Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘populisme’

Nijmakke Frysk

Posted by André Looijenga on 23/01/2012

Fryske wurden: altyd wille. It sil tink de tiid fan it jier wêze fan de listkes mei bysûndere nije wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers keazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En myn buorman Anne Popkema hat it nijwurd ‘gévisme’ útfûn, en de tsjusterste Fryske nijfoarming útkeazen.

Nije wurden yn it Frysk bin ik fûleinich foarstanner fan. Mar dan ál nije Fryske wurden dy’t yn it Frysk sels útdoktere binne, at it heal kin. It listke fan It Nijs is oars wol grapstich – mar it binne wol neibaksels fan nije baksels út it Nederlânsk. Soks folget fansels út dat It Nijs ús nasjonale Fryske nijsgjirrige-berjochtsjes-oersettsjinst is (en soks moat der ek wêze). Wat de taal oangiet, gniis ik ek leaver om hoe’t It Nijs útentroch de bocht út fljocht (‘sylflarde’ foar zeilmeisje…), as dat ik it gûchel-trânsleed-Frysk op omropfryslan.nl lês…

Yn in taal komme út harsels nije wurden wannear’t de sprekkers nije dingen ûnder wurden bringe wolle, én dy sprekkers tagelyk har goed bewust binne fan har taal. Nijwurderij komt foar in part fan purisme, foar in part út kreätyf boartsjen mei it taalmateriaal. Salang’t der mei in taal boarte wurdt, libbet er. Echt goeie neologismen komme de taalbrûkers sels mei, sûnder oare talen sa mar oer te kopiearjen.

De gévismen fan Anne Popkema ynspirearren my om ek efkes wat ballen it fjild yn te slaan. Hy joech syn priis oan sjoddy!, in nijmakke groetnis troch Hanneke de Jong. Yn syn listke koe ek snoadfoan (hoewol in karbonpapierwurd) my wol bekoare. Mar even wat besyksels:

bûspjûter (s.): in kompjûtereftich apparaat (dat kin in snoadfoan wêze, of in iPad, in Blackberry, in tablet of sokssamear), dat maklik opburgen wurde kin, tagong biedt ta ynternet en wat sa mear

dreechskamte (s.): de oanstriid fan de media om it foar har publyk foaral net te dreech en net te ynhâldlik te meitsjen, lykas men yn Fryslân wol fernimme kin by Omrop Fryslân as it giet om de Fryske literatuer of om djipper lizzende maatskiplike problemen yn Fryslân

eigenblyn (adj.): de eigenskip dat der yn de perifery net (selsstannich) sjoen wurdt hokker kwaliteiten en kânsen der lizze yn de eigen omjouwing (of it moat wêze dat oaren, ornaris yn it sintrum, dy kwaliteiten yn de perifery oanwize)

lêbskoaie (v.): op (foar guon) irritearjende manear krityk leverje, wêrby’t hieltyd deselde útsliten arguminten brûkt wurde

protterpraat (s.): in hype dy’t foar koarte tiid de publike opynje behearsket, bgl. oproppen troch it mei sin oerémisbearjend tsjetterjen fan in raas-politikus, en dy’t in hoartsje foar kabaal en praterij soarget, – lykas in kloft protters yn in beam

sjummijris (adv.): selsbewust earne mei pronkjend, bgl.: De skoaljonge siet sjummijris mei syn djoere bûspjûter te pielen.

stikkenprate (v.): 1) troch oanhâldende krityk fernijende en nijsgjirrige plannen wjerhâlde; 2) datselde, mar dan trochdat de plannen troch te lange politike diskusje net op’e reed reitsje

teferbouwe (v.): eat ferniele troch rigûreuze nijbou, bgl.: De Grutte Merk fan Grins wurdt teferboud troch de komst fan it ‘Groninger Forum’. [Ôfliedings mei te-, dy’t oan tiidwurden de betsjutting ‘stikken meitsje’ jouwe, binne in wat fergetten skat yn it Fryske leksikon!]

trânsleed (s.): minne oersetting troch it letterlik fertalen fan taaleigen út in oare taal (yn it Nederlânsk benammen ûnder ynfloed fan it Ingelsk, yn it Frysk ûnder dy fan it Nederlânsk)

wanwurd (s.): in (meast nijfoarme) wurd, dat: a) om politike redenen in beskaat ferskynsel as ten ûnrjochte as bedriigjend of misdiedich foarstelt, of b) in grouwélich ferskynsel ûnskuldich besiket te meitsjen, of c) minsken ymplisyt fan har minsklike weardigens ûntdocht troch har metafoarysk as guod, amorfe massa of natoerferskynsel út te byldzjen

Moaie wurden binne it net allegear, jou’k ta. Mar nedich binne se ál.

Moandei, trijentweintich jannewaris 2012.

Advertisements

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Ierdferskowing

Posted by André Looijenga on 05/03/2010

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no. Rampen en spektakel sille jo tinke. Fan dat alles net folle. Yn tiden wêryn’t yn Haïty en Tsjily de ierde beve, yn Itaalje doarpen ûnder modderstreamen en yn Frankryk yn it wetter fersûpen, is it eins hast ûnfatsoenlik en brûk natoergeweld as metafoar foar oarsoart ynkringende feroarings.

Mar dochs, krekt werom út Tersoal, haw ik meikrigen dat der wis in politike ‘ierdferskowing’ west hat dêr yn Boarnsterhim. De útslach fan’e riedsferkiezing hie diskear wol hiel dúdlike winners en ferliezers. De PvdA dy’t sûnt it tastânkommen fan Boarnsterhim de grutste partij west hat, foel werom fan sân nei trije sitten. Har stimmers sille foar in grut part oerrûn wêze nei de stikjeskriuwende boekhâlders fan Gemeentebelangen dy’t fan twa op fjouwer kamen. Boppedat binne der, ta ferheging fan’e gesellichheid yn’e riedsseal, twa kreaze fraksjetsjes fan heger-oplate forinzen bykaam, dat de lêste jierren fan har bestean sil de gemeente alles tegearre bêst in aardige rie ha. Spitich wol dat ús heit net mear yn’e rie sit, mar hy seach it al oankommen dat ek syn partij derop efterútgean soe.

Fierders, tsja. Yn Grins hat de list dêr’t ik op stimd ha, yn elts gefal in bytsje wûn en sil ek wol yn it kolleezje bliuwe. Hjir yn’e stêd is bysûnder dat de ‘Stadspartij’ ynienen sa groeid is. Tsjin grutte projekten en tsjin studinten, dat giet der by guodden yn as kouk fansels.

Oan dat leven oer de útslach yn Almere en sa doch ik net mei. Al moat àl even sein wêze dat Wilders en dy der yn Almere sûnt de Europeeske ferkiezing fan ferline jier (30%) der mei noch gjin 22% foar dizze ferkiezing dúdlik tebekfalt. Wat no, feroverjen fan Nederlân, at se yn har meast fersoerde thúsbasis gjin stân hâlde kinne?

[Ta eintsjebeslút noch efkes dit. De oankommende wike sil ik wierskynlik net álle dagen minstens hûndert wurden blôchje. Mar fan dit koarte stikje stiet de teller no al boppe de 300, dat hjirop kin ik wer twa dagen ‘tearje’…]

Freed, fiif maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Krisissfear

Posted by André Looijenga on 19/02/2010

Je soene wolle datst se ynflústerje koest “jou no ta”, ast betinkst wat der barre sil at it kabinet falt. Oer de ynhâld giet de rúzje net mear, liket it. In lytse ‘missy’ om wat Afghaanske regearingsmilitêren op te lieden, en in bytsje op Ûrûzgan te letten, hoe’n grut offer soe dat foar de PvdA-ministers wêze kinne om de stabiliteit yn eigen lân noch in jierke te hanthavenjen?

At der fan’t foarjier Twadde-Keamersferkiezings komme, wat foar in nije regearing sil wy as Nederlanners dan byinoar stimme? Aanst mei in minstens twa kear sa grut kontingint antidemokratyske idioaten (fansels, Wilders en dy) yn’e Keamer, wurdt it noch moai kabinetformearjen. Ik sjoch der al nei út: in koälysje fan CDA, PvdA, D’66, VVD en eventueel GroenLinks of Christenunie… en yn dat ûnwurkbere gefal sil wy noch lok hân ha. Moatst der net oan tinke dat (de rjochtse tûke fan it) CDA en VVD it yn’e plasse helje om mei de ien-lid-party Wilders yn see te gean…

Freed, njontjin febrewaris 2010; pleatst om healwei achten jûns.

Posted in No-tiid | Tagged: , , | 2 Comments »