Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘resinsje’

Ensafhnjalemint

Posted by André Looijenga on 29/05/2011

Fergeat ik hast noch en meitsje reklame foar myn lêste publikaasje op’e digitale Ensafh fan ôfrûne freed. De fúftichste Ensafh-digy al wer, sij it noch lang de fúftichste net dêr’t ik oan meiwurke. Ik haw dit kear in nuver mar ûnderhâldend Frysk boartersboekje besprutsen: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen fan de noch net sa ferneamde Grinzer Fries Geart Jan Tigcheldam.

Hjirby mar efkes in priuwke, mar lês hjir foaral it hiele sinjalemint:

It frij boartsjen mei de Fryske taal bringt it boek oer alle boegen yn ’e praktyk. De wille fan ’e skriuwer(s) lêze je oan eltse alinea ôf. Fleurich hipt it epos fan stylblomke nei stylbreuk. De iene kear über-âldfrinzich boekjefrysk, dan wer klearebare hollanismen, alles mei. Biltsk en Noardfrysk binne ek net fergetten, en ien fan ’e ridders praat konsekwint yn fonetyske transkripsje.

Snein, njoggenentweintich maaie 2011.

Advertisements

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , | Leave a Comment »

Op it trotwaer

Posted by André Looijenga on 28/02/2011

Hawwe jo it al lêzen…? Yn’e nijste Moanne/Trotwaer stiet in stik fan myn hân! Op siden 52-53: in besprek fan’e ferhalebondel Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma. Mar efkes in priuwke:

De styl is losjes, de ferteltechnyk is linich. It liket as sit de skriuwer mei in gleske bier neist ús op’e praatstoel en bedarje wy fan’e iene anekdoate yn’e oare.

(…)

Hjir en dêr slaan de personaazjes raar yn’e talen om. De skriuwer boartet sels yn alle gefal mei syn Frysk. Hy nimt de frijheid om yn taal foar eigen brûkme te be- en mishanneljen. En mei rjocht.

Fierders bin ik op it stuit drok mei de wittenskip. Der binne sekere ûntwikkelings geande. De stjûne bin ik wat in oare kant út oan it kearen, mar mear kin ik der foarearst net oer sizze.

Moandei, achtentweintich febrewaris 2011.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »