Witte jim dat jim noch in pear dagen tiid hawwe om nije Fryske wurden yn te stjoeren foar de wedstriid fan de oersetterstsjinst fan’e Europeeske Kommisje?
Foar 1 desimber moatte de ynstjoerings binnen wêze. Sjoch foar mear oer de wurde-optinkkriich dizze side: http://www.europesedagvandetalen.nl/pagina%201%20fr.htm
Men siket nije Fryske wurden foar de folgjende resinte Nederlânske neologismen:
bierbabe, dweilsoap, graaibonus, herriemeter, insectensnack, kijkfile, klimaatridder, oorbehoedsmiddel, ontschulden, pimpen, randstadpartij, roeptoeter, verhufteren, verpaarding, verstrippen, verwendicapte, voxpoppen, zoenzone, zomerdip, zwaairaam
Modieuze wurdsjes út’e Hollânske aktualiteit. Se litte goed sjen hoe linich it Nederlânsk, mei in komyske ûndertoan, nije wurden makket troch te boartsjen mei it libbene taalmateriaal. Fansels moat soks yn it Frysk ek kinne. Ik sil seker noch efkes in goai weagje foar dizze wedstriid. Mar net sûnder in bytsje in dûbeld gefoel.
Dat dûbelde sit him yn’e kar fan te ferfryskjen wurden. Bewust hat men keazen foar in nochal sekundêre foarm fan kréativiteit. Foar leuke nijfoarmingen yn it Nederlânsk Fryske wurden betinke. It befêstiget mar wer dat it Frysk altiten allinnich efter it Nederlânsk oanbongelet. Dat it Frysk as taal dochs net op eigen fuotten stean kin.
Boppedat, der binne wurden tusken dy’t ik hielendal net koe. Witte jo wat voxpoppen ynhâldt? Read the rest of this entry »