Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Snits’

Fersen by de feemerk

Posted by André Looijenga on 25/01/2012

Moarn is it nasjonale gedichtedei, en wy fan Literêr Tydskrift Ensafh dogge ek mei. Fan acht oere ôf binne jim wolkom yn Café Vellinga yn Snits, op ús Grutte Gedichtejûn. Tagong, en dielnimmen, fergees. Café Vellinga fine jim by de eardere feemerk.

Ik haw sels gjin eigen fersen om foar te dragen, mar as it program it talit (der komme mear as fjirtich dichters, haw’k heard), lês ik faaks dit fers. Dat gedicht bringt my wer yn it sin: it is (al wer / noch mar) in jier lyn dat de jûn oer de Samle fersen fan Steven de Jong plakfûn… Dat wie in moaie jûn, doe. Hawar, moarn wurdt grif ék in bysûndere jûn!

Woansdei, fiifentweintich jannewaris 2012.

Advertisements

Posted in Skylk | Tagged: , , | Leave a Comment »

Steeën dy’t der binne en net mear binne

Posted by André Looijenga on 09/10/2011

In aardich idee fyn ik it wol en brûk in blôch derfoar om útentroch oarmans wurk te sjoën. Gedichten fan oaren, dy’tst goed fynst, bygelyks. No en dan, as in soarte fan publike persoanlike blomlêzing. As om minsken sjen te litten: dit bestiet ek. Lês dit.

Hjir en dêr haw ik al kandidaten om lâns komme te litten. Gaadlik (ek om’t er sels allyksoks fan’t simmer op sýn blôch die) fûn ik Henk van der Veer. Ûndersteand fers komt út syn bondel Melkboerehonnehaar út 1994. Dy bondel haw ik krigen fan in dichteresse út Tersoal, wylst it bûten har pleats eaze en tongere, en har beppesizzerkes mei klaai boarten oan’e keukenstafel.

Wat my sa oansprekt yn dit fers yn it Snekers, is hoe’t yn de wrâld fan in skoalbern de ferhalen fan master in plak krije yn’e deistige omjouwing. De Nijl út it bibelferhaal fan Moazes is itselde wetter as de feart dêr’tst wolris by boartest. Plakken dy’tst út ferhalen kinst, binne plakken dy’tst sjochst. En dêr sjochst dan, safolle jier letter, wer op werom: op steeën dy’t der noch altiten binne, mar nea wer hielendal wêze sille wat se ienris wiene.

De Nijl

.

de ontnuchtering

was groat

toen meester

oans tidens de bibelse geskiedenisles

de fekaansy-foto’s fan Egypte

siën liet

.

in ut ferfolch

sú Mirjam nyt

mear onder de spoarbrugge

fan de Bolswarderwech sitte

en Moazes syn

biezen mandsje

noait mear

in’e Franekerfaart

omdrieve

Snein, njoggen oktober 2011.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , | 3 Comments »

Blôchblock

Posted by André Looijenga on 24/06/2011

Nuver, mar de lêste fjouwer wiken haw ik gjin nije blôchkes mear pleatst. Ik hie wol wat oare skriuwputsjes dy’t ôf moasten, en tusken de frije dagen troch wie it drok op it wurk, mar binne dat jildige útflechten?

Oan ûnderwerpen om argewaasje fan te hawwen gjin gebrek, soenen jo sizze.

Mar sokke argewaasje kin jin ek hast ferlamje. Wat soe ik myn tiid fergrieme mei it deltypjen, yn it Frysk, fan lulke kommintaren op de healwize besunigings fan it Haachske regear op… sa wat alles dat men earder fan wearde fûn. Wat no ûnderwiis en wittenskippen? wat no kulturiele subsydzjes? wat no iepenbier ferfier yn de ‘regio’? wat no in striidmacht dy’t past by it ekonomysk gewicht fan dit keninkryk? wat no in diverse publike romte mei ek regionale media?

Dit regear krij ik sa njonkenlytsen in lichaamlike tsjinreäksje op. Dat, foar no, net mear dêroer.

Werom nei myn blôch. Fierders hat it oan stof net ûntbrutsen. Lit my mar ris in pear dinkjes neame dêr’t ik foar jo oer skriuwe koe. Faaks bringt dat de nocht yn it blôchkjen wat werom.

* Oer ‘âlde Fryske boeken fan froeger’ (om Pier Boorsma oan te heljen) bygelyks. Boeken dy’t ik koartlyn sa mar yn hannen krige, mei in soad wille lêzen haw, en jo graach oanriede soe, binne: Teije Brattinga syn Dy ferrekte papen: documentaire dramatique (in roman oer de reformaasje yn Fryslân yn 1580) en R.R. van der Leest syn hiel sterke Lampefryske forhalen.

* Oer it ûntmaskerjen fan konsepten as ‘Noard-Nederlân’ en ‘noardlik lânsdiel’ as moderne konstruksjes om Fryslân ûnder de macht fan Grins te krijen, oer hoe’t de Ljouwerter Krante dêr graach oan meiwurket, en oer hoe’t Fryslân dêrtroch syn âldere, en ekonomysk lukrativere, bannen mei Noard-Hollân en Amsterdam ferwetterje lit.

* Oer Pierius Winsemius (1586-1644), de grutste Fryske skriuwer fan de santjinde ieu (neffens tiidgenoaten alteast), dichter, jurist, lânshistoarikus, amateur-astrolooch en professor yn ’e eloquentia.

* Oer amusante plannemakkerij dy’tst sa opheinst út de Fryske media. De stielen toer bygelyks dy’t pastoar Van Ulden yn Snits foar de Sint-Martinustsjerke oan de Singel delsette wol (neat mear fan heard eins). Of in akwadukt (!) foar boatsjetrailers tusken de Potten en it Starteilân. (Lês it Sneeker Nieuwsblad en jo miene dat it alle wiken 1 april is.)

Aanst komt der wer in nije digitale Ensafh út. De lêste foar it simmerskoft, dat ik ûnthjit jim dat ik, no’t jim de Ensafh-digi foar treddeheal moanne misse moatte, as ferfanging wer wat rigelmjittiger op myn Deiblôch skriuwe sil.

Freed, fjouwerentweintich juny 2011.

Posted in blôch | Tagged: , , , , | 1 Comment »

Keninginnedei yn 1915

Posted by André Looijenga on 29/04/2010

Hjoed ûntduts ik dat der filmbylden bestean fan in Keninginnedeifiering yn Snits yn 1915.

It binne bysûndere bylden, fan (wierskynlik) 31 augustus 1915. Minsken hosse en springe troch it byld, lûke mâle gesichten, en roppe laitsjend nei de kamera. Hast hûndert jier lyn diene de minsken dus like healwiis en ûnnoazel as no, blykt mar. Fierders is der stuolledûnsjen, prebearret der ien tsjin in glêde peal omheech te kliuwen, en fleane der jonges op motoaren troch de Merkstrjitte.

Efkes besjen dus dit filmke, tusken oranjetompûsen, frijmerk en festivalbier troch.

Tongersdei, njoggenentweintich april 2010.

Posted in Sjoen | Tagged: , , , , | Leave a Comment »