moast as Marsherne, mar wist net wêrom’t sa frjemd skreaun wie.

Mershorna sil de Âldfryske namme wêze fan dit plak. It liket nuver, mar mer (mei in, tink, koarte e) is dan de foarrinner fan it Nijfryske haadwurd mar. De (koarte) o yn horna hat him yn it nijere Frysk ek oars ûntjûn, ta herne (mei umlaut), dat earder faaks in westlike njonkenfoarm wie. Oarekant de Snitser Mar sjogge je de earder wenstige foarm as ‘Nederlânsk’ Terhorne neist it hjoeddeisk Fryske Terherne.

It wite stekje is op’e nij opskildere. De eigner hat nije letters m a r s h o r n a sette litten. Mei mar ynstee fan mer. Spitich foar it Âldfrysk.

Tiisdei, tsien augustus 2010.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 2 Comments »

Tingstêd en Sylhûs

Posted by André Looijenga on 08/07/2010

Soe it wêze om’t ik mei myn holle by in nijsgjirrige fakatuere yn it westen des lands sit, dat ik de ôfrûne wike it lânskip fan Grins en it Ommelân wer wat mear wurdearje?

Yn elts gefal haw ik der de lêste tiid in pear kear goed op út west op’e fyts. Op in soele jûn de Súdlaarder Mar rûn, oer Fokshol, Kropswâlde, Súd-, Mid-, Noardlaren en Onnen. De Hûnsrêch krekt foar Noardlaren like wol Denemarken, en dat sa tichtby Stad. Op in waarme sneintemiddei it noarden út, oer Ûnderdendaam, Stitswert, Uskwert nei Noardpoldersyl en oer Warffum werom.

Nei it skildereftige (mar gleonhite) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad. Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum. In yntrigearjende namme. Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in *thingsted (op syn Âldfrysk) neamde, dêr’t men gearkaam om te thingia (Âldfrysk rjocht te sprekken en sa). Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee. Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan’e Friezen fan (it eastlik part fan) Hunsingoa, sa yn’e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr’t Liudger in sekere sjonger genêzen hie.

Wat letter dy deis stie ik by Noardpoldersyl yn’e kwelder. Foar it earst wie ik fanút’e Stêd op’e fyts oan it Waad ta komd. Fanôf de dyk seachst de eilannen fan Skiermuontseach oant Norderney. Miskyn dat it troch de floed kaam, mar de see like yn syn dûnkere blau sawol wiid as dochs ek lyts.

By it sympatike kafee t Zielhoes hie ik noch in spekpankoek foar’t ik de rom tritich kilometer werom begûn. In bêst plakje sa dêre, in smûke húskeamer op’e keale romte, mar dit Sylhûs driget – skande! – ynkoarten troch de gemeente Eemsmond sletten te wurden. De stifting dy’t eigner is fan it âlde gebou wol der in ‘trendy restaurant’ fan meitsje: dat gjin Grunneger wurdsjes mear op’e menukaarte tink, mar alles twa kear sa djoer en hurde swarte stuollen…

Mear Easterlauwerske eskapades folgje gau. Der stiet skylk in inkelde reis op’e fyts nei Nijeskâns op’e rol, en dêrby in dei oer de groppe yn it eardere *Hriâderlond (Reiderlân) en oan’e iggen fan’e Yms.

Tongersdei, acht july 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »