Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘santjinde ieu’

David Gorlaeus

Posted by André Looijenga on 04/04/2012

Oer in pear wiken sil it 400 jier lyn wêze dat David Gorlaeus ferstoar. Gorlaeus (1591-1612) wie in wûnderbern út Koarnjum, dy’t studearre yn Frjentsjer en Leiden. As suver de earste sûnt de Âldheid tocht en skreau Gorlaeus oer it filosofyske (letter natoerwittenskiplike) konsept ‘atoom’. Hoewol’t er krapoan iennentweintich jier wurden is, hat er tenminsten twa filosofyske wurken skreaun: Ideae Physicae (‘ideeën oer de fysika’) en Exercitationes Philosophicae (‘filosofyske oefenings’).

Gorlaeus waard berne yn Utert, mar groeide op op Martena-state yn Koarnjum. Dêr yn Koarnjum sil op freed 27 april 2012 in kongres holden wurde oer David Gorlaeus en syn wrâld. It sjocht dernei út dat dat in tige nijsgjirrige dei wurdt mei lêzings, de premjêre fan in dokumintêrefilm en in oargelkonsert.

Graach hie ik jim no in linkje jûn nei in webside mei it programma. Spitigernôch: hoe moai it programma ek is dat de organisaaje gearstald hat, in webside is der net… Op hiele ynternet is oer dit kongres yn Koarnjum neat te finen. As ik op it prikboerd fan de stúdzje Frysk hjir yn Grins de poster net sjoen hie, wie it folslein lâns my hinne gien…

David Gorlaeus wie in tige nijsgjirrige santjinde-ieuske Fries. Syn natoerfilosofyske wurk hat faaks yndie fan ynfloed west op in Descartes en in Spinoza. It is prachtich dat der op 27 april in hiele dei (ynklusyf de jûn) omtinken wêze sil foar Gorlaeus. Mar ik kin der net by dat de organisatoaren wat de kommunikaasje oangiet, yn de santjinde ieu stykjen bleaun binne…

Likegoed, dan moat it sa mar: kom allegearre nei Koarnjum op 27 april.

Woansdei, fjouwer april 2012.

——————————————————————-

UPDATE: In grut part fan myn krityk nim ik werom. David Gorlaeus bliket te twitterjen! Wis wier, sjoch mar: https://twitter.com/#!/gorlaeus

En dan is hjir it programma fan de Gorlaeus-dei, 27 april yn Koarnjum!

Advertisements

Posted in Skiednis, Skylk | Tagged: , , | 1 Comment »

In trou tsjinner fan Filips II

Posted by André Looijenga on 20/10/2011

Op it stuit binne wy yn Frankryk, yn’e Franche-Comté, in streek mei in nijsgjirrige konneksje mei de Nederlannen. Dit eardere ‘frije greefskip’ hearde nammers by de Bourgondyske erflannen fan Karel V en Filips II. Krekt as Fryslân dus. Yn’e sechtjinde ieu wiene de machtichste famylje yn’e Franche Comté de Granvelles, dy’t hege steatsamten foar de niisneamde foarsten ferfollen. Yn’e eardere haadstêd fan it greefskip, Dole, dat wy juster besocht hawwe, stie eartiids in universiteit. Dêr hat Viglius fan Aytta noch studearre, en is er yn’e kunde kommen mei heit en soan Granvelle dy’t syn karriêre yn keizerlike en keninklike tsjinst bot befoardere hawwe.

In pear jier lyn wie ik ek yn it (noard)easten fan Frankryk. Yn it lytse stedsje Marville, no yn Lorraine, krekt oer de grins mei België, mei eartiids part fan it hartochdom Lúksemboarch (ek ien fan’e Nederlannen), seach ik yn’e tsjerke dizze nijsgjirrige renêssânse-epitaaf.

De foto is moai skerp wurden, en goed is te lêzen dat hjir Honoré seigneur Salentin de Gavroy (of Gauroy) leit. It Frânsk op de stien is goed nei te kommen, dat ik set it mar net hielendal oer. Jo sjogge hoe’t hear Salentin him in trou tsjinner neamt fan keizer Karel en fan kening Filips syn soan, en dat er meldt dat er meifocht yn’e guerres des Pays Bas. Sa sjogge je ynienen dy oarloch fanút de oare kant.

Tongersdei, tweintich oktober 2011.

Posted in Skiednis | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Poarte yn Koarnjum

Posted by André Looijenga on 13/10/2011

Yn Koarnjum stiet dizze moaie poarte. Gewoan sa tusken twa âlde pleatsen yn, as yngong fan it park fan Martena State. (It âlde Martena State waard yn 1899 ôfbrutsen foar in leaf mar dochs wat spitich villa’tsje. Der stiet ek in tsjerke foaroer, mar dy is ek al 19e-ieusk.) It is in poarte dy’t dêr dúdlik net thúsheart. Te steatich foar in túnpoartsje, en foaral: mei it wapen fan’e Provinsje derboppe-op, tusken twa roppige liuwen…

Dit wie de poarte fan it Lânskipshûs, dat oant begjin 19e ieu yn Ljouwert op’e Turfmerk neist de Kânslerij stûn. Yn dat Lânskipshûs kamen de Steaten (de Landdag) gear, wylst it notiidske Provinsjehûs inkeld foar de deputearren wie. In histoarysk plak, mei dizze grutske klassistyske poarte. Sûnder dat der wurden oan fan pas komme, is dizze poarte yn stien in symboal foar it, fersille rekke, Latynske Fryslân dat ik bestudearje sil.

Tongersdei, trettjin oktober 2011.

Posted in Skiednis | Tagged: | 2 Comments »