Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Raerderhim’

Albada-stien

Posted by André Looijenga on 02/07/2010

Ien fan’e dingen dêr’t ik my mei dwaande hâld, binne Latynske ynskripsjes út Fryslân en Grinslân. Lêsten wie ik in wykein yn Tersoal. Ik kaam doe op in waarme sneontemiddei ek efkes op’e fyts troch ús buordoarp Poppenwier. Oan’e Bûtenbuorren hong in flagge oan it tsjerkhôfshikke, dat der wie wat te rêden. Ik derop ôf. Yn’e iepen doar siet in frou op in klapstuolke, der wie in tentoanstelling fan Cornelis Jetses-collectabilia en âlde fotokamera’s en platespylders, en ik wie tige wolkom om binnen te sjen.

De herfoarmde tsjerke fan Poppenwier is in nijbou út midden 19e ieu, op in flak terpke tusken skyldereftige huzen en spultsjes. De tsjerke is fan binnen frij rom, mar ienfâldich. Der is in grutte kreake, mar gjin oargel. De grutste bysûnderheid leit ûnder de preekstoel, skean op’e as fan it tsjerkgebou tusken de estrikken yn it koar: de grêfstien fan de Albada’s.

In geweldige renêssânse-stien! Hy is makke troch Benedictus Gerbrandtsz (B . 1558 . G stiet der boppe-oan). Wat ôfsliten en tehavene, mar noch altiten in keunststik oan detaillearring, wapenskylden en humanisteletters. Ik stie de stien fan alle kanten te besjen en wat fotootsje te sjitten, doe’t de frou út foarportaal kaam. Hja rôp frou Douma der efkes by dy’t mear te fertellen wist oer dizze stien (en sa freonlik wie my dizze foto troch te stjoeren).

De grêfstein fan'e Albada's út 1558 (foto © Pier van der Heide)

Ûnder dizze stien lizze Lieuwe Hettes Albada (stoarn yn 1553), syn frou Frouck Roerda (krekt dêrnei yn 1554) en harren soan Hette Albada (yn 1587). De heit en de mem binne binnen in moanne weirekke. Heit en soan wiene beide grytman fan Raerderhim. Nijsgjirrich dat de namme fan dy gritenij yn 1558 as Raerderhem skreaun waard, en yn/nei 1587 as Rauwerder Hem.

My gûng it yn it foarste plak om it Latynske opskrift. It is in ferske fan trije rigels, yn hexameters:

Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 2 Comments »