Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Poalen’

dat wetter dy wurden wat krêft wat krêft ha se prins

Posted by André Looijenga on 07/07/2012

Twa dagen yn it foar wist ik noch fan neat, mar ein april rûn ik sa mar mei in goeie freon fan my troch Szczecin (Stettin). Ungefear like fier fan Grins ôf as Parys, mar wat in oare wrâld! It wat suterige en skurve fansels, dêr’tst dy op ynstelst by in eastlike reis. In âlde stêd dêr’tst noch oan sjochst dat nije minsken in generaasje as wat lyn op’e nij mei begûn binne. Mar de measte yndruk kaam fan de taal.

It wie lang lyn dat ik yn in lân wie dêr’t de taal my sa frjemd wie. En yn Poalen komst ûnder de taal net út. Reklame bestiet dêr folle mear as by ús út teksten, mei lange en ûnwerkenbere wurden. Reklamebuorden boppedat ûntbrekt it net oan yn Poalen, dat by it binnenriden fan elk doarp slacht it Poalsk dy wer foar de snuffert. Der is mar ien remeedzje: besykje om it (in bytsje) te learen.

Przepraszam, nie mówię po polsku… Us earste wurdsjes hiene wy daalks nedich, doe’t wy de jûns yn Szczecin by de tramhalte stiene. Oft it wie dat ús Nederlânsk yn’e fierte deselde klang hie, of dat wy yn uterlik bêst Poalen wêze koene, of dat de stêd sa mei de rêch nei it bûtenlân leit dat se op bûtenlanners alhiel net fertocht wiene, mar wy waarden hieltyd frege at in tram 2 of 4 al lânskaam wie. De roadtrip troch Pommeren waard sa net allinne in ûntdekkingsreis troch in ûnbekend tichtby lân, mar ek in praktyske taalkursus.

Mar, wát in lân! Ik wol sa wol wer werom. De mjuks fan âld en nij, de noflike sfear, de deeglike (en goedkeape) iterij, it hearlik positive oan in lân dat derop foarútgiet… Rûnom waard der oan de diken wurke, hiele doarpen wiene opbrutsen omreden fan droga w budowie; wy rieden oer sneldiken dy’t net op’e kaart stiene. Huzen nij yn’e ferve, mânske nijbou-tsjerken tusken de boukavels. En sjochst echt dat de befolking jonger is as te uzes. Tweintigers en tritigers yn de lytse bern. Dit is gjin lân fan pinsjonado’s. Poalen is sa’n bytsje wat Nederlân fan’e jierren ’60 west ha moat.

De sinne skynde, de dagen wiene lang, en yn it binnenlân wie it ien dei sels 32°. Myn freon hie in flinke rûnrit úttocht. Nei Szczecin, reizgen wy by de Eastsee del oer Świnoujście (Swinemünde), Kołobrzeg (Kolberg), Darłowo (Rügenwalde), Słupsk (Stolp), it skiereilân Hel, Gdańsk (Danzig). Doe it freonlike marregebiet fan Kasjûbië yn, it slieperige Chełmno en it noflike Toruń oan de Wisła, en troch Bydgoszcz rjochting hûs. In Dútsk kaarteboekje út it ynterbellum by de hân (fandêr dy nammen), en myn op’e lêste dei ûnmisbere Guide illustré de la Pologne fan monsieur Orłowicz út 1927.

Werom woe ik mear witte fan de taal as reizgjendewei op te heinen. En fan de literatuer. In earsten fynst wie Czesław Miłosz [1911-2004] syn hânboek The history of Polish literature, dat tagelyk in oersjoch jout fan Poalens komplekse skiednis en hiel earlik begjint mei Latynske kroniken út de lette midsieuwen (doe’t der jit kwalik Poalsk skreaun waard). Mei Miłosz as gids reizge ik op’e nij, en fierder, Poalen yn.

Moai oan Miłosz syn boek is der ek aardich wat by beblomlêze hat, mei it orizjineel neist de Ingelske oersetting. My trof yn it bysûnder in fers fan Zbigniew Herbert [1924-1998], Tren Fortynbrasa.

Foar Ensafh haw ik my weage oan in oersetting út it Poalsk. Hjir de earste strofe:

No dat wy op ússels binne kinne wy prate prins as man ta man
ek al leisto op de trep en sjochst likefolle as in deade miammel
te witten in swarte sinne mei brutsen strielen
Nea net koe ik oan dyn hannen tinke sûnder gnyskjen
en no dat se lizze op it stien as delrûgele nêsten
binne se lyksa warleas as foarhinne Dat is de eigenste ein
Earms lizze apart Swurd leit apart Apart de holle
en fuotten fan in ridder yn sêfte toffels

.

Teraz kiedy zostaliśmy sami możemy porozmawiać książę jak mężczyzna z mężczyzną
chociaż leżysz na schodach i widzisz tyle co martwa mrówka
to znaczy czarne słońce o złamanych promieniach
Nigdy nie mogłem myśleć o twoich dłoniach bez uśmiechu
i teraz kiedy leżą na kamieniu jak strącone gniazda
są tak samo bezbronne jak przedtem To jest właśnie koniec
Ręce leżą osobno Szpada leży osobno Osobno głowa
i nogi rycerza w miękkich pantoflach

Hjir fierder te lêzen op www.ensafh.nl. Mei twa linkjes nei bysûndere foardrachten fan it fers, dat foaral even trochklikke.

Sneon, sân july 2012.

Advertisements

Posted in Dien, No-tiid, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »

Poalen is jitte net ferlern

Posted by André Looijenga on 11/04/2010

In bytsje guodkeap is it wol, sa’n titel boppe jin blôch sette yn in wykein dat se yn Poalen troch it needlot slim troffen binne. Jeszcze Polska nie zginęła. Faaks wol de bekindste Poalske útdrukking yn’e oare Jeropeeske talen: de earste rigel fan it Poalske folksliet.

It nijs oer de fleantúchramp klûstere my oan’e tillevyzje, juster tusken’e middei. Ik swom hinne en wer tusken Dútslân, Nederlân en CNN, om hapkes berjocht te heinen. Nuver is soks eins. Krijst mar in hiel bytsje ynformaasje, meast itselde yn trije talen, en hyltyd itselde byld fan brokstikken yn in fjild, mar tagelyk erfarrest op dy manier in frjemde sensaasje fan derby west hawwen.

At ik in Poal wie, soe ik nea op him stimd hawwe, mar it is slim treurich dat presidint Kaczyński en de frou omkaam binne. Dat alle seisennjontich ynsittenden omkamen. Ik kin no fierders in analyse jaan (wat my daalks juster troch de holle gie), mar dat sil juster en hjoed troch oaren ek al sein wêze. De bittere iroany fan dit delstoarten ûnderweis nei in betinking fan it massaker fan Katyń, bygelyks. De útwurking fan dizze ramp op’e relaasje tusken Poalen en Ruslân. De gefolgen foar de politike ferhâldings yn Poalen.

Mar ach, wat wit ik dêr ek fan. De soundbite dat de fleanramp fan Smolensk soe in “Twadde Katyń” wêze (ek fan in oars froed man as Lech Wałęsa), liket my ál wakker oerdreaun. In bytsje piëteitleas foar dy santich jier lyn fermoarde manlju oer ek. En boppedat gefaarlik: it yrrasjonele drôchbyld dat de Russen “de (hiele) Poalske elite” (sic) op’e nij útmoardzje woene, is mar al te maklik siedde.

Sa gau sil Poalen wol net ferlern wêze. Foar wat ik hjoed en juster sjoen haw, liket it my in goed funksjonearjende demokrasy ta. Foar elk amt is in nijen ien te finen. Konstitúsjoneel soe Poalen der yn guon opsicht wolris better foar stean kinne as Nederlân. Jeszcze Polska nie zginęła. Weardich leedbeklach lykje de Poalen wol goed yn te wêzen, mar wat wolst mei sa’n skiednis.

Dat folksliet hearde ik op in sjoernaal noch minsken yn Warsjau neontsjen. In wûnderlik folksliet eins, ûntstien op in momint (1797) dat it lân yn kwestje krekt opdoekt wie. In marsliet foar in Poalsk legertsje dat foar Napoleon yn Itaalje op kampanje wie, en oproppen wurdt om aanst it heitelân te befrijen. De melody is optein (ôflaat fan’e folksdûns de mazurka), en it refrein (“Marsz, marsz, Dąbrowski…”) tige oansteklik. Ik sil it jitris mear útwreide behannelje yn in searjetsje oer folkslieten as nasjonale symboalen, tink.

[Ta beslút noch dit: ik haw de nijste Ensafh trochgnoske, en mei wille it ferhaal fan Date Salverda oer in âld man dy’t begraffenissen by lâns rint lêzen. Allinne de lêste sin leit de moraal der wat te tsjok boppe-op. Nei it Sirkwy-barren yn Tresoar freed haw ik net west. Soks organisearret men ornaris de middeis en dan moat ik wurkje. Wol spitich, want ik hie graach ris wat mear libbene Fryske skriuwers troffen. En ús heit winskje ik, om ôf te sluten, in protte nocht ta by it hielendal trochlêzen fan myn blôch.]

Snein, alve april 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »