Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘promoasje’

Noard-Nederlânske Boekhannel

Posted by André Looijenga on 30/03/2012

Drôvich is it en mankelyk makket it jin. Ein maart betsjut ek de ein fan de Noord Nederlandsche Boekhandel, in boekewinkel dy’t hast 150 jier oan de Ljouwerter Foarstreek stie.

Fan’e wike haw ik der noch del west. Út sa’n opromming ôfpriisde boeken keapje jout in skuldich gefoel. Yn de krystfakânsje wie ik ek al yn Drylts doe’t dêr de boekhannel ophold te bestean. Yn jannewaris slute oan de Lytse Tsjerkstrjitte antikwariaat De Boekenmolen de doarren. In moanne letter yn Grins it yntusken anachronistyske antikwariaat Timbuctoo. En no dus wer in âld, ûnôfhinklik famyljebedriuw yn it boekefek. Boeken hawwe is noch hieltiten like moai, mar it keapjen hieltyd minder.

De Noord Nederlandsche Boekhandel wie as winkel al langer in libben anachronisme. Meastentiids rûn ek ik deroan foarby, mei in heal each nei de âldfrinzige djippe etalaazjes. Op ynternet sieten se wol al jierren lang (watst oan de side sjen kinst), en se binne fan doel om as ynternetwinkel fierder.

Tiisdei naam ik twa útwrydske tomen mei santjinde-ieuske ‘Friese Synodeverslagen’ mei. Foar myn promoasje-ûndersyk nei folkstalich/Latynske meartaligens fansels. Soks kin net út, mar se ha wol kreas twaëntweintich jier wachte op in keaper. De âlde J.J. Kalma hat se útjûn. Der kaam in hiel lytse glimk op it gesicht fan de baas en har soan. “Âlde dûmny Kalma,” sei de soan, “dy kaam hjir earder altyd.” — “Hy wie in hiel goeie klant,” foege mem ta. — “Mei syn jubelteannen: hy hie altyd sandalen oan.” — “Hy wurke hjir fansels flakby, op it argyf yn de Kanselarij.” — “Ja, dy man hat syn hiele libben net oars dien as studearjen…”

Tiden hawwe tiden, en it petear somberet wer rjochting de minne tiden fan no. De minsken ha wol jild, se sparje by it soad, mar se keapje net. No ja, fan dy ûnsin fan Apple, mar yn gewoane winkels… En de banken wolle net liene. Alles sit fêst. “Dy krisis, dat sil noch jierren duorje,” foarseit de soan.

Sille der skylk noch boekewinkels oer wêze? Ik betwivelje oft oer in jier oan it Ruterskertier (sûnt de nijbou is dat in tsjuster strjitsje neist de ‘Sting’) De Tille noch bestean sil. By de Noord Nederlandsche Boekhandel ûnderskieden se har noch mei in soad boeken yn de Fryske sektor, mar dy Selexyz-winkel is winliken in grutte Bruna yn in te rom en te donker pand.

Fansels kinst boeken ek op ynternet bestelle, mar ja, ik kom leaver sels nei in winkel as dat ik portokosten betelje. Porto foar foarút betelle pakketsjes, — dêr’t ik mar fan hoopje mei dat ik se weromfyn by de buorlju wêr’t de privatisearre besoarger se efterlit.

Freed, tritich maart 2012.

Advertisements

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , | 4 Comments »

Earne tusken Jellum en Riga

Posted by André Looijenga on 22/09/2011

Bêste minsken,

moai dat jo hjir wer ris delkomme. Of dat jo foar it earst op dizze hiemside bedarre binne. Faaks hawwe jo trochklikt fan’e side fan Sirkwy ôf. Ik sil yndied op tiisdei 17 jannewaris 2012 de earste fan fjouwer Sirkwy-lêzings fersoargje. Wis wier. Dizze lêzing sil gean oer literatuer yn lytse talen. Ik sil dêryn de literatuer yn it Frysk yn in breder Europeesk perspektyf pleatse, troch de sitewaasje fan it Frysk mei in pear oare ‘lytse talen’ (ik skriuw mei opsetsin net: ‘minderheidstalen’) te ferlykjen.

Hjoed haw ik wat boeken opdjippe oer it Letsk. De Letten sille harsels perfoarst net as sprekkers fan in minderheidstaal beskôgje, mar yn syn skiednis en syn sosjolinguïstyske ferhâldings fertoant it Letsk wol party nijsgjirrige parallellen mei it Frysk. Boppedat fyn ik it Letsk ek út in mear tradisjoniel-taalkundige hoeke hiel nijsgjirrich. It is in minder bekinde Yndo-europeeske taal, dy’t sa op it earste oansjen moai tusken de Slavyske en de Germaanske talen, it Latyn en it Sanskryt yn liket te stean. (Even in wif witterke: hiene jo tocht dat it Letske wurd foar ‘bern’ bērns is? De ‘ē’ sprekke je sels krektsa út as de Fryske ‘ê’!)

Op it heden haw ik fierders ridlik wat by de ein. Ik bin krekt begûn mei nij wurk, as meiwurker foar ferheljende skreaune boarnen by in ûndersyksprojekt op it mêd fan midsieuske (keunst)skiednis. Sûnt dizze wike haw ik in wurkplak hjir op’e universiteit yn Grins, op in keammerke mei, ornaris ôfwêzige, aio’s. Ik bin noch net hielendal yn tsjinst as promovendus, mar it giet sa de goeie kant út.

En boppedat is der fansels ensafh, miskyn wol it iennichste, en yn alle gefal it ‘oprjochte’ (of wie ensaf yn it Arabysk no ‘healwize’?), Fryske literêre tydskrift. Ôfrûn freed, boekefeestdei, is ús earste digy fan it nije seizoen útkaam. En oer in wike as wat is ensafh der ek wer op papier, mei it jierlikse spesjaalnûmer by de Rely Jorritsma-priis. Lês foaral de priiswinnende fersen en ferhaal, mar sjoch ek efkes nei it redaksjoneel: ynstee fan it wenstige stikje ditkear in skets fan it libben en wurk fan’e literêre woldogger Rely Jorritsma… troch in sekere A.R. Looijenga. Te besetten yn’e bettere Fryske boekhannel, en fansels op 1 oktober yn’e tsjerke fan Bears.

Tongersdei, twaëntweintich septimber 2011.

Posted in Skriftekennisse, Skylk, Taal | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Op it trotwaer

Posted by André Looijenga on 28/02/2011

Hawwe jo it al lêzen…? Yn’e nijste Moanne/Trotwaer stiet in stik fan myn hân! Op siden 52-53: in besprek fan’e ferhalebondel Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma. Mar efkes in priuwke:

De styl is losjes, de ferteltechnyk is linich. It liket as sit de skriuwer mei in gleske bier neist ús op’e praatstoel en bedarje wy fan’e iene anekdoate yn’e oare.

(…)

Hjir en dêr slaan de personaazjes raar yn’e talen om. De skriuwer boartet sels yn alle gefal mei syn Frysk. Hy nimt de frijheid om yn taal foar eigen brûkme te be- en mishanneljen. En mei rjocht.

Fierders bin ik op it stuit drok mei de wittenskip. Der binne sekere ûntwikkelings geande. De stjûne bin ik wat in oare kant út oan it kearen, mar mear kin ik der foarearst net oer sizze.

Moandei, achtentweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

Foarkanten en foarnimmens

Posted by André Looijenga on 23/12/2010

Àl ‘glûpende kâld’, mar de fearten rane wer. It iis giet wer oan diggels, en de dreamen fan op hurd wetter alve stêden om te riden ek. Fan’e middei gie ik yn Grins de boekemerk yn’e Harmony by del. Fêst foar-krystrituëel. Lykas altyd tôge ik de tas fol (net iens sa) âlde boeken mei nei hûs. De opbringst wie foar it stypjen om earme froulju yn Pakistan op eigen fuotten te helpen. Pakistan, at der ien lân op’e wrâld is dat de ôfrûne jierren de pleagen fan Egypte oer him hinne krige… En tagelyk rillegau fergetten rekket yn’e deistige nijsnúnder.

Ien fan myn oankeapen wie in Rink van der Velde. Pake Sytse, út 1975, mei miskyn wol it meast ûnsjogge omkaft dat ik ea op in Frysk boek seach. Sa ûnsjuch, ik toan him hjir mar net. It siet ús folksskriuwer net mei mei de uterlike fersoarging fan syn dochs sa goed ferkeapjende wurk. Goed, de earste printinge fan De Fûke hat in moai omslach, stylfol en alhiel by de tiid (foar it Fryslân fan’e jierren sechtich). Mar dat der yn’e Rink-van-der-Velde-betinkingsspecial fan de Moanne okkerdeis in blier artikel oer de omkaften fan Van der Velde syn boeken stie, fûn ik hast wrang. At je op allinne de foarkanten ôfgiene, soene syn boeken meast net boppe de streekromantsjes en moppeboekjes útstekke.

It is echt hiel wichtich dat boeken der goed útsjogge. Mar ik bin bang dat dat yn Fryslân noch net by alle útjouwers (en skriuwers) bekind is. Printwurk yn Times New Roman, of júst yn skraachleaze kompjûterlettertsjes. Pocketsjes en omkaften dy’t guodkeapte, klysjee en earmtlikens útstriele… foaral Friese Pers Boekerij hat der patint op.

No ja, en tagelyk ferskine der ek heule moaie nije útjeften hear. Ek yn it Frysk. It kin àl.

Fierders bin ik dizze fakânsje dwaande mei myn promoasje-ûndersyk. Wêrfoar’t ik yn febrewaris foar in wiidweidich kongres nei Rome sil. Dat, it kin àl. En nije wike sil ik noch foar in pear dagen op’e sneup yn in lyts lantsje hjir net fier fuort, mei in eigen lyts taaltsje. In Fryslantsje yn’e Ardinnen. Mar hawar, dêr lêze jim skylk mear oer op it Deiblôch

En ik rin om mei plannen foar Fryske boeken. Ek dêroer letter mear. Dat se kreaze typografy en in kreas omkaft krije, sil ik yn alle gefal foar soargje. En faaks ferkeapje se ek noch.

Tongersdei, trijentweintich desimber 2010.

Posted in Dien, Lêzen, Skriftekennisse, Skylk | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »

Dochs net

Posted by André Looijenga on 07/06/2010

Tusken’e middei gie it loftalarm ôf en waard ik skille troch in professor. Ik siet op it tillefoantsje te wachtsjen, de hannen trillen my fan spanning, mar it boadskip wie wat ik al eange. Hja hawwe my dochs net keazen foar in aio-plak.

Fansels bin ik teloarsteld. It hie sa moai west, fjouwer jierren betelle ûndersyk dwaan hjir yn Grins.

Sa tichtby en dochs ôfwiisd wurde. Dêrtroch haw ik no ynienen wol nije ideeën en plannen oer hoe’t ik tenei de dingen better oanpakke kin. Myn promoasjeplannen binne net fan’e baan, en foar de wittenskip bin ik net ferlern. Faaks sjoch ik oer in pear jier derop werom dat it better foar my west hat sa. Hoe’t ik it no stal jaan sil, wurdt hurd oer neitocht. Yn elts gefal sille jim gau mear heare en lêze fan myn ûndersyk, myn wurk en myn skriuwen. Ik sil my sjen litte en fan my heare litte, dat stiet fêst.

Foar myn wurk yn Ljouwert lês ik no út Seneca syn Brieven oan Lucilius. Trochsette, dyn tiid net fergrieme. Stribje dernei sapiens te wêzen, libje secundum dyn naturam.

Moandei, sân juny 2010.

Posted in Dien | Tagged: , | 2 Comments »

Radio-holle

Posted by André Looijenga on 01/06/2010

In nije moanne, noch net in nij lûd. Of dochs al? Ik harkje, no’t ik dit deltyp, nei Radiohead. Wer. Fan myn broerke krige ik foar myn bul in dûbel-cd mei harren bêste hits. It is jierren, jierren lyn, wol’k leauwe, dat ik foar it lêst dizze muzyk harke. De âldere nûmers binne foar my as in soartemei soundtrack by myn middelbere-skoaltiid en it earste jier dat ik studearre. Omtrint Kid A heakke ik njonkenlytsen ôf. Ten ûnrjochte, no’t ik it sa’n acht jier letter op’e nij hear.

Fan’e moarn hie ik in wichtich sollisitaasjepetear. Ik wit op dit stuit net of it goedernôch gie om oannommen te wurden. It is net dat it op’e kop ferkeard rûn, mar it is ek wer net dat ik der alhiel fan oertsjûge bin by de bêste fiif (út trettjin) te hearren. Efterôf sjogge je altiten wat better en wat skerper koe. Ôfwachtsje wat it wurdt, uterlik nije wike krij ik in tillefoantsje deroer.

Ik wie moai op tiid fan’e moarn. Rom foar njoggenen siet ik yn pak en stropdas op in bankje foar it Akademygebou yn’e sinne. Foaroerbûgd fytste in âldere hear mei heallang wyt hier by de kasseien op. Hy seach fansiden en stuts freonlik de hân op. Ik groete werom, en seach dêrnei pas wa’t de fytser wie. De kommissaris fan’e keninginne. Net dat ik de bêste man ea sprutsen haw, mar dochs moai om dy syn seine op jins sollisitaasje yn elts gefal te hawwen.

No ja, ôfwachtsje dus. Wa wit. Wa wit net. Earst mar wer werom oan it gewoane wurk.

Noch wat oars: witte jimme dat jim op myn blôchkes réagearje kinne? Klikje derfoar hjirrjochtsûnder op Leave a Comment (of, at ien dat al dien hat, op it wurd Comment). Ik kin sels ommers wol sjen dàt minsken myn stikjes lêze, mar ik bin ek benijd wa’t my lêze en wat at dy fan myn skriuwseltsjes fine.

Tiisdei, ien juny 2010.

Posted in Dien, Heard | Tagged: , , | 2 Comments »

Útkiezings

Posted by André Looijenga on 06/05/2010

Ik tocht hjoed, ik koe wolris in blôchke skriuwe oer de ferkiezings yn it Feriene Keninkryk. Ik haw dêr ommers ferline jier in healjierke studearre, yn it Noard-Ingelske stedsje Durham. Dat ik koe wol in ynsidersblik fan’e Britske tastannen jaan.

Folle tiid hie ik hjoed dochs net oer, en de útslaggen sille wol binnenkomd wêze foar’t jo dit lêze, en boppedat: der wurdt oeral altiten al safolle omtinken jûn oan wat der yn Grut-Brittanje bart en dêrfuort komt.

It (eins frij ûnearlike) Britske kiesstelsel makket der op it stuit wol in lotterij fan. Je kinne no eins net foarspelle wat de útslach wêze sil. Ik soe it sels moai fine at de LibDems flink wat sitten te pakken krigen. En dan net allinnich om’t har lieder (listlûker kinst it neame yn sa’n distriktestelsel) Nick Clegg in heale Nederlanner is. Syn Nederlânsk is oars noch bêst, hearde ik justerjûn by Nova, wat my deugd die.

Ris wat oars soe aardich wêze, lykje ik fan Ingelske âld-mei-studinten te begripen. No ja, de redenaasjes dêr binne dan wat simpel. Labour hawwe wy al fierstente lang oankloaie litten. En de Tories, dat is tebek nei de tiid fan Thatcher en har botte bile, net?

No, wy sille sjen hoe’t it útkomt moarntemoarn.

Fierders haw ik noch wat aardichs te melden. Yn tiidsje lyn skreau ik oer it ûndersyksfoarstel foar in aio-plak dat ik yn Grins yntsjinne hie. Ûndertusken haw ik dêroer berjocht ûntfongen: ik bin útkeazen om op sollisitaasjegesprek te kommen!

Tongersdei, seis maaie 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Iden fan Maart (of eins de deis dernei)

Posted by André Looijenga on 16/03/2010

De lêste wike hie ik it min oan tiid en hâld myn blôch by. Ien grut en wichtich ding moast foar dizze moandeis klear wêze, dat dat gie efkes fóar. Sneintejûn koe ik, nei it nedige stinnen en krewearjen, it ûndersyksútstel opstjoere wêrmei’t ik nei in promoasjeplak oan’e Grinzer universiteit sollicitearje wol. Dat ynienen sit ik wer hielendal medias in res classicas, en liket it Frysk der wer in bytsje by yn te sjitten.

Wêr ik op wol promovearje (soe ik sa’n fûl begeard plak krije kinne)?

Myn útstel hat as titel (ferfryske) meikrigen It Wer-útfinen fan’e Barbaar: konstruksjes fan net-Gryksk en Gryksk yn’e Hellênistyske poëzy. Ik bin filolooch en graecus en haw my yn it foarste plak talein op’e literatuer fan’e Hellênistyske perioade. Yn myn dissertaasje wol ik dizze poëzy oan in analyze ûnderwerpe dy’t derfan útgiet dat de dichtkeunst in dúdlike rôl spile hat yn it definiearjen fan (kulturiele) identiteit. It liket faaks in bytsje koart-troch-de-bocht sa, mar binnen it fjild fan’e Hellênisme-stúdzje hat it neffens my potinsje om in ynfloedryk boek op te leverjen.

Mar mear as ôfwachtsjen oft de kommissje dy’t deroer giet soks ek sjocht, en it oandoart my oan te nimmen, falt der no net te dwaan.

It útstel opstjoerd, heapje oare akademyske putsjes har foar my op. Myn offisjele ôfstudearjen (de bul-útrikking) stiet no in datum foar op’e aginda. Foar 1 maaie moat in earste presintearbere ferzy fan in artikel fan myn hân oer spearen en it byld fan keningen by Hellênistyske dichters klear wêze om nei de besikers fan in kongres ein fan’e simmer tastjoerd te wurden.

Wat oars, mar dochs oanswettend, oer fan’e jûn. Út wurk bleau ik yn Ljouwert en gie ik yn Tresoar nei in lêzing. Foar in publyk fan fral eineksamenlearlingen spruts Anton van Hooff nei oanlieding fan’e Pro Caelio oer it libben fan Cicero. 

De lêzing foel my ôf. Ik hie in mear gearhingjend ferhaal oer dy iene bysûndere redefiering fan Cicero ferwachte, as de leechdrompelige powerpoint dy’t wy foar ús krigen.

Van Hooff is in man dy’t gauris op’e radio útnoege wurdt at it oer de Âldheid giet, mar eins is er net sa hiel geskikt om sels syn tinzen krêftich ûnder wurden te bringen. Meastens fynt er ek net safolle bysûnders, tinkt my. De yndruk dy’t er wekt, is dy fan gewoan in âldere learaar Latyn. Wakker entûsjast oer syn fak, mar wat warrich en te drok yn syn styl fan praten. Hy skriuwt ek net ûnaardich, mar hy komt net oer as in djiptinkend gelearde, noch as in wiidweidich yntellektueel. In goede learaar faaks, mar as lanlik úthingboerd fan’e wittenskiplikke bestudearring fan’e Klassike Âldheid earlik sein ûnder de mjitte.

Tiisdei, sechtjin maart 2010.

Posted in Dien | Tagged: , , , , , , , , , , , | 3 Comments »