Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Skriuwersarke’

Kloetsjend foarút

Posted by André Looijenga on 05/07/2014

Op de Skriuwersarke sit ik no. Moandeitejûn bin ik hjir oankommen, fytsende út Grins wei. Hjoed is de earste dei mei rein, en: eins is dat sa min net. Lit ik my yn elts gefal net ferliede om út fytsen of út farren.

Op myn blôch sil ik wierskynlik it measte net skriuwe oer myn tahâlden op de Arke. Dêrfoaroer komme der op ensafh.nl ûnrigelmjittich ferskinende ferslaggen fan ik hjir útheef. Sokke dingen bygelyks (mei tank oan Wobbe Atsma, dy’t de foto’s makke hat):

by ´t arkje  1

En noch mar ien, wylst ik earnstich stean te kloetsjen:

by ´t arkje 2

En hjir mei it noflike ûnderkommen en de swanneblommen yn byld:

by ´t arkje 3

Sneon, fiif july 2014.

Advertisements

Posted in Dien | Tagged: | 1 Comment »

53°05’45.6″N 5°58’12.0″E

Posted by André Looijenga on 28/04/2014

Fan ‘t simmer mei ik dêr wenje en wurkje! Op 53°05’45.6″N 5°58’12.0″E: de Drachtster Heawei ûnder De Feanhoop, it Skriuwersarkje (fan Rink van der Velde). Ofrûne freed wie ik dêr foar it earst: wat in prachtich, rêstich plakje. It útsicht oer it petgat, it fakânsjehûs op it wetter tusken de beammen, de fûgels en de froasken…

Wat ik dêr dwaan sil…? Ik haw tasein dat ik dêr mei in Fryske roman dwaande sil. Fokke Wester (yn de Drachtster Courant) hat in goed ferslach makke fan it iepeningsbarren dêr by de Arke. Klikke jo foaral ek efkes op de link om de foto’s te besjen. In “Fryske road novel” neamde ik freed it boek dat ik skriuwe wol. En it wurdt nét in autobiografy[ske roman], sa’t Sietse de Vries yn de Ljouwerter hat sitten te fabulearjen, sûnder by de presintaasje te wêzen en sûnder my om neiere ynfo te skiljen.

Dêr lit ik it taljochtsjen fan myn plannen foarearst by: oan dizze en jinge haw ik ûndertusken al mear as genôch ferteld oer wêr’t it hinne sil mei myn oansteand debút. Ik hâld jo op de hichte.

Moandei, achtentweintich april 2014.

Posted in Skylk | Tagged: | Leave a Comment »