Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘polityk’

Totalitêre taalbazen?

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Ik bin bliid dat der dit wykein einlings in bytsje opskuor ûntstien is oer de Nije Stavering en oer de Standertwurdlist. Lit myn miening dúdlik wêze: de leksikografen fan de Fryske Akademy binne fierste fier gien yn it konstruearjen fan in stavering dy’t har doel foarby sjit, en fan in taalnoarm dy’t net oerienkomt mei it Frysk fan ús hjoeddeiske literêre tradysje!

Te’n langen lêste hat de Omrop it nijs oer de nije stavering opheind. Hjir in linkje nei it berjocht op harren webside. Der is in koart petearke te hearen mei Anne Dykstra, fan de Akademy. Djip dollet it petearke oars net.

Der is lykwols folle mear oan ’e hân as in ûnnedige oanpassing fan ús stavering. (Ik sis mar efkes ús stavering; wat doel en wat rjocht hawwe Akademy en Steaten oars ús harren likegoed subjektive standerts op te twingen!?)

De Standertwurdlist sil nammentlik ek in rjochtline wurde tsjin it dialektferskaat sa’t dat binnen ús ynformele Fryske standerttaal bestiet. Dêrby liket it derop dat de Standertlist gauris yngean sil tsjin wat in grut part fan de Fryskskriuwenden as foarkarsfoarmen sjocht. De kommisje fan de Fryske Akademy skynt blykber de foarkar te jaan oan ‘rûmte’ boppe ‘romte’. Deselden ûnder jo dy’t it Frysk Hânwurdboek kinne, dat troch likernôch itselde team gearstald is, sil dy foarkar foar ‘Wâldsk’ klinkende farianten net ûnbekind foarkomme.

Lês oer dizze temûke oanslach op de Fryske skriuwtaal foaral ek dit stik fan Henk Wolf op It Nijs en dit stik fan Abe de Vries.

Frije Fryskskriuwers, lit ús ús taal net diktearje troch bemuoisuchtige saakkundigen, dy’t better bettere wurdboeken skriuwe kinne ynstee fan Nijfryske wetsteksten!

Soene jo, as Fryske media, nijsgjirrich wêze nei de miening fan in engazjearre taalbrûker dy’t de stavertradysje en de leksikale rykdom fan it Frysk ferdigenje wol, dan fine jo myn kontaktgegevens ûnder it kopke Oer dit blôch.

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Advertisements

Posted in Taal | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Drûch, iuw, telefyzje…

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Woansdei, 24 april 2013, hawwe Provinsjale Steaten besletten om mei te gean yn it útstel fan de Fryske Akademy ta it wersjen fan de stavering. Sûnder dat dêr echt omtinken foar west hat yn de reguliere Fryske media, is no it proses yn gong set om yn in stikmannich details ús Fryske stavering ridlik yngripend te feroarjen. Dat dit sa ‘stikem’ bart, noasket my min. En boppedat haw ik ek noch wol mear fûnemintiele beswierren tsjin it (wer) feroarjen fan de Fryske stavering.

Om te soargjen dat der yn elts gefal omtinken komt foar dizze kwestje, haw ik in gastbloch skreaun foar Neder-L, it elektroanysk tydskrift foar nearlandistyk. Hjir lêze jo it: http://nederl.blogspot.nl/2013/04/een-nieuwe-spelling-voor-droog-eeuw-en.html

Lit ús foarkomme dat sokke gewoane Fryske wurden as ‘droech’, ‘ieu’, ‘útnoeging’, ‘spoek’ en ‘boekebeam’ net ynienen fan stavering feroarje sille!

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Posted in Skreaun, Taal | Tagged: , , | Leave a Comment »

Rêd de Obe en de Fedde! (LC-ferzy)

Posted by André Looijenga on 08/10/2012

Ofrûne sneon stie yn de Ljouwerter Krante it ûndersteande ynstjoerd brief (‘Te Gast’) fan my:

Rêd de Obe en de Fedde!

Nije wike freed, 12 oktober, is de útrikking fan trije provinsjale literêre prizen. Foar de bêste oersetting nei (of út) it Frysk is der de Obe Postmapriis, en foar it bêste Fryske literêre debút binne der de Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer Publykspriis. It is lykwols mar de fraach oft it feestke by de útrikking wat slagje wol. Yn har nije kultuernota kundiget de Provinsje Fryslân ommers oan dat dizze trije prizen ôfskaft wurde.

De ‘Fedde’ en de ‘Obe’ binne oerstallich ferklearre, sûnder echte argumintaasje. Ien grutte priis bliuwt oer. De Provinsje hat blykber wol wurdearring en prizejild oer foar it oeuvre fan âlde Fryske skriuwers (lykas Gysbert-winner Durk van der Ploeg), mar net foar eksellinte Fryske oersetters of foar fernijend nij wurk fan jongere skriuwers.

Yn de kultuernota hat de Provinsje de mûle fol oer it belang fan it Frysk. Essinsjeel is dêrby dat it Frysk ek in taal bliuwt om te skriuwen en te lêzen. Dat der boeken yn útkomme, in literatuer bestiet, en der wurdearring is foar útsûnderlike prestaasjes. Ynstee fan wurdearre, wurde nominearden en kânshawwers misledige trochdat de Provinsje no witte lit dat harren priis eins net nedich is.

As ik in synikus wie, soe ik de Provinsje fan desynteresse yn de Fryske literatuer betichtsje. Foarearst hâld ik it op in fersin. It ôfskaffen fan de Obe en de Fedde is folslein yn tsjinspraak mei de teneur fan de nota. It giet dêryn om minsken mear ‘meidwaan’ te litten yn de Fryske kultuer. Literêre prizen dy’t omtinken generearje foar nije skriuwers en foar oersettings, binne júst hiel goede middels om de minsken yn Fryslân mear foar it skreaune Frysk te ynteressearjen.

De oersetting dy’t wy as sjuery útkard hawwe, ‘De Hobbit’ fan Tolkien, troch Anne Popkema, is op himsels al in argumint om de Obe te behâlden. Masterlik linich en geef Frysk, troch in jonge oersetter: in klassiker dy’t âld en jong, Frysksinnich of net, oansprekke sil.

Achte leden fan Provinsjale Steaten, jo kinne it ôfskaffen fan dizze wichtige prizen noch tsjinhâlde! Jo kinne in amendemint op de kultuernota yntsjinje en stypje om de Obe Postma- en Fedde Schurerprizen te behâlden. Ek mei in bytsje middels, en foaral de júste minsken, kin de organisaasje en promoasje by de prizen folle better as dit kear. Lit de prizen net it wikseljild wêze op de kultuerbegrutting! Ik fertrou op jo wiisheid, en jo leafde foar it Frysk.
.
André Looijenga, lid advyskommisje Obe Postmapriis

Posted in No-tiid, Skreaun, Skylk | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Bus Tersoal – Ljouwert 167% djoerder

Posted by André Looijenga on 17/05/2011

Begjin fan’e middei stapte ik yn Tersoal op’e bus. Lykas wenstich foar in dalkaartsje fan € 3, mei om’t sa’n los kaartsje sa maklik is foar de reiskostefergoeding. De sjofeur (dy’t boppedat tige noartsk Hollânsk prate) warskôge dat ‘oer trije wiken’ it dalkaartsje ôfskaft wurdt. Dêrfoar yn it plak komme, neist de OV-chip, kaartsjes fan € 4, dy’t net jildich binne om mei oer te stappen

Ast midden op’e dei fan Tersoal nei Ljouwert wolst, bist lykwols ferplichte om by Blauwe Tent (ûnder Reduzum) oer te stappen fan lijn 94 op 95. Op dat trajekt soest mei dizze nije kaartsjes tenei twaris € 4, dus € 8, betelje moatte ynstee fan ‘e wenstige € 3. Soks betsjut in priisstiging fan 167%!

Ik begryp dat, fanwegen hegere branjekosten, de priis fan in buskaartsje wat omheech moat, fan € 3 bygelyks nei € 3,50 of sels ek wol € 4. Wat ik nét begryp is dat de firma Connexxion, dy’t fan’e provinsje it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân oanbestege krigen hat, ynienen mei har buskaartsjes gjin rekken mear hâldt mei oerstappen.

Sá it brûken fan’e OV-chip trochtriuwe yn Fryslân hat suver wat kafkaësks. En boppedat, sá, mei 167%, de priis foar in busreis ferheegje docht lykje as fjochtet it iepenbier-ferfierbedriuw op kosten fan’e reizger har deilis mei deputearre steaten út!

Tiisdei, santjin maaie 2011.

Posted in No-tiid | Tagged: , , | 1 Comment »

In Fryske roman mei tanks yn’e strjitte

Posted by André Looijenga on 01/02/2011

Earjuster haw ik Yn Adams harnas fan Anne Wadman útlêzen. It boek spoeket my noch in bytsje troch de holle, mar dat komt faaks om’t ik fan’t wykein wat koartsich wie. Ik wie yn it boek begûn doe’t krekt de reboelje yn Tunesië begûn, en ik hie it út doe’t de protesten tsjin Mûbarak yn Egypte op har hichtepunt wiene. Tige tapaslik oars, in Fryske roman mei in seldsum polityk ûnderwerp (it spilet yn in lân yn revolúsje dat fuortsinkt yn diktatuer) lêze yn tiden wêryn’t útlânske folksopstannen en tanks yn’e strjitten de media behearskje. De lûden fan it no noegen út in roman skreaun yn 1968-’69 en útjûn yn 1982 (wêrom doe pas?) hyltyd fierder te lêzen.

Ik kocht it lêsten as in twaddehâns byfangst, yntrigearre as ik wie troch de omkaftwurden “it ferhaal spilet yn in tinkbyldich (Westeuropeesk) lân” dat “de lêzer tige bekend foarkomme [sil]”.

De haadpersoan is de soan fan in konservatyf steatsman, de premier fan it lân. De haadpersoan en ferteller is in loftsliberaal politikus en jurist, waans ferslach it boek is, skreaun yn’e finzenis nei de rjochtse militêre machtsgryp. De haadstikken fan dizze ’twaspoareroman’ spylje har sawol yn’e dagen foár de coup as yn’e kerkers fan it nije rezjym ôf. In fynst fan Wadman is dat de haadpersoan-ferteller himsels yn syn stoarje yn’e twadde persoan (do) oansprekt.

De motor fan it ferhaal is de dea fan’e heit, de froede premier, ûnder kompromittearjende omstannichheden (yn it bêd fan in publike dame). Wylst de dea út foarsoarch geheim bliuwt, krewearret syn soan om de reputaasje fan’e heit te behoedzjen, mar rekket dêrtroch mear en mear yn isolemint en yn’e tiis. Ûnderwilens stoart om him hinne de demokrasy yn chaos tusken loftse en rjochtse utersten ynien. It behâld fan jins weardigens en eare, en it steande bliuwen as in frij minske ûnder druk en oppresje, binne de haadtema’s fan dit boek.

Útsein fan in pear lekken en brekken (bgl. in femme fatale dy’t mar in gûlderich frommeske bliket) is Yn Adams harnas tige it lêzen wurdich. Goed lange sinnen skreau Wadman ek. De praatske haadpersoan is dêrtroch wat lang fan stôf, mar soks heart ek wol by in ûnfrysk yntellektuïelderich romanpersonaazje. Koartsein, in jin fêstgripend boek oer in twiveljende minske dy’t him yn bochten wringt om oerein te bliuwen yn in wrâld fol temûke en iepenlike repressy.

Tiisdei, ien febrewaris 2011.

Posted in No-tiid, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Sniejier

Posted by André Looijenga on 04/12/2010

En wer wie der snie.

Bysûnder hear, de fúfde moanne dit jier dat der snie leit. Mar dochs, lit my dit skoandere blôch en fral jo skoandere tiid en oandacht net opbrûke om oer it waar te jeuzeljen…

Wat it Frysk oanbelanget, bygelyks, is der it rapport oer de steat fan’e Fryske taal yn it ûnderwiis. En de (mar in bytsje) réaksjes dêrop, dy’t my fanút it heitelân berikje. In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse. Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan’e Fryske Akademy, dy’t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan’e kant skoot. It ûntbrekken fan ‘taalgrutskens’ by (alteast in part fan) de Friezen foar it Frysk oer, soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje?

No bin ik faaks in bytsje te erchtinkend, mar it fernuveret my bot, at dr. Riemersma, as ien dy’t grif wat fan sosjolinguïstyk ôfwitte sil, neat oan liket te kinnen mei de subjektive belibbing fan’e taal. “Met een woord als taaltrots kan ik niet veel,” fynt er. “Wat is dat? Trots op je taal ben je vooral buiten de grenzen.”

Op my alteast, as heale bûtensteander, komt soks oer as in symptoam fan in hiel beheind soarte taalwittenskip. Opdield yn spesjalismekes, sûnder it gehiel mear oer te sjen. Wylst in breed yn’e samenleving droegen soarch foar it behâld en trochjaan fan jins taal dochs echt wol in foarwearde is om sa’n taal tsjinoer in sterke konkurrinsje syn plak te jaan. En dy soarch (je soene dy, mei in wurd wêrfoar’t se op’e Fryske Akademy hielendal rydboskje soene, ek leafde foar de taal neame kinne), dêr ûntbrekt it neffens my by de gemiddelde Fries seker oan. Harkje mar ris om jin hinne, no. 

Nee, fleurich wurdt men net fan it Frysk op it stuit.

En dan Fryslân…

Read the rest of this entry »

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , , | 1 Comment »

Wurdsjebakke

Posted by André Looijenga on 25/11/2010

Witte jim dat jim noch in pear dagen tiid hawwe om nije Fryske wurden yn te stjoeren foar de wedstriid fan de oersetterstsjinst fan’e Europeeske Kommisje?

Foar 1 desimber moatte de ynstjoerings binnen wêze. Sjoch foar mear oer de wurde-optinkkriich dizze side: http://www.europesedagvandetalen.nl/pagina%201%20fr.htm

Men siket nije Fryske wurden foar de folgjende resinte Nederlânske neologismen:

bierbabe, dweilsoap, graaibonus, herriemeter, insectensnack, kijkfile, klimaatridder, oorbehoedsmiddel, ontschulden, pimpen, randstadpartij, roeptoeter, verhufteren, verpaarding, verstrippen, verwendicapte, voxpoppen, zoenzone, zomerdip, zwaairaam

Modieuze wurdsjes út’e Hollânske aktualiteit. Se litte goed sjen hoe linich it Nederlânsk, mei in komyske ûndertoan, nije wurden makket troch te boartsjen mei it libbene taalmateriaal. Fansels moat soks yn it Frysk ek kinne. Ik sil seker noch efkes in goai weagje foar dizze wedstriid. Mar net sûnder in bytsje in dûbeld gefoel.

Dat dûbelde sit him yn’e kar fan te ferfryskjen wurden. Bewust hat men keazen foar in nochal sekundêre foarm fan kréativiteit. Foar leuke nijfoarmingen yn it Nederlânsk Fryske wurden betinke. It befêstiget mar wer dat it Frysk altiten allinnich efter it Nederlânsk oanbongelet. Dat it Frysk as taal dochs net op eigen fuotten stean kin. 

Boppedat, der binne wurden tusken dy’t ik hielendal net koe. Witte jo wat voxpoppen ynhâldt? Read the rest of this entry »

Posted in Taal | Tagged: , , , | 5 Comments »

Bibliobus opdoekt, en Peter Vos

Posted by André Looijenga on 18/11/2010

En doe lies ik justerjûn, tafallich, om’t ik tafallich in jûn yn Tersoal wie, yn’e Ljouwerter Krante dat yn Boarnsterhim de bibliobus fuortbesunige wurdt. In lyts berjochtsje, fuortstoppe yn in fou fan it regio-katern. Ik lies it, ja besunigings no, en ik waard der eins net iens mear lulk fan. Op it lêst makket it jin morf, no.

Ik ha fansels al goed tsien jier gjin bibliobus fan binnen sjoen. Mar koartlyn moast ik der wer oan tinken. Mei ús heit en mem giene wy altiten al, sûnt ik my herinnerje, alle trije wiken op in jûn nei de byb yn Snits. Ik sil dêr in moai part fan’e A-boeken en de B-boeken lêzen ha, en dêrnei de (gauris wat drege en sombere) J-boeken dy’t by de grutteminskeboeken stiene. En noait mear as twa ynformative, mei grutte platen, oer skiednis en gebouwen en sa, mar per wike minstens ien boek mei allinnich wurden…

De bibliobus kaam hjir ek yn it doarp, en op in seker momint krigen wy ek dêr mar in abonnemint fan. Om foar de lêshonger net alle wiken op en del nei Snits, no. It assortemint fan’e bus wie lytser, en foar folwoeksenen stiene der faaks fral streekromans en grutletterklobben, mar it wie in wûnderlike piiplaad sa’n bibliobus. Ien boek dat ik dêr ris ûntduts — ik wie in jier as fjirtjin, fúftjin –, kaam my lêsten wer yn it sin.

1984, yn Nederlânske oersetting, fan George Orwell. En, dêr giet it my no om, mei yllustraasjes fan Peter Vos. It benearjende gegeven, it útsichtleaze ferhaal, makken in djippe yndruk op my. Dêrby de tekeningen fan Vos, dy’t my by it ferhaal holden en it boek draachlik makken: mei masterlike streekjes delsetten hampelmantsjes yn slobberjende overals. Tanksij Peter Vos gie foar my 1984 oer in minske, tegnjirde yn’e masjine fan in ûnminsklik gegeven.

[De tekeningen binnenyn binne folle better as it nearzige omkaft hjirneist.]

Letter keas ik it boek út foar myn list foar Ingelsk. Troch it orizjineel koe ik yn’e sechde alhiel net hinnekomme. Oft ik doe al troch de rom fan it boek hinneprikke koe, wit ik net. Miskyn wie my it Ingelsk te dreech en te toar. Ik wist dochs de ein al, en de plaatsjes derby misten boppedat. It mondeling deroer bin ik, mei wat harsenskrabjen en ymprovisearjen noch wol trochkaam.

Oardel wike lyn is Peter Vos ferstoarn. Tsientallen berneboeken dy’t er yllustrearre sil ik lêzen ha. Of tenminsten de tekeningen fan lêzen. Grutske bisten tekene er, ôfsjoude minskjes, altiten lyntsjes, stipkes mei in soarte fan siele derefter.

Faaks Nederlâns grutste tekender rekke wei, hast sûnder omtinken, wylst krekt dêrfoar foar dy iene piipsmoker dy’t noch op syn santichste yn swimbroek op in boekomkafte posearre… nee, lit dy argewaasje mar. Wat better is, bewiist dat úteinlik wol. En in goede tekening praat sûnder poeha fan wurden yn alle talen.

Mar sûnder de bibliobus hie ik Peter Vos syn tekeningen by Orwell net kend. En skylk rydt dy net mear yn Boarnsterhim. En yn hieltyd minder gemeenten wurde bibliobussen en lytse bibleteken iepenholden. Sûnder iepenbiere bibleteken soe ik net wurden wêze wa’t ik bin. At der ien ynstelling is dy’t it minskene libben ferriket, is it dy dêr’t je oer alles boeken fine kinne, liene meie, lêze kinne.

Dêrop sa bot besunigje is gjin neutraal besparjen op kosteposten, mar mei razende keatlingsagen snoeie yn de skientme, de rykdom, de wearde fan’e libbens fan gewoane minsken âld en, boppe-al, jong.

Tongersdei, achttjin novimber 2010.

Posted in Lêzen, No-tiid | Tagged: , , , , , , , | 1 Comment »

Gjin ‘rânemar’ op Wieringen…

Posted by André Looijenga on 03/11/2010

Krekt lies ik wat goed nijs liket te wêzen: de provinsje Noard-Hollân sil bekind meitsje net troch te gean mei de oanlis fan in mar oan’e súdkante fan it âlde eilân Wieringen. In wyld plan om nei tachtich jier as noch in mar op’e râne fan’e Wieringermarpolder oan te lizzen (sokke plannen hawwe/hiene se ek by de Noardeastpolder), dat troch projektûntwikkelders mei machtige freontsjes, tamtearre demokratyske kontrôle, brúskearre boargers, en faaks sels klearebare korrupsje, sûnder erchtinken trochtreaun drige te wurden. Saved by the crunch, liket it no. Inkeld jildpine hat dizze oerdwylske Noard-Hollânske ‘Blauwestad’ keare kind.

Oarekant de Ôfslútdyk leit Wieringen, in stoeve liembult mei in hânfol âlde doarpen. Lyts, mar wûndermoai sa’t it is. Rinne je der om, fielt it noch altiten as in eilân. In (West)frysk eilân boppedat, in soarte fan Gaasterlân dat fûl yn’e wyn op folle see ôfmeard skynt. De Wieringers ha wrotte moatten om harren pôle yn stân te hâlden. Hja bouden dykjes fan seewier om op it waad kegen te feroverjen foar in bytsje mear romte foar har skiep. Yn’e rin fan’e 19e ieu slaggen se der yn de Polder Waard Nieuwland te bedykjen, dy’t in bytsje mear wolfeart brocht.

De ien nei lêste dei fan 2009 swalken Plaatsman en ik om oer Wieringen. It hie snijd, der waaide in izige wyn fan it waad, de loft siet ticht yn alle kleuren griis, de lea hast beferzen stapten wy manmoedich om. It wie stjerrende kâld, mar wat wie it hjir ûnbidige moai. De gielstiennen pleatskes, de stânfêste tuorren, de kliffen, beamwâlen en túnwaltsjes, de oandwaanlik platte âlde wierdykjes dy’t ea de keech ferdigenen. Yn’e doarpen seachst posters foar de ruten, as in omdôch protest tsjin it wetter en de rekreaasjeparken dy’t dit burgen lântsje omstrûpe soene.

Mar no liket de súdrâne fan Wieringen rêden fan megalomane ûntwikkelingsprojekten. Polder Waard Nieuwland wurdt net splis set foar in pear boatsjefarders op wat mei in grouwélich ûnsjogge namme Lago Wirense hjitte moast. De seeklaai fan’e Wieringermar wurdt net opoffere oan in bytsje flugge winst yn it no. Lit ús it hoopje. Foar no mar even in fotootsje fan ôfrûn desimber.

Útsjoch op Hippolytushoef fan'e kant fan Stroe

Woansdei, trije novimber 2010.

Posted in Dien, No-tiid | Tagged: , , , , | 3 Comments »

Tingstêd en Sylhûs

Posted by André Looijenga on 08/07/2010

Soe it wêze om’t ik mei myn holle by in nijsgjirrige fakatuere yn it westen des lands sit, dat ik de ôfrûne wike it lânskip fan Grins en it Ommelân wer wat mear wurdearje?

Yn elts gefal haw ik der de lêste tiid in pear kear goed op út west op’e fyts. Op in soele jûn de Súdlaarder Mar rûn, oer Fokshol, Kropswâlde, Súd-, Mid-, Noardlaren en Onnen. De Hûnsrêch krekt foar Noardlaren like wol Denemarken, en dat sa tichtby Stad. Op in waarme sneintemiddei it noarden út, oer Ûnderdendaam, Stitswert, Uskwert nei Noardpoldersyl en oer Warffum werom.

Nei it skildereftige (mar gleonhite) doarpke Stitswert kaam ik doe oer in fytspaad mei de namme Dingsteepad. Dit rint westlik fan it doarp en eardere kleaster Rottum. In yntrigearjende namme. Der sil hjir ea in plak west hawwe dat men doedestiids in *thingsted (op syn Âldfrysk) neamde, dêr’t men gearkaam om te thingia (Âldfrysk rjocht te sprekken en sa). Ik haw fanôf it sadel noch omsjoen nei dat âlde tingstee. Faaks wie dêr earne it midsieuske fergaderplak fan’e Friezen fan (it eastlik part fan) Hunsingoa, sa yn’e buert fan Kleaster Rottum en de terp Helwert dêr’t Liudger in sekere sjonger genêzen hie.

Wat letter dy deis stie ik by Noardpoldersyl yn’e kwelder. Foar it earst wie ik fanút’e Stêd op’e fyts oan it Waad ta komd. Fanôf de dyk seachst de eilannen fan Skiermuontseach oant Norderney. Miskyn dat it troch de floed kaam, mar de see like yn syn dûnkere blau sawol wiid as dochs ek lyts.

By it sympatike kafee t Zielhoes hie ik noch in spekpankoek foar’t ik de rom tritich kilometer werom begûn. In bêst plakje sa dêre, in smûke húskeamer op’e keale romte, mar dit Sylhûs driget – skande! – ynkoarten troch de gemeente Eemsmond sletten te wurden. De stifting dy’t eigner is fan it âlde gebou wol der in ‘trendy restaurant’ fan meitsje: dat gjin Grunneger wurdsjes mear op’e menukaarte tink, mar alles twa kear sa djoer en hurde swarte stuollen…

Mear Easterlauwerske eskapades folgje gau. Der stiet skylk in inkelde reis op’e fyts nei Nijeskâns op’e rol, en dêrby in dei oer de groppe yn it eardere *Hriâderlond (Reiderlân) en oan’e iggen fan’e Yms.

Tongersdei, acht july 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Poalen is jitte net ferlern

Posted by André Looijenga on 11/04/2010

In bytsje guodkeap is it wol, sa’n titel boppe jin blôch sette yn in wykein dat se yn Poalen troch it needlot slim troffen binne. Jeszcze Polska nie zginęła. Faaks wol de bekindste Poalske útdrukking yn’e oare Jeropeeske talen: de earste rigel fan it Poalske folksliet.

It nijs oer de fleantúchramp klûstere my oan’e tillevyzje, juster tusken’e middei. Ik swom hinne en wer tusken Dútslân, Nederlân en CNN, om hapkes berjocht te heinen. Nuver is soks eins. Krijst mar in hiel bytsje ynformaasje, meast itselde yn trije talen, en hyltyd itselde byld fan brokstikken yn in fjild, mar tagelyk erfarrest op dy manier in frjemde sensaasje fan derby west hawwen.

At ik in Poal wie, soe ik nea op him stimd hawwe, mar it is slim treurich dat presidint Kaczyński en de frou omkaam binne. Dat alle seisennjontich ynsittenden omkamen. Ik kin no fierders in analyse jaan (wat my daalks juster troch de holle gie), mar dat sil juster en hjoed troch oaren ek al sein wêze. De bittere iroany fan dit delstoarten ûnderweis nei in betinking fan it massaker fan Katyń, bygelyks. De útwurking fan dizze ramp op’e relaasje tusken Poalen en Ruslân. De gefolgen foar de politike ferhâldings yn Poalen.

Mar ach, wat wit ik dêr ek fan. De soundbite dat de fleanramp fan Smolensk soe in “Twadde Katyń” wêze (ek fan in oars froed man as Lech Wałęsa), liket my ál wakker oerdreaun. In bytsje piëteitleas foar dy santich jier lyn fermoarde manlju oer ek. En boppedat gefaarlik: it yrrasjonele drôchbyld dat de Russen “de (hiele) Poalske elite” (sic) op’e nij útmoardzje woene, is mar al te maklik siedde.

Sa gau sil Poalen wol net ferlern wêze. Foar wat ik hjoed en juster sjoen haw, liket it my in goed funksjonearjende demokrasy ta. Foar elk amt is in nijen ien te finen. Konstitúsjoneel soe Poalen der yn guon opsicht wolris better foar stean kinne as Nederlân. Jeszcze Polska nie zginęła. Weardich leedbeklach lykje de Poalen wol goed yn te wêzen, mar wat wolst mei sa’n skiednis.

Dat folksliet hearde ik op in sjoernaal noch minsken yn Warsjau neontsjen. In wûnderlik folksliet eins, ûntstien op in momint (1797) dat it lân yn kwestje krekt opdoekt wie. In marsliet foar in Poalsk legertsje dat foar Napoleon yn Itaalje op kampanje wie, en oproppen wurdt om aanst it heitelân te befrijen. De melody is optein (ôflaat fan’e folksdûns de mazurka), en it refrein (“Marsz, marsz, Dąbrowski…”) tige oansteklik. Ik sil it jitris mear útwreide behannelje yn in searjetsje oer folkslieten as nasjonale symboalen, tink.

[Ta beslút noch dit: ik haw de nijste Ensafh trochgnoske, en mei wille it ferhaal fan Date Salverda oer in âld man dy’t begraffenissen by lâns rint lêzen. Allinne de lêste sin leit de moraal der wat te tsjok boppe-op. Nei it Sirkwy-barren yn Tresoar freed haw ik net west. Soks organisearret men ornaris de middeis en dan moat ik wurkje. Wol spitich, want ik hie graach ris wat mear libbene Fryske skriuwers troffen. En ús heit winskje ik, om ôf te sluten, in protte nocht ta by it hielendal trochlêzen fan myn blôch.]

Snein, alve april 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Riedsferkiezings

Posted by André Looijenga on 01/03/2010

Ik jou hjir gjin stimadvys foar de Riedsferkiezings. It sprekt foar himsels dat it wichtich is om waansdei te stimmen. Op wa, moat elts mei in bytsje ferstân sels oer beslisse kinne. Ik sil sels foar de Rie (hjir yn Stad) op ien stimme dy’t ik kin (net hiel persoanlik, mar it nivo fan freonlik ‘hoi’ sizzen) en fraksjefoarsitter wurde wol fan in frij progressive partij.

Stimme op minsken dy’st sels kinst, en dy’st wannear nedich yn persoan oansprekke kinst, is in sterk middel tsjin ôfstân en al te grut cynisme foar de polityk oer.

Wat de gemeentepolityk yn Fryslân betreft, meitsje ik my al in tiid soargen oer de weryndieling. Benammen it foarmjen fan’e grutte Súdwesthoekgemeente, dy’t wierskynlik net mear te kearen is, is my in griis. Ik ha dêr in jier lyn op in foarich blôch fan al ris oer skreaun:

http://www.vkblog.nl/bericht/247671/Kolleezje

Moandei, ien maart 2010.

Posted in No-tiid, Uncategorized | Tagged: , , | Leave a Comment »

Krisissfear

Posted by André Looijenga on 19/02/2010

Je soene wolle datst se ynflústerje koest “jou no ta”, ast betinkst wat der barre sil at it kabinet falt. Oer de ynhâld giet de rúzje net mear, liket it. In lytse ‘missy’ om wat Afghaanske regearingsmilitêren op te lieden, en in bytsje op Ûrûzgan te letten, hoe’n grut offer soe dat foar de PvdA-ministers wêze kinne om de stabiliteit yn eigen lân noch in jierke te hanthavenjen?

At der fan’t foarjier Twadde-Keamersferkiezings komme, wat foar in nije regearing sil wy as Nederlanners dan byinoar stimme? Aanst mei in minstens twa kear sa grut kontingint antidemokratyske idioaten (fansels, Wilders en dy) yn’e Keamer, wurdt it noch moai kabinetformearjen. Ik sjoch der al nei út: in koälysje fan CDA, PvdA, D’66, VVD en eventueel GroenLinks of Christenunie… en yn dat ûnwurkbere gefal sil wy noch lok hân ha. Moatst der net oan tinke dat (de rjochtse tûke fan it) CDA en VVD it yn’e plasse helje om mei de ien-lid-party Wilders yn see te gean…

Freed, njontjin febrewaris 2010; pleatst om healwei achten jûns.

Posted in No-tiid | Tagged: , , | 2 Comments »

Ûrûzgan

Posted by André Looijenga on 18/02/2010

It sjocht der nei út dat der gjin ferlinging fan’e Nederlânske oanwêzigens yn Ûrûzgan komt, en dat it kabinet der net ûnder falle sil. In bytsje nimme, in bytsje jaan. It CDA krige syn sin mei it Irak-rapport en no krijt de PvdA har sin, en sa wurdt de koälysje rêden.

My tinkt dat dit foar no net de beroerdste útkomst is. Ik wie der sels eins net alhiel út, oft Nederlân yn Afghanistan bliuwe moast of net. Mar je kinne jin ek ôffreegje wat eins it hiele doel wie fan’e “opboumissy” yn dy toarre úthoek Ûrûzgan.

Fansels, it Nederlânske dielnimmen is part fan in aksje fan’e NAVO, en net inkeld fan in nuver gelegenheidskoälysjetsje om dhr. G.W. Bush hinne lykas mei Irak. Mar dochs, hiene wy as NAVO-lannen eins it rjocht wol om Afghanistan yn te fallen? En hoe moai it ek is dat yn elts gefal yn in part fan dat earmsillige lân de hearskippij fan’e Taliban oan’e kant skood is, hat de NAVO mei dy strafekspedysje tsjin terrorisme (of ‘terrorisme’) yn Afghanistan har eigen géopolitike belangen eins wol tsjinne? Of hat dit alles inkeld ynstabiliteit yn’e regio fergrutte, en hate tsjin ‘it Westen’ fierder oankweekt?

Tongersdei, achttjin febrewaris 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: | Leave a Comment »